Wa't net genôch hat, is altyd earm…


Oh heden, ik moat it noch even hja oer de earme lju hunich. De foto boppe-oan de webside is jimme fêst opfallen!


It sit sa…


De frou hie fia de skoalle dêr’t se wurket in resept foar hynsteblomjam bemachtige. Dat soe en moast makke wurde! Dat like har hiel bysûnder. Dat mei in amer yn de earm en de beppesizzer oan de hân hynsteblommen plôkje op in kampke hjir by ús yn it doarp. Jo hiene aardich wat blomknoppen nedich.


Mei in amerfol hynsteblommen kamen se thús. Mei it resept der by op nei de folgjende stap. Alle giele bledsjes moasten fan de knop ôfplôke wurde, der mocht gjin grien mear oan sitte. Jo hiene sa’n (litte wy sizze) 500 gram nedich. Dat binne hiel wat giele bledsjes!


Dat dêr sieten wy te plúzjen. Giele bledsjes yn in panne en it grien yn it griene-konterer-bakje. Och wat ha jo it dan moai sa tegearre…


Nei sa’n 45 minuten plúzjen hiene wy in panne fol mei giel guod. In yn skiven snijde sitroen derby en in hoekje sinesapel en de boel oan ‘e kôk bringe. Dêrnei moast it sa’n 24 oeren lûke.


De oare deis koene wy de jam hielendal ôfmeitsje, sjeleisûker derby, fjouwer minuten siere en dan de boel yn potsjes jitte. Wy hiene sa’n 5 potten fol. 


Mar nei it nacht kuolkast wie it noch gjin jam. It wie noch like floeiber as doe’t wy it yn de potten getten hiene. Huh? Wy hiene kreas it resept folge. Dit koe dochs hast net? Googelje fansels: jam blijft te dun… Neffens in goeie rie koene jo it nochris besykje mei noch mear sjeleisûker. Hearken, it wie hast kleare sûker.


Mar ek no wer bleau it fiersten te tin. It wie wol wat steviger, mar echt jam koene jo it net neame. It wie mear in wat lichte sjelei, in soarte fan limonade. Wol lekker, dat wol. Mar ja, dat koe ek hast net oars mei safolle sûker.


Ik doch it net noch in kear, sa wie myn antwurd op safolle sloppens, dan kinne wy hast likegoed sa in pak sûker opite. Wy lieten it guod sa as it wie. Dan mar as sauske troch de yochert as troch de fla. Ranja, dat koene jo der ek fan meitsje.


Mar ja, sa út in potsje jitte wie ek in hiel gegriem. It dripte nei it ynjitten as in stevige reinbui lâns de glêzen pot nei ûnderen en je fingers kleefden oan alle kanten. Jam smarre jo mei in mes op ‘e bôle. Dan bliuwe jo fingers skjin. Mar dit mei in mes bewurkje wie net te dwaan, in leppel kaam earder yn oanmerking.


Idee! De ketchupflesse wie leech. En sa’n flesse hat yn de dop in handich anty-griem-systeem. En ja hjer, nei’t de flesse goed skjinmakke wie, passe in pot hynsteblomsjelei der maklik yn. En it wurke perfekt! Handich om mei te jitten en gjin gegriem mear!


No liezen wy op ynternet dat hynstsblomjam ek wol earme lju’s hunich neamd wurdt. No, dat passe krekt. Dat dy earme stakkerts dit dochs mar moai foarelkoar krigen ha.


En dan ek noch yn in brûkte ketchup flesse. Wat binne wy dochs sirkulêr dwaande! On the way to planet proof! Goed foar de mage en de spiisfertarring...

Pleatst: 24-05-2023 - 21:55 oere - Reagearje? - Nei boppen

Artificial intelligence…


It petear fan hjoed oan de dei! De kompjûter dy’t mei help fan AI (en wat dat betsjut kinne jimme yn de titel lêze) ferhalen foar jo skriuwt. Soe dat ek wat foar my wêze? At jo ris ferlegen sitte om in ferhaaltsje kinne jo dat moai skriuwe litte troch de kompjûter. Bern kin de wask dwaan!*


Lit my ris besykje. Kin ChatGPT eins wol Frysk? Ja, dat kin hy (sy, it?). De fraach wie: Skriuw in komysk ferhaal yn 150 wurden oer de reüny fan klasse 6 op 13 maaie 2023 yn hotel Teernstra fan Balk.


