Wat keart my op…


Fansels moast ik nei it iepenloftspul fan Brantgum. Der diene in protte doarpsgenoaten oan mei en dan is moai om te sjen hoe oft it harren ôfgiet. Boppedat is it ús buordoarp en sy ha wol in reputaasje heech te hâlden wat iepenloftspullen oanbelanget.


Yn myn blog oer Titus skreau ik dat ik fanwegen myn gehoar yn ‘e regel net mear nei soksoarte fan foarstellingen ta gean, mar sa as ik sei, dit wie Brantgum en der is faaks in hiele protte te sjen en der binne fêst moaie yndrukken dy’t jo op sa’n jûn opdwaan kinne.


Mar lokkich, it lûd wie perfekt! Ik koe alles goed ferstean en folgje. It kin dus wol! De mannen fan Titus soene ris prate moatte mei Brantgum…


Mar oh heden, wat wie it in dreech stik. Ik moat earlik bekenne dat ik bliid wie dat it dien wie. It wiene allegearre deaden en it wie de swiermoedige kant it neist. Ik koe my hast net foarstelle dat Durk van der Ploeg sa’n swier boek skreaun hie. Want it stik wie basearre op Van der Ploeg syn nijste boek: De Lêste Floed.


Ik mei graach boeken fan Durk van der Ploeg lêze. Foaral syn earste wurk kin my tige bekoare. In Man in Minske, De Snoekebek, de Amerikaen en it Libbet mar Amper binne prachtboeken. Moaie ferhalen, moai beskreaun en moai fan taal. Taal dy’t je glimkje lit ek al is it tema fan it boek noch sa swier.


En dat fûn ik eins net werom yn it stik fan Brantgum. Mar miskien skreau Van der Ploeg op lettere leeftiid oars as yn syn begjinjierren? 


Witst wat? Ik skaf it boek oan!


Nei it lêzen fan it boek soe ik my fêst in better byld fan it stik foarmje kinne en waard myn miening oer it swiermoedige faaks bysteld. 


Wat in prachtich boek! Ik ha it hast yn ien azem útlêzen. Durk van der Ploeg op syn bêst en yndie, it tema wie swier, mar wat wie it prachtich beskreaun. Wat in rike Fryske taal! Sinnen as: De foto’s bringe ús hieltyd fierder werom nei de tiid dat alles noch foar ús lei… It boek stiet der fol mei.


Ik ha wol wat begrutsjen mei - en ek bewûndering foar - Baukje van Hijum. Want it is gjin sinekuere om sa’n boek ta iepenloftspul te bewurkjen. It stik spilet him yn gronologyske folchoarder ôf, wylst it boek hieltyd wer nei in oar tiidfek springt. Dan wer fertelt haadpersoan Arjen Vogel syn ferhaal yn 2013, dan wer yn 1993 as bytiden yn 1963. 


It slachtsjen fan Arjen syn knyn komt bygelyks pas healweis it boek op it aljemint, wylst dit ien fan de earste sênen yn it iepenloftspul is. En dat ferspringen is no just ek de sjarme fan it boek. Want stadichoan komme jo derachter wat him allegearre ôfspile hat en wat de eftergrûn is fan it hâlden en dragen fan de familie Vogel. En dat is folle mear as dat der yn it stik sjen litten wurdt. Spitich dat der safolle skrast wurde moast yn de tekst fan it boek. Want sa bleau allinne de swiermoedigens oer. Alteast yn myn beleving…


Mar wat wie der ek in protte moais te sjen. Der waard geweldich spile foaral ek troch ús doarpsgenoaten. Suver grutsk dat der safolle talint yn ús doarp oanwêzich is. 


De konsesjes dy’t yn de tekst dien wurde moasten, besochten se tusken de sênen troch goed te meitsjen mei dûnsen en ynsprutsen ferhalen. Sadwaande krige it dochs in wat fragmintarysk karakter. Mar it helle it net by de struktuer fan it boek. 


