Nij projekt…
Sûnt koart sit ik yn de 4H-mediakommisje. Dat is in kommisje - leden binne doarpsgenoaten út ús 4H-doarpen - dy’t him dwaand hâldt mei alderhande media oer ús doarpen. Sa as foto’s, film, krantestikjes en neam mar op. Op de webside www.4h-archief.nl kinne jimme oer it wurk fan dizze kommisje lêze.
Yn dy kommisje ha ik it op my naam om my dwaande te hâlden mei it beskikbere fideomateriaal oer en fan ús doarpen. En dat is sa stadichoan hiel wat! Al dat filmateriaal sammelje wy en sette wy byelkoar op it nije YouTube-kanaal fan it 4H-archief. In moai putsje en noch lang net klear. Mar it begjin is der!
Klik op dizze link om nei dit YouTube-kanaal te gean.
Pleatst: 25-02-2023 - 16:17 oere - Reagearje? - Nei boppen
Hinne en wer…
Froeger krigen wy wolris sa’n hinne-en-wer pinne. Dat is sa’n pinne mei in boatsje, autootsje as bistje deryn. As jo de pinne oer de kop hâlde dan tsjoeke-tsjoeket it boatsje nei de oare kant. En oarsom fansels ek. Dan fart it boatsje wer nei hûs. Heen-en-weer, soe drs. P. wol sjonge…
Dêr moast ik oan tinke by it fytsmantsje.
Want as ik oer de Dokkumerwei lâns Tiltsjebuorren nei Dokkum ta ryd, kom ik withoefaak it fytsmantsje tsjin. Op syn sportfyts. Djip foaroerbûgd oer it krûme stjoer. Rêchpûdsje op ’e rêch; hoe sterk is de iensume fytser…
Mar as ik dan wer nei hûs ta gean, is hy der wer! En giet hy krekt as my de oare kant wer út. Hokfoar tiid it ek is, it mantsje fytst der alle kearen. As hy der in kear net is, dan misse jo him suver. Wêr is ús fytsmantsje?
Ik soe net witte wa’t hy is en wêr’t hy weikomt. Ja earne út in doarpke by ús boppe yn Fryslân. Mar fierders? Hy bliuwt folslein ûnbekend.
Sels doarpsgenoaten falt it op dat it fytsmantsje altiten ûnderweis is. Want doe’t it sa te praat kaam op in doarpsgearkomst, koe elk him foar de geast krije.
Neffens ús wurket it fytsmantsje net mear, want do komst him op de gekste tiden tsjin. Moarns, middeis, betiid as oan it einde fan de dei. Boppedat hat hy ek in wat âlder foarkommen dat past by in pensjonado…
Mar miskien is hy ek wol gewoan sportyf en makket hy sa elke dei syn kilometers. Wy soene in foarbyld oan him nimme kinne. Want wy sitte hjir mar wat te skriuwen. En it sitten is it nije roken…
Dat skriuwen giet net mear mei sa’n nostalgyske hinn-en-wer pinne. Soksoarte fan ark brûke jo hast net mear. It giet no mei in toetseboerd. Dat kin wol hinne en wer as oer de kop, mar dan bart der neat. Heechút in melding: Verbinding verbroken as soksawat. As der ferskynt in hiele rige letters sûnder betsjutting. Om’t it toesteboerd oer de kop leit en sadwaande alderhande lettertoetsen yndrukt…
Soene der noch fan dy pinnen te krijen wêze?
Pleatst: 15-02-2023 - 17:44 oere - Reagearje? - Nei boppen
it Treastfûgeltsje… (2)
Witte jimme it noch? It ferhaal fan it treastfûgeltsje? Dat oan it ferskinen fan in readboarstje alderhande moaie (en minder moaie) boadskippen tatocht wurde? Dat hy as in soarte fan ingeltsje oan ús ferskynt mei nijs as mei treast?
Yn oktober 2019 fleach in readboarstje by ús tsjin it keamersrút. Hy hat doe in hiel skoft yn it gers sitten. Om te bekommen fan dizze grutte klap. Hy wie sa nuet (as ferdôve fan de klap…) dat hy troch ús âldste pakesizzer oer syn kopke aaid wurde koe. Wat wie de boadskip lytse fûgel? Wat woesto ús fertelle? Dat der wat yngripends plak fine sil?
Dat kaam doe ek noch út…
Ferline wike kaam ik mei ús âldste pakesizzer thús. Ik hie him fan skoalle helle. By buorman yn de tún siet in lyts fûgeltsje. Ik seach it fuort, in readboarstje. Sjoch, sei ik tsjin de pakesizzer, in readboarstje. Witst it noch wol? Fan dy kear dat hy by ús tsjin it keamersrút fleach? Ja, dat wist hy noch wol...
En wilens wy sa meielkoar tebektinkens ophellen, fleach it readboarstje foar ús út en gie in eintsje fierderop yn in strûk sitten. Hy fleach deselde kant út as wy rinne moasten. Doe’t wy op it plak oankamen dêr’t hy delstrutsen wie, fleach hy ús wer foarút. No gie hy achterhûs yn ‘e hage sitten. Krekt as wiisde hy ús de wei.
Ik tink dat hy ús betankje wol, om’t wy him 4 jier ferlyn rêden ha. Hy wol ús sjen litte dat hy de klap wer hielendal te boppen kaam is, sa fantasearre ik tsjin ús pakesizzer. Hy moast wol gnize, ja, dat tink ik ek!
Achter yn ‘e hage gie hy op de boppenste tûke fan de strûk sitten. Fier en heech. Ut it keukensrút wei seagen wy him sitten. Sjogge jimme my wol?! Jawis, ús pakesizzer sette him op de foto mei syn mobyl...
Hasto wer in boadskip foar ús, reade freon? Wat wolsto ús no sizze? En wat sitsto dêr moai heech en grutsk! Wat stiet ús no te wachtsjen? Oan dyn hâlding te sjen is dat fêst goed nijs! As is it allinne mar: ik bin der wer?
En ek dat kaam út. It sil dochs net…?!
Pleatst: 04-02-2023 - 18:07 oere - Reagearje? - Nei boppen
Boerdebrij… (2)
Aha, ik leau dat de gemeente myn stikje lêzen hat… Mar sis no sels, mei de oanwêzige weiwizers is sa’n ekstra boerd dochs hielendal net nedich?
Pleatst: 04-02-2023 - 16:54 oere - Reagearje? - Nei boppen