Werom

Oer stokbôlen en oare ûngemakken...

Ferline jier is der by it opromjen in lampke fan de krystferljochting sneuvele. Lokkich stie der mei grutte letters op 'e doaze 8 watt 2.5 volt. Want om dat mei myn lêsbrileagen fan it fittinkje fan sa'n lyts lampke te dikerjen falt ek net ta. Op nei de Gamma. Want ek dat stie mei grutte letters op 'e doaze. Twa jier lyn hienen wy se dêr weihelle, wy woenen bûten ek noch wat ferljochting ha. Om't ik rjochting Dokkum moast, krige ik noch wat opdrachten mei. Bestellingen oanhelje foar de krystdagen, dy soenen fêst klearlizze. Ach, kin yn deselde loop, wy ha in pear dagen frij en dan ha jo soks wol oan tiid...

Mar by de Gamma hienen se de kryst al wer fier achter harren litten. De reservelampkes wienen net te finen en de measte krystfersiering wie yn 'e útferkeap. Hjir en dêr stienen noch wat heal iepenmakke doaskes mei ynferieure en kitserige ljochtslangen fan wol 40 meter. Dêr begjint net ien mear oan, sa flak foar de kryst. Gjin lampkes en ik woe ek net wat nijs keapje, want wer moat ik mei dy oare 35 meter hinne?

Dan mar nei de Karwei. Dat is ek in megawinkel fol guod en dêr sille fêst in pear lampkes tusken sitte. Net dus, ek yn 'e Karwei hienen se maaitiid yn 'e holle en setten se de peaskespullen klear. Wat in nuvere wrâld! Twa dagen foar de kryst alles wer oan kant. Mar dan ha wy it dochs nedich? Dochs net yn oktober?! Want ja, dan kinne jo te kust en te keur en spylje alle boumarkten en túnsintra de nedige krystdeuntsjes om de klanten ta ferlied te bringen. Lokkich hienen se by de Welkoop noch wat oan it rek hingjen, dêr wie noch krystspul genôch. Fluch in pear pakjes ynslaan en op nei it stêdssintrum om de oare boadskippen.

De auto koe ik hast net kwyt, want troch dy snieboel wienen de parkearplakken seldsum wurden. Alhiel út 'e rjochting parkearre ik de auto op in frijsteand plakje. Fanwege de kjeld hie de parkearmeter it bejûn en dat makke de fiere loop nei de winkels wer wat goed. Ek sa'n nuvere boel. In pear dagen snie en elk krimmenearret omraak. Treinen ride net mear, winkels ha in miljoenenstrop, gemeente komt net mear lâns om kontainers te leegjen en elkenien moat thúsbliuwe. Hallo, wy binne dochs net benaud foar sa'n lytse koelte?! Wês bliid. Yn jierren gjin snie hân en einliks in wite kryst mar nee hjer, alles wer yn opskuor...

Yn 'e supermerk stienen de stokbôlen al op my te wachtsjen, se wienen suver noch wat waarm. No noch nei de Hema en dan op hûs oan om de ljochtsjes oan te stekken. As in ridder te foet rûn ik hoeden mei de twa grutte lânsen rjocht foar my út troch de stêd. Hoeden omdat ik fansels it winkeljend publyk net delstekke woe mei myn bôlepunten. By de Hema moast ik twa taarten oanhelje en ek dy stienen kreas yn twa doazen foar my klear.

Mar dan komt it probleem! Hoe ferfiere jo twa stokbôlen en twa taarten? Stokbôlen yn 'e bûse? Gjin opsje. De bûsen binne net djip genôch en de bôlen soenen sa ôfbrekke. In pûdsje wie te lyts en in jiskepûde wer te grut en ek ûnder de jas koenen de bôlen net meinommen wurde. De jas siet fan ûnderen net strak genôch, dat achter de rits bleaunen de bôlen ek net op harren plak. En stel je foar dat se derûnder útglide soenen? Midden op strjitte. Ik hearde de minsken al âljen en ik soe fêst fanwege dit potleadsuteljen in boete krije, want de parkearplysje moast ommers ek wat te dwaan ha no't de parkearmeters fier ûnder nul sakke wienen.

