Werom

Skûtsjesile is myn nocht ...

As ik mei myn skûtsje troch Fryslân wer gean
Dan tink ik sa faak: Bleau dy tiid mar ris stean
Skûtsjesile is myn nocht, lavearje en soms foar de wyn!

Dit ferske sit my no de hiele dei yn'e holle. Op 'e fyts, ûnder it ôfwaskjen, by in doarpsgenoat yn de auto, it wol der mar net út.

Op 'e lêste sneon fan septimber bin ik mei myn âlde maten in dei mei it skûtsje 'In nije dei' te farren west oer de Fryske marren. Ien kear yn it jier organisearje twa fan ús in soarte fan freonedei earne yn it lân. Want de âlde maten wenje yn alle úthoeken fan Nederlân en meastentiids wurdt der in plak útsocht wat foar de measten wat sintraal leit. Ferline jier wie dat Skoorl, ek moai. Mar in dei oer de Fluessen en de Sleattemermar is dochs wol it ultime Fryslân gefoel. Boppedat binne wy allegearre grut wurden by de Sleattemermar en as jo der dan foarby skowe op sa'n machtich skûtsje, dan komme de âlde herinneringen wer boppe: kanofarre (in oere foar twa kwartsjes), swimme, fiskje en sile mei de freonen. Tsjonge, wat giet de tiid dan hurd.

En dan byprate fansels. Elk hat syn eigen ferhaal. Soms mei in weemoedige ûndertoan, soms in ferhaal mei frustraasje, mei ûnwissens en lilkens. Want it is net neat as jo baan nei sa'n 20 jier op 'e tocht komt te stean. Samar in sikehûs ticht yn Amsterdam. Guon op strjitte, wêr kinne jo dan te plak en binne jo dan net te âld? As wenje yn Den Haach en dan elke dei in oere ûnderweis nei Rotterdam dêr't jo je wurk ha. File is foar harren hiel gewoan. Bern dy't nei skoalle ta brocht wurde moatte om't it allinne oer strjitte net fertroud is. In oaren moat in kommunikaasje-kursus folgje om't der by syn wurkjouwer net goed oerlein wurdt. Se sjogge der net frjemd fan op dat guon yn it bedriuw mei itselde dwaande binne, wylst se it net fan elkoar witte.

En ik? Wat ha ik yn te bringen? Dat wy o sa fredich wenje? Dat ús bern allinne op it fytske nei skoalle ta skowe? Dat ik oer myn wurk neat te kleien ha, as dat ik net wit wat in file is? Se sjogge my oan as kom ik út in oare wrâld …

Ien fan myn maten stjoert it grutte skûtsje behindich troch it soal fan de Fluessen. Syp, dy't as bemanning mei is, hoecht neat te dwaan. Hy stiet parmantich mei syn keale holle, earbeltsje en syn skûtsjebroek op it dek út te sjen. 'Offalle Ulbe ...!' Wy ha ús stjoerman mar Ulbe neamd, want hie stjoert it skip as kaam hy út in âld skipperslaach. In oare maat, dy't ek tusken de sylboaten grut wurden is, neame wy Rienk. Der moat wat humor by, is't net sa?!

Op 'e Sleattemermar fielt it wedstrydskip, dat der leit omdat der in bedriuwenkompetysje oan de gong is, dat gefoel perfekt oan en 'sjit ús ôf' as wy passearje. Wy jûchheie as hiene wy de SKS-kompetysje wûn.

Op it wetter libje jo yn in oar tempo. Binne minsken fleurich en wiuwe nei elkoar as komme wy allegearre út itselde doarp. Prachtige reidkragen, bysûndere fûgels en klotsend en skûmjend wetter. Stadich skowt de dei foarby en 'ûntstresst' stappe wy wer oan wâl. Under it 'captainsdinner' ha wy it der noch even oer en klinke elkoar sûnens ta.

As ik dan sa jûns nei it noarden ta ryd, dan sjit my foar it earst it ferske yn't sin. Hoe wier kinne dizze pear rigels wêze. Hie'k nea sa by stil stien. Wy wenje yn it bêste lân fan ierde en wat is it yn it skiere septimbersintsje prachtich op harren wetter. It is wolris goed om dêr op sa'n dei by stil te stean ...



Werom