Werom

Skakers en Smashers

Der hearsket in serene rêst yn it doarpshûs wylst ik dit stikje oan it skriuwen bin. De skakers wiene yn it earstoan wakker oan it harsenskrabjen om't ien fan harren klupleden net opdaagjen kaam. In tillefoantsje holp net, de skaker wie net te berikken en bleau wei. Doe ha se de kompetysje mar oer de kop goaid en sit in elk no tsjin in oar te skaken as de bedoeling wie. Nei harren twadde bakje kofje, binne se no dochs yn tinzen weisakke. En ha ik moai even de tiid om wat op papier te setten.

Hoe oars is skaken as follybal. Dêr wurdt raasd en balten, dêr rinne de spilers troch elkoar hinne en slaan elkoar yn 'e hannen as der in moai punt makke is. Skakers dogge soks net. Dy rinne heechút wat op en del as se net krekt witte wat de folgjende set wurde moat. En o wee as jo leven meitsje, dan is it net bêst.

Eins is der net ien dy't by de skakers frijwilligerstsjinst draaie wol. Elkenien seit: nee tanke, ik kin jûn net, ik moat Dokkum yn. Lokkich ha wy in doarpsgenoat dy't foar fêst de skaaktsjinsten draaie wol. In evenredich man, rêstich en ynnimmend. Hy docht it graach. Wy binne dan ek wiis mei Tsjalling. Mar Tsjalling hie fan 'e jûn in oar putsje. Hy obert ek noch wolris by in brulloft as sokssawat en dat smyt mear op as in skaaktsjinst yn it doarpshûs.

En dan moat ik. Ik bin reserve, goeie twadde. Ik ha net safolle muoite mei de skaakmannen. Ik kin my foarstelle dat der frijwilligers dreech dogge as se frege wurde om op te passen by de 'Schaakclub Hantum c.a.'. Skakers binne frjemde minsken, ha nuvere tinzen en útspraken en binne, foaral nei in buorreltsje, net mear te folgjen. Boppedat komme der in hiele protte net by ús út it doarp wei en sadwaande foarmje se wol in hiele aparte gebrûkersgroep yn ús doarpshûs. Dizze Sisiliaanske iepening is wol in hiele frjemde ynlieding ta in follybalferhaal. Ik moat dan ek alle setten trochtinke om ta myn DBS-ferline te kommen. Ik moat earst mar even rinne en de mannen wat kofje ynskinke...

It is sawat 25 jier lyn dat ik by DBS follyballe ha. Mar ik wit it noch as de dei fan juster. De earste klup ferjitte jo nea wer, ik ha sels myn shirtsje bewarre! Ik ha noch by twa oare ferieningen it spultsje beöefene, by DHC yn Ljouwert - Jouke Jensma sei ea ris oer DHC, doe't wy foar de beker mei DBS tsjin harren spilen en harren coach in spiler wiksele: de iene debyl ferfangt de oare debyl - en by de Roeken út Holwert. Dy lêste wie krekt as DBS in echte doarspklup. Duorre dan ek net lang as jo wiene trener fan de rekreanten, bestjoerslid, skiedsrjochter as redaksjelid fan it klupblêd.

Mar altyd as jo by oare klubs follybalje, dan komt jo DBS yn't sin, jo fergelykje altyd. Wy hiene doetiids by DBS goeie trainers en as dan by de nije klup de trainingen wat flau wiene, dan tochten jo wer oan Jolt Stienstra mei syn entûsjaste en fanatike oefeningen. Dan sjitte jo syn Sneker útspraken wer yn't sin. 'Do must blokke as een dakkapel'. As geane jo tinzen werom nei de trainingen fan Hessel Heeringa. Earst sûnder net mei swiere medisynballen oefenje. Wat hiene wy dêr de skurft oan, mar wat koesterje jo dat as der ien as d'oare flapdrol út 'e ôfdieling jo by de Roeken wat follybalkeunsten bybringe wol.

