Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Makkum

Juster krigen wy in aardich e-mailtsje. Ut Makkum. In pear wike ferlyn ha wy dêr mei Klún & Knoffelhakke in optreden fersoarge en no stjoerde de foarsitter noch it tankberjochtsje mei in protte aardige foto's.

'Hallo Heren
Hier een aantal foto's van onze mooie avond KVG Makkum, wij zijn er nog niet over uitgepraat!
gr. Rita'

Presys njoggen jier ferlyn ha wy ek yn Makkum optreden foar in frouljusgroep. (Ik leau dat dat in oere ploech wie, net de KVG...) Ek doe binne der foto's makke. Allinne dy krigen wy net fia de e-mail, mar fia de post. Moai om te sjen dat yn al dy jierren Sybe net in sprút feroare is. Sybe komt yn elk programma foar en yn al dy jierren hat hy noch nea om nije klean út west. Dat kin dy earme sloeber ek net betelje. Wol hat Sybe in nije rêchpûde krigen, mar dat kin ek hast net oars. Want dêr sit my altyd in troep yn!

Pleatst: 29-04-2008 / 13:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hearlik!

Dêr sitte wy dan te smikkeljen en te smullen! It smakket sa goed, dat sels Wilma knap op 'e foto stiet. Juster wienen wy 29 jier troud en tradisjoneel fiere wy dat mei in lekker itentsje earne yn in restaurant dêr't wy noch net earder west binne. Wy belannen yn it Somerhuys yn Burgum. In moai plak mei gastfrije minsken. Us gasthear fleach mar foar ús en fertelde fan alles en noch wat oer de gerjochten. En doe't wy fuortgienen die hy ús de jassen oan en fûstke hy mar wakker mei ús. No, dan binne jo moai fuort, as net soms!

'Ite dat is mar in oanwenst, sei de boer, mar doe wie er sêd...'

Pleatst: 28-04-2008 / 11:35 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ofslútdyk...

Us kollega trouwde juster. In hiel spektakel op skoalle, want der moast fan alles regele wurde. En dan ek noch op sa'n wize, dat dyn kollega neat yn 'e gaten hat. Dat lêste is net alhiel slagge, mar we wienen wol bliid dat se woansdei al frij hie. Koenen wy ús stikje noch moaie even oefenje. Dêr koenen wy net ûnderút en boppadat it is fansels ek hiel leuk om te dwaan!

Reade tried yn ús stikje wie de Ofslútdyk. Want David komt út Hoorn en Sietske komt fan Koatstertille, dat se binne wit hoe faak dy Ofslútdyk op en del flein. En wat bart der dan mei jo as jo nei in romantysk wykein sa iensum oer dy lange dyk ride...

It wie in prachtich feest, op in moai plak mei gesellige minsken. Dat David graach lekker ite mei die wol bliken út dy hearlike hapkes dy't wy allegearre hân ha. It wie mar goed dat wy fan te foaren gjin iten hân hienen. En sels doe't wy fuort gienen, stienen der noch hearlike waarme en kâlde broadsjes foar ús klear.

Oan it ein fan 'e jûn rekke ik noch hiel even yn petear mei Sietske har âlden. Har heit is yn Hantum grut wurden en wenne oan't ein sântiger jierren yn it 'wite hûs by de brêge' en hat ek yn Hantum op skoalle sitten. Om't wy pas yn 1980, no ja pas dat is ek alwer in hiel skoft lyn, yn Hantum kamen te wenjen, ha wy elkoar nea yn ús moaie doarpke moete.

Pleatst: 26-04-2008 / 14:03 oere - Reagearje? - Nei boppen

Kees...

Froeger hienen je Hâns Peteroalje, Fokke Loft, Jan Post, Jan Kapper en Klaas Koeke. Lekker maklik, dan koenen jo oan de (by) namme heare hokfoar berop de bêste man hie, want meastentiids wienen it manlju. Hjoed de dei mei soks net mear. Gjin bynammen, o wee! Ear't jo it yn 'e gaten ha, ha jo in proses oan 'e broek.

