ISDN stopt!…
Al hast in jier lyn begûn KPN mei boppesteande warskôgingen. Ach, dat duorret noch wol even, alle tiid. Mar fanôf doe waarden wy ek regelmittich belle troch alderhande oanbieders fan alternativen foar ditsoarte fan telefoanferbiningen.
ISDN kaam út de begjintiid fan it ynternet. Fansels hiene wy as hast ien fan de earsten yn ús doarp in ferbining mei it wrâldwiide web. Dat giet doe fia de telefoanline. In bakje mei in telefoanoansluting njonken de kompjuter en dan mar ynternette. Ferbining meitsje duorre even want it kastje moast earst mei ferskate piip- en kraslûden syn wei fine op dat prille ynternet.
En as jo dan kontakt hiene, dan kamen stadich de bylden op it skerm. Prachtich, de wrâld lei oan jo fuotten...
Mar der wie wol in neidiel, jo hâlden mei jo ynternetaktiviteiten de telefoanline beset! Net ien koe jo belje! En dêrom mochten wy net te lang surfe. Boppedat waarden der kosten yn rekken brocht, dat in heal oere ynternette wie in djoer grapke...
Doe kaam der ISDN. In superoansluting fan de KPN, doe noch gewoan PTT. Mei in ekstra bakje oan de telefoanline krigen jo der in pear telefoannûmers by en boppedat wie der in aparte oansluting foar de PC. Dan koene jo mar raak surfe! En it gie noch hurder ek...
Mar nei ús kabeloansluting waard ISDN oerstallich en brûkten wy dit net mear. Ja, om te beljen, mar eins wie't net mear nedich. Mar wy ha der nea wurk fan makke om it fuort te heljen. Nettsjinsteande dat jo al dy jierren wol ekstra betelje moasten foar sa'n oansluting. Jo hiene ommers 4 nûmers ta jo beskiking?!
Mar ferline jier makke KPN bekend dat se sels letterlik de stekker der út lûke soene. De technyk wie achterhelle... En der wiene alternativen by de fleet.
Belje fia de kabeloansluting bygelyks. En omdat wy sels in netwurkengineer yn de famylje ha, ha't dy it kreas yn oarder makke. Dat bye, bye KPN. Mar wy mochten altiten weromkomme neffens harren ôfskiedsbrief...
Dat de ISDN-kabelboel ha'k der no mar ûtsloopt. Net mear nedich. Mar ja, oanbiede op Marktplaats hat ek gjin sin, want wa kin dit no noch brûke?
Pleatst: 28–08-2019 - 13:40 oere - Reagearje? - Nei boppen
Doarpsfeest… (slot)
Och och, ik ha noch net iens in moai ferhaal oer ús doarpsfeest skreaun. Dan wurdt dat no dochs wolris tiid. It is hast wer doarpsfeest!
Jierren, ja eins fanôf dat wy hjir wenje, sieten wy altiten op kop en earen yn ús twajierlikse doarpsfeest. As bestjoerslid fan de feestkommisje (wy ha dat allebeide by it ein hân...) as master by it organisearjen fan de bernespultsjes, as buertgenoat by it fersieren fan de strjitte en it meitsjen fan de fersierde wein. As buertbestjoerder neitinke oer it tema fan it feest en ús bydrage dêryn en gean sa mar troch! It doarpsfeest wie altiten in pear wiken fan hektyk, drokte en spanningen. No ja spanningen, dat foel eins ek wol wat ta. Mear gesellige spanning...
En no, dit jier, 40 jier fierder (dat binne sa’n 20 doarpsfeesten...) hiene wy eins neat by it ein... (No ja, neat, mar dêroer letter mear...) Gjin bernespultsjes mear. Gjin bestjoerslid mear fan de buert, gjin bern mear op ‘e wein en net mear yn de feestkommisje. Wy lieten it no allegearre moai oer ús hinne komme. It programma seach der moai út en as wy no wol as net oeral oan meidwaan soene, net ien soe him dêr drok oer meitsje. En wy al hielendal net, sa hiene wy ús foarnaam.
Omdat alle krekt opneamde wurksumheden net mear op ús fan tapassing wiene, hiene wy no ris earne oars tiid foar. Sa wie ik frege om mei te dwaan oan de revu. Ien fan de nijste programma-ûnderdielen, in echte doarpsrevu! It waard in grut sukses en it wie prachtich om mei te dwaan! It wie al in hiel skoft lyn dat ik yn ús eigen doarp, mei doarpsgenoaten op ‘e planken stien hie. Want dat komt fansels fan ús eigen optredens mei Klún & Knoffelhakke. Dan komt soks der net fan, want wy ha it altiten smoardrok mei ús teaterduo.
Wol grappich dat ien fan ús doarpsgenoaten frege oft wy as Klún & Knoffelhakke noch wol bestiene. Want hy hearde der nea wat fan... No ja sis! Sa libje ús doarpsgenoaten mei! Ik ha him ús spyllist sjen litten. Hy waard der suver kjel fan. Hy stammere wakker: Oh ja, ik sjoch it, jimme ha it der mar drok mei... Pff, fan jo eigen doarp moatte jo it mar ha...
