Youtube Twitter Facebook

 


www.praatmarfrysk.nl

 

Werom:
Werom nei de haadside

Argyf:
Blogs fan foarige jierren
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

11-Stêden (yntro)

Jo wurde der hast sêd fan. Alvestêdetocht dit en alvestêdetocht dat. Jo hoege de radio as TV mar oan te setten as der is wol wer wat oer de 'Tocht der Tochten' foar. Fansels, de feriening bestiet hûndert jier en dêr mei bêst wat oandacht oan bestege wurde, mar jo kinne ek oerdriuwe. Pyt wer freegje as hy komt as net, Friezen dy't lulk binne om't der in skip troch it iis fearn is en in idioat út de Hommerts dy't sanedich de toch ride moat. De helte op 'e fyts en troch it iis sakke, mar hy hat him riden. En fansels meie de kamera's dan net ûntbrekke...

Oan 'e oare kant hat sa'n tocht fansels ek wol wat. It is dochs hiel bysûnder foar ús provinsje en dêr meie wy bêst tige grutsk op wêze. De kâns dat ik sels de tocht op redens ryd, is fansels nihyl, mar wa wit wer ris op 'e fyts. Want ek dat is in hiele prachtige tocht troch ús moaie provinsje. Ik ha de fytstocht ien (en in heal kear...) meimakke.

No like it my wol aardig en gean de kommende tiid op myn weblog wer op alvestêdetocht. Mar dan in tocht mei ferhalen en persoanlike oantinkens oan de 11 Fryske stêden. Soene wy de einstreek helje, dogge wy alle stêden oan? Ik bin benijd, ik wit noch net krekt wat it oplevert en as wy ek klune moatte. Gean mar mei soe 'k sizze...

Foardiel is dat ik de kommende 11 kear wis bin fan ynspiraasje...

Op redens sjocht men gjin luie lju...

Pleatst: 08-01-2009 / 12:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Ljouwert

In moaie start! Want wy binne sa'n tritich jier lyn tegearre ek begûn yn Ljouwert. Yn in lyts flatsje earne yn Heechterp. Op 'e foto op 'e twadde etaazje en earne yn 'e midden. Net sa'n foarname buert, mar ach, wy pasten dêr krekt thús...

Wy hienen it dêr o sa nei ús sin. Wilma wurke dêr oan in skoalle en ik wie der by yn lutsen. Foardiel wie dat wy alles by de hân hienen. Bioskoop? Gjin probleem, der gau hinne. Even winkelje, nei teater? En dat allegearre sûnder auto. In eintsje kuierje as op de fyts, wy wienen samar te plak. Herman Douwe is ek yn Ljouwert berne en it koe moai yn ús lytse flatsje, wy wienen de kening te ryk! Wa docht je wat en wy wienen ek alhiel net fan plan en gean nei Hantum. Hantum? Nea fan heard...

Aanst by de einstreek fertelle wy mear oer Ljouwert, want as it goed is, komme wy dêr aanst ek wer út. No earst mar op reis nei Snits...

Pleatst: 09-01-2009 / 16:16 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Snits

Oer Snits soenen wy wol in boek skriuwe kinne! Yn myn jeugd wie Snits myn twadde wenplak. Omke en tante dy't dêr wennen en dêr't ik wol gauris útfanhuze, njoggen jier nei skoalle reizige, alle dagen wer mei de bus. De earste skarreltsjes, feestjes en útspattingen. Alles draaide tusken myn tolfde en ienentwintigste om Snits...

Op it Bogerman College ha ik it eins nea echt nei myn sin hân. It wie ien grutte, ûnpersoanlike learfabryk, mei in razende rektor yn 'e hal. De rûtes fan en nei de lokalen wienen mei pylken oanjûn en op guon treppen wie der ienrjochtingsferkear. De Him, dêr't ik nei de HAFU hinne gie, wie it tsjinoerstelde: in gouden tiid! In prachtige skoalle mei in geweldige sfear. Wy ha der beide opsitten en wy sjogge der mei nocht op werom. Kin ek hast net oars, want op 'e Him ha wy elkoar moete. Wy steane dan ek beide op de ûnderste foto.

