Oan de strjitstiennen…


As ik sa nei de titel sjoch, realisearje ik my dat dit foar net Friezen eins wol in hiel nuver wurd is. Al dy tees, jees en essen achterelkoar en dan sa yn ‘e midden ek noch in i… Asto soks oan in net Fries lêze litst, dan kin dy der gjin tsiis fan meitsje. Om mar yn de letterkombinaasje te bliuwen.


Mar dêr giet it yn dit stikje net oer. It giet oer guod dat jo net kwyt reitsje kinne. Pake syn klok bygelyks. Net ien dy’t him ha woe.


Mar as famylje fûnen wy dit begrutlik, wy woene de klok eins net fuortdwaan. Hy wie noch fan ús pake west. Oer-oerpake om sa mar te sizzen. Myn pake wie der grutsk op, de klok hong op in moai plakje yn ‘e keamer en tik-takke kalm de oeren foarby. Sa’n Fryske klok wie doetiids goud wurdich en miskien hie pake him wol kocht om syn jild yn te belizzen. Pake hie in saak en miskien wie der ek wol in klant dy’t mei de klok betelle hie. It wie earmoede yn de tritiger jierren fan de foarige iuw…


Nei it ferstjerren fan pake kaam hy by syn soan, myn heit, yn ‘e keamer te hingjen. Hy hat ferskate plakjes by ús yn ‘e hûs hân. Want dan kaam hy dêr moaier út as moast hy plak meitsje foar in kast. Mar altiten wer krige de klok in moai plakje. Mei rjocht pake syn treftige klok. Myn heit hie de klok mei in stevige keilbout oan ‘e muorre fêstmakke; stel je foar dat ynbrekkers him meinimme soene! In famyljeklok dus. Mar wêr moast hy hinne doe’t wy ús âldershûs leechhelje moasten? 


Net ien woe de klok ha…


Ek net neidat wy him restaurearje litten hiene by in klokkeman yn de grutte Joure. Wy tochten dat dat guon famyljeleden oer de drompel helpe soe. Jawis, sa’n moaie tikjende klok, wy wolle him wol ha! In nichtsje hapte ta en de klok soe mei nei it nije hûs. Mar dochs gie it net troch. Se hiene der noch oer neitocht om him oer te skilderjen. Mar eins hiene se der ek gjin plak foar.


Dat by eintsjebeslút kaam hy by myn suster yn de berging. In âld kleed deroer en de gewichten yn in plestikpûde. Wy koene it ek net oer ús hert krije en doch him fuort. Sa’n moai famyljestik…


Mar hoe’t wy ek op ús bern ynpraten, de klok bleau wêr’t hy wie. Swijend ûnder it âlde kleed. Hast hie ik ien fan myn pakesizzers sa fier. Hy woe de klok wol ha. Jawis, bleau hy dochs yn ‘e famylje! Mar ja, kinne jo ien fan njoggen in klok meijaan? Wat sille de âlders dêr fan fine. Dy sjogge him oankommen mei de klok. Hy kin him net iens sjouwe. Boppedat hiene de âlders oanjûn dat se de klok perfoarst net ha woene!


Wêrom hingest him dan sels net op! Sa bot ynprate op in oar, mar sels de klok meinimme, ho mar!


Tsja, dat wie ek sa. Dat sûnt koart leit de klok by ús boppe ûnder it bêd. Noch hieltiten bestoppe yn itselde kleed. Dat kleed is ek meijûn. Sa, binne wy dat ek mar kwyt. En alle kearen freget myn suster: Hast de klok al ophongen? 


Jaja, komt noch. Moat even in plakje fine…


Oan boppesteand klokkeferhaal moast ik tinke doe’t ik dit yn ‘e krante lies:

Door oude voorwerpen buiten hun context te tonen kan hun tijdloze schoonheid aan het licht komen. ..


Dat krantestikje gie oer antyk. En dan bedoel ik ek echt antyk, fan hûnderten jierren âld. Ek dat wol net ien mear ha. Wat doetiids in femogen koste, wurdt no ferkocht foar in habbekrats. As it al ferkocht wurdt.


Dêrom ha ynterieurynrjochters wollige folsinnen betocht om dat spul dochs te sliten. Modern ynterieur fol sette mei âlde kasten. Sa komt harren moaiens foar it ljocht…


Sjoch! Soks fyn ik no ek! Dêrom ha wy it ek sa moai yn ‘e hûs. Al dat guod (cluttercore, witte jimme noch?) toant yn dizze kontekst harren kreazens… Dat de klok sil wier net út ‘e toan falle. Ik tink dat ik dizze moaie sin op in tegeltsje sette lit. En dat hingje ik njonken de klok. En oan ’e oare kant fan de klok hingje ik dizze moaie foto fan sa’n 60 jier lyn. (Sinteklaasjûn 1968 - Ik sit hielendal links…) Dan kin elkenien sjen dat de klok al jierren in famyljestik is.


Hoewol, dat wurdt dan al wat in getiktak yn ‘e keamer. Want wy ha ek al in moaie âlde famyljependule op de kast stean. Die toant ek sa moai syn kreazens njonken de dolbysurround speaker…


Mar gjin need. Ik hear it dochs net! En as gasten dan sljocht wurde fan al dat tikjen? Dan wiis ik op it tegeltsje en lit ik harren dit ferhaal lêze, as kontekst…









Pleatst: 19-05-2024 - 14:56 oere - Reagearje? - Nei boppen

AI moat noch in protte leare…(2)


Oh, oh! Op de fraach oft AI in plaatsje fan Klún & Knoffelhakke meitsje koe, fleach AI hielendal út ‘e bocht… 

Wat moatte wy hjir no fan meitsje? Se binne bûtenierds goed?


No ja, doe’t AI freege oft der ek klompen tafoege wurde moasten begûn it der al wat op te lykjen. Nije typkes sille wy mar sizze…


www.klun-knoffelhakke.nl

Pleatst: 17-05-2024 - 12:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

AI moat noch in protte leare…

Hè hè, lang om let goed… Hoewol, it komt hast letterlik fan ús webside. Oerset yn it Nederlânsk. Dat is dan wol wer knap fan AI…

www.klun-knoffelhakke.nl

Pleatst: 14-05-2024 - 13:53 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2024