Túchdruk…
Wy krigen in brief fan ‘e gemeente. Oer de moaie blomperkjes yn ús strjitte. Dy sille sy oanpakke. Ik ha dêr sa myn betinkingen oer…
Met deze brief willen wij u informeren over de werkzaamheden die wij in uw wijk of straat gaan doen.
Het plan is om binnenkort een aantal groenvakken te vervangen. Dit is onderdeel van het algemene onderhoud. We willen hiermee de kwaliteit, uitstraling en biodiversiteit van het openbaar groen verbeteren.
Ja, ja, kwaliteit, útstrieling en bioferskaat. Dat skoart. As is it greenwashing? Miskien is it ek wol in komplot! Ik sil dat útlizze…
De amtners fan de grienôfdieling sitte byelkoar. Sy ha de opdracht krigen om te besunigjen, want de kening en syn gefolch komt takom jier lâns en dat kostet de gemeente in grau stik jild. Boppedat ha sy it grienpersoniel yn de wiken foar de keninklike besite eins wol nedich yn Dokkum. Dan ha sy gjin tiid om nei de doarpen ôf te reizgjen foar it ûnderhâld fan de blomperkjes. Want it grien yn Dokkum moat der mei de komst fan de kening fansels kreas bylizze!
Mar baas, hoe sjogge jo dat foar jo? Wy kinne dy blomperkjes dochs net samar wat gewurde litte? Dan wurdt it ien grutte binde! Silst de doarpsbewenners hearre, dat wurde hiel wat telefoantsjes! Eh sorry, appkes, want belje dogge se net mear…
De baas begjint geheimsinnich te laitsjen. Dêr ha ik al oer neitocht. Wy smite in hiele laach kompost yn dy perkjes, sa heech dat de bewenners de plantsjes hast net mear sjen kinne. Sa’n kompost ynjeksje wurdt fansels tige wurdearre, want dat is miljeufreonlik, it is wergebrûk fan grienôffal en it is natuerlike bemesting. Wat wolle jo noch mear?!
Mar wy brûke fansels wol kompost dêr’t in protte siedsjes fan oare planten yn sitte, dat nei in pear moanne al opkomt.
Silst sjen, dan wurdt it in natuerlike gaos yn de perkjes. Haha, de bewenners sille it mâl opsizze. Wat in túchrommel! Want minsken op ‘e klaai hâlde net fan beammen, mar ek net fan pispotten, piipkrûd en leppeltsjedieven.
Mar dan moatte wy dêr om it hoartsje hinne om de boel te behimmeljen, sa poekere it haad fan de perkjesbrigade. Wolnee, sa andere de baas. Dat dogge wy ien kear, foar de foarm, mar fierders besteegje wy der gjin oandacht oan. Nei in koart skoftsje stjoere wy de bewenners in brief mei de meidieling dat wy alles fuorthelje sille. Fanwegen de ûnkrûddruk…
De ûnkrûddruk? Mar dy ha wy sels yn ‘e hân wurke, mei dat túchkompost!
Dat is wier, mar njonken it fuortheljen fan de blommen skriuwe wy ek yn de brief dat wy de boel in skoft braak lizze litte, sa dat de grûn him saneamd herstelle kin. Wy litte it dus, pak-m-beet, in healjier mei rêst. Moast mar ris berekkenje hoefolle personiels- en reiskosten wy op dizze wize besparje. Wy hoege in healjier lang net nei de doarpen!
Op enkele plekken zullen we een tijdelijk gewas óf geen groen herplanten. Dit is om de onkruiddruk in te perken. Wanneer we deze onder controle hebben, zullen we nieuwe definitieve beplanting aanbrengen.
Nuver plan, mar hawar, de baas hat der oer neitocht merke wy wol. De boargemaster kin bliid wêze mei safolle fernimstigens. En Dokkum leit der aanst mei keningsdei pikobello by, sa die de baas noch in duit yn it pûdsje.
Soksawat…
Ien foardiel, in hiel skoft gjin lûdroftige blêdblazers yn ‘e strjitte…
Pleatst: 12-05-2026 -21:51 oere - Reagearje? - Nei boppen
© webdesign: www.vanderhei.de - 2026