Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

In moaie jûn!

Wy ha it ôfrûne freed fierd mei in hearlik itentsje - flakby - yn herberch 'de Waard van Ternaard'.

'It falt net ta, sei de jonge, ús heit is mei ús mem troud, mar ik moat mei in frjemd...'

Pleatst: 29-04-2007 / 18:00 oere - Reagearje? - Nei boppen


Kristlik Underwiis...

Us direkteur frege my oft ik it boekje Ontsnapt uit de Dode Hoek fan Paul van Loon ek even lêze woe. Der wie opskuor ûnstien oer dit boekje om't der ûnderwiisminsken binne dy 't it ûnferantwurde fine dat soksoarte fan boekjes op kristlike skoalle ferspraat wurd.

Ik ha it boekje lêzen en fûn it prachtich! Hiel spannend en prachtich fûn en beskreaun troch Paul van Loon. Dochs bin ik it iens mei de krityk dy't mei namme fanút de kristlike skoallen op dit inisjatyf ûntstien is. As jo it kristlik leauwen útdrage wolle en jo wolle de bern fan jo skoalle de kristlike noarmen en wearden meijaan, dan past it net en diel sa'n boekje út oan de bern.

It boekje giet oer de skimerwrâld fan Ferluci (kear de letters mar ris wat om...) dy 't bernesieltsjes, dy't de deade hoeke fan frachtweinen ynriden binne en dy 't dêrtroch ferûngelokke binne, foar him winne wol. Dit mei help fan Beentjes. Lokkich rint it goed ôf en wurde de oanriden bern dy't yn 'e 'Griezelbus' sitte, krekt op 'e tiid befrijd en wurde se wer wekker út harren koma...

De minister hie witte moatten dat der yn ús lân in hiele protte kristlike skoallen binne, skoallen dy't dit ek útdrage wolle, de iene skoalle miskien wat mear as de oare. It ministearje wol alle bern yn ús lân mei dit boekje berikke, alle bern, leauwich as net leauwich nimme diel oan it ferkear en om 't skoallen dit boekje net útdiele wolle, binne der in hiele protte bern dêr't dit 'kado' oan foarby giet. En dat kin dochs net de bedoeling wêze fan ús minister...

Pleatst: 27-04-2007 / 12:04 oere - Reagearje? - Nei boppen


Hinnen...

Dat ha ik ek noch by it ein: tennis. Fan 'e wike begjint foar my de kompetysje, dat justerjûn even oefenje. Oh heden, allinne mar froulju op 'e baan. Tennis is in sosjale sport, dat ik mocht meidwaan fan de dames. Om't der mear as 4 wienen en minder as 8, moasten wy om de safolle games wikselje. En dat wikseljen giet dan hiel subtyl... 'Hendrik yn 't hok!' En mei dat hok bedoelde ien fan dy froulju dan de bank oan de kant fan de baan. 'Hendrik hat it mar dreech mei al dy hinnen...', sei se ek noch.

En dermei sloech se de spiker op 'e kop. Alwer froujlu! Oerdei op myn wurk allinne mar froulje om my hinne, tiisdeitejûn mei foljebal ferlieze fan froulju en op 'e tennisbaan oars net as froulju. Wêr binne de mannen? It wurdt wer ris tiid foar in jûntsje Rûm Sop. Kinne wy even bytanke. (Letterlik en figuerlik...)

'Ik wol gjin hinnen hawwe, sei de man, want dy klauwe efterút en ik wol foarút...'

Pleatst: 26-04-2007 / 06:40 oere - Reagearje? - Nei boppen


Folle bak...

Sûnt in pear moanne trene wy mei de froulju fan de foljebalferiening Ternaard. De opkomst by de manlju wie sa lyts, dat wy better meielkoar trene koenen, want foljebal mei twa tsjin twa is ek net alles...

No hienen wy fan 'e jûn in folle seal! Mar leafst 8 froulju en 7 manlju wienen op 'e trening oanwêzich. Leau my, dat komt net faak foar. Ek de trener wie der mei oan, want hy koe oars neat betinke as lekker ynslaan en dan moai spylje...

Mar dat waard in oanfluiting. Wy spilen twa sets en de manlju ha beide sets ferlern. No hat Jochum tusken de sets noch besocht (Jochum makket wol gauris foto's foar Wâldnet) om mei in mopke de ôfgang te kearen, mar it holp neat. De hiele set moasten wy oan dat mopke tinke, dat de twadde set ferlearen wy mei noch gruttere sifers as de earste.