Wol moai om te sjen dat de dûnsers yn klean mei militêre kleuren harren akts dûnsen. As wiene it de soldaten dy’t nei de drûchlizzing fan de Lauwerssee it gebiet as oefenterrein yn besit namen. Moai betocht. Moai wie ek dat it sluzekompleks opboud waard mei fiskkisten fan de fiskôfslach fan Lauwerseach. Hoewol tink net ien sjen koe dat der Visafslag Lauwersoog op de kisten stie. Ik wist it tafallich, want dit hie ik yn in foarstikje sjoen.


Sa wie it al mei al dochs in moaie jûn. Want it is en bliuwt in geweldige prestaasje. Safolle minsken dy’t deroan meiwurkje, safolle ynset en motivaasje, sokke folle tribunen. Brantgum kin grutsk wêze. En foar ús doarpsgenoaten: TOP! 


En nuver, mar gauris komme my by sokke oertinkingen ferskes yn’t sin. Dit kear wie it in ferske fan de Fryske sjonggroep Jarje: Wat keart my op.


Do kinst laitsje, do kinst sjonge

Do kinst dûnsje hiel de wei

En miskien is dat wol better

As swiermoedigens fan mei…


En dat figuerlike laitsjen, sjongen en dûnsjen ha’k mist. Want dat wie fêst better as dat swiermoedige fan no… No ja, by it slotliet besochten se noch wol om it laitsjen, it dûnsjen en it sjongen wat rjocht te setten, mar doe wie it eins al te let… 















Pleatst: 26–06-2019  - 23:48 oere - Reagearje? - Nei boppen

Kolibrieflinter…


Ik tocht dit is hiel seldsum. Mar dat foel ta. Lês hjir mar ris… Mar moai is it wol! En dat gewoan achterhûs…















Pleatst: 20–06-2019  - 13:27 oere - Reagearje? - Nei boppen

Titus…


Hiel spektakel yn de Bonifatiuskapel yn Dokkum. Yn neifolging fan Bonifatius de Musical, wie no Titus oan de beurt. Alles wie oantúgd om der wer wat moais fan te meitsjen. Professioniele spilers, komponisten, techneuten, bedriuwen, sponsors en gean sa mar troch. Dokkum soe wer op 'e kaart set wurde mei dit ferhaal oer dizze bysûndere pater: Titus Brandsma fan Boalsert...


Se hiene de musical better Tinitus neame kinnen....


Want ik ha der hielendal neat fan ferstien. Mar, en dat sis ik der altiten achteroan, dat leit him net oan jimme, mar oan my... Hoewol, ek myn meigesellen moasten bekenne dat sy it sjongen meastentiids ek net ferstean koene...


Djoere komponisten, moaie lietteksten fan Eppie Dam en dan is der net ien dy't der wat fan heard.


Fan tefoaren wit ik dat ik tsjin dit probleem oanrin en dêrom gean ik faaks ek net mear mei nei soksoarte fan foarstellingen. Mar dochs, Bonifatius wie prachtich (yn myn goeie earentiid...) soks wolle jo noch wol wer ris belibje. En om no altiten thús te bliuwen, dan wurde jo ek sa'n kluzener... Dus ik moat it dan mar fan de bylden en de oare yndrukken ha.    


Lokkich wiene der ek hiele moaie bylden te sjen. It ljocht, it ienfâldige dekôr mei syn treflike fynsten ja de hiele entoeraazje wie geweldich, mar it ferhaal wie dreech en alhiel foar ien dy't der neat fan ferstiet. Ja, sa no en dan kaam de duvel (nuver dat dat krekt him wie...) goed troch, en hearde ik hoe't hy dêr om pûkere... (Foar dyjingen dy't de foarstelling net kinne, de duvel wie ien fan de rollen, treflik delset troch Joop Wittermans...)

En as it dan sa dreech is, dan is it in lange sit. En wat binne dy houten banken dan hurd en wat sitte dy dan min...


Tsja, soks komt dan boppedriuwen en kriget dan de oerhân. Spitich...


