Werom

De Seagefiler

Froeger, yn myn berteplak Balk, wie der in âld frijgeselle man, wy neamden dy man de Seagefiler. It ferhaal gie, dat dy man froeger mei lytse filen by de boeren lâns gie om harren seagen wer op skerpte te bringen. Net ien yn Balk wist syn echte namme, mar de Seagefiler wier rûnom bekend. Yn earsten omdat hy sa eigenaardich op syn fyts troch de buorren ried. Nei't hy in pear slaggen op'e trapers makke hie, gie hy altyd even rjochtop stean op dyselde trapers. Dat wie in hiel koddich gesicht. De fuorten langút en it gat wat nei achteren en sa al 'freewheelend' in oantal meters ôflizze. Der wienen doarpsgenoaten dy't seinen dat hy dat die om wat 'gas' ôf te blazen. Mar dat like my sterk, want as jo om'e hûndert meter de saak ôffakkelje moatte, dan moatte jo wol hiele 'luchtige' darmen ha en kinne jo better in ôfspraak mei in dokter meitsje.

Mar de Seagefiler stie miskien noch wol mear bekend om syn filosofyske útspraken. Oeral dêr't hy minsken tsjin kaam, bleau hy stean en begûn hy mei syn ferhalen. En dat die hy op in wat stammerjende wize. De measten wiene slop as de Seagefiler syn rike gedachten oer harren stoartte en lieten him moai prate. Mar der wiene ek doarpsgenoaten dy't hurd útnaaiden as de Seagefiler al 'kontsjeliftend' oan fytsen kaam.

Op in dei hiene wy in túnfeest by ien fan myn maten. Hy wie slagge foar syn eksamen en dat moast fansels fierd wurde. Wy sieten noflik yn 'e tún, doe't ûngemurken de Seagefiler lâns kaam, we waarden der suver kjel fan. Mar om't wy troch de bierkes wat yn'n in melige stemming wiene, kaam de Seagefiler as roppen. In pear fan myn maten stoden op him ôf en joegen him ien finger. Dêr stammere de Seagefiler al hinne. Oer it geloof, oer syn broer dy't hy jierren fersoarge hie, oer de polityk, hy hat wol in oere praten. Wy fûnen it prachtich, it túnfeest waard in grut sukses. Nei't de Seagefiler syn hiele tsjûgenis oer ús hinne gean litten hie, stapte hy wer op 'e fyts. Hy gie no om de trije slaggen al stean, neffens ien fan myn maten kaam dat om't hy te lang stil stien hie en de gassen him te lang ophope hiene. "It is krekt as ha jo der in kwartsje yn goaid", rôp ien fan myn maten, "jammer dat it kwartsje no op is." Wy hiene de trend setten yn ús doarp, want nei dy tiid woe elke buert de Seagefiler as in soarte fan kabaretier ynhiere om in feestje ta in sukses te meitsjen.

Nei al dy jierren kaam dit ferhaal my yn de ôfrûne wiken yn't sin. Net omdat wy yn ús doarp ek sa'n bysûndere 'pedaleur' ha. Mar it kaam my yn't sin om ien fan de útspraken dy't de Seagefiler foaroan yn 'e mûle lei. Altyd as jo mei de Seagefiler yn petear kamen, stammere hy wol 17 kear: 'Jo kinne better sûn wêze as in kast fol jild.' Doetiids sei sa'n útspraak my net safolle, mar no nei al dy jierren begjint dizze gedachte ta my troch te dringen. Nuver, dat nei sa'n 25 jier sa'n útspraak wer ta libben komt. En ik moat sizze, de Seagefiler hie gelyk. De man wie dochs net sa gek as wy tochten….

Om't ik in protte rinne moat, bin ik regelmjittich te finen op it paad nei de mûne. Ien fan de moaiste paadsjes yn ús omkriten en it is krekt myn lingte, net te lang en net te koart. Boppedat komme jo net safolle doarpsgenoaten tsjin en dat hat as foardiel dat jo it hiele rêchferhaal net idekear hoege te fertellen. Net dat ik dat net dwaan wol, mar it begjin jo op it lêst al wat de kiel út te hingjen, jo wolle ek wolris oer wat oars prate, is't net sa. Ut gewoante pluk ik in gerssprytsje en stek it yn 'e mûle. Kalm rin ik de Stoepawei del en eagje oer de lannen. De kij lizze kalm te wjerkôgjen, it mûntsje fan it waarstasjon komt amper yn 'e rûnte en by de mûne stiet in doarpsgenoat de mûnder fan syn wurk te hâlden. Neat oan de hân, in gewoane simmerske dei soe men sizze. Mar dêr komt om 'e hoeke by de boskjes fan de Stoepa de Seagefiler oan fytsen. Jo herkenne him fan fierren. Hy is noch mar amper by it bankje lâns, as dêr stiet er alwer op'e trapers. De mûnder en syn prater stowe de mûne yn, dy sjogge it swurk al driuwen, op sa'n moaie dei ha sy gjin nocht oan drege petearen. Ik ha der ek net folle nocht oan, mar ik kin net in kant út. Fanwege myn rêch kin ik net de berm yndûke en as ik my omdraai en wer nei hûs ta rin, hellet hy my grif yn. Ik lit it mar oer my hinne komme, it is net oars, it brekt boppedat de middei ek wer wat.