De froulju wienen sa optein oer harren oerwinning, dat se in kertier foar it ein fan de trening al nei hûs woenen. Wy ha dat mar sa litten. Wy fûnen it ek wol bêst, want it seach der net nei út dat ús spul better wurde soe.

Jochum fûn it hielendal wol bêst, want doe 't hy syn piiper pakte seach hy dat hy in berjocht mist hie. Der wie in bommelding yn Ljouwert. Dat hy fleach fuort ûnder de dûs wei nei syn auto, op nei de bommelding. Ach, dan wie der dochs noch wat eksplosyfs dizze jûn...

Pleatst: 24-04-2007 / 23:01 oere - Reagearje? - Nei boppen


De reuny (2)


Klik hjir foar in fergrutting...

Pleatst: 22-04-2007 / 21:51 oere - Reagearje? - Nei boppen


Sykje de oerienkomsten...

De boppenste foto is makke sa om ende by 1960 en de ûnderste foto is fan 21 april 2007...


Pleatst: 22-05-2007 / 19:56 oere - Reagearje? - Nei boppen


De reuny

De skoalle mei de Bibel yn Balk. Ofstudearre yn 1969... 30 Bern yn 'e klasse en dêrfan wienen der juster 19 op 'e reuny. It wie in geweldige dei, mei in protte âlde herinneringen en ferhalen. It moaie wie, dat ús âld master Bierman ek oanwêzich wie en as bydrage oan dizze middei ús in moai ferhaal fertelde. It wie krekt as sieten jo wer even yn 'e klas. Nei 't wy hearlik iten hienen by de Sinees en noch even gesellich sitten ha op it terraske by kafee it Swaentsje, gie elkenien wer syn as har wei. Mar net nei't wy ôfpraat hienen, dat wie elkoar oer fiif jier wer moetsje soenen!

It kin wêze, dat der letter noch wat foto's pleatst wurde. Der is tasein dat wy elkoar wat foto's tastjoere soenen. Sels ha ik gjin foto's makke, want dan bongelje jo de hiele middei mei it fototastel om en dêr hie ik gjin sin yn...
Mei tank oan Annie en Thys foar de gewelige organisaasje!

Pleatst: 22-04-2007 / 18:41 oere - Reagearje? - Nei boppen


Werom yn 'e tiid...

Sa no en dan krij ik e-mail fan Roel Holkema út Balk. Roel hat myn side ea ris fûn en sûnt dy tiid wikselje wy wol ris wat nijtsjes út. Roel mei graach wat yn it ferline omsneupe en sadwaande hat hy op syn side in hiele samling âlde foto's fan Balk. Mar net allinne fan Balk, ek fan Gaasterlân. It mei dúdlik wêze dat ik regelmjittich Roel syn side besykje.

No stjoerde Roel my fan 'e wike hiel aardich famylje-materiaal. In pear foto's fan de strjitte dêr't ik wenne ha, mei myn âld wenhûs op 'e foto (myn âlden wenje noch yn dat hûs) en hy hie in famylje stambeam taheakke. Dy gie werom oan't 1700! No bin ik net sa'n man fan âlde argiven, mar dit fûn ik wol hiel aardich fan Roel!

Ik sil de boel foar ús heit en mem útprintsje, dy sille it wol hiel aardich fine. Want kommende sneon gean ik nei Balk, dan ha wy in reuny fan myn klassse fan 'e legere skoalle. Wy geane fan 'e wike wol werom yn 'e tiid!

'Men moat altyd altyd sjen oft men foar in strjitte of foar in steech stiet.'


Pleatst: 19-04-2007 / 22:12 oere - Reagearje? - Nei boppen


It nije krytsje

Hjoed stie myn hiele lokaal op 'e kop. De mannen fan PTH út Kollumersweach wiene drok dwaande mei it oanlizzen fan ús nije digitale skoalleboerd. (Sjoch foar in wiidwreidige beskriuwing op: www.activboard.nl) De bern hiene der ek wakker sin oan, want se sieten mar te wachtsjen op 'e monteurs dy't yn 'e rin fan 'e dei komme soenen. Wy hiene de stuollen yn 'e mienskipsrûmte klear setten sa dat we, sadra't se kamen, ferhuzje koenen. Mar al wa't kaam, de digitale mannen net. Kertier foar tôlven, dêr stoppe in grutte PTH-bus op it plein en kamen der allegearre doazen, triedden, kabels en arkbakken foar it ljocht. Dat mar even tsien minuten wachtsje, dan geane de bern nei hûs en dan ha jimme alle romte...