It wie dan ek wol aardich as like it dat de âlde tiden werom kamen. Want op skoalle hie ús gast it fan 'e moarn oer Kees Manager. Fûn ik wol aardich en ik hie him ek noch net earder heard. Mar nei't it petear foardere krige ik it idee dat der dochs wat mis wie. Hie ik it wol goed begrepen? Wa wie dy Kees no eins?! It die bliken dat it net in bynamme wie, mar in besteande funksje! En ik moast foaral nei de skriuwwize sjen! It wie Casemanager, dat skynt in berop te wêzen. Oan de útspraak te hearen soe it fêst ien mei in hege funksje wêze en soe hy perfoast net oan de rinnende bân stean.

By neifreegjen wie it de eartiidse bedriuwsarts. As noch better: bedriuwsdokter. Sis dat dan en doch net sa poehaderich! Jo reitsje allinne mar yn 'e war en je tinke dat dy bêste man Kees hjit.

It skynt dat der ek in Caremanager is. No mar hoopje dat se beide op itselde kantoar wurkje. Case- en Caremanager foar al jo yn- en ferkeapen. Oh nee, dat is Cash & Carry! Ach jou my Ate Sûkerbôle dan mar...

Op 'e foto ús neefke Hotze by de peteroaljekar by de museumpleats yn Allingawier oan de Ald Faers Erf Rûte...

Pleatst: 22-04-2008 / 22:20 oere - Reagearje? - Nei boppen

Read ljocht...

Read ljocht sei de fysioterapeut. Hjoed wer ûnder behanneling west. Dizze blessure kin wol sa'n trije moanne duorje. No, dan witte jo wêr't je oan ta binne. Wachtsje dus oan't dizze blessuretrein foarby is. 'k Fûn it wol konfrontearjend dat Wietsche sei dat it herstel langer duoret as jo boppe de fyftich binne. Noch even en ik moat nei Bloemkamp...

Lokkich bin ik wol aardich mobyl en kin ik oan't wurk. Mar wy sille geduldich en ferstannich wêze moatte. En mei ferstannich bedoel ik dan: gjin healwizigheden... It nimmen fan bygeande foto wie lokkich net beswierlik foar de âld rêch. Gewoan fanút de auto makke by it spoar yn Hurdegaryp.

En dan noch in oprop: foar in spesjaal projekt sykje wy âlde fytsen. Wa hat noch wat lizzen? Mei gjin sint koste en oer it opheljen moatte wy it noch mar even ha...

'Hjir hat Atlas wol oan, sei master, en hy hie syn wiif op 'e rêch...'

Pleatst: 21-04-2008 / 21:48 oere - Reagearje? - Nei boppen

(It) Leech...

Oars hie ik hjir in wiidwreidige fotoreportaazje pleatst, mar de batterij fan myn fototastel wie leech en nei it meitsjen fan bygeande foto piipe it tastel omraak.

Hjoed even lekker te kuierjen west. Beweging skynt goed te wêzen by in rêchkwaal. Neffes Wilma wie dit hynderke nij yn it lân. Soe samar sa kinne, want wylst de oaren wakker op my ôfkamen, bleau hy op ôfstân stean...

Pleatst: 20-04-2008 / 23:05 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sneon...

Rêstich oan. Utsliepe, bakje kofje, broadsje... En wer sa'n listke makke. Want ja, as jo net gêrs meane kinne, dan mar wat administrative putsjes. Brief foar de buertferiening, brief foar it doarpshûs, websides wat oanpasse en even nei Dokkum.

Ferline jier hie 'k myn tennisreket stikken slein en foar de foarjierskompetysje moast hy wer makke wurde. Se soenen belje as it reket wer klear wêze soe. Al wa't belle, de sportsaak net. Hie ek gjin haast, want tennisje kin ik dochs net. Fan 'e wike bellen se: 'Der leit hjir noch in reket...' Neat gjin ekskuses fansels, mar mear sa'n ûndertoan fan: wa hellet dat no net op?!

Mei it reket yn in plestikpûdsje troch Dokkum. En moai foar't de parkeartiid om wie wer yn 'e auto. Thús ha ik it reket mar wer oan 'e spiker hongen. Ik tink net dat ik it de kommende wiken wer stikken slaan sil...

