Boerdebrij…


Ha jimme dat ek wolris? Dat jimme ûnderweis binne en dan tinke: hè, wat stie der op dat (ferkears)boerd? Ear’t jimme it yn ‘e gaten ha binne jo dat boerd al wer foarby. Nim no bygelyks dat boerd oan it begjin fan Dokkum. Sa’n matriksboerd dêr’t dan ien as d’oare oankundiging op stiet. Ha jo krekt it earste wurd lêzen en dan sit je alwer op de rotonde. Jo moatte der sa’n 5 kear lâns ride ear’t jo de boadskip meikrigen ha…


Ek sa’n dom boerd. Dan stiet der dat je lâns de rûte rjochts 13 minuten kwyt binne en as jo links ôfslaan, dan binne jo 14 minuten ûnderweis. Wat ha jo dêr no oan? Hoopje de kantoarregelders dat je dan op sa’n momint in goeie kar meitsje en de koartste rûte kieze? As it goed is, dan ha jo al lang dy kar makke, ha jo sa’n boerd alhiel net by nedich. Boppedat stiet der meastentiids op: Geen informatie beschikbaar…


Yn de Rânestêd kinne se der ek wat mei. Der ha je fan dy matriksboerden dy’t krekt op in sudoku lykje. Je begripe der neat fan. Allegearre letters, streken en fjouwerkanten. Bêste minsken, ik as Klaaifries dy’t de rûte Pybemawei – Brantgum wûn is, hat it hielendal net oan tiid om sa’n puzel op te lossen, ik moat de eagen op ‘e dyk hâlde. It binne oeral auto’s!


Om oer de boerdebrij op de Hantumerhoeke mar te swijen. Fanwegen de ûnfeiligens (oh ja?) ha se it krúspunt oanpast. Der is in ferheging yn kaam en rjochts hat no foarrang. Alteast as jo dat út it grutte tal boerden opmeitsje kinne. Der steane haaietosken op ‘e dyk en it boerd jo naderje in foarrangskrusing stiet der ek noch. En in moai nij giel boerd: Let op verkeerssituatie gewijzigd. Rechts heeft voorrang. Pff, wa makket sokke puzels? 


Mar no komt it… It boerd der boerden. De meast ûnsinnige weimarkearring ea. Jildfergriemerij, wurkferskaffing en loftfytserij! (Hoewol, fytserij dat past dan wol wer moai…) Oan it begjin fan it fytspaad fanôf de Lytse Leasterdyk nei Hantum, dat moaie fyts- en kuierpaad lâns de Hantumerfeart en de Stoepa, stiet no in boerd mei it opskrift: Toeristisch Fietspad…


Ja bêste minsken, ik ha der wol hast in kertier by stilstien. Ferheard seach ik dit stikje gemeentewurk oan. Toeristysk fytspaad? Mar dat witte wy dochs ek wol sûnder sa’n oankundiging? Flakby stiet sa’n fytsknooppuntboerd, mei dêrop in kaart fan Fryslân en alderhande ynformaasje oer fytsrûtes en nijsgjirrige toeristyske attraksjes. Wat moat sa’n boerd der dan noch by? Tinke de toeristen oars: no dêr meie wy fêst net lâns. Dat sil wol in privépaad wêze. Der sitte ek allegearre roasters it it paad en dêr kinne wy net oerhinne, dan sakje de bannen fan ús elektryske fyts der trochhinne…


Dat snappe de toeristen dochs wol! Dat se dêr fytse kinne! Der stiet dochs in reade weiwizer mei Hantum safolle kilometer by de brêge! Komme der allinne mar ûnnoazele fytsers hjir yn it noarden? Boppedat, wêrom stiet der wol sa’n boerd by de Lytse Leasterdyk en net by de Stoepa, as jo fan de oare kant komme? Komme de toeristyske fytslju allinne út it suden?


Om oer de gewoane doarpsminsken mar te swijen. Tsja, dy meie der no net mear lâns. Dat binne gjin toeristen. Sorry doarpsgenoaten, omrinne, dit paad is allinne bedoeld foar toeristen op de fyts. (Soe fansels wol sa’n rolkoffer meinimme kinne by myn kuierkes. Oh dêr komt dy toerist ek wer oan mei syn kofferke…)


Oh, wacht. It is fansels in upgrade yn it kader fan de kampanje Kom opfriesen in Friesland. Dan sjogge jo yn dat reklamefilmke fan dy fleurige lânslju dy’t in in pear sekonden hiel Fryslân troch stowe en fanôf it waad yn in pear tellen op de mountainbike sitte om dan wer troch de bosken te fleanen. Fansels, dy opfriezen moatte wol witte oer hokfoar paden se ride meie. Wy moatte de gigantyske toeristestream dy’t nei dizze kampanje op gong kommen is, wol wat yn ‘e hân hâlde en mei sokke boerden op in kreaze wize troch ús provinsje liede.


At se no aanst mar neat healwei dit Toeristisch Fietspad neaken de Hantumerfeart ynspringe. Want ek dat promoate se yn de opfries reklame-klip.


Nuvere oanslaggen. Om ús hoecht dat boerd echt net hjer! As der no op stie: Welkom bij de Stoepa, en dan mei in moaie pylk, dan soe ik it my begripe kinne. Mar dit?! Dit is laarjekoek en folslein ûnnedich!


Ik seach by in folgjende kuiertocht dat it boerd wat de grûn yn sakke wie. It stie no in stik leger as earst. Se sizze wolris: ik koe wol troch de grûn gean… As jo in ûnnoazele flater makke ha as sokssawat. Hoe tapaslik, it boerd kin sels neitinke en ik tink dat it by myn folgjende kuier alhiel ûnder de swiere klaai ferdwûn is. Fan skamte…















Pleatst: 13-01-2023 - 22:49 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de