Krystbeam…
Ein oktober begjinne de túnsintra al mei de ferkeap fan krystspullen. Amper bekaam fan de simmerfakânsje as jo wurde al yn de krystsfear treaun. Ek al ha jo dêr noch hielendal gjin nocht oan.
Kom sis, it is noch mar oktober…
En as de Sintemasije it lân út is, dan giet it hielendal los! Dan ferskine oeral, yn eltse winkel, strjitte ja sels yn it doarp de krystfersieringen… Je binne hast ferplicht om deroan mei te dwaan.
Mar dat dogge wy lekker net!
Ien fan ús is mids desimber jierdei en de ôfspraak is: foar de jierdei gjin krystspullen yn ‘e hûs. No dat is bytiden dreech, mar it slagget ús hast alle kearen. Mar ja, as de jierdei dien is, dan moatte ek wy der oan leauwe. Dan komt ek by ús Jouke Pinda foar it ljocht. En ek de krystbeam komt yn ‘e tún te stean.
Ja, wy ha de krystbeam altiten yn ‘e tún, dat finne wy gesellich, mei ljochtsjes deryn. Tiidklok dertusken en alle dagen in moai sfearke achterhûs. Wy krije tradysjoniel in krystbeam op ‘e jierdei, dus dat slút moai oan.
Mar yn stee fan ein oktober de krystboel yn ‘e hûs, dogge wy it krekt oarsom. Wy litte de krystbeam hiel lang yn ‘e tún stean! Bytiden is it hast peaske foardat wy him derút helje. Moai dochs?!
Mar oh heden…
Wat in kommentaar! Ha jimme no noch de krystbeam bûten? No, ik soe dat ding ek mar ris oprûmje. Wa hat no noch de krystbeam yn ‘e tún? Bowe yn Marrum hie de krystbeam yn july noch foar syn kafee de Groene Oase stean. Fyn ik moai, sei hy altyd. Sjoch! Bowe hie ek gefoel foar tradysjes…
Mar ein oktober hearst net ien. Utsein wy dan…
(Mei tank oan Paul Kusters foar de cartoon)
Pleatst: 14–01-2020 - 21:40 oere - Reagearje? - Nei boppen