Witte jimme wat dat is? Efkes nei Dokkum ta? Sykje it mar even op yn it Frysk wurdboek...

Pleatst: 19-04-2008 / 22:38 oere - Reagearje? - Nei boppen

Alle dagen wer opnij...Klik foar in fergrutting...

Dat is in moai ferske fan de trûbadoers. It kearsankje giet sa:

Fragen, fragen
fragen dêr't ik wat fan krij
Fragen, fragen
alle dagen wer opnij...

Dit ferske siet my juster de hiele dei yn 'e holle...

Wêrom knappe de fiters moarns as jo hurd fuort sille?
Wêrom falt alles op 'e grûn as jo it yn 'e rêch ha?
Wêrom binne alle stuollen dan beset as jo as lêste op it wurk komme?
Wêrom ha wy hjoed gjin ynternet?
Wêrom seit it helpnûmer (10 sint per minuut) dat jo om kertier foar njoggenen belje, pas nei't jo it hiele menu trochwraksele ha, dat se pas om njoggen oere iepen geane.
En wêrom seit it oare helpnûmer dat je fanwege de drokte better letter op 'e dei werom belje kinne?
Wêrom wurde jo achter de PC wei stjoerd om't der yn dat keamerke wer in petear plak fine moat dêr't jo net by hoege te wêzen?
Wêrom binne de sopkommen op en moatte jo út in bekerke sop slurpe?
Wêrom wie de man der net doe't wy foar in petear mei him klear sieten?
Wêrom kaam hy wol doe't ik krekt wer in oare ôfspraak makke hie?
Wêrom moast ik my sanedich wer bemuoie mei de ynhâld fan in nijsbrief, sadat ik dizze pas letter dit wykein ôfmeitsje kin?

Wêrom soest altyd dy drege fragen stelle
it is net oars en it giet sa as it giet
dus wa't it wit mei it my fertelle
as't friest dan is it kâld en as it reint dan is it wiet
dus lit my no offisjeel ferklearje dy drege fragen stelle hat gjin sin
wolsto it miskien ek mei my probearje
want ik wol net leauwe dat ik it allinich kin...

Lústerje nei it ferske fan de Trûbadoers:

Pleatst: 18-04-2008 / 17:42 oere - Reagearje? - Nei boppen

Takomst!

Foar dyjingen dy't it rêchferhaal folgje: (en dêr skine aardich wat te wêzen...) juster wer ûnder hannen naam troch Wietsche. Der sit foarútgong yn, mar der te lang mei omrûn dus ek in lange hersteltiid. 'k Moat tusken de middei op it wurk eins ek even lizze. Binne wy net gewoan yn it ûnderwiis, mar ik sil wat regelje. En ik mei de dagen net te lang meitsje. Jûns betiid op bêd dus... Dat sil dreech wurde, want ik sis altyd dat ik jûns nei tsienen it measte doch. Dus dit weblog byhâlde nei tsienen sil der de kommende dagen wol by bliuwe...

Justerjûn in hiele goeie byienkomst hân mei de Hantumer jeugd! Doarpsbelang en doarpshûs organisearje dit twa kear yn't jier. Us jeugdige doarpsbewenners mei dan oer fan alles en noch wat meiprate. Moai soks. Der wienen mar leafst 14 doarpsgenoaten oanwêzich. De oanwêzige jeugd waard as earste fan ús doarp op 'e hichte brocht fan de nije plannen op it sportfjild. No ja nij... wizige plannen kinne wy better sizze. Yn dat plan is ek in jeugdhonk opnaam en dat sprekt ús jonge doarpsgenoaten wol oan fansels. Yn dat jeugdhonk komme lûdstichte muorren, want dan kin der ek mei karbit sjitten wurde, want dat skynt nochal foar oerlêst te soargjen op âldjiersdei...

Pleatst: 15-04-2008 / 06:46 oere - Reagearje? - Nei boppen

Traktaasje!