As ik moarn op skoalle kom, sit en hinget alles te plak en dan kinne wy mar oan 'e gong. Sil earst wol wennen wêze, want ik mocht graach wat op it boerd omkalkje. Mar sa'n boerd hat wol in hiele protte multimediamooglikheden! (Moai wurd...) Ik sil aanst sa no en dan ûnder de les wol raze: 'Filmpje!'

It âlde boerd ha se fan 'e moarn ek fuort mar ophelle. Dat giet nei Roemenië. In kollega hat kunde oan frijwilligers dy 't sa no en dan mei helpguod nei dit lân ta reizigje. En sy woenen it graach ha! Is dochs wol wat, wy ha hjir alle lúkse, jouwe aanst les fia de kompjûter en de Roemenen binne sa bliid as in protter mei in 'âld' krytsje-boerd...

No ik it oer krytsjes ha... De pêne dy't jimme hjir op 'e foto sjogge, wurdt aanst ús nije krytsje. Rekket nea op en lit ek gjin stof achter. En dat stof wie dan ek it ienichste neidiel fan sa'n 'blackboard'...

Pleatst: 18-04-2007 / 23:17 oere - Reagearje? - Nei boppen


Bling-bling (2)

Sa, dit is better... No noch wat keapers fine foar de âlde radio's. No ja, âld... Ha guon belangstelling? In reaksjelink stiet hjirûnder... Noch in lyts probleemke... As de radio fan 'e stroom west is, binne de ynstellingen wer wei. Dochs mar even in techneut freegje. Mar miskien lêst hy dit ek wol en biedt hy (as sy) him (as har) spontaan oan...

Pleatst: 16-04-2007 / 23:28 oere - Reagearje? - Nei boppen


De Bril...

Justerjûn moasten wy optrede yn ien fan de geselligste doarpshuzen fan Fryslân. Ek ien fan de lytsten, trouwens... Wy binne al in pear kear yn doarpshûs de Stikel yn Moarre west, mar justerjûn wie wol wer in topper! Wat in geweldige sfear en oh sa gesellich en sa as gewoanlik moasten wy de boel wer ôfslute...

Yn de Stikel holden se de jierlikse frijwilligersjûn. Sa'n 40 frijwilligers fan it smûke doarpshûs hienen earst in buffet en dernei mochten wy harren wat fermeitsje. It poadium is mar lyts, mar mei in protte ymprovisaasje rêde wy it altyd wer op. Dy earme minsken foaroan ha it witten, mar ja, dat krije jo ek as jo deun op it poadium sitte.

Nei ús optreden ha wy noch tige noflik sitten en rekke ik yn petear mei de susters... Ik wit net iens mear hoe't se hjitte. Ria en Anneke leau'k. No dat wie my ek in stel. Wat in wille koenen jo dêr mei ha... Se woenen alle wiken al mei ús optrede. Wat klean oanbelanget soe dat sa kinne :-) mar it moat dochs mar net. Neffes ien fan de susters wie har hântas wol 8oo euro wurdich en dat jout in geweldige ympakt as jo mei sa'n taske it poadium opkomme. No ús tassen by it Lichtpunt wei ha itselde effekt, mar dat doarsten wy net te sizzen...

Mar no sit ik noch mei in probleemke... Justerjûn krige ik de bril fan ien fan dy froulju te lien om even in stikje te lêzen. Mar dy bril ha'k op myn holle stean litten en doe't ik thúskaam hie'k de bril noch yn myn (lange:-) hier. Wol in moai briltsje en soe ek moai by ien fan ús typkes passe, mar dy bril moat al werom fansels. Mar ja, wêr wennet se? Earne yn Moarre, dat is wol bekend, mar wêr? No mar hoopje dat se dit log lêze, dan kin se even reagearje en dan soargje ik dat de bril werom komt. En oars? Oars moat Liesbeth him mar op ha op it poadium...

Pleatst: 15-04-2007 / 13:15 oere - Reagearje? - Nei boppen


Excelsior...

Dat wurdt in hiele útdaging... Kristlik Fanfarekorps Excelsior út Ryptsjerk bestiet yn 2008 100 jier! En dat moat fierd wurde fansels... No ha se Kún & Knoffelhakke frege oft wy it muzykkorps takom jier bystean wolle op 'e jubleumútfiering. Wy binne dy útdaging oan gien. Mar wy ha noch net echt in idee hoe wy it ha sille.

