It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
In moaie dei... Juster fierden wy alle jierdeis fan de masters en juffen by ús op skoalle. In lange, mar prachtige dei, mei as tema de midsieuwen. Op de webside fan ús skoalle in protte foto's fan dizze moaie sinnige dei!
Gelok... De servearster moast der in pear kear oer dwaan eart de kamera flitste, mar dêr sitte wy dan meielkoar ús 31-ste troudei te fieren. Let foaral ek op de grutte spies fan Mieneke. Fansels is de boel al wer op, want wy binne sûne iters en at it jo yn't sin komt om in foto te meitsjen, dan is de servearster krekt yn 'e keuken en ha wy de pannen al wer leech. Wy sieten te harsenskrabjen hoe't sa'n 31 jierrich houlik no hjit. Wy koenen der net opkomme. Doe't ik it op it ynternet neisocht, die bliken dat der net in namme foar wie. Dan neam ik it mar in lokkich houlik. Dat passet moai by dizze jûn. En net allinne omdat it ek noch wier is, mar ek omdat wy, nei't wy betelle hienen, allegearre in gelokskoekje krigen. Moaie spreuken yn fjouwer talen. No mar hoopje dat de spreuken útkomme. Hoewol... Ljochtmoannewaar bringt jo al wat yn in romantyske stimming. Guon kinne harren mar klear meitsje! Hallo? Op in tige gesellich feestje hearde ik justerjûn fan ien fan de feestfierders dy't út 'e buert fan Wâldsein kaam, dat se Balk altyd de 'Hallo-stêd' neamden. Nuver, mar dêr hie ik noch nea fan heard! It is no net dat ik it hiele ferline fan Balk út 'e holle kin, mar dat se myn berteplak de hallo-stêd neamden wie foar my ûnbekend. It skynt dat se doetiids yn Balk altyd hallo seinen at se guon tsjinkamen... Fansels, wy rûnen yn Balk al fier foarút wat de aardige mensen, hoe gaan we er mee om kampanje oanbelange. En no krije jo dat sa'n fjirtich jier letter te hearen fan in Wâldseiner... No as wy it dochs oer it ferline ha... Op de webside www.langsdeluts.nl ûntdekte ik in moaie âlde foto. Makke foar de garaazje fan myn pake en letter myn heit en broer. It is ek wol tapaslik yn dizze tiid. Eins hie 'k him op 17 april pleatse moatten, want doe wie it presys 65 jier lyn! Fia de folgjende link mear histoary rûn dit autobedriuw.
Krea-wykein... Dat wie in hiel aardich, mar foaral ek kreatyf wykein. Tongersdei begûn it eins al mei in moai evenemint by ús op skoalle. Foar de bern waard der in sponsorloop organisearre. De sinten dy't de bern dêr mei ophellen wiene ornearre foar it opknappen fan it skoalleplein.
