It argyf wurket net hielendal goed. Foaral de lêste 5 jierren binne net goed te berikken as wurde net goed wjerjûn. Der wurdt oan wurke!

En it reinde mar…


De trouwe lêzers moatte fansels al wat te lêzen ha foar de krystdagen. 

Mar miskien binne se ek wol nijsgjirrich… Wat is der bard dat der al wiken neat op dizze side te lêzen is? 


No ja, neat te lêzen… Wy begjinne oer in pear dagen mei de 19e jiergong, dat neat te lêzen is ek wat oerdreaun, it argyf stiet bomfol!


Eins ek wol moai dat it argyf sa fol stiet, want doe’t ik frege waard om in ferhaal foar te lêzen op in krystbyienkomst by ús yn it doarp, koe ik der moai yndûke. Dit ha ik foarlêzen…


Oer stokbôlen en oare ûngemakken.


It wie in gesellige moarn, mei in protte doarpsgenoaten en hearlik iten. Poerbêst organisearre. Kin wol wer ris… Mar oft ik dan wer in ferhaal foarlêze kin? Miskien wurdt it dan dit ferhaal…


Ek neat oan wol? Sa’n ferhaal as dit. It moat al wat krysteftich wêze, in bytsje emo, krekt as de supermerk-reklames… Dat de doarpsgenoaten mei triennen yn ‘e eagen sitte te lústerjen, och sa moai. De nije W.G. van de Hulst!


Het was bitter koud…


No, kâld is it alhiel net. It docht oars net as reinen. Fan ‘e wike sels stoarm! Ien fan ús pakesizzers kaam út skoalle, krekt op it momint dat Pia oer ús kontreien raasde. It earme famke koe hast net yn ‘e wyn op komme. Boppedat reinde it hûnehokken en it tongere ek noch. Lokkich ried pake krekt op dat momint lâns. Dat hurd op ‘e rem, fyts achter yn de bus goaid en op nei har waarme thús. Se wie suver wat oerstjoer: Ik tocht dat ik troch de wjerljocht rekke wurde soe…


Liket hast in krystferhaal… En het waaide maar en het waaide maar en het was ozo nat. Oh wat was het nat…


De krystkaarten wiene moai op ‘e tiid klear. Dat is ek wol ris oars west. Doe moast it tusken alle skoalle-kryst-drokte troch. Bytiden wiene se krekt op ‘e tiid! En dat ek noch yn de jierren dat de post alle dagen besoarge. Ik hie gjin idee wat it wurde moast. Mar doe’t ik ien kear oan ‘e gong wie rûgele der ek samar wer wat út. Doe’t ik klear wie, seach ik dat wy deselde klean oan hiene as op de kaart fan ferline jier. It wiene ek noch wol hiele oare foto’s. No ja, bin benijd wa’t dat opfalt. Ha dy stakkerts gjin oare klean?


Oh, onze arme buren, zo arm en zo alleen… Ze hadden nauwelijks geld om nieuwe kleren te kopen. Hoe moest het nou met de kerstdagen? Moesten ze hun oude broek aantrekken, die broek met allemaal gaten en versleten tot op den draad? Maar ach, wie ziet naar die arme sloebers om, een gaatje meer of minder zou vast niet opvallen…


Us kompjûter hie der ek gjin nocht mear oan. Hy woe in pear wike ferlyn net mear opstarte. Koe him ek net mear meitsje. Ik ha it wol besocht, mar der wie gjin leven mear yn te krijen. Wy litte it sa mar, hy is al 13 jier âld. De muoite fan it reparearjen net mear wurdich. Dat de skiven derút en aanst mar om in nijen út. Wy ha no in âld laptop oansluten. Dy docht it ek noch wol knap. Lokkich hiene wy in back-up…


De oude computer piepte en kraakte, net zoals zijn baasjes. Och och, wat een pech. Nu ook al geen comuter meer. En een broek vol gaten. Konden onze arme buren dit jaar hun traditionele kerstkaart wel maken? Er rolde een kleine traan over het wang van de arme kale man…


En sa komme de krystdagen hieltiten tichteby. It wurdt fêst wer noflik. De plannen binne alwer makke. Noch even nei de supermerk om it lêste guod en dan kin it oangean. Gesellich!


Mar oft dit no sa geskikt is om takom jier foar te lêzen? Trouwens, wa kin W.G. van de Hulst no noch?


Pleatst: 22-12-2023 - 22:50 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2023