Snits wie ek ús stappersplak. De Ludabar, de Kopermolen, de Lichtboei, de Witte Kat, it binne legendaryske nammen út in fier ferline. Jimme begripe, yn Snits leit in part fan myn libben...

No ûnderweis nei Drylts. Dêr moate wy klune...


Pleatst: 10-01-2009 / 14:10 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Drylts

De taskôgers oan de kant begjinne te reagearjen mei opbeurende oanmoedigingen...

"Fersin ik my no as slacht de âlderdom in bytsje ta?"

Mar hawar, wy binne yn Drylts oankaam. En dêr kin ik neat oer fertelle. Ik kin my net heuge dat ik ea yn dizze stêd west bin. Miskien ris trochhinne riden, mar ek dêr wit ik neat mear fan. Dat wy moatte no mar even klune. Oer de stikken flierbedekking op nei Sleat!

No't ik it oer klunen ha. Sneontejûn, as better sein saterdeitejûn, ha wy mei ús kabaret in optreden fersoarge foar de Westereender keaplju. Miskien is it ek wol Westereinder, ik wit net krekt, it leit dêr wat gefoelich. It optreden wie yn de Zilveren Maan. Binne wy al earder west en wy ha by Herre en Frederieka dan ek in bêst plak. It optreden wie geweldich en wy ha in hiele noflike jûn hân.

Ik bin it mei de lêzer iens, it hat neat mei Drylts te krijen, mar jo moatte dochs wat as jo neat witte...

Pleatst: 13-01-2009 / 14:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Sleat

Yn myn jeugd wenne ús toskedokter yn Sleat. It wie in frou en dat wie nei de beul fan Balk in hiele opluchting. De Balkster bekkebeul prottele en foetere, die alles sûnder ferdôving en brûkte in boar sûnder wetterkoeling. Dat wienen nochris tiden... Dan wie frou toskedokter hiel oars. Dy hie har sprekkeamer fol bernetekeningen hingjen en se hie it altyd oer 'Ga maar zitten lieverd...'

Ik kin my noch heuge dat der op in kear in âld mantsje yn de wachtkeamer siet. Hy moast in nij gebit ha, mar syn âlde wie neffes him noch prima. En om de oanwêzigen te oertsjoegjen fan syn gelyk, helle hy spontaan syn gebit út 'e mûle en liet it oan de hiele wachtkeamer sjen. 'Sa skjin as de brân, sjogge jimme wol?! Ik doch it alle wiken in kear yn it bleekwetter. Eins hoech ik net in nij gebit, mar it passet net sa goed mear...'
Myn lotgenoaten seagen de man ferheard oan en tochten mar ien ding: man, doch dat ding wer yn 'e mûle!

Dit frjemde foarfal is my altyd bybleaun en it hat my ynspirearre ta in skets mei in toskedokter yn ús tredde programma Kommersjeel. Allinne liet ik de man syn gebit net skjinmeitsje mei bleekwetter, mar mei WC-Eend. 'Want, sa sei hy, dan kinne jo moai yn 'e hoekjes komme...'

Pleatst: 14-01-2009 / 17:38 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Starum

It mantsje fan Starum dy kin hast net ien
Want hy lei al wakker jong ûnder in stien
Syn widdo ferbruide it sa fits en sa boas
Hie hy it no better dien, yn elts gefal oars, oars
Yn elts gefal oars...

Dit ferske fan Irolt sit my mar yn 'e holle as ik oan Starum tink. Mear gedachten oer dizze stêd ha'k ek hast net, as it moat it ferhaal oer it harmoanium wêze...
Froeger wurke in dominy út Starum by ús heit yn 'e saak. It wie wat in smel en wyt mantsje. In weiten hin, sa soene jo wol sizze kinne... Hy wurke derby, oars koe hy syn stúdzje net betelje, want hy wie noch net hielendal klear.