It kreative siet foaral yn it meitsjen fan in filmke fan dit prachtige barren. Hoewol it aardich wat switdruppen en foaral ek processorkrêft koste hat om dit filmke sa te krijen. Sa no en dan foelen der wol wat rare wurden, mar it is bêst in aardich filmke wurden, as sis ik it sels... De filmleafhawwers kinne it filmke fia dizze link besjen. Sonsorloop 15 april 2010. Op sneon wie der Iepen Hûs op basisskoalle de fjouwerHoeke by ús yn it doarp. De skoalle, alteast it gebou, bestie 50 jier en dat moast fansels fierd wurde. Om't ik myn heale libben op dizze skoalle omslein ha, wie it wol in hiele moaie middei. In protte âlde bekenden, besteklik praat en in hiele gesellige sfear. Mar miskien kaam dat ek wol omdat wy mei Rûm Sop in bydrage leverje mochten oan dizze middei. Fia de folgjende link foto's fan dizze iepen dei op 'e fjouwerHoeke. De jûns moasten wy optrede in it Mirnser Klif yn Gaasterlân. In famyljefeest. En om't wy goeie konneksjes hienen mei dizze famylje, mochten wy harren 35-jierrich houliksfeest opfleurje mei in optreden. It wie wol hiel gesellich... Hast moasten wy de boel ôfblaze dêr yn Mirns, want de útbater woe net dat wy skroefheakjes yn it pafond draaie soenen. Mar omdat Broer sei dat hy wolris moaiere plafonds sjoen hie, gie de kastlein dochs oerstach en waard it in noflike jûn dêr oan de moaie Iselmarkust achter it Rysterbosk. Skeane Jabik... Bin dwaande mei in nij ynternetprojekt(sje). It begint al wat foarm te krijen. De leafhawwers kinne hjir in foarpriuwke krije. Ik moat sizze dat dizze klub wol aardige leden hat... Kontrakt? Yn it earste telefoangesprek waard der sein dat der net in poadium oanwêzich wie. Wy soenen dan mar op 'e flier spylje. Yn ús kontrakt stie dat wy om acht oere begjinne moasten. Yn it twadde telefoangesprek waard ôfpraat dat der helpers oanwêzich wêze soenen en dat der nei it opbouwen om likernôch sân oere wat iten foar ús wie. Doe't wy om seis oere yn Nij Altoenae oankamen, wienen der gjin sjouwers te bekennen, hienen se in kreas poadium foar ús makke en stie om seis oere it iten al klear. En wy wienen ferheard doe't se ús fregen: Wêrom woenen jimme eins om healwei achten begjinne? Mar wy ha in prachtige jûn hân yn it smûke doarpshûs fan dat gesellige doarpke dêr yn 'e Bildthoeke. It publyk wei geweldich en de nasy wie hearlik!
Hage... It sil neffens de ARBO-noarmen net hielendal ferantwurde wêze, mar de hage is knipt. In moai putsje op in rêstige sneontemoarn... De katering wie perfekt!
Jarreklean... 'Wordt dat nooit vies?' frege ien fan 'e bern fan 'e wike oan my. Neffes har hie ik al dagen deselde blûze oan. Ik wie my fan gjin kwea bewust, ik wie suver wat ferheard. Dat bern soks opfalt. Boppedat siet it besgroentsje hearlik en dan wol ik wol ris wat langer drage... Eins siet ik mear yn oer de jarreluchten dy't de ôfrûne dagen yn myn klean sieten. Doe't de wask mei dit hearlike waar oan 'e line hong, moast ien fan de boeren fansels wer jarje en dan giet dy lucht ûnûntkomber yn jo klean sitten. Ik rûkte it al doe't ik se oan die, mar krigel sei ik dat ik hjir neat om joech en dat se bêst witte meie dat ik fan it plattelân kom. Dochs begûn ik fan 'e wike wat te twifeljen. Op de âlderjûn fan skoalle, kaam ik tusken twa jonge memmen yn te sitten. Wolken fan Armani en Boss berikten myn noas en fuort skeat my de jarreparfum yn 't sin. Ik wie der al oan wend fansels, mar jilde dat ek foar dizze memmen? Ik ferbylde my sels dat ien fan dizze jonge froulju in eintsje fan my ôf skode. Soe it dochs sa wêze? Miskien wie dat ek wol de achtergrûn fan de fraach fan dy learling yn 'e klasse. Mem sil wol sein ha doe't se thúskaam fan de âlderjûn: 'In moaie jûn, mar master mei him wolris faker waskje..'. Peaskepykjes... 'Wolst myn nije learling even fan it fototastel ôfhelje?' sei Wilma fan 'e jûn tsjin my. Lokkich hie Klaas my justerjûn op de oefenjûne fan Rûm Sop al wat tared, dat ik hie al sa'n idee wêrt Wilma op doelde. Klaas hie der nammentlik foar soarge dat der yn it lokaal fan groep 7 en 8 fan de fjouwerHoeke in echte briedmasine mei aaien delset wie. Fansels wie it prachtich dat de aaien krekt foar de Peaske útkamen. Sa hienen de bern ynstee fan papieren pykjes, echte pykjes yn harren Peaskestikjes!
|