Heal jild…
Wy ha in Luxaflex bûten foar it keukensrút te hingjen. Nee, it is net in flater, it is yndied bûten! Jierren ferlyn is dizze bysûndere wize fan sinnebeskerming begûn mei in âlde Luxaflex fan in tante dy’t him net mear hoegde te brûken. Hy wie noch te goed om fuort te dwaan…
Idee!
Wy hingje dit ding bûten foar it grutte keukensraam. Dan hoege binnendoar de gerdinen net mear ticht en boppedat bliuwt de waarmte dan tenei bûten.
Is in sinneskerm dan net better?
Dat wol, mar dat past hast net by ús achterhûs, want dan kin de hoksdoar net mear iepen. In Luxaflex giet streekrjocht nei beneden. Knalt gjin inkelde doar tsjinoan.
Mar ja, eins is sa’n ding net berekkene op de klimatologyske omstannichheden fan noardeast Fryslân. Wy moatte him dan ek regelmjittich ferfange. Dan is it systeem nei in pear jier fan nachtfroast, rein en wyn hielendal op. Mar it foldocht wól poerbêst! En net djoer, foar sa’n 75 euro ha jo al in Luxaflex. Boppedat it merk hoege jo ek net mear te beteljen, want de Karwei ferkeapet se no ûnder harren eigen namme.
Ofrûne wykein wie it wer safier (it sil sa njonkenlytsen de fjirde kear wêze fanôf it begjin mei tante har Luxaflex) dat wy om in nijenien út moasten. Ien fan 2.40 meter breed. De Karweilamellen kamen mei in grutte knal nei ûnderen. Toutsjes dwerstroch en alles hong bryk.
Gau googelje, ha de boumerken soks noch wol? Jawis ek noch yn de oanbieding by Karwei. As in hazze nei Dokkum. Lokkich, der stie ien fan 2.40 meter yn it rek mei de oanbiedingen. 20% Koarting, bêst genôch!
En om’t der mar ien tusken stie, wie ik gau út ‘e rie. Doe’t ik him pakte om him mei te nimmen nei ús nederige wentsje, ûntdekte ik dat der in dûk yn siet. Aha! Fandêr dy 20% koarting fansels. Hoewol… Se wiene neffens de Karwei yn ‘e oanbieding, mar der stie net by fanwegen lytse mankeminten…
Dan moatte jo even by de klantebaly wêze, sei de kasjêre, doe’t ik har de dûk oanwiisde. Hoeden skeuvele ik it lange gefaarte nei de klantebaly. Doe’t de meiwurker fanachter syn byldskerm: En dan opslaan, mummele hie, seach hy my fol ferwachting oan.
Sjoch, sei ik, dizze dizze is mei 20% koarting by jimme te keap. Moai fansels, mar der sit in dûk yn. Ik die de died by it wurd en ik klapte de lange plestikdoaze foar him op de baly mei myn finger op it seare plak. Ja, ik sjoch it, sei hy.
Is dat dy 20%? frege ik, en oars mei it wol 40% wêze… Ik waard kjel fan mysels, want ik bin eins net sa’n ôftinger. Bêst, sei hy, dan dogge wy dat. Tige ferheard seach ik dat hy fia syn earke dit beslút mei de kasjêre dielde.
Dat se hast njonkenelkoar stiene, die der blykber net ta. Kommunikaasje giet hjoed oan de dei digitaal ek al kinne jo elkoar hast beroppe.
Optein, mei myn jaloezy foar heal jild achter yn ‘e auto, ried ik werom nei hûs. Hoeden om’t hy eins net langút yn ‘e auto passe. Hy moast in bytsje omheech stean. En omdat it mar fragile dingen binne, wie ik deabenaud dat hy mei noch mear dûken deryn thúskomme soe. Lokkich foel it ta en al gau hong hy de sinne tsjin te hâlden foar it keukensrút.
Wy ha in nij sinneskerm, sa sei de frou fleurich doe’t se thús kaam. Ik tocht noch de âlde wurdt ek minder, de toutsjes hingje der al by… Moai!
En betanke… (Oh nee, it âlde skerm bedoelt se fansels.)
Mar it wurdt noch moaier, sa reagearre ik grutsk. It is ien foar heal jild, ik bin oan it hantsjeklappen west!
DO???!!
Ja, ik skrok der sels ek fan. Mar wy kinne wer in pear jier foarút!
No ja, eins is it it achterrút...
Pleatst: 26-04-2022 - 17:07 oere - Reagearje? - Nei boppen
Fan H naar B…
Woansdeitejûn moasten wy optrede yn Boalsert. De optredens begjinne wer lekker te rinnen! Foarôf oan reis nei de optredens appe wy altiten. Oer wa’t der rydt, hoe let fuort en sokssawat.
