Fûgelferskrikker… (2)


















Pleatst: 25–03-2019  - 12:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

Fûgelferskrikker… 


Alle fûgels dy’t regelmjittich by ús yn ’e tún komme, binne hieldal fan slach. Se begripe der neat mear fan! 


Fandêr dat it moaie foer-popke hielendal hiel bleau, der wie net in fûgel dy’t der in snavel op sette woe. Want wa makket no ek in foer-ynstallaasje yn de foarm fan in popke! Dy binne dochs bedoeld om de fûgels fuort te jeijen? 


Mar der wie in swartlyster dy doarde it oan. Hoeden begûn hy fan de holle te pikken. In fet-bal holle. Smakke eins wol bêst… En it duorre dan ek net lang as de holle wie fuort.


En nuver, no doarre se allegearre wol…
















Pleatst: 22–03-2019  - 17:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

Rêstpunt… (2)


Sa, nei al dat wetter wer even 1 minuut bekomme…
















Pleatst: 08–03-2019  - 11:38 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hendrik Haan…


Yn ús paleis (sa neame wy it húske...) ha wy in skuorkalinder te hingjen. Mei elke dei in Tip van oma. Dat alle dagen kinne wy ûnder it stinnen de meast frjemde tips fan dizze beppe lêze. 


De measte tips kinne wy neat mei. Want faaks moatte jo de meast frjemde middeltsjes brûke en soks ha wy dan wer net yn 'e hûs. Olyfoalje mei aseton en dêr wer tropyske seesâltkerrels oerhinne. As sokssawat...


Mar dizze kear hie beppe wol in goeie tip. Foar ferstoppe oanrjochten. In leppel soada (seinen wy froeger net fan polke??) en dêr in teekopke jittik by en dan wat waarm wetter der trochhinne jitte. Dat kaam krekt fan pas, want ús goatstien rûn mar min troch.


Dat ien leppel soada (tafallich yn 'e hûs) jittik derby en it brûsde al aardich. No noch wat waarm wetter. In teekopke sa as beppe skreau. Mar dizze man wie eigenwiis en hy tocht: it moat goed helpe, dat as ik der no in hiele oanrjochtbak fol waarm wetter trochhinne streame lit, dan sil de ferstopping nei de brûzerij fan beppe goed loskomme! Dat de stoppe deryn. Waarmwetterkraan oan, even wachtsje en spiele mar.


Mar ja, sa'n oanrjochtbak is net samar fol. Foaral net mei waarm wetter, want dy kraan rint wat stadiger. Kin ik noch wol even de mail lêze...


Fiele jimme it al oankommen??


Nei sa'n 20 minuten rûn ik achter de kompjûter wei nei de keuken om kofje te setten. Hea, wat is it hjir dampich yn 'e hal, sa wie myn earste gedachte. Mar doe't ik de keuken ynstapte wie it al gau dúdlik. De kraan! Mar ik wie al te let. It oanrjocht wie al oerstreamd en it wetter plotske al op it flierkleed. De helte fan de keuken stie blank!


En dan moatte jo even trochpakke... Hoewol...


It wetter yn de oanrjochtbak wie gleonhjit! Ik koe de stoppe der amper út krije! Mar nei't dat slagge wie hurd in hiele stapel handoeken út de kast skuorre en op de flier dellizze. Man wat in wetterbrut. De rest fan de dei oars net as deppe, wringe en krantlizze. De jûns mei wiete sokken itensiede en de ruten mar wat iepen.


It die bliken dat de ôfwaskmasine it ek net mear die. Ek dêr wie wetter yn kaam. No kin sa'n apparaat dêr wol oer, mar yn de boaiembak sit in flotter en as der dan troch lekkaazje wetter yn komt, slacht it wetterslot ticht en wegeret de masine.


(Net dat ik dat wist, mar dat ha 'k op ynternet googele...)


Dat de oare deis ek noch de ôfwaskmasine útelkoar om by de boaiembak te kinnen. 

Lokkich wurke hy it wer nei't ik al it wetter út de boaiembak mei it rytsje fuortsûge hie. Dêrnei wol in hiel skoft in ôffalwettersmaak yn 'e mûle, mar hawar...


No stiet der in drûger yn de keuken te blazen, dat it knapt al wer aardich op en de skea liket ta te fallen. Allinne in pear keukenkastkes binne wat útset troch it wetter, mar dat falt hast net ien op.


Mar ien fan de pakesizzers sei tsjin har heit en mem, doe't se op de dei fan de wetterramp tusken de middei op de wiete kranten by ús iten hie: It is net mear fertroud, pake sa allinne thús...








Pleatst: 07–03-2019  - 22:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

Net te leauwen…


It earste ljipaai yn febrewaris, buorman oan it meanen yn febrewaris, op it terras sitte yn febrewaris en folop bloeiende maitiidsblommen yn febrewaris…


Dêrom boppe-yn it fotokader bypassende plaatsjes. Sketten yn eigen tún. En hjirûnder in ljip. Net dat ik no sa’n ljippeman bin, mar ach de greidefûgels ha it al sa dreech. Dat wy kinne yn de greiden fan it Hantumerleech wol sa’n fûgeltsje brûke.


Aaisiker sis my wat hast yn de pet

Ik wol it graach witte as seist it my net

In ientsje in twake in trijke in broed…

Dat sit yn myn pet en myn dei is goed!


En dit ferske is spesjaal foar de leafhawwers…

















Pleatst: 04–03-2019  - 22:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de