De frou hie in tal aktiviteiten oanskrast op it programma. Dêr moasten wy oan meidwaan. Mar ek hie se it oanskrast om’t wy ús fan te foaren opjaan moasten. Dan soene wy dat net ferjitte...
Sa as meidwaan oan de fytstocht.
No ha wy tegearre ien fyts. En om foar te kommen dat wy om bar op de pakjedragen sitte moasten, hiene wy de fytsen fan ús bern frege. Dat mocht wol. Ek noch kreaze fytsen, dat wy soene gjin modderfiguer slaan as wy mei dizze fytsen it terrein opkomme soene.
Mar oh heden. Dat foel ôf! Want alle dielnimmende doarpsgenoaten hiene in elektryske fyts! En wy hiene wol kreaze en moderne fytsen, mar net mei in akku, wy moasten hielendal sels de trapers rûnbewege. Dat doe’t de hiele fytsklub al yn Brantgum wie, moasten wy noch starte. En it waaide ek noch in heale stoarm en jo ha it op ‘e klaai altiten yn de wyn. Mar wy soene de tocht folbringe, ek al waard it nacht. Wy hiene wol ljocht op ’e fyts, dat de tiid soe gjin probleem wêze...
Neidiel wie wol dat alle pitstops al hast wer ôfbrutsen wiene as wy oanskowen kamen. Mar sy sille wol tocht ha, wy wachtsje noch op ús analoge doarpsgenoaten. Boppedat koene se my fan fieren al oan kommen sjen mei myn striehuodsje. Ek sa’n neidiel fan de klaai, jo sjogge fier fan te foaren wêr’t jo útkomme...
Mar nettsjinsteande alle miste lúkse, ha wy de tocht yn in moai tempo folbrocht. En wês earlik, wa hie no de measte kalorieën ferbaarnd?
De jûnes wie der yn de tinte in pubbkwis. Us buert die ek mei, mar ik siet net yn it team. Ik hear dochs hast neat, foaral as it muzykfragen binne. Mar ik siet moai mei te harkjen. Foel ek noch net ta, lestige fragen. Sa no en dan flústere ik in antwurd nei in oar team dy’t dan tankber it antwurd opskreunen.
De band fan dizze jûn koe my neat skele. Klinkt allinne mar falsk, dat wy hiene moai op ‘e tiid de lûken ticht.
It âld oerke fan de folgjende dei wie prachtich. Under it genot fan in kopke kofje nei âlde foto’s en filmkes fan eardere doarpsfeesten sjen. Prachtich om âlde herinneringen op te heljen en nei minsken te sjen út de tiid doe’t alles noch foar ús lei (frij nei Durk van der Poeg). Sjen nei de tiid doe’t wy it noch smoardrok hiene mei ús doarsfeesten.
Gesellich, en goed fersoarge, wie ek it middeisiten. Meielkoar yn de tinte oan de bôle, kroketten en oare lekkernijen. Moai tusken de oare doarpsminsken yn en gesellich mei ús pake- en beppesizzers.
De rest fan de dei ha wy lekker relakst trochbrocht op it sportfjild. Wylst oaren harren ynspanden by de seiskamp, hiene wy it moai oan tiid om ûntspannen hjir en dêr in praatsje te meitsjen. Want ek dat is moai fan it doarpsfeest. Jo moetsje doarpsgenoaten dêr’t je in skoft net mei praat hawwe...
Ien fan dy kunde fûn it mar nuver, want hy koe hast net ien mear. Ik fiel my in frjemdeling yn myn eigen doarp... Wa is dat... Kinsto dy? Ik stelde him foar om tegearre in slach oer it fjild te meitsjen en dan koe ik hjir en dêr wat nammen sizze en him útlizze wa’t wa wiene. (Foar safier ik de minsken koe fansels want bytiden hie ik der ek wol oan...) Mar dat gie him te bot, dat hoegde no ek wer net...
Ek de sneontejûnband ha’k sitte litten. Nettsjinsteande dat ik graach dûnsje mei, hie’k gjin nocht oan hiele lûde en falske muzyk. Achternei foel it neffens in protte doarpsgenoaten hiel bot ta. It wie in prachtige band en it wie ek net sa alderheislikst lûd. Ek de frou wie fol lof oer de muzyk. No ja, ik siet der net mei. Moai dat oaren sa genoaten ha!
Sneins wurdt it feest tradisjoneel ôfsluten mei in tsjerketsjinst yn de feesttinte. Meastentiids wurdt sa’n tsjinst fersoarge troch in gospelband. Ek dizze middei wie dat it gefal. De Regenboog út Dokkum makke der in moai barren fan. Wol wat halleluja-achtich, mar hawar, guon fine soks moai.
Moai wie ek dat jo de oerbleune munten wer ynleverje koene. Netsjes soks. En nei’t wy in hiele berch yn it ponkje goaid hiene, ha wy de rest ynwiksele oan de bar. En jo fielden je nei dizze daad suver wat riker. Mar dat gefoel kaam miskien ek wol troch dat moaie en ûntspannen feest dat wy dit jier fierd hiene.
Hulde oan de feestkommisje!
Pleatst: 20–08-2019 - 14:11 oere - Reagearje? - Nei boppen