Pyt…

 

Ik fiel in ferhaal oankommen, wie de reaksje fan ien fan de bern doe’t ik it hiele ferstoppingsavontoer út ‘e doeken die…

 

Dat ferhaal begûn mei Pyt. Pyt fan it ûntstoppingsbedriuw. Pyt kaam sawat in healjier lyn oan ‘e doar doe’t wy it ûntstoppingsfûns belle hiene om’t it húske net mear trochrinne woe. Nei’t wy alle Oma weet raad tips hân hiene en dit gjin resultaat hie, siet der near oars op om fan dat fûns mar ris gebrûk te meitsjen.

 

Om’t wy yn in hierwente wenje, binne wy lid fan dit fûns. Op oanrieden fan de wenningbouferiening. Jo witte nea wer‘t soks goed foar is. (Die wol bliken…)

 

En dêr wie Pyt al. Nei’t wy Pyt deryn litten hiene, hong hy al reedlik gau oer de wc-pot. Mar ek syn trochspielen die gjin fertuten en yn in tel hie Pyt de pot losskroefd en stie de pot yn it haltsje ûnderoan de trep. Neat gjin kleedsje as seil derûnder. Nee, Pyt hie de pot leechrinne litten boppe de ôffier en neffens Pyt syn oanpak wie hie sa no skjin genôch om him sa op de flierbedekking te setten.

 

Ik grut gat gappe ús temjitte. Pyt waard der net oars fan. Deistige kost sille wy mar rekkenje. Nei’t Pyt in spielynstallaasje út ‘e auto helle hie, gie hy los. Ek dat mânske apparaat batste hy sa op de flier. Sels in in garaazje dogge se hoeden spesjale kleden oer it spatboerd at sy ûnder de motorkap wêze moatte, mar fan soksoart foarsoarchmaatregels hie Pyt tink ik noch nea heard…

Stekker yn it stopkontakt en hupsakee, apparaatspiraal sa yn it gat! Pyt wie sa rûch as tou, want doe’t der in lyts kaike fan it apparaat yn de ôffier fallen wie, dûkte Pyt der sa mei syn earm yn en fleurich helle hy it kaike wer út it gat. Lokkich, ik koe der noch by! sa lake Pyt my oan.

 

Dêr giet hinne. It apparaat rammele de spiraal troch de rioelbuis en by it weromheljen spatte it trochweakke wc-papier sa oer de flier. Pyt waard der neat oars fan. Goed ferstoppe, sa die hy ferslach fan syn wrotten en wramen.

 

Nei’t Pyt alle propkes en flarden húskepapier yn in amer byelkoar sammele hie, sei hy dat it sa wol klear wie. Fluch de pot wer teplak en spiele mar. Yndie, it wetter fleach mei gong troch it rioel en wy koene wer noflik sitte.

 

No ja, noflik. Fansels moast de boel earst wol goed himmele wurde, want sa as ik sei wie Pyt sa rûch as tou en wat spatten mear as minder maalde hy net om.

 

Doe’t Pyt de apparatuer wer yn syn bus brocht hie, frege ik him oft hy noch in bakje kofje ha woe. Dat lokke Pyt wol oan en al gau sieten wy oan de kofje mei in lekker stik koeke. 

 

No wit ik neat mear oft Pyt syn hannen earst ek wosken hie, mar sjoen syn ymmuniteit foar alles wat mei ekskreminten te krijen hat, bin ik bang dat Pyt it stik keallepoat sa yn ‘e mûle stuts… Hawar. 

 

Wy krigen dêrnei ek noch rioelles fan Pyt. Neffens Pyt moast it teepûdsje, sa neamde hy it hâlderke mei in wc-blokje dat yn ‘e pot hong, foar en yn ‘e midden hingje. Dat soe it bêste plak wêze. Want, sa wie Pyt syn redenaasje, at soks oan ’e sydkant hinget hat dat ynfloed op it spielwetter en koe dat wetter syn wurk net goed dwaan. Neffens Pyt syn kolleezje tilde it spielwetter de boel kreas op en koe it sa mei faasje troch de ôffier ploffe. In hâlderke oan de sydkant soe de stream sa bot beynfloedzje ha, dat de boel hingjen bliuwe koe. Jaja Pyt, dat sil wol, mar wy wolle net op de pot sitte mei sa’n hâlderke tusken de billen.

 

Ek moasten wy neffens Pyt op syn minst ien kear yn ‘e moanne de boel goed trochspiele mei polke. Smyt der mar in hiel pak polke yn en mei wat waarm wetter deroer in nacht stean litte. Dat soe de boel skjin en iepen hâlde…

 

En nei Pyt syn húske- en trochspiellessen, gie hy fleurich wer op hûs oan en hiene wy moannenlang gjin lêst mear fan in haperjend toilet…

 

Moannenlang? Betsjut dat… Presys. Want doe wie it tiid foar Pyt syn kollega en waard de húskehorror noch slimmer.

 

It giet swietwei nei de ein, sei Pyt en wylst iet hy fan ‘e keallepoat…

 

(Wurdt ferfolge…)

Pleatst: 18-01-2025 - 19:08 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2025