It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
27 April... 36 Jier lyn sei de vaandrig (njonken my op de foto, dy mei it lange jaske oan...) tsjin myn tsjinstmaten dy't meigien wienen nei Balk om ús troutsjinst mei te meitsjen: Van der Heide is zeker een populair figuur in Balk, want iedereen heeft de vlag voor hem uit... En dat miende hy ek noch, kinne jo neigean hokfoar folk ús lieding jaan moast...
Mar dy flaggen op ús troudei betsjutten wol, dat wy no tenei op 27 april altiten in frije dei ha én dat elk foar ús de flagge wer út hat! Sa as ek by it restaurant dêr't wy moandei te jûn hearlik iten ha... En miskien kinne jimme oan de foto's sjen wêr't dat is. In moai plakje yn elts gefal!
Sykje... No wist ik wol wêr't de telefoan wie, mar it is dochs handich dat jo fia it ynternet de telefoan opsykje kinne. De piloat dy't boppe Texel syn telefoan út it fleantúch falle liet, kin der oer meiprate.
By optredens lis ik faaks de telefoan yn myn kleankoffer, in moai plakje mar ja, nei de tiid moatte jo him der dan wol wer úthelje! En dat wie ik justerjûn fergetten. Dat dêr leit hy no noch. Goed opburgen, achter slot en grindel, dat wol, mar net echt handich.
Dat aanst mar wer even (want it is fansels net de earste kear) de karre leech klauwe. Want ja, de koffer leit hielendal achteryn, dat ek noch...
Twatalich kloppet it hert…
Buorfrou Akke Brouwer skriuwt prachtige gedichten. Yn it Hollânsk. Buorfrou Akke is berne yn Dokkum, mar doe't se twa jier wie, is se ferhuze nei Noard Hollân. Mar it Frysk sit yn har sellen, sa fertelde Akke doe't wy justermiddei yn har smûke húske by ús yn 'e strjitte byelkoar kaam wiene om fan de Sneinsrêst te genietsjen. Buorfrou Akke har heit hat yn Hantum wenne, dêrtroch sit it Frysk yn Akke har sellen, Frysk fan de Hantumer klaai… En moai dat se dan wer nei hiel wat jierren yn datselde Hantum telâne kaam is. Mar se skriuwt har gedichten yn it Hollânsk. En dat is ek goed te begripen. As twajierrige ha jo krekt te min meikrigen om it jo memmetaal neame te meien. Mar dochs fynt Akke it wichtich om guon fan har gedichten oer te setten yn it Frysk. Har nicht Corry Boelens út Dokkum wie ree om dat, yn gearwurking mei Akke sels, foarelkoar te krijen. En dizze striid, dit proses stie dizze middei sintraal yn it Hûs fan de Dichter. Dat dit net samar giet, dat waard sneintemiddei wol dúdlik. It is in hiel wurk en de twa froulju fertelden dêr hiel moai oer, harren ferhaal waard stipe mei in moaie powerpoint presintaasje, makke troch in kreative doarpsgenoat. It wie gjin útsûndering dat de twa froulju by it oersetten faaks in hiele middei dwaande wiene mei bygelyks ien sin. Wat gedichten geane net allinne oer keale wurden mar ek oer dûbele betsjuttingen en oer waarmte en gefoel… De oersettingen wiene treffend en prachtich dien! Mar eins moast ik ta myn earlikheid bekenne dat de Hollânske gedichten dochs faaks moaier binne…
Dongeradiel
It âlde lân draacht keningsbern,
Wêr sille wy ús te wenjen sette...? Der fljocht in specht om yn Hantum. Hy is wol wat ûnnoazel, want hy bikket oeral op om. En dat gehammer heare wy hast elke dei. Hy moat ek wol wat ûnnoazel wêze, want wêrom soe hy oars yn Hantum wenje wolle?