Justerjûn binne wy der earst mar ris hinne west te praten. Mei in protte ferhalen en in enveloppe mei âlde foto's binne wy thúskaam. Earst de boel mar ris besakje litte en yn 'e holle stopje. Dan rûgelt der aanst fêst wat moais út!

Aardich is, dat de dirigente fan oarsprong út Balk komt. En wy koenen elkoar ek. Froeger ha wy tegearre op in jeugdklup fan tsjerke sitten. Har man hat ea by my yn it bestjoer sitten fan dy klup. Dat der binne twa âld Balksters oer gear, dan moat it slagje!!

Pleatst: 13-04-2007 / 15:45 oere - Reagearje? - Nei boppen


Dêr is in wurd foar...

Wy hâlde it netsjes. Mar der skeat my in wurd yn 't sin doe't ik wer traktearre waard op in brief fan it CJIB. As jo 170 ride dan witte jo dat je fout binne, mar 4 kilometer? No ja, wy hâlde dy wurden mar foar ús, mar der binne fan dy dagen dan wolle jo it wol fan de tsjerketoer raze.

'Gong is alles sei de slak, en hy smiet de klompen út!'
ek wol aardich:
'In slak en in hazze hawwe tagelyk, op deselde dei âldjier...'

Pleatst: 11-04-2007 / 23:15 oere - Reagearje? - Nei boppen


Happy...

Jûn ha wy de Peaskedagen ôfsluten mei in lekker miel yn de Happy Wok yn Dokkum. It moaie is dat jo josels wat rêde kinne en dan is it útsjen datst net tefolle ytst... Wat my ek fenuvert is, dat dy woklju sadra't jo de panne leech ha, de boel oprûmje. Dan strune se wat troch it restaurant, op jacht nei in leech boerd en amper ha jo de boel behimmele as dêr steane se al: 'Heeft het lekker gesmaakt...?' En der dan even sa'n Sineesk aksint by betinke...
Pleatst: 10-04-2007 / 21:46 oere - Reagearje? - Nei boppen


Easter egg

Fansels gjin gegriem mei kwasten filtstiften as kleurpoatleaden. It moat digitaal! Klik hjir om digitaal aaien te kleurjen...

easteregg (98K)

Pleatst: 10-04-2007 / 01:24 oere - Reagearje? - Nei boppen


Bling-bling...

reinboge (93K)

Dat wie wol hiel bysûnder. De sinnestrielen skynden troch it kristal dat wy foar it rút hingjen ha. Dat ha wy ea ris krigen fan it skoallebestjoer. As in soarte fan opstekker. 'As je de moaie kleuren sjogge dy't te foarskyn komme as it sinneljocht troch dizze lytse glêzen wetterdruppel skynt, tink dan dat it ljocht ek foar jo skynt yn dizze hektyske wrâld...' Soksawat waard der by sein doe 't wy dit kadootsje krigen.

Wat ek moaie kleuren hat is de radio dy 't ik juster yn 'e auto setten ha. Sjonge, it is echt 'Bling-Bling'. Suver wat oerdreaun. Hie om my sa net hoegd en ik soe de radio der hast wer úthelje. Boppedat die hy it ek noch net hielendal sa as ik it woe. Mar oan 'e oare kant hat dizze radio in USB-oansluting en as jo der in USB-stick yntriuwe (sjoch op 'e foto hjirûnder...), spilet de radio de mp3 bestannen ôf dy 't jo op it stokje setten ha. En dat is hiel handich!

Op 'e hinnereis nei Snits, dêr't wy optrede moasten, hiene myn kabaretmaten wakker kommentaar op dizze 'ferskriklike' autoradio. Neffes harren past sa'n sulverkleurich apparaat hielendal net yn in swart dashboard. Mar op 'e weromreis seagen wy dat sulver net mear, mar allinne de moaie reade ljochtsjes. En dan fûnen se dan wol wer moai, want dat passe wol wer moai by de oare reade ljochtsjes fan it dasboard... Boppedat spile de CD-spiler Jan Smit goed ôf, sadat wy de hiele weromreis hiel lûd de leafdesferskes - spesjaal foar Harry - meisjonge koenen mei dizze artyst út Volendam...