Lês en huverje:


Quote Left Op in moaie maitiidemoarn, op 13 maaie 2023, fûn de grutte reüny fan klasse 6 plak yn hotel Teernstra fan Balk. De ferneamde heechwurde fan it hotel stie klear om de gasten te begroetsjen, mar waard oerstjoer troch de eksinteryteiten fan dizze klasse.


De einsk of in wrakseljende koeriersauto ferwielen mei in lading fisk, krekt foar it hotel. Der waard skruten en gûld fan 'e fuotten ôf. De oanblik fan de klassematen, noâl en ferbettere nei al dy jierren, dûke op it plak del en begûnen laitsjend fisk te keatsen.


Yn it hotel barde der inoar jûns in grut feest. It wie in hiele klus om elkenien te efterheljen, mar al gau stiene der rigen mei drank en hapkes. Der waard sjongen, dûnse en in protte ferhalen útwreide. De âlde kweade bernestreken waarden weromkaam, mar no mei in touch fan folwoeksenens.


De jûn flean foarby en de gasten seagen werom op in tige suksesfolle reüny. Se beloofden elkoar dat se net safolle tiid mear ferfarre litte soene en dat in folgjende reüny net safolle jierren fan ûnderbrekken mear nimme soe. Mei in hertstochtelik ôfskied naam de klasse ôfskie fan Balk, mei it fiskgeur noch yn 'e hier en in jûn fol kostlike ferbining yn harren herten. Quote Right


Minder komysk kin ek:


Quote Left Yn it skimerjûn fan in moaie simmersdei kaam de lang ferwachte reüny fan de klas 5 en 6 fan de Skoalle mei de Bibel yn Balk ta stân. De âld klassegenoten, no grauwe en wyse mannen en froulju, kamen byinoar yn it doarpshûs dêr't se eartiids harren earste stappen op it ûnderwiispaad setten.


Yn it begjin wienen der wat ûnwennichheden, mar dy ferdwûnen fluch doe't se elkoar weromseagen en de jeugdichens fan doe yn elkoar ferkennen. De dûnsflier waard fersetten troch de rûs fan lûd en glânzende skonken, en der waarden ferhalen ferteld oer streken út harren jeugd dy't noch altyd leafdewurde.


It wie in bysûnder momint doe't se harren âld klassefoto's fûnen en yn ferwûndering nei harren jongere sels stiene te sjen. Se besprutsen de ûntjouwing dy't eltsenien trochmakke en de útstekende karriêres dy't harren ta sinjoren en doctoren makke.


De jûn rûn ta in ein, mar de ferbûnens tusken harren waard sterker. Se beloofden elkoar dat se de band dy't harren feriene hie net ferbrekke soene en dat se noch folle mear reünys en byienkomsten organisearje soene.

By ôfskie naam eltsenien in stikje fan harren jeugd mei nei hûs. De reüny fan de Skoalle mei de Bibel yn Balk liet in grutte yndruk achter. In jûn fol ferbining, ûnthâldingen en in ûntstekende leafde foar harren geskiedenis. Quote Right


No ik sels wer:


Haha, no dat belooft wat! de ChatGPT makket sels flaters. Dat past my krekt. Want ik bin ek net alhiel flaterleas. En om no foar te kommen dat elk leaut wat ik aanst skriuw op dit weblog, ha’k mar fêst in nije button makke…. 

