It argyf wurket net hielendal goed. Foaral de lêste 5 jierren binne net goed te berikken as wurde net goed wjerjûn. Der wurdt oan wurke!
Net foar de pouce…
Ek wy dogge mei oan de nijste hype. Sûkerpoezen koene wy net fine, dan mar een kroispoes. (En eins moat dat mei in C…)
Utslach fan de smaak- en belevingstest:
Uterlik: grut
Sa op te iten?: nee
Helpmiddels nedich?: ja
Nedich: moarnsmielpanne, mes en foarke
Noch mear nedich?: servet, wiet waskhantsje, grutte mûle
Smaak: tige swiet, knapperich, wol lekker
Kinne jo him op?: ja dat kin krekt
Dêrnei noch ien?: nee, leaver net
Opmerkings: tink oan pine yn it liif, foaral yn kombinaasje mei in bak kofje
Oars noch: ik ha leaver de gewoane HEMA tompouce
Ta eintsjebeslút: sa kint wol, oars ha wy aanst ek noch de oaljekoekpoes.
Taheakke: dat wurdt dan âldjiersdei in ramp yn Dantumadiel…
Smaken ferskille: wat de iene skrynt, jout de oare soms wille…
Pleatst: 15-11-2023 - 15:19 oere - Reagearje? - Nei boppen
De skrasbus…
Hea, ha wy in boete krigen? As ha de bern wer oan ‘e gong west…?
Dat wie myn earste gedachte doe’t ik fan ‘e wike op in betide moarn ta it rút út seach. Ik seach in briefke achter de rutewisker sitten.
Se sille wol wer snobbersguod ha wolle. As miskien ha ús lytse ûndernimmers wat nijs betocht. Hannel fia briefkes achter de rutewisker: Wij kopen graag uw bus!
Even letter, doe’t de frou it briefke ophelle hie, die bliken dat der ien tsjin ús parkearre bus oan sitten hie. It telefoannûmer stie boppe-oan it bledsje.
Netsjes!
By kontrôle fan de skea foel it hiel bot ta. Wat skaafplakjes om samar te sizzen. Boppedat foel it ek hast net op tusken de oare parkearskraskes en dûkjes. De bus is al 20 jier âld en dan komme jo op in stuit safier dat jo in skraske mear as minder net mear sa slim fine. Boppedat woe de skodoar noch kreas iepen en ticht.
Middeis mar even belle mei de feroarsaker. Oh, oh, se sieten der mar bot oer yn. By it útparkearen hiene se net goed útsjoen en wiene se tsjin de bus oan botst. No ja botst… It wie mear in lyts streakje. Mar om’t it tsjuster wie, koene se de gefolgen fan harren stjoerflater net goed sjen.
Mar ik koe harren gerêst stelle. It soe gjin gefolgen ha. Ien streekje mear as minder op ‘e doar fan de bus makke ús neat mear út. In sucht fan ferromming hearde ik oan de oare kant. Se wiene tige op ’t skik mei dizze oplossing!
De botsbestjoerder belle middeis by ús oan. Mei in moai hjerststikje yn ‘e hân. Sjoch, foar jo. Want jo sportive opstelling besparret ús hiel wat gedonder!
En sa is it mar krekt. Dy papierbrot by oanridingen is sa stadichoan in hiel drama.
Doe’t ik ek noch in bol.com kadobon yn it stikje ûntduts, wie myn dei hielendal goed. Jo soene by soksoarte fan gefolgen hast sizze dat se dan wol faker tsjin jo bus oanride meie. Alteast tsjin sa’n âlde bus. Mochten wy ea in nije auto foar de doar stean hawwe, dan wurdt it fansels hiel oars! Dan moat de ridende rjochter miskien wol lâns komme!
Men moat leare mei skea en mei skande…
Pleatst: 01-11-2023 - 00:01 oere - Reagearje? - Nei boppen
© webdesign: www.vanderhei.de - 2023