By de reed (hoe tapaslik…) dy't de Stoepewei yn 'e midden krúst, stiet hy wer op 'e trapers, it wynmûnstje draait der suver wat hurder troch en by de mûne tinke se fêst dat de NAM al op it waad begûn is te boarjen. De Seagefiler kriget my yn 'e gaten en sa as ik al tocht hie, stapt hy fan syn fyts en komt op my ôf. Ik ha gjin kwartsjes, mar dat is by de Seagefiler eins ek net nedich…

"Master", sa begjint hy altyd syn preek tsjin my, "ha jo ek by de ôfskiedstsjinst fan dominees west ? (Oh, heden, hy begjint oer it geloof, dêr bin ik no hielendal noch net oan ta…) No, ikke net! Ik hie der even gjin sin oan, net dat ik dy man net heare mei, mar ik hie it eins net oan tiid. Ik hie de jûnes fan te foaren op stap west. Jierren ha ik myn broer fersoarge en kaam ik de doar net út, dat ik sei tsjin mysels: kom jonge, ferwen dysels ris in kear en gean sneontejûn nei de feesttinte want dêr trede de Sjonnies op. No master, ik bin der hinne west. Wat ha ik songen! De Vlieger, Brandend Zand, Breng Eens Het Zonnetje en mear fan sokke nûmers. Prachtich master, binne jo der ek hinne west?" Ear't ik wat sizze koe, stammere hy al fierder mei syn ferhaal. "Dat jo begripe it al master, ik moast de folgjende dei útsliepe, ik tocht: dominees, ik kom altyd trou, mar dit kear sjong ik net fan Johannes de Heer, mar fan Twee Armen Om Me Heen! En wês no earlik master, sa'n útstapke is dochs goed foar de minske, even hielendal út jo dak, sa't se dat hjoed oan de dei sizze, dêr bliuwe jo sûn by, want ik sis mar sa: jo kinne better sûn wêze as in kast fol jild. Ik ha genoaten master, dat kin wolris wer organisearre wurde. En it folk hie it goed foarelkoar hjer! It terrein wie kreas ynoarder makke, oeral kontainers, dranghekken en ferljochting. En in moaie toiletwein! Ik bin der sneontemiddeis daliks al hinne west te pisjen, ik hie der mear rûmte as op myn eigen wc! Boppedat hie ik myn húske thús krekt skjinmakke, dat ik tocht as ik no nei it sportfjild gean, bliuwt it wykein de saak skjin. En dy maten dy't it organisearen wiene al sa moai yn 'e klean, in kreas giel T-shirt, mei in moaie tekst derop. Ik wol ek wol sanien ha, en dan set ik derop: Ferrassing, en dan omdraaie, de Seagefiler! Master, ik sil it jo sizze, dat wie in hiele moaie meditative jûn, goed foar de geast en foar it lichem. Jo binne in protte yn beweging en dat is wer goed foar it bûkje. Jo krije trouwens ek al in aardich bûkje master, mei ik jo oanriede om in protte rabarber te iten, dan joech ik ek elke dei oan myn broer, ik sei tsjin him: goed foar de soenens, want jo kinne better sûn wêze as in kast fol jild"

De Seagefiler draafde mar troch, oer dat grutte feest yn 'e tinte, oer hoe't hy der sa fan opknapt wie en oer alle sûne grienten en krûden. Ik die der alles oan om fan him ôf te kommen, mar it slagge mar amper. Ik waard rêden troch de doarpsgenoat dy't mei de mûnder stien hie te praten. Hy kaam lâns op syn skooter en begûn te toeterjen. Ik skrok omheech en kaam oerein fan it hek dêr't ik op leunde om de pine wat út myn foet lûke te litten. "Wat sties'to dêr te dromen, kinst net fierder, wolst ek achterop?" Ik seach him oan en stammere: "Wêr is de Seagefiler no sa hurd keard…?" De doarpsgenoat seach my oan as hearde hy it yn Dokkum tongerjen. "Nee, dat hoecht net, sei ik der doe mar hurd achteroan, it giet al wer, ik stie even earne oer nei te tinken…"

De doarpsgenoat startte syn skooter en gie wer fierder, ik hearde him noch krekt flústerjen: "In aardige man en oh sa leaf foar de bern, mar syn fantasy giet sa no en dan op'e rin…"



Werom