Rommel lâns de wei…


Trouwe lêzers witte miskien noch wol dat ik in fotoherbarium makke ha. Hast alle wylde planten út de omjouwing sitte der yn.


Doe’t der gjin plant mear wie om op ‘e foto te setten, bin ik mar begûn om rommel lâns de wei foar ivich fêst te lizzen. Ik soe it fansels ek meinimme kinne. As plogger it leech om. Mar ja, dan moat ik mear meisjouwe as allinne it fototastel.


Wa wit…


Mar oan’t no ta set ik it allinne mar op ‘e foto. En ek dat is sa stadichoan in hiele samling. Nuver dat guon alles samar by harren del smite. Jo nimme it dochs fol mei? Wat is der dan op tsjin om it ek wer leech mei te nimmen? It is ek moai om der wat oer te fantasearjen. Wat is it ferhaal achter dizze fuortsmytraazje?


Sa is der bygelyks ien dy’t graach in bierke mei. Blikjes dy’t yn ‘e berm lizze binne hast altiten lege bierblikjes. Fan ferskate merken. Soe dizze trouwe bierdrinker alle folders neiplúzje om út te finen hokfoar bier op’t heden yn de oanbieding is?


De blikjes lizze trouwens hast altiten op itselde plak, Soe it sa wêze dat ús bierrekreant hoeden om him hinne sjocht en dan tinkt: Ja ik bin no út it sicht, it kin no wêze. Tsssss, klik en klokke mar! Mar hé, bierke drinke oké. Mar nim it lege blikje dan wer mei! It is noch lichter ek! Boppedat der sit no sûnt 1 april ek staasjejild op. Tsien lege blikjes is wer in fol blikje neffens de oanbieding fan de Aldi…


Ferline wike fûn ik wat bekends. Alteast foar my. Ik seach it fuortendaliks. Jimme ek? (Sjoch foto…)

Froeger yn myn jeugd siet der op alle kofferbakkappen fan de VW-kevers in skyldsje mei sa’n ôfbylding. In kastiel (foar de puristen in burcht) mei tusken de tuorren in wolf. As skaaimerk fan Wolfsburg, it plak dêr’t de Volkswein makke wurdt.


Haha, dochs in wolf yn ús omjouwing. Te hurd jage tink! Nee, net op de wolf (guon soene dat wol wer moai fine…) mar te hurd jage mei de auto. Oeps, troch de berm, bats oer in stien en hup, de spatlape derôf. En dêr leit de boel wer. Te wachtsjen dat it ûnder de ierde ferdwynt. Want ik tink dat der nei ien is dy’t soks opromje sil.


Mar hoe langer as ik der oer neitink… De Pybemawei is noch ‘frij’!


No’t ik de foto ris better besjoch, sjoch ik dat de wolf ferdwûn is. Dat soene wol mear lânslju wolle! Wêrom dat sa is, ik soe’t net witte. Soene de tsjinstanners safolle kabaal makke ha dat de VW-fabryk om gien is? Fuort mei dy wolf! No allinne mar twa suterige tuorkes? At it sa maklik gean soe, dan soe ik de wolvehaters oanriede wolle om mar even fol te hâlden. As it op in spatlape slagget, dan slagget it fêst ek op it lapke grûn dat Nederlân hjit…



Pleatst: 11-04-2023 - 13:51 oere - Reagearje? - Nei boppen

Peaske…


Wer in appke… Kin pake my ek helpe? As ôfsluting fan de skiednislessen moasten de learlingen dizze lessen gearfetsje yn in keuzeaktiviteit. Hy hie keazen foar in tekening… En pake kin sa moai tekenje. Mar it wie fansels net de bedoeling dat pake de tekening meitsje soe.


Nee, dat wie wol dúdlik, mar advys wie ek foldwaande.


Om’t by skiednis de Romeinske tiid ôfsluten waard, mochten de learlingen dit ûnderwurp ek ferwurkje yn in tekenopdracht fan ien fan de kristlike feesten. Peaske lei foar de hân…


Wy ha in hiele sneintemiddei oan it tekenjen west. De pakesizzer wakker tekenje en kleurje en pake wat sûfflearje. Wy wiene tige grutsk op it resultaat. Hoeden de tekening yn in grutte slúf en de folgjende deis mar ynleverje by de dosint…


Doe’t ik him de jûns wer thúsbrocht sei ik tsjin him, moast al even goed ûnthâlde werom asto by Pilatus in skaaltsje mei wetter tekene hast en wat INRI betsjut. Dat lêste hie hy op advys fan pake boppe op it middelste krús tekene…


Dat goed beslein waard de tekening de oare deis ynlevere… Nei moandei kamen de earste opteine berjochten fia ferskate chat-media binnen. Moai net?!


Allinne oer INRI moatte wy noch even ha…


(Wer) in nij projekt … (2)


Us pake- en beppesizzer waard frege om de trailer fan it iepenloftspul Hommeles fan Jongerein Theater Masquerade te meitsjen. Pake soarge foar de tekeningen. Us pake- beppesizzer sizzer hat de trailer hielendal sels montearre (editte, seit hy sels…) en fan in passend lûd foarsjoen. It resultaat is prachtich!


En wy tinke dat it jeugd iepenloftspul Hommeles sels ek prachtich wurdt. Dêr docht wer in oare pake- en beppesizzer oan mei… 

Pleatst: 03-04-2023 - 10:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de