No hat ús specht mar besletten om yn in fûgelhokje wenjen te gean. Yn in fûgelhokje flak by Herman Douwe en Elbrich. Mar ja, it passet net. It gat yn it hokje is te lyts. Want sokke hokjes binne ornearre foar swart- en blaukopkes en oar lyts fûgelguod. Dat Woody is wakker dwaande om it gat grutter te meitsje. Elke dei om likernôch seis oere begjint hy te bikken. Mar it slagget him mar net. It is sels net iens te sjen dat hy der op om hammert. It hout is te hurd. (As syn snaffel te stomp, dat soe ek kinne...)
Ik sei al tsjin Herman Douwe: Help dy earme fûgel no, pak in gatteboar en in ljedder en meitsje dat gat in pear sintimeter grutter. Mar ik leau dat se dit earst yn it buertbestjoer beprate moatte, want de makker fan it hokje is nochal krekt...
Okkerdeis hie Woody spul mei in protter. Dy woe ek yn dat hokje wenje. En Piter Protter jage Woody fuort en soe grutsk it hokje yn krûpe. Mar ek Piter passe net, dat dy is mar nei de Terpen ta sketten en is no by ús ûnder de dakpannen oan 'e gong.
Frjemde fûgels hjir by ús yn Hantum...
Foto's...(2) Dit giet my boppe de pet... Op de 'gewoane' kompjûter binne de foto's te besjen, ek al binne jo net ynlogd mei in Google-account, mar op in iPad moatte jo je earst ynlogge. Mar as jo dan de foto's op de iPhone besjen wolle, dan giet dat wer sûnder problemen...
Tsja, hoe soe ik dan witte moatte wat der oan de hân is? In Apple vs. Google pleagerijtsje???
Mei oare wurden: net op in iPad de foto's besjen... Foto's... Guon dy't foto's besjen wolle en dat fia de befeilige side dwaan sille, kinne by it oanklikken fan it foto-album in melding krije dat se ynlogge moatte mei harren Google-account. Dat is fansels net de bedoeling, want guon ha faaks hielendal net sa'n account.
Ik bin der noch net achter hoe't dat kin. Der is wat oanpast yn de Picasa webalbums fan Google, mar ik wit net wat. Ik hâld jimme op 'e hichte en oan't salang moatte jimme it mar even sûnder foto's dwaan...
De blauwe bril... Mei each foar detail is dizze tekening makke...
Betiid... Tsjonge, dit is wol wat oerdreun net? No al (yn de maitiid!) in krystfair oankundigje. Earst tocht ik dat dit in fersin wie en dat dit in berjocht fan it foarige jier wie. Mar 11 desimber is dit jier wol op in freed, dat it sil wol klopje.
Wy ha leaver dat se de Samenloop voor Hoop op 12 en 13 juny o.s. oankundigje...
Boeregolf... In prachtige famyljedei op in moaie lanlike lokaasje. Hearlik bûten yn winige mar sinneskyn waar. Boeregolf is prachtig om te dwaan. Mar komt it baltsje yn de sleat, dan ha jo fiir strafpunten ekstra.
Nei it golven in hearlik stamppotbuffet en gesellich neikeuvelje.
En mochten jimme tinke, hea, want in nuveraardige foto's hjir en dêr, dan komt dat omdat ús beide âldste pake- en beppesizzers mei it fototastel oan 'e gong west binne. It aardige is, dat jo dan in hiel oars perspektyf krije. En de famylje fynt it fansels prachtich dat se troch dizze jonge fotograven op de foto set wurde.
Oh ja, ek binnen hienen wy in wat winige omjouwing. De foto is makke troch ien fan de lytsbern, mar pake moast him fansels wer even útleve... De foto's binne allinne tagonklik foar famyljeleden dy't oer de koade beskikke...
Ouwsterhaule... Blommen, flessen wyn as bearenburch, droege woarsten, fruitmanden, koeken, suvelmanden, in fûgelhokje, sûkerbôlen, T-shirts ja wat ha wy net krigen nei in optreden earne yn Fryslân. Mar yn Ouwsterhaule krigen wy, nei in geweldich optreden foar in entûsjast publyk, wat, wat wy noch nea earder hân ha...
