it Treastfûgeltsje…


De dei foar myn jierdei. Wy sieten noflik te praten mei ús foarbesite doe't mei in grutte bats in fûgeltsje tsjin it rút knalde.


In readboarstje...


Hy siet ferstuivere njonken it kninehok. Wy hiene in kninehok yn de foartún stean. De knyn wie by ús útfanhûs, krekt sa as ús âldste pakesizzer.


Hy stode nei bûten om it fûgeltsje te besjen en te filmjen. Hy fleach net fuort, ús readboarstje moast fansels even bekomme fan de grutte knal.


In de symbolyk wurde oan de komst fan in readboarstje alderhande foartekens tatocht

Soe it wêze dat hy yn 'e hûs komt, dan soe der meikoarten ien ferstjerre. Mar sitst bûten en der komt in readboarstje ticht by dy sitten, dan soe dat krekt in teken wêze fan in dierbere dy 't ferstoarn wie en dy't dy sa treast brocht. Bonne Stienstra hat dat ris hiel moai beskreaun yn ien fan syn columns yn de Ljouwerter krante.


It readboarstje kaam lokkich net yn 'e hûs, tikte ek net tsjin it rút, mar knalde tsjin it raam. Soe dat ek in betsjutting ha? Stie der wat yngripends foar de doar? 


Us pakesizzer aaide it fûgeltsje en rôp: Hy kin hjir sa wol ieuwen lang sitte! It oanheljen fan ús pakesizzer hat him fêst goed dien. Ynienen wy ús treastfûgeltsje samar fuort. As joech hy oan: Miskien yngripend, mar ik bliuw net ivich sitten!


Alles komt wer goed!

Pleatst: 30–10-2019  - 21:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hinne en wer…


Eins is der neat oan. Lâns de seedyk kuierje. Jo kinne allinne hinne en nei in skoft werom. Lâns itselde paad.

No ja, jo kinne hinnereis oan de seekant en weromreis oan de lânkant. Hinnereis yn it slyk en de skulpen en werom troch de skieppestront.


Mar jo binne der even út. Trochwaaie, sa’t dat hjit. En waaie docht it eins altiten oan see.

Nettsjinsteande dit ‘saaie’ kuierke, is der dochs hiel wat moais te sjen op de skieding tusken lân en see…


Eilannen op ’e drift skommelen

dronken oer Holwert hinne, rûnen

djipper ferdronkene streken yn.

Fannacht seach ik it sonken Waad…


út: It sonken Waad - Eeltsje Hettinga

Pleatst: 17–10-2019  - 20:51 oere - Reagearje? - Nei boppen

Broodje K(&)K…


It kulturele oerke Broodje KK yn Dokkum bestie 10 jier. En om’t wy yn it ferline alris faker yn harren oerke in optreden fersoarge hiene, mochten wy no op harren jubileum wer in oerke folle.


Dat kaam moai út, want ek wy ha in jubileum. Juster, 8 oktober 25 jier lyn stiene wy as duo Klún & Knoffelhakke foar it earst op ‘e planken. Dat ien dei en 25 jier letter diene wy dat hjoed wer. Allinne no net foar it earst… (25 Jier, sa’n 35 optredens yn ’t jier, dat rekkenje mar út!)


It waard in noflik oerke dêr yn de boppeseal fan de Posthoorn yn Dokkum. Mei noflike minsken en in lekkere lunch.


Nei it applaus krigen wy noch in spesjaal boskje blommen, om’t wy ek in jubileum hiene. En mei spesjaal bedoel ik dan in prachtich en wiidwreidich bosk.


Moai soks…

Pleatst: 09–10-2019  - 20:56 oere - Reagearje? - Nei boppen

Freonedei…


Ein septimber wie it wer safier. Us jierlikse freonedei! (Sjoch ek de foto’s boppe-oan dizze side…)
Dit kear yn Nijverdal. In prachtige omjouwing. Boppedat wie it prachtich waar, it koe net moaier.

En nuver, wy moatte eins altiten wat dwaan dat mei wetter te krijen hat. Dat sil fêst komme om’t wy by de Slettemermar opgroeid binne en dêr yn en om it wetter altiten omsloegen. (No ja, net letterlik omsloegen - hoewol dat ek wol barde - mar dêr altiten yn ‘e buert te finen wiene…)









Hoe zachtkens glijdt ons bootje

Daar op het spieg’lend meer

De riempjes net en proper

Gaan luchtig op en neer

De golfjes kabb’len spelend

Al tegen ‘t bootje aan

En ginds zien wij de toren

In groene bosjes staan

Maar wie wil spelevaren

Zij wijs en welbedacht

Want menig voer in ‘t bootje

Die dood werd thuisgebracht

Het bootje is zo wankel

Het is zo rank en smal

Wie met gevaren spotten

Zijn beter aan de wal

Pleatst: 07–10-2019  - 17:57 oere - Reagearje? - Nei boppen

Slimme buorman…


No, wy binne hielendal klear foar de takomst! Hûs hielendal isolearre, HR-wit-ik-hoefolle-plus-ramen, in nije ferwarmingstsjettel en as kers op de rjemme twa echte slimme meters. Ien foar de stroom en ien foar it gas. In patatbakker út Drinte hat se ôfrûne freed pleatst.


Patatbakker? Ja, want hy fertelde dat hy earst in patatwein hie en patat op hynderkonkoersen ferkocht. Hy seach wat hynderfoto's, fandêr.


Buorman woe gjin slimme meters. Want hy woe net fia ynternet yn 'e gaten hâlden wurde. Hy hâldt net fan Big Brother eftige aktiviteiten. En hy hie de lêste jierren al genôch lju oan de doar hân foar alderhande ynspeksje- en oanpasaktiviteiten, dat hy hie no syn nocht!


Ik sei tsjin buorman dat ik ek it direkte trochjaan fan de meterstanden útsette soe. Want ik koe buorman wol wat gelyk jaan. Mar eins wit ik ek net hoe't dat moat. Us patatbakker klikte by wize fan demonstraasje op in pear knoppen en sei: dit is dat, zus is zo, hier ziet u laag en daar hoog en dit is de gasmeter...


Mar dat bin ik no alwer fergetten...


Sit in hiel boekwurk by, dat dat sil ik aanst mar even trochlêze. Alhoewol, ik wit eins de ûtkomst al: de enerzyprizen geane wer omheech.


Miskien is buorman dochs noch slimmer as wy tinke, mei syn ûnbiedich grutte wynmûne op it hiem. (En dat snappe allinne doarpsgenoaten...) Alhoewol, no kin buorman net op syn meter ôflêze wat hy werom levere hat. Want dat kin sa'n meter ek...


Wy leverje neat werom oan it net. As it soe biogas wêze moatte. As jimme begripe wat ik bedoel...



Pleatst: 01–10-2019  - 16:11 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de