It argyf wurket net hielendal goed. Foaral de lêste 5 jierren binne net goed te berikken as wurde net goed wjerjûn. Der wurdt oan wurke!
SULT…
Dat betsjut: Súdwesthoek Lokaasje Teäter. Rom 25 jier soarget dit selskip foar bysûndere teäterfoarstellingen op as yn bysûndere lokaasjes. Sa ha wy alris yn in gemeentehûs sitten, in âlde skipswerf, in garaazje en yn in blommekas.
Wy mochten der graach hinne gean! Wy makken der ús jierlikse broers en susterútsje fan. Altiten wer moai!
Mar no nei 25 jier hâlde se der mei op. Ôfrûne septimber hâlden se harren lêste foarstelling. En dat wie in hiele moaie! Tiid fan Libjen hjitte it stik.
Tema en reade tried wie de tiid dy’t no nei sa’n 25 jier oanjûn hie dat it genôch wie. De spilers waarden âlder en sitte de minsken dan noch wol te wachtsjen op sokke santichplussers dy’t sa nedich toanielspylje moatte?
De spilers fan it earste oere wennen byelkoar yn it SULT-hûs. Mar dat wie sa krakkemikkerich wurden dat it troch de ynspeksje ôfkard waard. Boppedat hie in projektûntwikkeler de boel opkocht en kamen der apparteminten op dat plak. Fansels joegen de spilers harren net samar oer en se fersetten harren bot tsjin de oansteande ûntjouwingen.
En se giene op syk nei de baas fan de tiid…
Koene se de tiid beynfloedzje? Koene se de tiid yn harren foardiel wizigje? Wat is tiid eins?
Hokfoar ympakt hat de tiid op it libben fan in minske?
De foarstelling spyle him ôf yn twa deidielen. Oerdei de striid fan de bewenners fan it SULT-hûs tsjin de ynstânsjes en ’s nachts de syktocht nei de baas fan de tiid.
En foaral dy nachtlike syktocht waard prachtich ferbylde. As yn in mearke yn in poëtysk lânskip. Alles kaam foarby. Hie de tiid te krijen mei de bisten fan de diereriem, mei de stân fan de stjerren, mei de moanne? Siet de baas fan de tiid op de boaiem fan de oseaan as op de toppen fan de bergen? Alles wat west hat leit bedobbe yn de djipte fan de see en sa no en dan komme der moaie as minder moaie oantinkens boppen driuwen…
Meastentiids bin ik gjin leafhawwer fan bûtenfoarstellingen. Faaks stipet de omjouwing de foarstelling net en soarget it allinne mar foar steurende eleminten. (Lânsridende brommers bygelyks…)
Mar yn Tiid fan Libjen wie dat alhiel net oan de oarder. De makkers en foarmjouwers fan it stik makken júst geweldich gebrûk fan de omjouwing. Alles kloppe, neat wie steurend en sels de trein dy’t lânskaam waard opnaam yn de tekst.
En in moaiste wie noch wol dat it ljochtmoanne wie en de moanne skitterjend skynde eksakt yn it midden fan de lokaasje. Hoe treffend! Is de moanne de baas fan de tiid?
Boppedat koene jo in bytsje mankelyk meigean yn de syktocht nei de tiid, om’t yn dyn eigen libben ek al hiel wat tiid achter dy leit. En sûnder erch tinkst dan oan dyn eigen famylje, oan dyn eigen âldershûs as oan it famyljebedriuw dat noch net salang lyn ek ôfbrutsen wurde moast om plak te meitsjen foar apparteminten. It is letter as jo tinke, stie op in stik hout dat yn pake syn smidderij hong. En it famyljefotoboek hjit dan ek passend Troch de Tiid diktearre.
It wie in geweldige jûn, mei ien fan de moaiste foarstellingen dy’t ik de ôfrûne jierren sjoen ha. Hulde oan SULT! Tank foar safolle moaie famyljejûnen. Mar troch de tiid diktearre is it SULT-hûs no sluten. Oan alles komt in ein. Wy sjogge der mei in protte nocht op werom!
Mar wêr moatte wy no hinne mei ús jierlikse útsje??
Pleatst: 22-09-2023 - 09:57 oere - Reagearje? - Nei boppen
Heale Soal…
Myn each foel op in stikje yn it nijsblêd fan Noardeast Fryslân. Ien út Kollum wie begûn mei mindful kuierjen... Hu? Bestiet dat echt? Yn it ferhaal fan Henry en Erica út Ridderkerk kaam mindful kuierjen ek op it aljemint. Allinne dat wie samar in optinksel fan de skriuwer…
Haha dat ferhaal hat wol yndruk makke. Doarpsgenoaten ha it der noch oer. Komme dy lju út Ridderkerk hjir ek wer? Skynt sels dat dominy it in kear oanhelle hat yn in preek...
Mindful. Wat hâldt dat yn? Neffens it stikje is it de bedoeling dat jo alle sintugen brûke by it kuierjen. Jo bewust wurde fan jo omjouwing: voelen, horen, zien en ruiken…
Oh… dan kuierje ik al lang mindful. Trouwe lêzers witte dat ik wol gauris it Leech om kuierje. Nea witten dat ik dat alhiel yn mindfule sfearen doch. Ik kuierje eins krekt sa as yn it stikje oanjûn wurdt.
Rûke at de boeren oan it jarjen binne, de swiete rook fan it Piipkrûd opsnuve, de lekkere rook fan it farsk meande gers mar ek de rook fan de beskermingsmiddels dy’t boeren oer harren gewaaks sproeie… Der is altiten wol wat te rûken.
Ek de smaak komt net oan it krapper ein. Ik mei graach in gerssprytsje yn de mûle stekke. Ik sûchje wol gauris oan de blomkes fan de Sûchnettel (de namme seit it al) en krekt as froeger kôgje ik wolris op in Soere Surk om… En ha jimme wolris oan it blêd fan de Skuorwoartel field?
Man man, ik sit noch krekt net op in matsje yn de berm van de Pybemawei om alhiel yn in mindfule konsintraasje nei it brûzjen fan de altyd oanwêzige wyn te harkjen. Mar ik foldoch eins oan alle betingsten fan it Mindful kuierjen.
Belangstellenden kinne ek wol mei my mei. Kostet neat en it hat itselde effekt. Jo moatte wol in healesoal wêze at jo dat mei de Kollumse begeliedster dogge. Dat kostet fêst in grau stik jild.
Oh ja, dat fan dy heale soal ha ik net sels betocht. Dat is de namme fan dizze kuiergroep. Mar yn myn beleving betsjut dat hiel wat oars as de stikkene soalen fan in pear kuierskuon. Alteast, sa wie de inisjatyfnimster har útlis: Ik heb de hele dag zonder zolen gelopen…
No ja, dan aanst mar mei heale soalen op ‘n paad…
Pleatst: 10-09-2023 - 16:27 oere - Reagearje? - Nei boppen