No hie hy op syn stúdzjekeamer yn Kampen in harmoanium stean en dat moast nei syn hûs yn Starum. Dominy hie heard dat wy in buske hienen. Dat beroemde buske fan ús, dêr't ik yn it ferline al ris wat oer skreaun ha. Dat wy moasten foar in pear sinten it harmoanium mei ús buske mar út Kampen helje.
Tegearre mei in maat op nei Kampen, mar al wat yn't buske passe, it traapharmoanium net! Dat kaam omdat de buskes froeger de motor achteryn hienen en op dat plak op 'e laadflier dus in ferheging wie. Boppedat sieten der banken yn ús buske, it wie eins ek net bedoeld om fracht mei te ferfieren.

Mar froeger seagen wy net sa krekt, dat it harmoanium yn 'e bus mei de skodoar iepen. In tou derom en it harmoanium heal ta de bus út. Lokkich wie it droech en de fracht kaam sûnder skea yn Starum oan. Dominy wie mar wat bliid! No koe hy yn Starum ek 'Hijgend hert der jacht ontkomen' spylje. Ik leau dat wy der 25 gûne foar krigen ha.

Mear wit ik net oer Starum. Oh ja, dêr wennet ek noch in nicht fan my. En wy ha der ris mei ús freonen op ús jierlikse freonendei hinne west op 'e fyts. Doe is ûndersteande foto makke. Op 'e foto de widdo 'sa fits en sa boas...'

Pleatst: 19-01-2009 / 20:15 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Hylpen

Fart myn man foar skipper, sei Wilma, dan far ik foar stjurman...

Pleatst: 20-01-2009 / 12:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Warkum

Fan alle 11 stêden is Warkum dochs wol de aldermoaiste! Mar ris goed neitinke wêrom dat sa is. Wy meitsje der gjin priisfraach fan, want ik tink dat hast elkenien dit wol wit.

Us pake sei altyd: 'Sa lang as Warkum...'

Pleatst: 23-01-2009 / 22:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Boalsert

Ek wer sa'n stêd... Dêr ha'k ek net safolle mei. Wilma hat dêr op skoalle sitten en wy gienen der froeger wolris hinne te stappen. Ek ha'k ik yn Boalsert myn earste boete hân nei't ik myn rydbewiis helle hie. Te hurd riden. Wy waarden wol kjel, want doe waarden wy noch âlderwetsk oanhâlden. Neat gjin stikeme brief fan it CJIB.

Wy ha nochris yn Boalsert west om de alvestêdetocht te fytsen en om mei Rûm Sop de bestjoersleden fan dy alvestêdefytsferiening ta te sjongen, mar fierder... neat. Mar wer even klune hie'k tocht...

Kin ik my noch heuge: de earste fytsalvestêdetocht. Wy op 'e tandem op reis nei Harns. Begûn it my dochs te reinen! Wy hienen neat by ús fansels, ha wy by in tankstasjon grutte grize jiskepûden weihelle. Kamen wy dochs noch droech yn Harns oan... De pûden wienen fergees. Dochs aardich fan de pompman...

Pleatst: 24-01-2009 / 16:20 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Harns

It is dochs goed om de alvestêdetocht ôf te meitsjen. It is alwer even lyn, mar wy moatte al trochsette! It is krekt as by de echte tocht, jo komme yn in dip, it sit tsjin, it wol even net mear en jo tinke: wêr bin ik oan begûn!

As ik oan Harns tink, dan tink ik oan myn jeugd. Myn legereskoallejeugd om krekt te wêzen. Hiel wat tiid ha'k yn Harns trochbrocht. Utfanhûs by myn omke en tante en myn neven en nichten. Myn omke hie in betonfabryk. Haitsma om krekt te wêzen. Se wennen dêr prachtich yn Harns, hienen yn ús ferbylding in hiel grut hûs mei sels in apart boarterskeamerke foar de bern.

