Tuin en sa…


As in biljertlekken, sa lei ús foartún der wer by. Wy kinne wer in wike foarút!


Dêr kamen se oan. Twa jonge doarpsgenoaten, in kroade fol túnark by harren. Se stoppen foar ús paadsje. It duorre net lang as dêr gie de doarbel. 


Ja, sjoch, wy binne in nij bedriuw begûn en no sykje wy wurk… Oh, sa sei ik ferheard, en hoe hjit jimme nije bedriuw... 

Tuin en sa, en wy dogge alles yn de tún. Meane en túchlûke, ha jo ek wat foar ús te dwaan?


Moai sokke inisjativen, want syn sirkus en kermis wie fanwegen de berikberheid skynber fallyt gien en der moat dochs bôle op 'e planke komme is't net sa?


(Even útlizze... Ien fan dy jonges hie ferline wike in hiele kermis yn de berm lâns harren strjitte boud, mar dy strjitte ha se no iepenbrutsen fanwegen de oanpak fan it rioel...)


En wat kost my dat? Mar ien euro... Tsjong, foaroarlochse prizen, dat lokket my wol oan.

Dan meie jimme de foartún wol meane en hjir, hjir hawwe jimme 2 euro. En ik joech de grutste in 2 euromunt. Wolst der ek in izerseage by? Dan kinst him troch de helte dwaan... (Wer sa'n nuver skoalmastersgrapke...) No, sa wie syn antwurd, dan kinne wy better noch sa'n munt ha, dat dielt makliker... 


Wat in ûndernimmer! Dêr hâld ik wol fan. En om syn gehaaide opmerking te beleanjen joech ik him noch in 2 euromunt...


Ik moast even fuort, dat ik liet de mannen allinne. Se hiene in stroomkabel fan my krigen om't se foar de âld meanmasine stroom nedich hiene. Se hiene útlein dat dit de âlde fan harren âlders wie. Dy hiene no in nijen en dy gie op brânstof...


Wilens ik fuort wie, siet ik der al wat oer yn. Stel se meane de kabel troch. Op himsels net sa slim, mar de telefoansintrale siet ek op dy groep en dan moast ik him by koartsluting hielendal op 'e nij programmearje. (Dat wie mysels al 2 kear oerkaam...)


Mar doe't ik thúskaam seach ik dat se hiel hoeden te wurk giene. De iene meande en de oare hâlde de kabel beet. Sjoch, echt teamwurk!


En nei't ik harren in glês drinken brocht hie, makken se it ôf. Se mochten at se klear wiene sa fuortgean fan my, want ik hie harren al betelle. Se moasten wol even myn stroomtried wer oan kant lizze. En jimme komme mar ris wer... Oh ja, noch wol in tip: de oare kear de tsjiltsjes fan de meanmasine wat heger sette, dan giet hy wat makliker troch it hege gers.


Se wisten net hoe't dat moast. Mar de kabel hiene se wol kreas oprôle en oan de hoksdoar hongen...


Ik tink dat dit bedriuw in moaie takomst temjitte giet... Mar ja, dat witte jo mar nea. As de dyk aanst wer klear is, soe it ek bêst wêze kinne dat se in grientesaak begjinne...


Hoewol...














Pleatst: 14–05-2019  - 14:05 oere - Reagearje? - Nei boppen

Willekeutel...


Hoewol ik dat net bewust meimakke ha en ik fan myn earste libbensjierren net folle mear wit, wit ik wol dat ik yn in wenarke berne bin. In wenarke yn de Luts, flak bûten Balk.


Ut de ferhalen fan ús mem wit ik dat it wenjen yn in arke wol syn foardielen hie. Under iten kaam it rút iepen en waarden alle restjes sa nei bûten sabele. Sa de Luts yn. Der wie net ien dy’t dêr oer foel. Soks wie hiel gewoan. 

En ik tink ek dat ús mem myn ruften, al dan net fol mei brún guod, sa yn de Luts útspielde foardat se yn de waskmasine kamen. Hiene wy eins wol in waskmasine?


Fan boardsuvering hiene wy noch nea heard en ús mem hie o sa’n wille fan dizze wol hiele grutte stoart- en spielbak. ’s Winters, dat wie al in griis, want dan moast der mei sterk iis in oare oplossing socht wurde…


Doe’t ik in jier as 10 wie, gie ik mei myn omke en myn neef te faren oer de Sondeler Leien. Net dat wy dêr sa komme koene, nee it boatsje moast op in trailer en myn omke ried him sa nei in plakje oan de râne fan de Leien. Hup it boatsje yn it wetter en farre mar. Ik wit noch dat it smoarhjit waar wie. En wilens wy dêr oer de Leien tuften, betochten wy dat wy ek wol even swimme koene. Mar wy hiene gjin swimbroek by ús…


Ach, dan alles mar út, sa ornearre myn omke. Hjir is net ien dy’t jimme sjocht en boppedat jimme binne bern en dan sjocht men in neakenrinner wol wat troch de fingers. Dat wy de klean út en sa de Leien yndûke. Hearlik!


Mar nei in skoftsje moast ik hiel nedich. In grutte boadskip om samar te sizzen. Hoe no fierder? Omke sei dat it de boel wol gean litte mocht. Gjin beswier, der wie ommers net ien?! En de boel soe wol nei de boaiem sakje, sa tocht omke. 


Mar ja, omke wie net yn in arke grut wurden, wat wist hy fan it driuwfermogen fan in echte Balkster keutel… Doe’t ik nei it boadskip omseach, seach it dizze brune jongen sa op my ôfkommen. Wy wiene slop fan laitsjen en swommen mar wat troch.

Sa wie it in prachtige waarme simmerjûn. Wat lake it libben ús ta… 


Doe’t ik hiel wat letter dit ferhaal oan ien fan de Sadelrûkers fertelde, hat him dat ynspirearre ta in ferske.


En soks komt dan ek wer boppedriuwen as men sa’n ferhaal yn de Ljouwerter lêst: Boordzuivering nieuw wapen tegen plezierdrol… Fansels begryp ik wol dat jo net alles samar yn it wetter smite kinne en dat der rigels foar binne. Mar ach ien lyts keuteltsje moat dochs kinne? Fuort is fuort, de natuer rêdt him der wol mei. Boppedat hoege jo him dan ek net mear by it skjinne ein te pakken…

















Pleatst: 13–05-2019  - 14:10 oere - Reagearje? - Nei boppen

Rêstpunt… (3)


Sa’n moaie jubileumtaart…
















Pleatst: 07–05-2019  - 20:12 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de