Boerdebrij…(slot?)

Huh…??? Ik stean mei de mûle fol tosken.. Wat soe de ferklearing hjir foar wêze?

Bolbjirken jongfolk dy’t it net iens binne mei it brommerferbod ha de boerden yn de Hantumerfeart mikt…

Kin hast net, want dan ha se ek de Stoepakant dien. En jo moatte nochal wat krêft sette wolle jo dy boerden út ‘e grûn skuorre..

De eigner fan it lân hat sein dat de limyt no wol berikt wie. Noch mear boerden en de kij wolle it lân net mear yn…

Soe kinne. Ik mei hoopje dat hy der yndie wat fan sein hat.

Doarpsbelang hat der achter oan west. 

Ek ûnwierskynlik, want doe’t ik de foarsitter fan ‘e moarn oanhâlde en deroer begûn, wist hy fan neat. Steane dêr boerden dan?

Se by de gemeente myn stikjes lêzen…

Haha! Se lêze de klachten oer it leegjen fan de kontener net iens, lit stean myn stikjes. En dan ek noch wol ynlogge mei jo DigiD… Boppedat, jo moatte hast in healjier wachtsje ear’t se reagearje…

(Hoewol, soe hast kinne wat myn stikjes oanbelanget, it earste ferhaal wie fan jannewaris.)

Mei de Doarpshuzen Fytstocht kaam de wethâlder oer dit paad en hy hat tocht: Sjonge, wat in flater! Dizze boerden soene by de Mellemawei!

Wethâlder op ‘e fyts? Kin hast net. Boppedat ha sy it fierstente drok mei it besykjen fan al dy houliksjubilea…

Se ha ta einstjebeslút harren ferstân krigen op it gemeentehûs…

Unmooglik! Mar it soe wol moai wêze…


No ja… Sa as sein stean ik perpleks! Moch it sa wêze dat ik de wiere reden fan dit spektakulêre boerdeferhaal te hearen krij, dan binne jimme de earsten dy’t it op dizze side lêze sille.


Pleatst: 13-06-2023 - 13:59 oere - Reagearje? - Nei boppen

Skalsum…


Somtiden komme wy mei ús optredens yn de moaiste doarpkes!


Skalsum dit kear. Flak by Frentsjer.


Mar hoe komme jo dêr? It leit flak njonken de A31 en der is gjin ôfrit Skalsum. Dus by Frentsjer derôf dan troch de eastlike bûtenwyk fan dizze keatsstêd, oer de Skalsumerwei nei it plak fan bestimming. It like in ein om, mar hoe moast it oars? Ek de navigaasje stjoerde ús dizze kant út. It soe wol kloppe dus…


It gefoel sei fan net, want trochride nei Frentsjer en dan wer werom fielt as omriden.


De earste fraach by oankomst fan myn byrider is by soksoarte fan ûnderstelde omwegen steefêst: Hoe kinne jo it bêste hjir komme fanôf Ljouwert? Want doarpsbewenners sille it dochs wol witte?! Hoe ride sy altiten nei ús haadstêd?


Der folge in hiele rûtebeskriuwing. Troch de tunnel ûnder de snelwei troch, yn Peins ôfslaan en dan rjochting Dronryp. Wer troch de tunnel ûnder de snelwei troch en dan by Dronryp de A31 op.


Tunnels, want ja, der is gjin ôfslach Skalsum…


Wy seine dat wy dat de weromreis dan mar dwaan soene. Wie fêst koarter. De autochtoane befolking wiene by eintsjebeslút de eksperts!


It waard in moaie jûne. Mei noflike minsken yn in smûk sealtsje. Der wie gjin poadium. Mar dat hoegde ek net. De oanwêzigen koene it maklik folgje en sjen. Wy hiene gjin nocht om it poadium op te bouwen mei dizze hitte, neffens ús o sa freonlike gastfrou. Dat wie gjin probleem, want dêr hiene wy it yn ús e-mailwiksel foarôfgeand oan dizze jûn al oer hân.


Nei ôfrin fertelde ús gastfrou dat der sa’n 50 doarpsgenoaten west wiene: Ach ja, guon binne no ienris net út ‘e hûs te krijen, wat jo ek organisearje…

Hoefolle minsken wenje der yn Skalsum? wie ús reaksje. Sa’n 120, fertelde de gastfrou. No, dan kinne wy sizze dat (hast) heal Skalsum foar ús útrûn is... Posityf bliuwe is’t net sa?!


Posityf wie ek de sande try-out fan ús nije programma Dit kin net mear! It wurdt hieltiten moaier.


Moai wie ek de weromreis. Troch it smûke doarpke Peins. It wie op dizze moaie junyjûn noch net hielendal donker dat wy koene de omjouwing moai yn ús opnimme. Mar oft it no safolle koarter wie as oer Frentsjer?


Healwei de weromreis murken wy op at wy ús oankomstfraach yn 2019 by ús optreden yn datselde Skalsum ek net steld hiene. It kaam ús allegearre wol bekend foar. Dat sil fêst. Mochten wy oer in pear jier wer frege wurde, dan freegje wy wer hoe’t wy hjir it maklikste hinne ride kinne.


Ach ja, wy wurde allegearre in dei âlder…








Pleatst: 11-06-2023 - 16:59 oere - Reagearje? - Nei boppen

Boerdebrij… (3)

Sjonge, jonge, wat in soap. Heech, leech, yn it strewiel, wer omheech en as lêste grutte ferrassing: noch in boerd derby! Net bromme! Komme der eins ris wol brommers lâns? Ik ha der noch nea ien sjoen. No ja, wat jonkfolk dy’t op lytse krossbrommerkes oer it lytse paadsje fleane. En buorman op it brommerke fan syn soan. Leau my, sa’n boerd helpt dêr net tsjin. En dy twa kear yn it jier dat se dêr lâns stowe, dêr hat dochs nimmen lêst fan? Wa sil dat kontrolearje?


Earme leden fan Skeane Jabik, sy kinne no net mear even ‘rap op hûs oan…’


En dan noch wat… Wêrom oan de Stoepakant it boerd mei haadletters? En oan de Lytseleasterkant mei lytse letters? Net sjoen tink? Dat ha jo derfan at jo soks betinke. Der is net ien dy’t it neisjocht, net ien dy’t it kontrolearret en net ien dy’t seit: kom soks hoecht hjir net, dizze boerden binne ûnsin…

En dan wurde se pas yn 2042 ferfongen. Pfff, wy meie hoopje dat der yn dy tiid net noch mear boerden by komme. Net swimme, miskien ek in goed idee…


(Foar de trouwe lêzer even dit aardichheidsje - heart by De âlde skoalle - maaie 2023)

Pleatst: 08-06-2023 - 21:47 oere - Reagearje? - Nei boppen