Werom

Lijst met lotsooi, meneel??

Wy moatte op 'e tiid ite. Dat ik hie om likernôch kertier foar sanen de panne op tafel. Rys. Mei in hearlik sauske, dêr binne wy allegearre gek op. Mar de ploech wie noch net kompleet! Noch mar twa fan ús gesin spoeken yn hûs om. Wy wisten dat nûmer trije wolris let thús komme koe, mar dan docht in magnetron fertuten. Mar nûmer fjouwer, wêr siet dy? Koe net fier fuort wêze, want hy hie syn wurk sa yn 'e steek litten, alles lei der noch, dat hy soe fêst sa werom wêze. Mar al wa't kaam, hy net. Lokkich libje wy yn in kommunikaasjetiidrek, dat gau it 06-nûmer belje en him nei hûs ta prate. Hy siet by de kroech, op it terras mei dit moaie waar en ik koe him gjin ûngelyk jaan, koel pilske, wat wolle jo noch mear! Ik kom letter, wie it antwurd, ik waarmje wol wat op. No ja, it is fakânsje en dan libje jo wat makliker, is't net sa?

Om healwei njoggenen giet de tillefoan. No ha wy in nûmermelder en ik seach dat it de âldste wie, dy't fan't terras ôf belle. Dat hy in broadsje hamburger hân hie en dat ik de brut wol oprûmje koe, sokssawat tocht ik. Mar ta myn grutte ferrassing wie it in oare, wol bekende doarpsgenoat. Hy siet ek op it terras en makke even gebrûk fan de âldste syn tillefoan.

'No is't wol wat,' sa begûn hy syn ferhaal. 'Moast rekkenje de frou is in wykein fuort en no moat ik foar it iten soargje, no soe ik makaroany meitsje, mar dat is hielendal ferbaarnd. No kom ik hjir op it terras om in kroketsje en wat patat, seit dy jonge fan jimme: ús heit hat noch wol wat lekkers, it stiet foar my klear, mar ik sit hjir sa gesellich, dat jimme kinne it ek wol krije…'

Ik stie perpleks. Wat in fraach, soks hie ik noch nea meimakke. 'Kinst it hjir net even hinne bringe? Ik sit hjir op it terras, dan dogge wy it yn 'e magnetron en dan ha ik en de bern in hearlik hapke, dan keapje wy der even ien by. Moai net, dat wy elkoar yn sa'n lytse mienskip sa helpe kinne…,' de doarpsgenoat hâlde oan as storein en ik hearde de terrassitters op 'e achtergrûn wol oangean. Dit is in grap, tocht ik. Sy lokje my derhinne mei in panne fol rys en dan giet der fansels in gejoel op as ik mei in grutte hapkespan by de Smidstrjitte omheech fyts. Dêr hie'k even gjin nocht oan. En al hielendal net oan in pilske op it terras, want de lêste kear dat dy aardige doarpsgenoat tsjin my sei: 'Dan keapje wy noch even ien,' wie ik fiif oere de oare moarns wer thús. Hoe moast ik hjir no mei oan?

'As jimme it graach ha wolle, dan helje jimme it sels mar op,' sei ik tsjin de ropperige doarpsgenoat, ik flean net mei in panne troch it doarp! En oh ja, it is gjin makaroany, mar rys, rys mei rotsoai, sa neame wy dat. Wy bakke wat fleis, wat saus der trochhinne en dat smakket altyd goed.' 'Bêst jonge, ik kom deroan, dan ite wy fan 'e jûn rys mei rotsoai…,' en hy drukte de mobile tillefoan út. Dat ha ik moai ôfwimpele, dêr traapje ik net yn, ik wie suver in bytsje grutsk op mysels.

Dêr gie de doarbel en ik waard der suver kjel fan want dêr stie de doarpsgenoat foar de doar! 'No, kom mar op mei de panne, wy rêde der wol mei, tochtsto dat it my wat skele koe dat ik mei in panne troch it doarp fyts? Wat moast der foar ha?' Ik helle de panne fan it gasstel en triuwde dy him yn'e hannen. 'Jimme moatte der mar lekker fan ite en ik hoech der neat foar as ik de panne mar werom krij…' 'Komt goed jonge, ik bring de panne skjin werom, bist der wis fan datsto net in bierke ha wolst? Kom mei jonge, wy sitte der o sa noflik…' Ik wiuwde syn foarstel fuort en winske him lekker iten.

Healwei tsienen gie de doarbel wer. Stie hy wer foar de doar, mei in skjinne panne. Bêst genôch. 'Oars nearne net om, mar wy ha ek noch wol sin oan in toetje, hast ek noch in pak fla?' Ik skeat nei de koelkast en helle ús lêste pak fla út it rek. 'Hjir,' sei ik 'wolle jimme der ek noch wat Roosvicee by?' 'No as it kin, dat smakket altyd wol lekker.' Dat ik joech him in heal fleske swiet guod mei en der gie hy wer hinne. 'Bellest no aanst wer fan't terras dat ik komme moat te Bibellêzen?' rôp ik him achternei. Mar hy hearde it leau'k net, want hy reagearre alline mar mei: 'Oh ja, moast al even yn 'e panne sjen…' Doe't ik it deksel omheech helle, fûn ik in bierfiltsje mei de tekst: Bedankt voor de rijst met rotzooi. En derûnder in hiele protte nammen fan oare gesellige doarpsgenoaten. Dat tocht ik al, elkenien stie der op, behalve de ropperige doarpsgenoat syn bern… Dochs aardich, want der lei wol sa'n 12 euro yn 'e panne en dat wie folle mear as sa'n pantsje iten ea kostje soe.

Om healwei ienen kaam nûmer fjouwer pas thús. In bytsje oansketten, want hy lake al by de achterdoar. 'Witte jimme wol dat wy hjir no in Hantum in 'afhaalsinees' ha?' Jo kinne der hearlik iten wei helje en hy wennet op 'e Terpen, spesjaliteit rys mei rotsoai…' Syn mem, dy't no ek thúskaam wie, seach him oan en stammere: 'In afhaalsinees? Hast wer tefolle yn't gleske sjoen?' 'Sjoch dêr sit hy,' lake hy en hy wiisde nei my. 'Us heit, mar jammer dat hy net mei de panne komme woe…'


Werom