Nei wat hinne en wer ge-SMS-t te hawwen, stienen justermiddei Piet en Rhonda op 'e stoepe. Mei in grutte doaze yn 'e hannen. Om't ik in webside foar harren 'bakt' hie, kamen se mei gebak oansetten. En net samar wat gebak, nee sels makke en foaral ek sels ek opmakke. Dat is nochris orizjineel! En de taart smakke hearlik! Sjoch foar mear orizjinele taarten op: Marianne's gebaksels.

Pleatst: 13-04-2008 / 10:59 oere - Reagearje? - Nei boppen

Belslydjeien...

Earst mar ris in listke makke fan wat der allegearre noch barre moast. Weblog byhâlde stiet der ek op. En noch in hiele protte oare, faaks lytse putsjes...

Man, dat is wol wat, dy rêch. Der sit wat foarútgong yn. Mar it giet my fierstente stadich. Ut it ferline wei wit ik dat 'geduld een schone zaak' is, mar dêr ha'k wol muoite mei. Alles dogge jo op heale kracht sa liket it wol. Miskien is it listke dêrom ek wol sa lang...

Ek de tennispartij foar hjoed moast ik ôfbelje. Spitich, mar it kin gewoan net. It sporten stiet no op in hiel leech pitsje. No ja, aanst de skea mar ynhelje. De optredens geane gewoan troch. Lokkich ha ik goeie maten dy it gjin probleem fine om alles no mei syn twaen as trijen te sjouwen. Allinne de hiele lichte kofferkes mei ik optille en nei de karre bringe. Under de foarstelling ha'k eins net safolle lêst, allinne de sokken útdwaan giet wat dreech, dat dy hâld ik dan ek mar oan. Net ien dy't opfalt. De froulju fan Makkum yn elts gefal net, want dy ha woansdeitejûn o sa lake. Man wat is dat in oar publyk, in seal fol froulju! Machtich! Se woenen ús no alwer fêstlizze foar takom jier. Sil dreech wêze, want dan ha wy noch net in nij programma.

Makkum is hielendal yn 'e ban fan de bisite fan de keninginne. Sa oefende it korps al de rûngong troch Makkum. Aardich detail, de ynstrukteur hie eardopkes yn, hy wie der no al hielendal flau fan.

Tongersdei hienen wy oprûmdei op skoalle. Ek al sa'n rêchbefoarderjende aktiviteit. Lokkich hienen wy in protte help en koe ik alles yn eigen tempo dwaan, mar jo ha eins mear de yndruk dat je yn 't paad rinne. No ja, de brunebeanesop dy't myn kollega makke hie smakke hearlik! Allinne dat al hie'k net misse wollen...

Wy ha tongersdei fjouwer karren fol nei it stoart ta brocht. Alde bankjes, tafeltsjes, planken, kasten, nuveraardich materiaal, lânkaarten en gean sa mar troch. Lânkaarten? Ja, dat guod kin allegearre fuort, want in kaart ha jo net mear nedich as jo in digiboerd hawwe. Ek fideo's, dia's en CD's kinne allegearre yn 'e kliko. Wat dat oanbelanget feroaret it ûnderwiis hiel bot. Fia de website fan de útjouwer kin ik no de siden fan de learboeken op it boerd sette en ynteraktyf mei de bern beprate. It ienichste dat jo nedich ha is in abonnemint, in ynternetferbining en fansels in digiboerd. It kostet wol in pear sinten, mar jo hoege ek in hiele protte materiaal net mear oan te skaffen... Wilma krijt aanst ek sa'n boerd yn 'e klasse. Se hat der o sa'n sin oan...

Twa foto's ha jimme noch fan my tegoede. De earste is makke yn Thialf. Dêr binne Wilma en Wietsche op twadde peaskedei hinne west. Ik soe yn it earstoan ek mei, mar doe spile de âld rêch al op. Der wie belslydjeien (moai wurd foar Margriet) mei hynders en âlde belsliden. Wie hiel moai! En de twadde foto is makke doe't wy ferline wike snein op jierdeisbesite wienen. Leuk riedsel foar de lêzers: wêr is dizze foto makke? De 'insiders' witte it wol. Winners meie gratis twa dagen op dit adres útfanhuzje...

