Logo…


De saak fan myn broer (en myn foarâlden) is ferkocht. It bedriuw hâldt deselde namme. Mar de nije eigner hat keazen foar in oar logo. Fansels mei hy dat sels witte…


Mar ik bin der wis fan dat myn broer it logo dat hy foar syn bedriuw brûkte mei soarch keazen hie. Fjouwer blêdsjes, as wiene it de fjouwer tsjillen fan in auto, yn blau/pearsfarianten.  Blau stiet ûnder oaren foar betrouberens en pears foar lúkse en moed. Boppedat kinne jo der mei in bytsje fantasy in (pears) heideplantsje yn wjerkenne.


Ienienen krige ik it idee om it ‘âlde’  logo foar myn webside(s) te brûken. As hommage oan myn broer. Sa bliuwt it dochs bestean. Lokkich koe de nije eigner him der hielendal yn fine!


Beste Hendrik,

Bedankt voor je e-mail, leuke website heb je en een leuk initiatief. Wij hebben er geen problemen mee dat je het beeldmerk inzet voor jouw activiteiten. Veel plezier met het gebruik.

Autobedrijf van der Heide









Pleatst: 19-12-2018 - 22:25 oere - Reagearje? - Nei boppen

Swiet & Bjuster(baarlik)…


Ik hie it mar op in pypfol. Ik nei in konsert? Dat wurdt dan in drege jûn. Want fanwegen myn brike earen is muzyk, pak 'm beet, de lêste 5 jier net mear om oan te hearen.

Alles klink falsk. Genietsje is der net mear by...


Hoe oft it dan klinkt?


As in falske piano. As ien dy't gjin toanhichte hâlde kin. Dan klinkt it wer heech, dan wer leech, it liket wol oft de muzyk hinne en wer sweeft. Ik ha faaks gjin idee hokfoar ferske der op de radio is. It ritme hear ik wol, mar leau my, hast alle ferskes en muzyk hat itselde ritme... 


(Jaja, sa asto akkordeon spilest. Dêr wie der wer...)


Soms is der in bekend nûmer op de radio. Dan hear ik wol wat bekends. En dan geane myn harsens oan it wurk... Mar ear't ik der achter bin, is it nûmer al wer ôfrûn. Lêsten krige ik yn 'e gaten dat it Hotel California fan de Eagles wie, dat ik op de radio hearde. Nei sa'n 5 minuten sei ik: Is dit Hotel California?


Ek noch wol ien fan myn favoriten... Lokkich duorret dit nûmer sa'n 7 minuten. Oars hie ik der nea achter kaam...


Mar ik ha my oerhelje litten. Ofrûne sneontejûn nei Swiet & Bjuster. Fryske blues út de Wâlden. In geweldige band. Sy hâlden in reunykonsert yn de Krúswei te Damwâld. Ik hie my op it slimste taret en hinnereis sei Wilma, as't dyn nocht hast gean wy wer nei hûs...


Mar wat pakte it goed út! Ik ha genoaten fan Swiet & Bjuster. Stie sels wat te swingen. De mannen libben harren hielendal út, de fonken sprongen derôf, wat in wille hiene se by De Fordson Dexta Blues, In jûne yn Grins en sels Hindrik wie wer In bêste fint!


Ik koe dus dochs noch fan muzyk genietsje... Mar dat kaam fansels ek fan de mannen sels. Harren entûsjasme rekke elk en my yn it bysûnder. It wie in prachtige jûn!


Foar my wiene it allegearre nije nûmers. Lokkich is it bluesskema net sa yngewikkeld. Trije akkoarden en dat koene myn earen skynber noch krekt behappe...


En fansels hie 'k in pear goeie earen njonken my stean en koe ik de playlist hieltyd moai kontrolearje: Is dit Salang as de diesel it docht


Ja! (Wie it mar altyd sneontejûn…)

Pleatst: 12-12-2018 - 17:16 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2018 

In persoanlike webside

h@vanderhei.de