Boppedat: in oere stean te wachtsjen foardat de foarstelling begjint dat is dochs hast net mear fan dizze tiid?! Kin dat no net oars? Doch iepen dy boel en lit de minsken sitte. As wurkje mei plaknûmers, krekt as yn teaters. As jo sok djoer promoasjemateriaal printsje kinne, dan kinne der dochs ek wol wat nûmers dy't op de banken plakt wurde kinne, ôf? Dan is it ek net slim as jo wat letter binne, want jo binne wis fan in plak. Je moatte der ek grau foar betelje...


En no't ik dochs oan 'e gong bin, wêrom kinne jo de oerbleaune munten net meart ynleverje? Dat is dochs klearebare dieverij? Tsja, it smyt de organisaasje in pôle jild op, want der binne fêst mear munten dy't net ynlevere wurde, mar it soe harren siere dat soks gewoan mooglik is.


De lêste sêne fan de foarstelling wie prachtich, fan Titus moasten wy lústerje nei de stilte... En om't it de lêste sêne wie, giene minske stean, as tank foar dit ferhaal. Mar oan de útnûging fan Titus om elkoar de hân te jaan, die mar in lyts part fan de minsken mei. Miskien wie dat ek wol tekenjend foar dizze foarstelling. Prachtich, mar dochs miste(n) wy (ik) wat...


Mar miskien lei him dat ek wol oan my...















Dan mar yn it húske by ús oare teateroantinkens…

Pleatst: 18–06-2019  - 13:45 oere - Reagearje? - Nei boppen

‘Steen des aanstoots…’ 

















Pleatst: 17–06-2019  - 16:08 oere - Reagearje? - Nei boppen

6 Juny…


Ik tink dat se 2 juny wol helje… 😂















Pleatst: 06–06-2019  - 19:10 oere - Reagearje? - Nei boppen

Alde doaze…


Ha jimme de foto’s al besjoen? De foto’ s boppe-oan de webside fan dizze moanne bedoel ik?

Moai net? Foto’s út de âlde doaze. Ik ha al ús famylje dia’s meinaam nei Hantum en dy bin ik oan it ynskannen. Wol in bealchfol wurk, mar geweldich om te dwaan. Want elke kear komme jo wer wat moais tsjin. Guon dia’s ha’k noch nea sjoen, want ja, in diajûn organisearje wie in hiel o heden. Hûs tsjuster, skerm ophingje, diaprojektor út de doaze en mear fan sokke tariedingen. Lokkich binne se allegearre bewarre bleaun en kinne wy der no folop fan genietsje.


Dizze foto is fan in fakânsje yn Nijverdal, yn 1965. Fakânsje yn in âlde bus dy’t omboud wie ta in soarte fan karavan. Mar wat wie’t moai! Mar in miggen nachts! Dat heucht my noch goed…


Mar dat is wer in ferhaal apart…















Pleatst: 04–06-2019  - 22:42 oere - Reagearje? - Nei boppen

Dear Jean…


Bytiden krije jo nuveraardige e-mailtsje. En dan bedoel ik gjim SPAM as Phising mails, mar gewoan in nuveraardich berjocht fia jo webside.


Dit krige ik in pear dagen lyn yn myn postfakje. As reaksje op in stikje wat ik yn it ferline ris op myn webside pleatst hie…


Dear Editor,

My name is Jean and I’m the Editor atJen Reviews. I was doing research on David Gilmour and just finished reading your wonderful piece:https://www.vanderhei.de/oktober2007.html


In that article, I noticed that you cited a solid resource I've come across in the past:http://en.wikipedia.org/wiki/The_Dark_Side_of_the_Moon


We just published an updated, comprehensive guide on how to play like famous guitarists on oursister site, BeginnerGuitarHQ. It is completely free and you can find it here:https://beginnerguitarhq.com/famous-guitarists/


If you like the piece we’d be humbled if you cited us in your article. Of course, we will also share your article with our 100k newsletter subscribers and followers across our social platforms.


Either way, keep up the great work!

Warmly,

Jean


No ja, wat moat ik hjir no mei. Sil wol gekheid wêze, want sy hie it oer in wonderful piece wat ik yn oktober 2007 skreaun hie.


Dat like my sterk! Dat se dit Fryske stikje fan my lêzen hie. Foar de measte lânslju is it al dreech om Frysk te lêzen, lit stean foar ien út Nij Seelân!