In stoffen taske mei in opdruk fan de namme fan it doarpshûs! In kollektersitem, dat kin hast net oars!
As in hoanne yn it hinnehok... Foar de website fan Henelle dy't ik oan it bouwen bin, waard ik frege oft ik ek wat foto's meitsje woe fan in workshop Stijladvies. Fansels, dat moat altiten wêze.
De workshop wie al yn folle gong doe't ik de moaie Studio binnenstapte en nei't ik even mei elk fûstke hie, giene de froulju fierder mei de workshop. Moai om te sjen en eins ek hiel nijsgjirrich.
Mar it siet der earlik sein wat ûngemaklik. En nei't ik wat moaie plaatsjes sketten hie, bin ik mar wer op hûs oangien. Want, sa sei it tsjin de froulju: It is eins krekt sa as by Rûm Sop, as dêr in frou binnen stapt is elk ek even van slach en is der ynienen oar praat. Sa sil dit no ek wol by jimme wêze...
Hoewol... Ik tink net dat dizze jonge froulju fan slach rekken troch in grize fotograaf mei hearapparaten yn... En by Rûm Sop stiet der ek hiel wat oars op 'e tafel.
(Nuver) tafal...? Us âldste pakesizzer iet tusken de middei by ús. En dan meie wy graach in pear tostys meitsje. Hy hat der wol twa opkôge. Mmmm...
En pake fûn se ek lekker. Mei ketchup.
Even letter kaam beppe thús. En ek beppe krige in hearlike tosty. Allinne mar mei tsiis. Under de lunch die beppe my it ferhaal fan it ferstjerren fan in doarpsgenoat. Juster, oan in hertoanfal en omdat sy flak by skoalle wenne, hiene ek de bern der wat fan meikrigen. Heftich soks.
Ik fûn it dan ek hiel frjemd dat, doe't ik myn Facebook-side iepene, de folgjende twa berjochten boppe oan stiene. Ik kin allinne mar tafal wêze, dat kin net oars. Facebook wit in protte fan jo, mar net dat wy tostys ieten en it oer in hertoanfal hân hiene.
Mar wês no earlik, wol in nuver tafal...
Peaske selfie... Op wite tongersdei hiene wy hjir yn Hantum in Agapè fiering. In bysûndere fiering as oanrin nei de Peaskedagen. It wurdt altiten hâlden yn ús doarpshûs.
Omdat it net foar neat in fiering hjit, hie ik mar besluten om de mobile telefoan thús te litten. Wa soe jo no belje? En boppedat ûnder sa'n fiering nimme jo dochs net op. En ik gie der ek fan út dat oaren soks ek net dwaan soene, as dat der yn elts gefal fan te foaren sein wurde soe dat de mobyltsjes út moasten.
Mar der waard net praat oer it útdwaan fan de smartphones en miskien wie dat ek hielendal net nedich, want as ik it sa beskôge diene der ferstannige minsken oan de fiering mei. De fernuvering wie dan ek grut doe't healwei it miel dominy in grutte iPhone ûnder syn toga wei helle. En mei de telefoan yn 'e oanslach wie hy wakker oan it foto's meitsjen. Hè? Al wat ik ferwachte hie, dat net! Dominy plôke sels ien fan de dielnimmers achter de tafel wei om in foto fan de dominy sels te meitsjen. Wêr soe hy dy no foar brûke moatte? Hie dominy ek in Facebook-side? As Twittere hy aanst de wrâld oer dat wy hjir yn it doarpshûs mei in Agapè fiering dwaande wiene? Ik soe hast op him tarinne om him de WiFi-koade fan it doarpshûs troch te jaan.
Pleatst: 09-04-2015 / 21:00 oere - Reagearje? - Nei boppen |