Freonen foar it libben… (2)


Yn it earste diel fan dit ferhaal hie’ k it oer dat it wol yn ‘e krante koe: Vriendengroep en barkeepers van weleer sluiten met weemoed de deuren van it Haske…


Dêr wiet al sa! In redakteur fan de Ljouwerter krante belle. Oft se de foto fan myn weblog wol brûke mocht. Passe moai by har stikje neffens har…


No fuort dan mar…


De kop is wol wat oars wurden as yn myn ferhaal, mar wy ha dochs de krante helle!
















Pleatst: 26-09-2018 - 15:23 oere - Reagearje? - Nei boppen

Troch de jierren hinne…


Yn it foarige blog hie ik it oer it moaie 

Facebookberjocht oer de âlde foto fan de ga-

raazje. Mar it is eins ek wol moai om te sjen 

hoe’t dy garaazje troch de jierren hinne fer-

oare en ferboud is.


Spitich dat dêr no nei mear as 85 jier

in ein oan kaam is. It pand is ferkocht

en der komme no apparteminten…


It bedriuw giet ûnder deselde namme

fierder yn Emmeloord…
















Peareltsje…


Op dit weblog ha ik it der faak oer dat ik net sa’n fan bin fan Facebook. Hoewol ik wol in Facebook akkount ha, doch ik der net safolle mei. Ja, sa no en dan wat aardigs diele en brûke om reklame te meitsjen foar ús teaterduo. Mar fierders fyn ik it mar neat… Foar persoanlike ferhalen ha ik dizze webside…


Mar ôfrûne dagen stie der wol in hiel moai peareltsje op Facebook!

Op de Facebookside fan Balksters (en fansels moat ik dy folgje… ;-) stie in moaie foto fan ús âlde garaazje. De fraach wie oft immen fan de folgers froeger wolris tankt hie by dizze benzinepomp.


No, en dan komme der ferhalen los…


Klik op dizze link


Pleatst: 20-09-2018 - 22:20 oere - Reagearje? - Nei boppen


Freonen foar it libben…


Ien kear yn it jier hâlde wy ús freonedei. By toerbeurt organisearje in pear fan ús dizze dei, meastal yn septimber. Dy dei kin oeral hâlden wurde. Dêr wêr’t it leuk is tôgje wy hinne. Fytse, fare, tuk-tukke, op de solex as gewoan kuierje. Altiten is it wer moai en gesellich.


Dit kear wiene wy wol op in hiele moaie lokaasje! Yn Balk. Us berteplak en it doarp dêr’t ús freoneploech ûntstien is. 


Wy koene elkoar fan skoalle, fan de sportferiening, fan tsjerke as fan de buert én wy hiene hast allegearre deselde leeftiid. En meielkoar giene wy op stap en doe’t wy wat âlder wiene, meielkoar op fakânsje…


Lês fierder…



Pleatst: 19-09-2018 - 08:00 oere - Reagearje? - Nei boppen


Appel


No, dat hat neat opsmiten. Der binne gjin antwurden op de fragen fan it foarige blog binnenkaam. En ik hie noch wol sa’n lekkere appel klear lizzen. Ien út it Hantumer ytbere bosk…


Ja, want wy ha sûnt koart yn Hantum in bosk dat jo ite kinne. Alteast de fruchten dy’t it opbringt. Op freed 7 septimber koartlyn is it iepene.


Hjir kinne jimme der alles oer lêze. En hjir moaie foto’s fan de iepening fan it bosk.


No mar hoopje dat it bosk in protte frucht drage mei. Want dat is sa’n moai inisjatyf wol wurdich!



Pleatst: 18-09-2018 - 07:55 oere - Reagearje? - Nei boppen



Foto’s


In nije webside, prima, mar dan moat hy wol wer wat byhâlden wurde….


Is ek sa..

Dan mar wat útlis oer de foto’s.


Is it jimme opfallen dat de foto’s boppe fan twa streken út Fryslân binne? En witte jimme ek hokfoar twa? Fansels in pear moaie foto’s fan de omkriten fan Hantum. Mar dy oare twa? Witte de lêzers dat? En dat hûs sa tusken de strûken? Wêr is dat? En wêr is dy foto naam?


Mochten der guon lêzers it witte, reagearje dan gau, dan kinne wy fuort sjen oft de nije side wol lêzen wurdt. Under de ynstjoerders ferlotsje wy in… (Wol alle fragen beantwurdzje!)


Lekkere appel…


Pleatst: 13-09-2018 - 23:03 oere - Reagearje? - Nei boppen



Nij…


It wie al in hiel skoft stil op de website. Mar der waard net stilsitten!

Fan alles by it ein, mar net de webside. Hoewol… Dochs mar wer ris oan ‘e slach en de hiele boel mar oer de kop.

Mei dit as resultaat. 

It mei dúdlik wêze dat wy mei dizze moanne begjinne. Alle dielen op ’e nij restyle soe wol in hiel karwei wêze. Dat mochten jimme yn it argyf dûke, dan is it wer lekker even âlderwetsk…


Pleatst: 11-09-2018 - 19:20 oere - Reagearje? - Nei boppen



Pleatst: 25-09-2018 - 13:13 oere - Reagearje? - Nei boppen

Pleatst: 25-09-2018 - 13:13 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de