Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
PKN Gemeente Hantum c.a.
KV DTL


Created with CoffeeCup HTML Editor

Hoe stom kinne jo wêze...

Doe't ik de website besocht fan de buertferiening út Frentsjer dêr't wy foar optreden hiene om te sjen oft se ek foto's pleatst hiene, seach ik op dy side allegearre frjemde tekens. En in warskôging. Der moasten lettertypes delhelle wurde, klik op dizze button… Oh, dat doch ik even, sa tocht ik.

Neat yn de gaten…

Mar der barde neat. De webside bleau ûnlêsber. Dan mar in oare kear. Ik klikte de webside wer fuort en ik gie fierder mei oare kompjûterputsjes…

Noch neat yn 'e gaten…

Wilens seach ik yn de taakbalke it logootsje fan de Dropbox wakker aktyf te wêzen. Der wiene bestannen feroare. Ach, de soan sil yn de dielde map wol oan 'e gong west ha.

Noch hieltiten neat yn 'e gaten.

Doe't ik dêrnei mei myn webside oan 'e gong gie, mei it ûndersteande ferhaal fan de grap, waard de kompjûter al wat trager. En ynienen waard de achtergrûn fan de webside wyt. Hearken, wat docht dy webside nuver… Aanst mar even sjen. Want ik woe op 'e telefyzje de Kwis sjen. De Kwis mei Paul de Leeuw, in moai humoristysk programma.

En wylst ik breedút foar de tv siet, wie de kompjûter mar dwaande… Hy hat it mar drok, sa tocht ik ek noch yn myn ûnnoazelens. Nei it telefyzjeprogramma soe ik de webside even ôfmeitsje. En doe barde it. Ik krige in grutte warskôging yn byld. Al myn bestannen wiene fersleutele en pas as ik de kriminelen - want dat binne it - jild betelje soe, dan krige ik in sleutel (fuor't dan mar: in kaai) om de boel wer tagonklik te meitsjen.


(Klik hjir foar in fergrutting...)

Aaaaahhhhhh! As in spear nei boven om de netwurksiif út it netwurk te heljen. Want alle skiven dy't op dat momint oan 'e kompjûter hingje, wurde troch dizze ransomware meinommen.

Mar it wie al te let. Alle foto's tekstdokumenten, PDF's en grafyske bestannen wiene fersleutele en ik krige alle kearen as ik sa'n besmet bestân oanklikte de melding dat it bestân ûnbekend wie.

En doe hie ik it pas yn 'e gaten. Ransomware! Net bêst!

Ik ha hast de hiele nacht oan 'e gong west om dit firus fan de PC ôf te krijen. Dat is slagge, mar dêrmei krije jo je bestannen noch net werom. En betelje! Ho mar, dat wurdt net oanret. Hoe no fierder?

Lokkich hie ik in back-up, los fan de kompjûter. En bêste lêzers, dat is in MUST! Ik kin it net faaks genôch sizze.

Wol wer wrang, want elkenien sei dat dy dat no oerkomme moat... Do warskôgest altiten elkenien, mar sels bist der moai yntrape. Ja, bêste minsken, it oerkomt jo, hast ûngemurken. En dat makket sokke oanfallen sa benearjend…

Ik ha hast alles werom, mar guon bestannen binne foargoed fuort. It is net oars, dêr is mei te libjen. En ik ha de kompjûter no sa bot befeilige, dat by hast alles in warskôging yn byld komt. Binne jo der wis fan dat jo dit-as-dat dwaan wolle? Krekt sawat as dat der ien foar de doar stiet en jo earst 5 skoattels, twa kaaien en ien hingslot ferwiderje moatte ear't de doar iepen kin. En dat ferfeelt gau, boppedat is de PC no in stik stadiger.

Mar hawar, dit sil my net wer barre… En nuver, dan besteget myn kompjûterblêd krekt dizze wike oandacht oan dizze foarm fan cyberkriminaliteit...

It kin de (web)master misse...

Pleatst: 08-04-2017 / 16:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

Grap...

Nee, dit jier gjin 1 aprilgrap. Wol wer aardich om te lêzen wêr't 1 April, kikker in je bil wei komt.

As it moat de grap fan de skilders wêze. (Nee, nee, wy binne der noch net ôf...) Doe't de skilders ferline jier desimber mei ús hûs oan 'e gong wiene, seine se tsjin my dat se net heger dan safolle meter mochten op de ljedder. Dat sadwaande koe de nok fan ús hûs net skildere wurde. Dêr moast in heechwurker by...

Dat sil wol kloppe, sa tocht ik. It binne hjoed oan de dei allegearre rigeltsjes... En ik seach de heechwurker al yn ús gers omdollen. Dikke spoaren, stekje derút...

Fandêr dat de noklatten wol trije moanne net oan bar kamen om skildere te wurden. Hast alles klear, mar de heechste punten moasten noch in kleurke ha.

Dêr stie ferline wike op in middei samar in skildersbuske by ús op it parkearplak. Aha, kin de man ek moai de plaat meinimme dy't syn kollega's lizze litten ha. Dy plaat lei op it dak fan it hokje, hiene skildersspullen op stien...

Mar moat der noch wat barre? Ja, ik kom om de daklatten te skilderjen. En dyn heechwurker dan?

Och och, de jonge skilder spuide raar guod. It is ek altiten itselde mei dy kollega's fan my.... Wat ha se jo no wer wiismakke? Dat der in heechwurker komme moast... Wolnee, dat is hielendal net wier. Dy âlde mannen wolle deagewoan de hichte net yn. Oeral dêr't sy west binne, moat ik der letter achteroan om al dat soarte fan putsjes ôf te meitsjen...

En hy stie gewoan op de ljedder, metersheech om de daklatten grien te skilderjen. Samar klear...

Heechwurker!? Gelokkich mar, gjin rupsspoaren yn it gers. En de plaat is ek wer fuort...

Pleatst: 01-04-2017 / 20:35 oere - Reagearje? - Nei boppen