Mees, jo online makelder...


Doe't ik even noflik achterhûs siet, seach ik achter yn ús tún in optein pearke blaukopkes hinne en wer hippen op de tûken fan de hage. Krekt as wiene se yn petear meielkoar...


Wêr hiene se it oer?


Doe hipte ien fan harren nei it nêstkastke dat by ús oan it sket hinget. It blaukopke beseach it fan alle kanten! Aha, dy twa wiene op syk nei in wenning!


Ferline jier hie yn it kastke in swartkopke sitten te brieden. Doe't hy drok oan it fuorjen wie ha'k him (as har) ris op de foto set. Moai gesicht, sa mei wat fretten yn de snaffel.


Mar ik kin my ek noch heuge dat it ynienen oer wie. Fan de iene op de oare dei wie der gjin swartkopke mear te sjen. Och, it nêst wie yn' e steek litten, de jongen wiene dea, as miskien de âlders ek wol...


It blaukopke hipte samar ynienen yn it kastke. Hy woe fansels de boel ris goed besjen. Is it wat in knap húske? Ha wy wat romte, kinne wy dêr rêstich sitte te brieden?


Yn in sucht en in skeet kaam ús blaukopke wer nei bûten en gie by syn partner op de tûke sitten. Se kwetterden wat en fleagen doe wer fuort. 


Hûs ôfkard, sa wie myn earste gedachte. Fansels! De foarige bewenners hiene it sa yn 'e steek litten en de nije bewenners woene der sa net yn! Dat it hûs soe fêst leech bliuwe dit jier...


As ik no de boel ris himmelje? Dan is it kastke wer ree foar in oar jong stel. Dat soene fêst net ús blaukopkes wêze, die sieten fansels al yn in oare kreaze wenning, mar der soene fêst mear fûgeltsjes op wenningjacht wêze...


Mar wat soe ik oantreffe yn it hokje? Ik siet der al wat oer yn... Ferdroegene aaikes, deade jongen... Ik rette my ta op it slimste.


Foel ek noch net ta om it hokje iepen te krijen. It wie ynelkoar slein mei grutte spikers en om't se aardich ferroastke wiene, moast ik der wakker op omhammerje...


Yn it hokje wie it sa kreas as wat! Hielendal gjin binde as tekens fan ferlittenheid... Der wie sels in kreas, en sa as it like, farsk nestke yn oanlein.


Oh heden, hie ik no in jong pearke oerémis holpen? Wiene de blaukopkes de bewenners fan it kastke en wiene se al in hiel ein mei de ynrjochting?


Ik ha it dochs mar skjinmakke en wer ophongen. Mar ik tink net dat fan't jier it hûs ferkocht wurdt, nettsjinsteande it no oh sa kreas en oprêden is...

Boppedat springt de kat fan de buorlju ek altiten krekt op dát plak oer it sket.


Tsja, jo moatte dochs ien de skuld jaan...

Pleatst: 22–04-2020  - 22:17 oere - Reagearje? - Nei boppen

Doarpsblêd…


Tsja, wat moatte jo dan? Us doarpsblêd wurdt troch sa’n 30 frijwilligers makke. Sels opmeitsje, sels printsje, nytsje en rûnbringe.


Oardel meter? Dat wurket (letterlik…) foar gjin meter foar ús frijwilligers. Foar ús nytsters soe dat betsjutte dat de steapels kopij om de oardel meter dellein wurde moatte. Hokfoar grutte hal ha jo dan wol net nedig foar in blêd mei 32 pagina’s…


Nee, in papieren doarpsblêd wie dizze kear gjin opsje as jo mei frijwilligers wurkje. Dan allinne mar digitaal!


No wurdt ús doarsblêd njonken de papieren edysje altiten al digitaal útjûn en is it blêd te lêzen op ús webside, mar dit kear dus allinne mar dizze ferspriedingsfoarm…


No mar hoopje dat safolle mooglik doarpsgenoaten it blêd ek lêzen ha. Wy ha der yn elts gefal alles oan dien om der ruchtberheid oan te jaan.


En dêr heart dizze website ek by…


Lês hjir de digitale Hichtepunten!




