De lêste skoaldei…


Ik wit it net krekt mear. Mar neffens my giene wy mei in trompke mei snobbersguod by de klassen lâns, krigen wy in hân en in tsjûchskrift fan de haadmaster en hiene wy it hiele jier wurke oan it boekje Op de Valreep. Dat boekje krigen op de lêste skoaldei dan mei, as weromtinken oan ús legere skoalletiid. 


En dat wie it dan. Sukses yn Snits!


Lit stean dat der âlders op skoalle omheukeren. Kom sis, dy hiene wol wat betters te dwaan.

De skoalle kaam om de gewoane tiid út. Healwei fjouweren. It trompke, it ‘diploma’ en de papieren op tafel dellizze, in bakje tee mei in weiten koekje en dêrnei de âlde klean oan en bûten boartsje. In dei as alle oare dagen.


Kom dêr no ris om!


Hearken, it is ien grutte konkurrinsjestriid. En allegearre mei in ferslach én in foto in de pleatslike krante. De iene skoalle noch moaier as de oare. Hoewol, it is mar krekt wat jo ûnder moaier ferstean…

Limosines, reade lopers, musicals, disko’s, it kin net op! Moat dat no sa mâl? De krante kin mei al dy sweeslanerij wol in edysje folle. 


Hawar, tiden hawwe tiden…


Mar it hat ek wol wer wat. Us pleatslike basisskoalle hie betocht om op de lêste skoaldei in foksejacht mei de bern te dwaan. En om’t ien fan ús lytsbern nei dizze skoalle ta giet en ien fan har âlders yn de aktiviteitekommisje sit, wie der betocht dat pake ek moai in foks wêze koe. (Doetiids in aktiviteitekommisje? Bist mâl, master moast der sels mar mei rêde…)


Ik hoech jimme net út te lizzen wat in foksejacht is wol?


It tema wie Hollywood en alle foksen hiene mei ien as d’oare film te krijen. Wy hiene keazen foar Mario. Wy, dat wiene it suske fan de pakesizzer (dy’t al fan de basisskoalle ôf wie) 

en iksels, sei de gek… Wy wiene ferklaaid as Mario en Princes Peach. Is dat wol in film? Dat is dochs in kompjûterspultsje? Nee bêste lêzers, der is ek in film fan makke. The Super Mario Bros Movie om krekt te wêzen.


Wy binne der in skoftsje lyn hinne west mei de pake en beppesizzers en ik moat noch hieltiten bekomme fan al dat lawaai en al dy healwizichheden yn dy film. Wat is der mis mei Lassie as the Sound of Music?


Dy lêste film waard trouwens ek útbylde yn dizze foksejacht. Sa moai! Mei in echte akkordeonist dy’t Do-Re-Mi spile. De bern snapten der neat fan. Wat is dit no wer?! Is dit in film? Sels de begelieders hiene der wol oan. Wat moat dit foarstelle? Is dit de fideoclip fan it pleatslike shantykoar?


Om oer de Titanic mar te swijen. In oare pake en beppe hiene op de oprit fan harren dochter en skoansoan in lyts fiskersboatsje delset yn in dekôr fan wite lekkens. Beppe stie yn in grutte sleepjurk mei in prûk op mei de hannen wiid foarop op it wankele boatsje en pake yn kapteinsunifoarm warskôge mar foar de driuwende iisbergen. Titanic? Iisbergen? It wie dochs in hiel grut skip? De bern woene hast net iens fierder, want se wachten allegearre oan’t it skip sinke soe…


Nee, dan Mario!


De bern rôpen al út de fierte. Mario, dêr is Mario! Se hiene hast allegearre de film al sjoen. Ek de lytsten. Ha jimme de film al sjoen? Jaaa! En fûnen jimme de film moai! Jaa, hiel moai! (Net te leauwen…) De allerjongsten seagen suver tsjin my op en tochten dat ik de echte Mario wie. Guon dy’t ek as Mario as syn broer Luigi ferklaaid wiene moasten fansels mei my op de foto. Moai soks.


Doe’t alle groepen lâns west wiene, koene wy ús wer omklaaie en mochten wy noch even op skoalle komme om de finale mei te meitsjen. Dat wie gesellich en de pake- en beppefoksen koene sa moai harren ûnderfiningen útwikselje. Pake kapitein hie syn unifoarm noch oan. Lokkich wie it polyesterboatsje net fergien…


Sadwaande krigen wy it oer de films fan froeger. Dat wy eins nea nei de film ta giene. Heechút nei de film fan it Reade Krús. Ien kear yn de safolle tiid fertoande it Reade Krús in film yn it pleatslike Lokaal voor Chr. Belangen. Het vliegend oog… Ik wit it noch skoan, de projektor ratteljend achter yn de seal…


En wilens de âlde herten oantinkens ophellen út de tiid doe’t alles noch foar harren lei, namen de bern fan groep 8 ôfskie. Oer in glydsbaan gliden sy de skoalle út en draafden dêrnei ûnder applaus en moaie earebôgen troch harren takomst temjitte…










Pleatst: 05-08-2023 - 21:57 oere - Reagearje? - Nei boppen