It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
De geheime kaai...
Us âldste pake- en beppesizzer fynt it prachtich om as piraat troch it libben te gean. Foar it op slot draaien fan syn hut op syn pirateskip hie hy in kaai nedich. Hy pakte de kaai fan de foardoar… Mar dat woe pake net lije (Eh pardon, pake wie de kok fan it skip…) Want der wiene al faker kaaien fan doarren ferdwûn en dan moasten pake en beppe ta de nacht út wer sykje om't oars de doarren net op't slot koene. Pake hie wol in oare oplossing… Sjoch, piraat, hjir hasto in âlde kaai, die hoecht pake dochs net mear te brûken. Wêr is dy kaai fan pake? Ik leau dat it in kaai is fan de âlde skoalle, dêr die pake eartiids de doar mei iepen as hy op it wurk wie… It spul gie wer fierder en de kaai wie ek noch magnetysk. Want de piraat hie in geheimsinnige magneet fûn en hy wist dêrmei alderhande kostbere munten en goudstikken op te sykjen. Doe't syn heit en mem kamen om him op te heljen, fleach hy, krekt foar't sy yn de auto stappe soenen, as in raket de buorren yn. Mei de kaai yn 'e hân. Wêr gie hy no hinne?
Hy fleach de terp op, rjochting doarpshûs… Wy der mar achter oan, wy snapten neat fan dizze ûndernimming.
Al gau kaam hy ús wer temjitte… Wêr bisto hinne west? Pake hie sein dat it in kaai wie fan de Ald Skoalle en ik woe even sjen oft de kaai ek passe, want dan kin ik moai yn it doarpshûs komme… Tsja, piraten kinne ek noch net alles begripe… Gersbak... It is mar wat mei dy gersbak yn ús doarp. De gemeente hat de bak wer pleatst. Meastentiids giet it pleatsen lyk op mei in grut skriuwen yn ús doarpsblêd. (Hoewol, dat wie dizze kear net it gefal...)
Yn dat skriuwen leit de gemeente út dat de gersbak dochs echt foar gers bedoeld is. En mocht it foarkomme dat der dochs oar túnôffal yn terjochte komt, dan driigje se de bak wer fuort te heljen.
Oh, wat wurde wy dêr benaud fan... Hantumers geane gewoan harren gong en der sitte dan ek wol ris wat hagetûkjes tusken. Der is noch nea in gerskontener wer fuorthelle.
Wol wer humor. Ferline jier stie der ek in grut skriuwen yn ús doarpsblêd dat der perfoarst gers yn moast en doe hie de gemeente in kontener delset mei in buordsje: Alleen bladeren... En der stie ek al ris in kontener dêr't in klok oan hong. Wat dêrfan de bedoeling wie, dêr binne wy nea achter kaam. Miskien dat der allinne nei tolven gers yn goaid wurde mocht?
Dit kear makket de gemeente it wol hiel bûnt. No meie jo der allinne mar Leen Gras yn goaie. Dus... At jo gers meand ha, dan de buorlju freegje oft se it liene wolle en dat dy it dan even nei de kontener bringe wolle.
As sokssawat...
Mar miskien meie jo as doarpsbewenner ek wol it gers derút helje en even liene. Krekt as in boek by de bibleteek. En dan nei in wike as twa werom bringe. Dan kinne jo dat yn jo tún goaie en der even fan genietsje. Net opite litte troch de kninen, wat it moat werom op straffe fan in boete... Moatte wy earst in paske helje oan it loket yn it gemeentehûs? De saneamde graspas?
No snap ik ek de bern. Mei harren skelter mei oanhingweintsje hellen se juster al it gers út de kontener. Opdracht fan thús: even wat gers liene...
Oer gersoerlêst sprutsen. Miskien moatte wy oeral yn ús doarp buordsjes delsette foar de meanmasine fan de gemeente. Trou meane se de perkjes, neat mis mei, mar it gers litte sy altiten lizze en it doarp leit dan besaaid mei gersspriten. Oer de dyk, op 'e stoepen en op de opritten. En de doarpsbewenners dan mar wer feie, it is in griis, somtiden bliuwe hiele plakken gers wiken op 'e dyk lizzen.
Miskien in idee? Oeral buordsjes mei Geen Gras? Ris in grut skriuwen yn ús doarpsblêd, dat wy trou it gers yn de kontener bringe en dat de gemeente der mar in rommeltsje fan makket? Buorgemeenten meie it gers ek wol lease, trouwens...
Loft...
Sa helder as petroalje... Somtiden komme jo de prachtichste plaatsjes tsjin op it Wrâld Wide Web...
Dizze wol ik jimme net ûnthâlde. De folkswein transporter (type 1) en dan ek noch yn de Esso kleuren. Oer nostalgy sprutsen...
As de boer gjin oalje hat, dan pisset er yn 'e lampe...
|