Werom Maitiid Hjoed komt de maitiid! Alderen ûnder ús sille dizze oanhef fêst wol herinnerje. Tetman de Vries hat it ferske mei deselde titel faak foar de minsken songen. Elk jier komt dit ferske my wer yn't sin. Dan sit ik sjongend op 'e fyts, dan klinkt en davert it fier yn it rûn!
Spitigernôch kin ik allinne mar de earste rigel. Mar ach, as it maitiid is, dan sjogge wy net sa krekt... En boppedat, wa heart it? Ik soargje der wol foar dat de minsken dy't ik tsjin kom net mei myn gebalt fan de fyts ôffalle lit. De hynders fan Elgersma seagen my al wat frjemd oan, mar dy binne wol wat went. De lamkes diene al wat nuver. Doe't ik lâns kaam sprongen dy lytse rakkers alle kanten út, mar dat kin ek komme omdat krekt sa'n krinkjespuier op in âlde brommer lâns kaam. Hjoed komt de maitiid, dat mar sûnder helm yn it T-shirt oer de buorren, 't is ek sa waarm! Mar wêr't ik my it measte oer fernuverje is it protteljen fan de earste gêrsmasines. Amper in pear dagen moai waar, as de earste 'motormaaiers' komme foar it ljocht. It gêrs krijt hast net de kâns om ris efkes lekker te groeien. Krekt boppe de grûn út as FLITS!, fuort dermei. En jimme witte hoe't it giet yn in doarp. Buorman is noch mar krekt klear as dêr klinkt it folgjende motorke al. De iene stekt de oare oan. Gêrs as gjin gêrs, meand sil der wurde! Fuortendaliks mei de gêrsmasine fan it doarpsbelang oer de speelweide, fuort wer mei it meantrekkertsje oer it hiem en fuort mar wer de berm mei meane. Dy stakkerts fan bermplantsjes krije de kâns net om de hearlike frisse lucht yn harren op te nimmen. Eins soe it ferbean wurde moatte. Dat soe my ek wol goed útkomme. Ferbiede om foar 1 maaie it gêrs te meanen. Krekt as by de boeren dy't fûgeltsjelân hawwe. Wa't de rigel net neikomt, moat foar straf it glês fan it bushokje mei in 'Pritstift' lymje. De nije foarsitter fan it doarpsbelang sil persoanlik oer de buorren gean om it te kontrolearjen! Hy nimt in skriuwpepier mei. Oertreders komme de earst folgjende kear mei grutte letters yn Hichtepunten te stean! "Tien overtreders van..." Ik wit no al wa't boppe-oan komt te stean. Ik kom ûnder oan de list. Want ik mean net earder it gêrs, as it in heale meter heech is. Dan komt buorman mei de seine en dan komt alles yn wurdzen te lizzen en komt de oare buorman mei de laderwein en dan ha wy de hiele simmer hea foar it hynder. Ekologysk gêrsmeane nim ik dat. Miljeu-freonlik, mei hânkrêft, sûnder gestjonk fan rykjende motorkes. Dan komt de foarsitter fan it doarpsbelang by my mei in bosk blommen. Jonge do tinkst nochris om ús natoer! Sa moasten alle doarpsgenoaten wêze, dy binne fierstente krekt. Harren gêrsmatte moat der bylizze as dy fan de ArenA. En de oare deis krij ik in boerd fan Henk Kroes. Hy bringt it sels, plantet it ek sels yn myn tún. Mei grutte letters stiet derop: IT FRYSKE GEA, frij tagonklik (útsein katten en hûnen...) En Alex mar foto's meitsje. Moai grien op'e foarkant fan de Dockumer. 'Biologisch tuinieren in Hantum; initiatiefnemer krijgt gratis regio-pas'. En dan mar hoopje dat de redaksje fan de Dockumer it stikje net feroare hat, want oars snapt net in minske der wat fan, en dan sizze se yn it hiele doarp: IN FRYSKE GEK? dat ha wy altyd al tocht en no stiet it ek noch yn de Dockumer! (foto Alex Bouma)
|