Pleatst: 17–04-2020  - 13:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

De pinnefretter…


Ha jimme dat no ek? Fan dy nuvere gewoanten? Ja dochs? Hûndert kear de skuon feie, altiten mar wer sjen oft de autodoar wol op slot sit. Doarren ticht! Is it gas wol út? As miskien wol in moai stopwurdsje, as altiten mar troch it hier strike as mei de tommen draaie...


Hinderet neat hjer... 


Ik mei graach pinnen opfrette. Dat doch ik al myn hiele libben. It heucht my noch dat ik it al op de legere skoalle die. Dêr hiene wy fan dy hearlike bêzje Staedtler pinnen. Mei in blauwe dop. Der bleau by my hast neat fan oer. Net dat ik it trochslokte, nee, der allinne mar op kôgje...


It mei dúdlik wêze dat ik ek no noch in foarkar ha foar ytbere pinnen. Dy fan Bic bygelyks. Mei sa'n knipperke. Man, wat binne dat noflike pinnen. Meastentiids wurde se net iens leech skreaun. Dat helje se net! Foar de tiid binne se allang stikken. Is de hiele boppe-ein derôf as wurket it knipperke net mear...


Metalen pinnen mei 'k net. Jo kinne se wol yn 'e mûle stopje, mar dat smakket net. Bah, nuver guod. Mochten jimme der ris op lette, dan sjogge jimme my nea mei in metalen pinne skriuwen. Ja, as der net in oaren ien is, dan moat it wol.


Ik skriuw it leafst altiten mei deselde pinne. Ek in Bic. Skriuwt lekker en der is goed op te kôgjen. De hiele achterein is al wei. Dan kin de dop der noch wer op en dan giet hy wer wat langer mei...


Jimme begipe, ik bin in kulinêr ekspert op it mêd fan skriuwark..


Guon freegje my bytiden wolris at se myn pinne even beethâlde meie. Net om mei te iten, mar om even wat mei op te skriuwen. Dan warskôgje ik harren altiten. Soe't net dwaan, want faak is hy net om oan te sjen. 


Jierren lyn wie der ris in âlder dy't yn de 10-minutepetearen tsjin my sei: Aha, no wit ik wêr't myn jonkje it fan hat, master docht it sels ek... Doe siet ik mei de pinne yn 'e mûle te harkjen nei datjinge wat dy âlder wichtich fûn om te fertellen...


Bic, de meest gegeten pen ter wereld. Dat kloppet hielendal! 


Mar fierders is alles goed hjer. It is mar sa'n lyts dinkje, dat hinderet, sa'k sei, dochs neat?

Oh ja, brike steapels papier as boeken, dêr kin ik ek net oer. Dy moat ik rjocht lizze!


Ach lit ik mar ophâlde want ik leau dat ik fergetten bin de auto op slot te dwaan...


In dei letter...


Hearken wat ek in frjemd stikje. Oer in pinnefretter. Nuvere man, wa hat dêr no earen nei, nei sa'n ferhaal...


Sit my te betinken dat ik sûnt koart in Apple Pencil ha. Dêr kinne jo mei op in iPad skriuwe en tekenje. Moai ding, rekket nea leech. No ja, wol leech wat stroom oanbelanget, mar net leech oan inket. En at de stroom op is, kin hy wer opladen wurde. En kinne jo wer oeren skriuwe...


Dy pinne is net om te iten. Letterlik! Dat is dan wol wer spitich. Ding is ek spikerhurd. Kôgje kin wol, mar dat kostet jo de tosken. 


Dat it wurdt wat. Soe ik dan by eintsjebeslút dan dochs fan dizze gewoante ôfreitsje? Gewoanwei omdat it net mear kin by sa'n pinne?


Ik tink dat dat wol wat tafalle sil. Want lokkich skriuwe wy ek noch op gewoan papier. By it puzeljen bygelyks. In moaie wurdsiker mei in lekkere Bic...


Dat fret wol wat, sei muoike Gibe...


Pleatst: 10–04-2020  - 15:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Seach twa bearen…


Hielendal in hype yn dizze krisis. Ek yn ús doarp sitte de bearen kreas foar it rút te wachtsjen oan’t se spot wurde.

No, wy ha der hiel wat fûn! (Fiif yn de header boppe-oan de side en de rest hjirûnder…)




Pleatst: 03–04-2020  - 13:13 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de