Dat ek oare eigners fan dizze radio 'tige wiis' binne mei harran oankeap, docht wol blike út dizze side: www.veilingkijker.nl. En dan foaral nei de prizen sjen... En dat der even by betinke dat dizze radio mar 69 euro koste hat by de Aldi.

carrradio (86K)

Pleatst: 09-04-2007 / 23:45 oere - Reagearje? - Nei boppen


En it is in Spider (2)

Op de foarige foto stie Wilma har suster, mar dizze kear is it Wilma sels dy 't de leie yn hannen hat. (Moaie foto Wietsche!)
'Dy't de leie bongelje lit, kin sels mei in mak hynder op 'e rin gean...'

Pleatst: 06-04-2007 / 23:44 oere - Reagearje? - Nei boppen


Peaske bêst...

Hjoed fan alles by it ein hân. Earst mar ris nei de kapper. Dan steane wy der wer kreas op yn it Peaskewykein. By de kapper wiene allegearre Hantumers dy 't ek knipt waarden as krekt knipt wienen. De kapster makke in frjemd fersin, want sy tocht dat buorfrou, dy't krekt de jas oan die en nei hûs soe, de frou fan ús dominy wie. Yn de war mei de achternammen sille wy mar sizze. Ek in âld buorfrou (en dan bedoel ik net de leeftiid...) siet foar de spegel om knipt te wurden. Ik seach har earst net iens. Mar sy sei myn namme en sadwaande kaam ik derachter dat der hast in doarpsreüny geande wie yn it smûke kappersaakje...

Letter die bliken dat it har ek wol goed útkaam dat ik der wie, want se hie gjin kontant jild by har en by de kapsalon kinne jo net pinne. Sadwaande ha ik ha wat jild foarsketten. Mar yn 'e rin fan 'e dei is it kreas werom brocht, mar Wilma hat de sinten fuort yn har eigen beurs stutsen, want se hie wat ynkeapen foar my dien... Ja, ja...

It wie hjoed prachtich waar en koe ik der net ûnderút om it gêrs ris te meanen. Ik wie fansels wer de lêste op 'e buert, mar nei de knipbeurt lei ek it gêrs der wer kreas hinne. Moarn sil ik in nije radio yn 'e bus sette. Ha ik ea ris kocht by de Aldi. Hiene je it kommentaar ris heare moatte doe ik mei dat 'ding' thús kaam. Och hearken, ik hie him better daliks yn 'e kliko goaie kinnen. Mar se sille allegearre jaloersk wêze as Jan Smit knallûnd yn Dolby Surround troch de transporter davert...

Pleatst: 06-04-2007 / 23:27 oere - Reagearje? - Nei boppen


Blokje...

Dit hiene jimme noch fan my tegoede. Yn it ramt fan 'Efkes Buorkje' binne wy juster op besite nei in oare skoalle west. Even in de 'keuken' fan in oar sjen. It wie in noflike dei, yn in goeie sfear. Takom wike komme de kollega's fan de Wyngert út Sumar by ús yn Tytsjerk op besite.

Nei ôfrin fan dizze moaie dei, koe ik noch even by in kollega yn Feanwâldsterwâl in oerke bekomme. Ik hoechde om kertier oer trijen pas yn de Westerein te wêzen dat sadwaande hie ik noch wat tiid oer. It siet even noflik mei in lekker kopke tee. Tee... wy wurde echt âld...

Pleatst: 05-04-2007 / 18:29 oere - Reagearje? - Nei boppen


De koeketermometer (slot)

Hoera! De doaze is leech. Alle koeken binne ferkocht. Der moatte noch twa pakken by de keapers ôflevere wurde, mar dan is de koeke-aksje echt foarby. Mei tank oan alle lêzers dy't koeke kocht ha. De lêsten moasten wol âlderwetsk útsutele wurde, mar ach, de 4 koeken dy 't ik net fia ynternet ferkocht hie, wie ik yn twa minuten kwyt.

Der wie hjoed wat mis mei ús programma dêr't wy ús e-mail mei kontrolearje. Der stie wat ferkeard ynsteld. Dat betsjutte wol dat der hiel wat mailtsjes miskien ûnterjochte ferwidere binne. Mochten der lêzers wêze dy't hjoed (3 april) wat nei ús tastjoerd ha en dy 't gjin reaksje krije, dan soe it wêze kinne dat de mail by ûngelok ferwidere is. Dan is it miskien goed dat it nochris nei ús tastjoerd wurdt...

Pleatst: 03-04-2007 / 23:03 oere - Reagearje? - Nei boppen


En it is in Spider...