*) Dit kin fansels net, dat moat wêze: it spant neat…











Leauwe dogge jo yn tsjerke, hjir moatte jo it witte! en Dy't licht leaut, komt licht bekaaid út…

Pleatst: 18-05-2023 - 12:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

De âlde skoalle…(2)


Dat huodsje hasto ek op op de foto op dyn webside, sa sei in âld klasgenoate ôfrûne sneon tsjin my op de reüny fan de legere skoalle. Hoe witsto dat…, sa wie myn reaksje. Ik ha dy googele, wie it antwurd. Fansels, alle klassegenoaten dy’t komme earst opsykje op it ynternet. En dan mar hoopje dat der in foto by stiet. Oars werkenne se dy net asto aanst foar harren stiest… 


Lokkich, it blauwe huodsje kaam troch de keuring. Ik ha mar net sein dat dit in oar huodsje wie as op ‘e foto. Blau, dat wol, mar dit is in nij eksimplaar en ek krekt wat in oar model.


Ien kear yn de safolle jier komme wy as âld klasse seis fan de Skoalle mei de Bibel út Balk byelkoar. Altiten wer in dei om nei út te sjen. Om’t ús âld master ris de tip joech om net te lang te wachtsjen, om’t wy no noch allegearre libje, sit der meastentiids sa’n trije jier tusken. Mar fanwegen de korona (en fêst noch in oare reden) siet der no 9 jier tusken. 


It waard in prachtige dei. Fansels yn myn berteplak Balk. Yn it gesellige hotel restaurant Teernstra. Dêr’t wy froeger fanwegen it ûnheil dat dêr hearske, perfoarst net komme mochten. Goeie grifformearden kamen net yn de kroech. Wy rûnen der sneins wol lâns op wei nei it Huis des Heeren, mar wy mochten net nei binnen sjen, wy moasten sels in stap hurder dwaan. Mar dat soe ek komme kinne om’t wy wat oan ‘e lette kant wiene. Hoewol, dat lêste kin trouwens hast net. Wy sieten 20 minuten foardat de preek begûn al klear yn de tsjerkebanken. It earste pipermuntsje wie dan al op…


En no? No sit it terras fol en is hotel Teernstra ien fan de moaiste plakjes yn Balk. Flak by Teernstra’s brêge. De tsjerke, in pear meter fierderop, stiet no leech en it wie sels in skoftsje in diskoteek.


Doe’t myn âld buorfamke en klassegenoate foto’s fan froeger foar’t ljocht helle, moast ik tinke oan de moaie wurden fan Durk van der Ploeg yn syn boek de Lêste Floed: De foto’s bringe ús hieltyd fierder werom nei de tiid dat alles noch foar ús lei… Sa wie it krekt. Ien fan dy foto’s wie in klassefoto fan ús kleutergroep. Mar ik stie der net op. Ik bin fan oktober en dan wiene jo doetiids in lette learling. En mei noch in pear klassegenoaten foelen wy dan faaks krekt yn in oare groep. Ek al wiene jo fan it selde jier, je sieten in groep leger. No ja, ik bin der net minder fan wurden. It moaie is wol dat jo alle oktoberklassegenoaten kinne. Mei harren geboartedatum der by. 


Moai dat der ek twa âld masters op ‘e reüny wiene. Fier yn de tachtich, mar noch aardich geef. Ien fan de masters hie in klassefoto meinaam en iderkear wer helle hy dy foar it ljocht at hy by in oar groepke sitten gie. Hy koe se net allegearre mear, mar mei help fan de oanwêzigen kaam hy in hiel ein. In hiele protte op dy foto wiene hjoed kaam!


Myn neef, pear dagen jonger as my, wie grutsk op syn bern en toande foto’s dêr’t sy op stiene. Hy fertelde dat hy trochwurkje soe (ek ús pensjoenleeftiid is itselde) om’t der gjin ferfangers te finen wiene. Mar hy fûn it net slim, want hy fûn it prachtich wurk. 

Mar in oare klassegenoat, dy’t 49 en in heal jier foar deselde baas wurke hie, dy wie stoppe. Nettsjinsteande dat kollega’s him oanret hiene om de 50 jier fol te meitsjen. Foar dy baas woe hy net in dei langer wurkje. Hy hie al hiel wat bazen meimakke, mar dizze lêste wie dúdlik net syn favoryt.