'Wat ûnder de rêch sit, heart ek ta in minske, sei Olfert...'


Pleatst: 12-04-2008 / 15:11 oere - Reagearje? - Nei boppen

Rêch Sop...(2)

Faaks meitsje ik nuvere gedachtespronkjes. Sa moast ik fan 'e middei by de fysioterapeut tinke oan 'Fêst en dochs Los'. Mar wat wie dat ek alwer? It heugde my noch dat ik dat earne stean sjoen hie, mar wêr?

Lang leve it ynternet. Want it is een boek. In boek mei deselde titel. Ik tink dat dit boek by myn skoanâlden op 'e boekeplanke stiet. Want skoanmem wie lid fan de KFFB, De Kristlik Fryske Folksbibleteek. Soksawat as de ECI.

Hoe't ik dêr sa by kaam? Ienfâldich: de rêch siet fêst. Ik kin net sizze wêr, want al dy medyske termen kin ik lang net ûnthâlde, earne hielendal ûnderyn yn elts gefal. En Wietsche hat de wringen* wer los makke. Dat komt derfan as jo mei follybal de boel ferdraaie. It siet Fêst, mar it is no wer Los! Wat oefeningen mei nei hûs en de pine moat nei sa'n 3 dagen ôfsakje. En dêr gean ik mar fan út!
*) Wringen binne 'wervels'...

Pleatst: 08-04-2008 / 18:17 oere - Reagearje? - Nei boppen

Rêch Sop...

Hjoed in dreech beslút naam: net mei Rûm Sop mei te sjongen en te spyljen. Us koar moast de iepen dei by Van der Wal boomrooierij en tuinhout opfleurje. Mar om healwei njoggenen ha'k ôfbelle. De hiele dei der ombongelje, op in lyts krukjes sitte mei in 'swiere' akkordeon, dat soe wat tefolle fan it goeie wêze foar myn âld rêch.

It is yn 'e war! De rêch draait net mear sa as ik it wol. Wurdt net minder, mar ek net echt better. En om foar te kommen dat ik aanst miskien langer út 'e rûlaasje bin, moatte jo somtiden ferfelende beslissingen nimme. De kontakten mei de fysioterapy binne al lein. Hoopje dat dy de boel wer wat op gong helpe kinne...

Pleatst: 05-04-2008 / 23:35 oere - Reagearje? - Nei boppen

Grapjas... (2)

Der reagearret noait ien? No dat hie'k better net skriuwe kinnen. Hjir noch in tal aardige reaksjes. Hoewol? De boppenste is wat nuver. Mar ik wit wa't skreaun hat...

Dus snorkie snorkie wurdt ek tiid… hoi!

Toch nog even een reaktie op de 1 april grap over het stoppen van deze website. Geen reakties!? Dat zal je dus vernemen, hierbij een reactie. Ik lees hem geregeld, maar reageer dan nu ook maar eens.

Onze jongens vonden de muziekschool fantastisch en willen drummen en keyboard les. Ik denk dat ik nog maar een baan naast mijn werk moet zoeken. Met 3 van die knapen. En ook een vrijstaand huis…

Pleatst: 05-04-2008 / 23:20 oere - Reagearje? - Nei boppen

Blomketerp?

It is net myn gewoante om boskjes blommen op 'e webside te setten. Mar juster krigen wy nei ús optreden yn de Pleats yn Burgum in skitterend bosk! Dat foar dizze kear meitsje ik in útsûndering. Spitich dat Herman Douwe net in boskje krige, want as se wisten hoe wichtich de technyk foar ús is, soene se harren oerlade moatte mei blommen! Oare kear krije sy it boskje wer mei...

Hjoed bin ik mei de bern fan myn klasse nei it Frysk Museum west. Wy binne de skiednis fan de terpen yndûkt. Prachtich, wat ha se dat moai ynrjochte yn it museum. En wat is der wat yn 'e Fryske terpen fûn!

Doe't de museumjuf ús frege oft de bern ek in terp yn 'e buert wisten, sei ik: Hantum! Man, wat sech dat frommeske my ferheard oan. 'Hantum, waar ligt dat?' Tsja, as it gjin Hegebeintum is, dan heakje de museumlju ôf...