It kassajufferke siet my wat skieppich oan te sjen. Se binne oplaad om sa te sjen en rekkenje kinne se ek al net, lit stean in oplossing fine foar soksoarte fan logistike swierrichheden. 'Gaat het zo mee?' besocht se noch, mar ek dat ha se yn 'e oplieding hân. Se sizze soks sûnder djipgong, sûnder ynhâld, want as jo dan NEE sizze dan wurde se suver kjel. Soks sizze de minsken nea, se ha altyd wol in Blokkertaske by harren. Mar famke, dat taske fan 'e konkurrint is ek te lyts boppedat ha ik allinne mar twa stokbôlen by my want de lampkes ha ik yn 'e bûse. Dy binne lokkich lyts. Ik wie mar wat bliid dat ik gjin fjirtich meter ljocht kocht hie, want dan moast TNT komme om de boel nei hûs ta te bringen. Ik ha op 't lêst de stokbôlen mar dwers oer de taartdoazen lein. En doe moast ik noch ôfrekkenje...

'U mag wel pinnen hoor,' sei it kassafamke. Leave skat, ik ha krekt de boel opladen en no moat ik alles wer delsette om de pinpas út 'e beurs te heljen?! Kom asjeblyft earder mei sokke advizen. Mei in kleur as in Turkse doek liet ik it famke de beurs út myn kontbûse prutse. En dan litte wy mar yn 'e midden wa't fan ús dy kleur hie. Der siet lokkich genôch lytsjild yn om de taarten te beteljen. Se wienen neffens my al wat te djoer, mar hawar, it is kryst en nimmen kin de stêd yn en se moatte lykwols wat fertsjinje is 't net sa?!

Noch hoedener as niis krekt rûn ik werom nei de auto. Net mear as in ridder, mar mear as in ober mei santjin lege glêzen op in blêd. As folle glêzen, noch better! No fûn ik it wol ferfelend dat dy auto sa fier fuort stie en dat der snie lei. Ik koe my no wat foarstelle by de oanpaste tsjinstregeling fan de NS. Dy masinisten ride no ek oer stokbôlen dy't net brekke meie...

Lokkich is alles hiel thúskaam en koenen de taarten yn 'e koelkast, de bôlen op 'e keukensplanke en koenen de ljochtsjes bûten wer oan. Alteast dat tocht ik. In grutte BATS en de ljochtsjes wienen wer út. Wat no? Stikkene ljochtsje tusken de nije foarrie? Noch mar in kear en wer BATS. Lêsbril op en de fittinkjes bestudearje. Mankearret der wat oan? Dêr stiet 8 watt en 2 volt. Skeelt mar in heal, moat dochs kinne?! Ik wie sawat troch de foarrie hinne, mar de ljochtsjes gienen net oan. Ik ha it sa mar litten. Ik fernuvere my alwer oer dizze nuvere konsumpsjewrâld. Jo wurde hast twongen om nije dingen te keapjen. De oare pakjes mei lampkes ha ik yn 'e kliko goait en hast soe ik it kassabontsje fan 'e Hema der achteroan goaie, mar mei de miljeutop fan Kopenhagen yn 'e achterholle en it o heden by de Hemakassa noch farsk yn it ûnthâld, woe ik dizze fersmoarging de wrâld net oandwaan. Ik soe it yn 'e âldpapierdoaze goaie.

Foardat it lytse papierke as in snieflokje yn 'e doaze delkomme soe, koe ik it net litte en kontrolearje nochris dizze bon. Ferheard seach ik dat net allinne de taarten yn rekken brocht wienen, mar ek de stokbôlen. Fandêr dat it sa djoer wie! Hie ik der no mar wat better by west. Mar nee hjer, menear siet mear oer syn útstekkende fracht yn... Fluch stoppe ik it papierke yn 'e mûle. Dit moast mar in krystgeheim bliuwe...
'Sitsto no al oan 'e taart,' sei de frou doe't ik kôgjend de keuken ynkaam. 'En wêrom brâne de ljochtsje no noch net?'

Man, it falt net ta, sokke foarôf-krystdagen. Jo krystgedachte wurdt wol op 'e proef steld. Ik sil twadde krystdei o sa fan al dy lekkernijen genietsje. De ljochten út, dat wol. Mar dat is wer goed foar de CO2 útstjit. Kopenhagen hat neat opsmiten, mar by ús thús besunigje wy fan 't jier op it elektrysk. Net op ús ynkeapen...


Werom