Mar it wie ek reklame foar ien fan harren nije websides, sa die bliken. Om’t ik oer Pink Floyd skreaun hie, sille se wol toch ha, hy mei graach gitaar spylje, miskien is ús nije webside krekt wat foar him.


No akkordeon is al dreech (en no mei myn brike earen alhiel) en dan seker ek noch de buorlju ferrasse mei Wish you wer here… op gitaar.


Haha...


No ja, ik lei it bertjocht mar by my del, mar net neidat ik de links yn har stikje kontrolearre hie fia Google. De webside dêr’t se oer skreau bestie yndie en it koe hast net oars as it wie echt sa en gjin mail mei alderhande firussen…

Mar doe’t ik in pear dagen letter nochris in berjocht fan har krige:

Just wanted to see what you thought of the below. Hope you are well! 

Ha ik dochs mar mei help fan Google translator in reaksje skreaun…  Ja, ja yn it Nederlânsk, want Google set it Frysk wol hiel nuver oer…


Beste Jean,


Hoewel mijn Engels vrij redelijk is, heb ik er toch voor gekozen om mijn reactie door Google te laten vertalen. (Zie beneden.)


Eerlijk gezegd was ik een beetje verbaasd over uw mail. Je zei dat je mijn ‘wonderful piece’ had gelezen. Maar dit lijkt me bijna onmogelijk. Want het is in het Fries geschreven.

Wij wonen in de noordelijkste provincie van Nederland en daar spreekt men een eigen taal, het Frysk. Het kan natuurlijk zijn dat u Friese voorouders heeft en dat u daar wat van mee hebt gekregen, maar alles kunnen begrijpen lijkt me voor u een lastige opgave.


Het bedoelde stukje was een verslag van een bezoek aan een concert van een Pink Floyd tribute band. En het ging voornamelijk over de man van de lichteffecten.

Toen kon ik nog genieten van de prachtige muziek van Pink Floyd. Nu lukt dat niet meer, want mijn gehoor is erg achteruit gegaan en alle muziek klinkt vals… Dus muziek luisteren zit er voor mij niet meer in, laat staan gitaar spelen ;-)

Bovendien heb ik last van Tinnitus dus de rustige stukken in de muziek van Pink Floyd worden voortdurend gestoord door allerlei bijgeluiden…

Het is eigenlijk net wat Waters schrijft in Brain Damage:


And if the cloud bursts, thunder in your ear

You shout and no one seems to hear.

And if the band you're in starts playing different tunes

I'll see you on the dark side of the moon.


Desalniettemin hartelijk dank voor je reactie. Met vriendelijke groet,

Hendrik van der Heide

Friesland/Holland


Dear Jean,


Although my English is fairly reasonable, I have chosen to have Google translate my response. (See below)


Frankly, I was a little surprised about your mail. You said you read my "wonderful piece." But this seems almost impossible to me. Because it is written in Frisian.

We live in the northernmost province of the Netherlands and there they speak their own language, Frysk. It may of course be that you have Frisian ancestors and that you have gotten some of that, but to be able to understand everything seems to me a difficult task.


The intended piece was a report of a visit to a concert by a Pink Floyd tribute band. And it was mainly about the man of the light effects.

Then I was able to enjoy the beautiful music of Pink Floyd pretty well. Now that is no longer possible, because my hearing has deteriorated a lot and all music sounds false ... So listening to music is no longer possible, let alone playing the guitar ;-)

Moreover, I suffer from Tinnitus so the quiet parts in the music of Pink Floyd are constantly disturbed by all kinds of noises ...

It is actually just what Waters writes in Brain damage:


And if the cloud bursts, thunder in your ear

You shout and no one seems to hear.

And if the band you're in, starts playing different tunes

I'll see you on the dark side of the moon.


Nevertheless, thank you very much for your response. Sincerely,

Hendrik van der Heide

Friesland / Holland


No mar wer ôfwachtsje, ik hâld jimme op ‘e hichte…












Pleatst: 03–06-2019  - 16:32 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de