Pleatst: 04-04-2008 / 22:47 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ben ik te min?

Wy geane dus mar moai troch...

Ofrûne moandei binne wy mei de bern nei de muzykskoalle yn Burgum west. In soarte fan iepen dei. De bern mochten yn 'e kunde komme mei ferskate muzykynstruminten en wa wit like harren dat dan wol wat en hie de muzykskoalle der foar de simmerfakânsje wer in pear learlingen by.

It wie prachtich! De bern ha genoaten (en master ek...) It drummen en it gitaarspyljen fûnen se it moaiste. Fansels kaam dat ek omdat se sels op dizze ynstruminten spylje mochten. Sa krigen se by de gitaarmaster allegearre in gitaar yn 'e hannen. En wat dogge bern dan? Spylje fansels. Man, it wie net om oan te hearen. Mar de gitarist wist wat hy útlokke hie, want hy bleau kalm en spile moaie rideltsjes tuskentroch. It is in wûnder dat je troch mar mei ien snaar te tokkeljen, sokke moaie muzyk meitsje kinne.

Dat doe't wy wer op hûs oan moasten, sieten de bern der fol fan. De iene woe fioele spylje, de oare piano en de measten woenen op drumles. Earme âlders, it binne hast allegearre rychjeshuzen yn de buert fan ús skoalle, dat de buorlju sille wol bliid wêze mei sokke inisjativen. De earste krityske lûden fan de âlden kamen de oare deis al by de swimles: 'Hast sjoen hoe djoer sokke muzyklessen binne? Jo sille mar twa fan jo bern op les ha...' Ja, ja, gjin nocht oan dreunende drumsolo's as hakkeljende akkordeonisten tink? Ik wit der alles fan...

Pleatst: 03-04-2008 / 21:57 oere - Reagearje? - Nei boppen

Foto's

Foar de belangstellenden: de foto's fan 'e Oranjejûn 2008 kinne jimme fine by de link (hjirnjonken) Foto's.

Pleatst: 02-04-2008 / 21:08 oere - Reagearje? - Nei boppen

Grapjas...

Hallo Hendrik,
Is het geen 1 april grap?

Hendrik, hier geloof ik nou niets van. Je hebt volgens mij een 1 april grapje. Ik geloof je niet. Je hebt een leuk stukje gemaakt voor de krant. De foto's heb ik ook bekeken. Heel leuk. Die van mij weer minder maar ach. Nou dat was het…

Stopje ? Kappa? Dat binne rare wurden, dat kin sa ma net!

Ja, ik weet het daarom reageerde ik ook ff dus wie had nou een grap met wie? Haha...

Jaja GRAPJAS 1 APRIL - DEUHH... Haha..

Pleatst: 01-04-2008 / 22:53 oere - Reagearje? - Nei boppen

The END...

Dit liket my wol in moai momint. Der moat eins in nije moanne begjinne en ik ha der om earlik te wêzen gjin nocht mear oan. Dat bêste lêzers, it spyt my om it te sizzen, mar dizze webside hâldt der mei op! Ik stopje dermei. KAPPA.

It is altyd in bealch fol wurk en steeds faker kom ik der net mear oan ta en duorret it wol in wike ear't ik wer wat skriuwe kin. Boppedat is der dochs gjin minske dy't it lêst, want der reagearret hast noait ien.

Nim no it ôfrûne wykein. In bult foto's op 'e side setten. De foto's útsykje, bewurkje, hiele middei prutse om it wat kreas op in rychje te krijen, mar in lyts tankwurdsje fan de feestkommisje as ien fan 'e spilers: ho mar! Dan ek noch in Dockumer krant dy't jo hiele stikje oanpast en feroaret, ik fyn it wol bêst.

Bêste lêzers, tige tank dat jimme hjir sa'n twa jier west binne, tank foar dy pear reaksjes en it giet jimme goed!
Hendrik van der Heide

Pleatst: 01-04-2008 / 06:40 oere - Reagearje? - Nei boppen