Sa hat elk syn hobby. De froulju ha ynvestearre yn in nij rydtúch. En Hidowijn is der mar wat wiis mei! Ik tink dat de prizen foar it 'schoonste geheel' aanst net mear te tellen binne...

Pleatst: 02-04-2007 / 22:22 oere - Reagearje? - Nei boppen


1 April...

No siet ik nei te tinken oer in goeie 1 aprilgrap foar dizze side... Mar ik koe net echt wat aardichs fine. Dat jimme lêzers sille it sûnder in grap dwaan moatte...

Wat ha wy oars in prachtich waar! Echt waar om ris mei de auto troch de carwash te gean. Ik wie juster dochs yn Dokkum, want by ús optreden freedtejûn yn Broeksterwâld, kamen wy derachter dat der in bân fan de bus hast leech wie. By Euromaster die bliken dat der twa grauwe skroeven yn sieten. Lokkich binne se by de Euromaster hiel handich yn soksoarte fan putsjes, dat de bus stie al gau wer op fjouwer fuotten en koe mei in folle bân nei de autowaskstrjitte...

De jûnes hiene wy in gesellige jûn yn ús doarpshûs. Dat ha wy alle jierren. Foar al dat frijwillige wurk dat guon doarpsgenoaten foar en yn ús doarpshûs dogge, biede wy harren jierliks in noflik jûntsje oan. Mei hearlike hapkes en drankjes. Us gast wie justerjûn Eddy Dykstra. In Fryske Kanadees dy't prachtige ferskes sjongt en spilet. Eddy hat twa kear in heal oere optreden en in wie prachtich. Hiel muzikaal en moaie lieten.

Fansels is der ek tiid om gesellich meielkoar te praten oer alderhande (doarps)saken. Sa kamen wy der justerjûn achter dat de skakers bot lêst ha fan it drukken fan ús doarpsblêd. Sûnt in pear moannen drukke wy ús doarpsblêd yn ús doarpshûs en fansels makket sa'n masine nochal wat leven. Alteast dat fine de skakers. Ik leau dat der hast slaande rûzje wie, mar der moat fansels in oplossing foar fûn wurde. Wy witte dat skakers perfoast rêst om harren hinne ha moatte, dat miskien moatte wy de druktiden wat oanpasse.

Ek kamen wy der justerjûn achter, dat it earste ljipaai fan de fjouwerHoeke noch net fûn wie. No fûn ien fan ús doarpsgenoaten dat hy dat altyd al ris graach wollen hie. Yn it fiere ferline hie hy ek op dizze skoalle sitten en hy hie noch noait de wikselpriis foar it earste ljipaai wûn en dat siet him noch altyd dwêrs. In oare fleurige doarpsgenoat hie dy deis krekt wat ljipaaien fûn, dat dêr mocht, litte wy mar sizze, lytse Willem wol ien fan ha, om oan de direkteur fan de skoalle oan te bieden. Miskien kaam hy noch yn oanmerking foar de beker.

No mochten jo aaisykje oan't ien april, dat lytse Willem moast opsjitte, want it wie al tsien foar tolven nachts... Dat Jelle nei hûs om in ljipaai. Mar tolve oere soe hy nea helje, dat om ien minuut foar tolven gie de tillefoan en Jelle woe even melde dat syn soan Willem dy deis in ljipaai fûn hie, hy soe it daliks bringe. Dêr kaam Jelle oan en moffele stikem twa aaien yn lytse Willems hân. Dat doe hat de oanwêzige learkrêft fan de fjouwerHoeke it even lottere yn in glês Spa read en no mar hoopje dat de direkteur de namme fan lytse Willem yn de beker gravearje litte wol. Wol in moaie grap soe dat wêze...

Hjoed gie de tillefoan. Der wie noch in ljipaai fûn. Ien fan de bern woe dat even melde oan juf. Hy hie juster ek al belle, mar doe waard der net opnaam. Dan is it spitich foar lytse Willem, mar dan wie hy dochs te let. Hoe moatte wy him dat no fertelle, want ik tink dat Willem al in plakje foar de wikselpriis frij makke hat op 'e boekeplanke... No mar hoopje dat hy dizze side lêst, dan hoech ik der ek net hinne. As sil ik him even skilje en dan hiel lûd troch de tillefoan roppe: '1 april!'

Pleatst: 01-04-2007 / 14:52 oere - Reagearje? - Nei boppen