Mar it moaiste wie dochs it boartsjen op it grutte fabryktsterrein. Allegearre loadsen, betonynstallaasjes, bulten sân en grind. Wy koenen ús mar útlibje. Myn neven en ik wienen dan ek hast de hiele dei op dit terrein te finen. Letter krigen se ek noch in polyester boatsje. Mei oanhangmotor. Se wennen oan it kanaal en op dat kanaal ha wy hiel wat boattochtsjes makke. En dan fiskje mei kokkels, want ek dy fabryk lei oan dat kanaal.

Ik ha dêr ek noch ris in ûngemakje hân. By it boartsjen foel in hiele grauwe betonplaat op myn foet. Panyk! En myn myn neef hat my op in soarte fan molkkarke nei hûs ta brocht. Hoeden de learzens út en op nei dokter. Ik wit net krekt mear wat dokter dien hat, mar ik ha noch wol in groede ûnder de foet sitten. Lokkich ha'k der neat oan oer hâlden. Allinne mar goede herinneringen oan dizze bysûndere stêd...

Pleatst: 06-02-2009 / 11:43 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Frentsjer

Trochsette!
Krekt as Drylts ha wy neat mei dizze stêd. Dat wy kinne hurd trochride. Noch krekt even in pear noaten fan it dweilorkest opfange en op nei Dokkum!

Hoewol... no't ik der even oer neitink lizze der dochs noch wat ferhalen yn Frentsjer. De optredens yn Blomketerp foar buertferiening 'het Oosten'. En dat by it ôfbrekken fan it poadium ús it systeemplafond temjitte kaam. Fansels de besite oan de PC en de revance-PC. It prachtige en smûke teater de Koornbeurs. En ik ha dêr in neeft te wenjen hân. Mei myn oeare neef, wy binne like âld, binne wy wolris in pear dagen nei syn broer yn Frentsjer útfanhûs west. De grutte neef mocht graach tafeltennisje en wy ha yn dy fakânsjes hiel wat by him ôftennise.

Ach... Frentsjer is sa gek noch net...

Pleatst: 14-02-2009 / 13:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Dokkum

Elkenien sit fansels te wachtsjen op it ferhaal fan Dokkum. Want dat is dochs ien fan de alve stêden dêr't wy sa stadichoan it faakst komme! Eins kinne wy dêr wol in webside oer fol skriuwe. Oer ús winkeltsjes yn Dokkum, oer it stappen yn de Refter en de Zaak, de toskedokter, de kunde en de famylje dy't dêr wennet, ach wêr moatte wy begjinne?

Litte wy mar wer ris yn it ferline begjinne. Dokkum wie foar ús út Gaasterlân wei in wrâldreis. Wy kamen dêrom eins ek nea yn dizze noardlikste stêd fan ús provinsje. Om't wy yn 1979 kampioen waarden mei ús follybalteam, moasten wy promoasjewedstriden spylje yn Dokkum. Yn sporthal de Doelstien. Wy ferdwaalden hopeleas. It wie allegearre ienrjochting en wy binne hiel Dokkum trochflein. Lokkich wienen wy noch wol op 'e tiid. Twadde besyk oan dizze regio wie by myn sollisitaasje hjir yn Hantum. Ik tocht dat ferdwalen oerkomt my net wer - wy hienen noch gjin ynternet en TomTom - dat moai op 'e tiid rjochting Nova Zembla. Fierstente betiid ried ik Hantum yn. Wol in heal oere te betiid. Bin yn ús keverke earst mar wat troch de buorren riden. Soenen wy hjir telâne komme? Ja dus. En dus ek tichtby Dokkum.