It wie moai dat der foar it earst ek guon út de klasse ûnder ús by wiene. Op in doarspsskoalle sitte jo wol gauris by sa’n klasse yn itselde lokaal. It makke de dei der allinne mar moaier op. Sadwaande wie Jan der ek. Jan helle myn freon, dêrt ik hast myn hiele libben by yn ‘e klasse sitten ha (legere-middelbere en hegere skoalle) en my altiten fan hûs yn syn Renault 4 doe’t wy mei syn trijen op de PA sieten. Hy siet (hoe koe’t ek oars) wol in klasse leger, mar wy moasten om deselde tiid begjinne. Sil ik jimme moarn wer even ophelje mannen? Sa sei hy smout doe’t hy by ús oanskode foar in praatsje. No, thúsbringe is in bettere opsje, sa wie myn reaksje....


Sa’n dei fjocht om. Herinneringen ophelje, freegje hoe’t it mei him as har is, foto’s besjen en moaie en minder moaie mominten út it libben dat achter jo leit meielkoar diele.


It wie prachtich waar en it wie dan ek hielendal net slim om yn groepen in kuierke te meitsjen troch Balk. Wy koene in speurtocht dwaan, mar om’t it fan dy escape-room-eftige fragen wiene, stie by de measten dêr de holle net nei. Boppedat siet Johan yn ús groep en Johan is de argivaris fan Balk. En by elk pân dêr’t wy lâns kamen, wist hy wol wat te fertellen. It wie moai om dingen te hearen dêr’t wy 45 jier lyn noch gjin weet fan hiene.


Om likernôch 4 oere middeis kaam der in ein oan dizze tige noflike dei. En nei’t der twa nije organisators fûn wiene, gie elk wer syn eigen wei. Werom nei jo eigen tiid, werom nei jo eigen wenplak. Hoewol, der wiene genôch dy’t in Balk wenjen bleaun wiene…


Om’t der seis fan ús freonegroep ek by de reünisten hearden, ha wy op it terras noch even in gesellige neisit hân. Oan de Luts, mei in drankje en in borrelplankje. Noch even bykomme fan alle yndrukken fan dizze dei. 


Ien fan ús maten, dy’t mei noch in oaren de organisaasje foar de folgjende kear op him naam hie, frege oft wy ek noch tips hiene foar de folgjende reüny. In, wat akoestyk oanbelanget, bettere lokaasje. Wat dat foel hast elkenien op, dat de fersteanberens it dizze romte wol hiel dreech wie. Lokkich wie ik dus net de iennichste…


Nei in oerke namen ek wy ôfskie fan it moaie Balk. Winsken elkoar in moaie fakânsje ta en oan’t septimber. Want dan treffe wy elkoar wer as freonen. 


De auto hie’k parkearre op it parkearplak by sealesintrum de Treemter. Dat wie eins wol unyk! Parkeare midden yn Balk? Dat hie noch nea nedich west. Want by ús autogaraazje wie safolle romte, dat jo as fansels dêr de auto delsetten. Mar alles op dat plak is ôfbrutsen. Dêr is in appartemintekompleks boud. De minsken wenje der al yn. Ik ha der mei in hiel skean each nei sjoen mar ik bin hurd trochriden… Tiden hawwe tiden en wat west is komt net wer werom. 


Hoewol… op dizze dei kaam alles wól wer even werom…




Pleatst: 15-05-2023 - 16:14 oere - Reagearje? - Nei boppen

De âlde skoalle…


Yn it begjin fan de foarige ieu wie der yn Hantum noch in skoalle. Dat is no ús doarpshûs. Fandêr ek de namme. 

It doarpshûs draait op frijwilligers. En sa no en moat der in ploech opdrave om ien as d’ oar kluske te dwaan. Ofrûne sneon moast der bûtenom himmele wurde en waard it Reinigings Regiment optrommele. Altiten wer gesellich. 


De foarsitter fan it gehiel ornearre dat wy mei syn allen mar even op ’e foto moasten. Dat die my tinken oan eartiids. Mei de hiele skoalle op ‘e foto foar it neiteam. Laaie derby mei dêrop de datum en it jiertal. Wy stjoere ús foto fêst nei ús doarpsargyf, jo kinne der net betiid genôch by wêze… 


Pleatst: 08-05-2023 - 15:32 oere - Reagearje? - Nei boppen