De skakers komme yn beweging, it oer de kop goaien fan de kompetysjerûnte hat, sa liket it wol, de swakkere tsjin de sterkere spylje litten, dat de mannen, der sitte gjin froulju op'e skaakklup, binne foar tsienen útspile. Dan dogge de skakers krekt as follyballers: oan de bar hingje.

Yn ús DBS tiid giene wy faaks nei kafee Teernstra. Even neisitte. Wy hiene noch gjin sporthal en dan moasten jo dochs earne teplak. It foldie dêr skoan, want letter, doe't de sporthal boud wie, giene wy noch gauris nei Sikkema. Dêr ha wy hiel wat belibbe! Soene se doetiids Anty Alkohol Projekten hân ha, dan kamen wy as DBS-ers der wis en wrachtich foar yn oanmerking. Ik kin der no noch net by, dat der doe fan de bewenners fan de fan Swinderenstrjitte gjin klachten binnen kaam binne. Se sille wol tocht ha: 't is ien fan Van der Heide, wy moatte mar swije, oars kin ús auto der moandei net te plak.

Ien fan de skakers freget my wat ik dochs hieltyd yn 'e keuken oan it dwaan bin. Ik fertel him dat ik in stikje oan it meitsjen bin foar de follybalklup, dy hat kommende simmer in jubileum. Wat? Ha de Roeken alwer feest? Hy kin my út myn Roekentiid. Hy wie doe fêste supporter en sa no en dan ha wy it der noch even oer. Ik fertel him dat it foar myn earste follybalklup is: DBS út Balk. Hy falt hast fan syn kruk. Balk? Mar man, wat dochsto hjir dan op'e klaai? Dat is dochs in hiel ferskil?! Ik kin dat allinne mar tajaan, yn 1980 doe't ik hjir kaam te wenjen, hie'k der ek grutte muoite mei. Gaasterlanners binne no ienris wat rûmtinkender...

DBS, hjit dy klup sa? Wat in eigenaardige namme, wat mei dat wol net betsjutte? ferfolget de âld supporter fan de Roeken. De Balkster Smashers, sis ik grutsk. Hy kin him net ynhâlde. De Roeken is in eigenaardige namme, mar dizze slacht wol alles! De Balkster Smashers..., koene jimme dan sa goed slaan, dat dizze namme rjochtfeardige wie? Ik liet him mar yn 'e waan, krekt as 'Schaakkclub Hantum c.a.' sa orizjineel is. He jonges, raasde de Holwerter, dy't yn Hantum op'e skaakklup sit, is ek wol wat foar ús! DHS: De Hantumer Skakers. Der gie in gejoel op. Der kamen no mear skakers oan 'e bar hingjen. De Hantumer Skowers, raasde in oar, dy't krekt fan'e koprinner ferlern hie. De Hantumer Stinners, rôp de grize fyftiger, dy't steefêst yn tiidneed kaam omdat hy altyd sa bot neitinke moast. En noch mear farianten fleagen oer de bar. Ik liet it mar wat gewurde. Diene wy sels froeger ek, farianten op de ôfkoarting DBS betinke.

Mar op in stuit hie'k myn nocht. Ho ris mannen, sei ik wat fûl. Komme jimme leden trou? Wêrom moatte jimme der dan iderkear achteroan belje? En wêrom is eltsenien aanst om healwei âlven al thús? Wêrom krimmenearje jimme altyd oer de lege opkomst en ha jimme fúzjeplannen mei Dokkum? By DBS treenden wy yn eigen tiid, giene wy simmers nei de bosken te draven om ús kondysje by te hâlden. Stiene wy sneons al hiel betiid, en kompleet, klear foar de útwedstriid nei Drachten en wie it in straf as wy net trene koene. En boppedat kamen wy sneontejûns net foar twaen thús.

De leden fan de 'Schaakclub Hantum c.a.' seagen my oan as fertelde ik in mearke. It wie even in skoft stil. De Hantumer Swijers, sei ik in bytsje iroanysk...


Werom