Krige ik in wike fan te foaren al in berjocht fan myn maat. Ik ryd streekrjocht fanút it wurk nei Balk. Dokkum helje ik net. Gjin probleem, soks bart wol faker, mar do moast nei Boalsert! Ek mei in B, mar dan oars...
Op de dei fan optreden hie myn maat it wurk lokkich op ‘e tiid klear en hy koe ek wol ride. Moai betiid fuort, koene wy rêstich oan dwaan…
Underweis socht ik op Google nei in ferklearring fan it brânende ljochtsje op it dashboard. Sadwaande hie ik de eagen net op ‘e dyk. Mar doe’t myn maat de ôfslach Hearrenfean naam, skeat ik oerein fan myn speurtocht nei it lampke. Do moast net nei Hearrenfean, do moast gewoan rjochtút de heak om Ljouwert oanhâlde en dan sa rjochting Deinum…
(Ik toch dat hy by Ljouwert wie, dêr by Van der Valk, alle 4-baansdiken lykje opelkoar…)
Wolnee, ik moat de A7 op, wy binne by Drachten!
Hu? Hoe wolsto dan ride…
No, de A7 folgje, lâns de Joure, dan sa nei de Lemmer en dan derôf…
Wat in ein om!
Wy moatte dochs nei Balk?!
Wolnee! Net nei BALK, mar nei BOALSERT!
Oh ja, is ek sa… No, dan mar oer Snits en hy sette de navigaasje op Boalsert. ..
Lokkich joech Tom in oankomsttiid oan dy’t elk tefreden stelle soe en moai yntiids kamen wy yn Boalsert oan…
De jûns, flak foar it optreden sette hy noch even, sa as gewoanlik in berjochtsje op Facebook. Binne wy no yn Balk as yn Boalsert, ik soe hast Balk yntikke...
BOALSERT!!
Duorre net lang as de earste reaksjes kamen al binnen… Boalsert? Ik miende dat jimme nei Balk ta moasten…
Sucht…
En it ljochtsje witte wy ek noch net. Ik tink dat it ljochtsje oanjout dat der in grut ljocht achter it stjoer siet. Moderne auto’s kinne hiel wat hjoed oan de dei…
Pleatst: 10-04-2022 - 15:48 oere - Reagearje? - Nei boppen
Sa wer oer…
Ik die de winterjas stiif oan. Earwaarmers op en sa it kuierke temjitte. De doarpsgenoat dy’t ik tsjinkaam prottele wakker om’t hy aanst yn ‘e wyn wer op nei hûs moast. Wat in kjeld yn april… Neffens him wie de klimaatferoaring no wol hiel dúdlik. Gelearden hiene sein dat de ierde fanwegen it ranen fan de poalkappen út it lead rekket. Makke hy no noch in lette april grap?
No’t ik it oer 1 april ha…
Ien fan ús pake- en beppesizzers soe by ús ite op 1 april. Se kaam dy middeis gûlend binnen. Dy rot snie! Se wie twa kear fallen troch de glêdens. En de kaart dy’t se op ‘e brievebus dwaan moast, wie se ek noch ferlern. Se moast doe werom om de kaart te sykjen. Yn dy kjeld!
Nuver, mar folwoeksenen fine sok snieleed mar fermaaklik. Ik tink omdat se dit yn harren bernejierren faaks sels ek meimakke ha. Alteast, dat wie it earste dat my yn’t sin skeat doe’t de pakesizzer sa oerstjoer yn ‘e hûs kaam.
Maart, 1963 nocht krek gjin 7 jier. In pôle snie en mei heit en mem te kuierjen. Dat wie doe sa op snein: kuierje. Want oars mochten jo ek neat. Alteast as goeie grifformearden. Rêstich oan op de Dag des Heeren!
Yn dy kâlde snie waard dit earme berntsje bekûgele mei snieballen. Doare jimme wol? En dat dan ek noch wol op snein? Dan zult gij geen werk doen, gij nog uw zoon, noch uw dochter… Gjin iisko yn de simmer, mar wol snieballen yn de winter?
De grutten mar gnize en heit koe net wachtsje om dit leed op ‘e foto te setten!
Dêrom hie ik ek sa’n begrutsjen mei myn pakesizzer. Ik kin dat gefoel en dat sit djip! Mar ik sei tsjin har: Even gûle is net slim hear, want it is sa wer oer…
Pleatst: 03-04-2022 - 16:53 oere - Reagearje? - Nei boppen
© webdesign: www.vanderhei.de - 2022