En no kinne wy hast alle strjitten fan Dokkum, kinne wy sa it paad fine en reitsje wy net mear fertize yn al dy ienrjochtingsstrjitten. In moaie stêd, want alles kinne wy dêr keapje. Wy hoege om ús net nei Ljouwert as Drachten. As it net yn Dokkum is, dan mar fia ynternet. Ek it postautootsje fan TNT wit it paad sa njonkelytsen nei it hege noarden te finen...

En sa soenen wy noch wol even trochgean kinne, ferhalen genôch. Mar wy litte it mar sa, wy moatte noch wat krêften oerhâlde foar de lêste kilometers. Bergsma fan de boekhannel hat krekt myn kaartsje stimpele en de EHBO-ers ha myn blieren noch even beplakt. Sa kin ik it krekt helje. Sjen oft wy noch in aardige foto ha en dan op nei de Bonkefeart!

Pleatst: 17-02-2009 / 16:36 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Finish!

Fia ynternet ha 'k de nije CD fan Sânman & Sikke besteld. En oars wol oaremoarn... In prachtige CD mei moaie mearstemmige ferskes. Se binne twa jier lyn yn ús doarpshûs west op in frijwilligersjûn. Fanôf dat momint bin ik in grutte fan fan dizze groep út Warkum. Hoe tapaslik stiet der in liet oer de alvestêdefinish op. Fia dizze link kinne jimme dat nûmer beharkje. Finish Bonkefeart.

Mar hoe komme wy as súdwesthoeksters no fia Ljouwert yn Hantum telâne? Yn 'e omjouwing fan Dokkum?! Wy sochten beide wurk en wy hienen ôfpraat, de earste dy't fan ús oannaam waard, dêr geane wy, as it nedich is, hinne. Sa stie der in advertinsje foar de Hantumerhoeke yn it Frysk Deiblêd. Dat sil yn 'e winter fan 1980 west wêze. Hurd noch in brief skriuwe, hy koe noch krekt op 'e bus, want de jûnes krigen wy besite.

In wike letter: tillefoan. It besjoer fan de Kr. Nasj. Skoalle fan Hantum ca. Se woenen wolris lâns komme. Se pakten it wat oars as oars oan en lieten de sollisitanten net by harren komme, mar dienen it oarsom. Man, dat wie panyk! It hiele hûs oprûmje, stofje, alles moast wol kreas wêze foar de grutte delegaasje. Deiblêd boppenop yn de krantebak, Veronica gids by it âld papier en sa sieten wy klear foar de karkommisje...

Ynienen skeat it Wilma yn 't sin, dat de bernewein noch yn 'e hal stie. Flak by de foardoar en dêrtroch wie it mar krap en koe de doar mar amper iepen. De wein moast yn 'e sliepkeamer, jo wisten mar noait hoe breed de Hantumers ca. wienen. Mar dat ha wy dochs mar net dien, want se moasten júst de yndruk krije dat wy hjir mar lyts wennen, want yn 'e advertinsje stie dat der in hûs beskikber wie.

Wy ha noflik sitten en wy ha, tink ik, in goeie yndruk makke, want ik waard útnoege foar in proefles. De gefolgen binne bekend. Aardich wie noch dat Daan Toren, doe't se wer fuort soenen, de keuken ynfleach en op syn Daansk sei: 'Hoe komme wy hjir wer út?!' Ik tink dat dit foarfal de trochslach jûn hat, want doe't se thús wienen ha se fêst tsjinelkoar sein: 'Dizze aardige jongelju moatte wy út dy earme buert en dizze ferdoarne stêd weihelje!'

Wa sil it sizze. It is wol sa dat wy hjir no al wer sa'n tritich jier en tige nei't sin wenje. En dat no net de man, mar de frou foar de klasse stiet op de fjouwerHoeke. Soenen se dat doe ek al witten ha??

Pleatst: 19-02-2009 / 13:21 oere - Reagearje? - Nei boppen