Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Dank voor die bloeme...

Om healwei alven fan 'e moarn gie de doarbel. Op snein? Wy binne wend hjir by ús yn it doarp en doch de doar iepen, ek al is it ús útsliepersdei... In doarpsgenoat, aardich op leeftiid mar noch altyd warber en entûsjast, stie foar de doar. Mei in grut bosk blommen. 'Sjoch master, dy binne foar jo, fan tsjerke. Omdat master al in aardich skoft mei de rêch sit...'
'Ik bin noch yn it nachtkleed, sa ferûntskuldige ik my, mar kom der mar gau even yn...'

'Dat hindert neat, jo ha wat oan is't net sa?!' En spontaan gie 'it blommefamke' by ús oan de keukenstafel sitten. It waard in noflik oerke, mei in lekker kopke kofje. Wy ha praat oer fan alles en noch wat. Soms waard it hiel persoanlik mar alhiel net ferfelend!

Dominy hie it fan 'e moarn oer de Rijke Jongeling. Dominy hie in grutte kameel mei en in lange nulle mei in each dêr't dy kameel nea troch koe fansels... It wie noch mar kertier oer tsienen en doe sei dominy al amen. Ik hie der wat mear fan ferwachte...,' sa die ús doarpsgenoat ferslach fan de preek. It wie al hast tolve oere doe't de besite fuort gie. Prachtich sa'n doarp en sa'n tsjerke!

Wy ha it der hjoed noch mar even fan naam. In hearlike dei en noch wat fleis yn 'e frizer. In pear bierkes en wy koenen it ús net foarstelle dat wy al wer trije wiken oan 'e gong binne...

Klik foar mear foto's

Pleatst: 31-08-2008 / 20:28 oere - Reagearje? - Nei boppen

Boksum

Doarpsfeest yn Boksum! Wat ha wy in geweldige jûn hân. De fersoarging wie top, de kommisje wie top en ek it publyk koe net better.

Kin dat mei sa'n wrakke rêch? Litte wy it sa sizze: it kin krekt en lokkich ha wy goeie help. Mar wichtich is ek dat sa'n jûn tige terapeutysk wurket...

Harry, ús ljochtman, moast de hiele foarstelling yn in hokje njonken it poadium sitte om de ljochtknoppen hinne en wer te skowen. Sa sjogge jo de foarstelling ek ris fan in oare kant. En dan mar stikem foto's meitsje mei it mobyltsje. No ja, dit wie de knapste. Op dit plaatsje sjogge jimme Rikele Regelsma en Sjouke yn aksje!

En de sweef? Dy ha se hiel kreas, de hiele foarstelling stil setten. HULDE!

Pleatst: 30-08-2008 / 12:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

Baywatch...

De rêch wol mar net better wurde. Op 11 septimber ha ik in ôfspraak makke mei de gelearden om te sjen wat der no krekt oan de hân is. Salang (en dat sil ek noch wol langer wurde...) wrakselje ik mar wat troch.

Stean en rinne dat is it dreechst. Lokkich kin ik deis in protte sittend it wurk dwaan, dat wy wurkje moai wat troch! Wurkjen is gjin beswier en fan thússitte wurde jo ek net better...

Fansels moatte wy ek wol ris pleinwacht rinne. Rinne, it wurd seit it al. En dat wol no just net sa goed! Dat de stoel mar op it plein en as in badmeester de bern taroppe.

Foardat ik it yn 'e gaten hie, stie in kollega mei it fototastel njonken my. Lokkich wie de foto tige wazich en allinne troch it plaatsje goed lyts te meitsjen, wie der noch wat fan te meitsjen. En dat is mar goed ek , want it âld liif wurdt ek al wer grouwer sjoch ik wol...

Mar wer oan it Sonja Bakkerjen. Wa wit knapt it dêr allegearre fan op!

Dat sit, sei de smid en hy plakte syn wiif op it kachelslid...

Pleatst: 27-08-2008 / 21:35 oere - Reagearje? - Nei boppen

Akke...

Wy ha in nij húsdier. Akke de Do is it paad bjuster en sy hat har te wenjen set by ús op it sliepkeamerrút. Wol begrutlik, want wat kin in keal sliepkeamerrút in kreaze do no biede?!

No ha wy in pear betûfte dowemelkers yn ús doarp en ien fan harren kaam ik fan 'e jûn tsjin. Ik wie der wis fan dat hy syn Akke misse soe en ik joech him in beskriuwing fan ús simmergast. Doe't ik him fertelde dat de do in protte wyt hie, seach hy my wakker oan. 'Bist der wis fan dat it in postdo is?! Hy sil wol tinke, wat soe sa'n skoalmasterke no fan dowen witte. Mar ik wist him te oertsjûgjen dat it yndie in postdo wie en net in riger.

Foaral dy lêste opmerking die him besluten kontakt op te nimmen mei syn buorman, want dy hie ek in hok fol dowen en dy miste sûnt in pear wiken in koppeltsje en wa wit siet ien fan harren by ús op it rút!

It duorre net lang as dêr stie ús wedstriidfleaner op 'e stoepe. Hier rjocht oerein fan it hurde fytsen, want syn leafke siet by master op it rút! Wy tegearre achterom mar de teloarstelling wie grut doe't hy Akke sitten seach. 'Dit is gjin postdo! It is in gewoane sierdo dy't syn hok kwyt is... Hy wie suver fan slach en hy draaide him om mei de opmerking dat jo him der ek net wei krije koenen.

'Dus hy leit op in moarn mei de poaten omheech by ús op it achterterras?' 'Ja,' sei de doweleafhawwer, 'de natoer moai syn gong gean litte...'

En ik wit net oft hy dat no echt miende as dat dizze opmerking kaam omdat hy no dochs mei 'Opsporing Verzocht' belje moast...

Dy't in do hat, siket om in kouwe...

Pleatst: 25-08-2008 / 22:05 oere - Reagearje? - Nei boppen

Side fan 'e wike...

Dat is dochs moai dat jo konneksjes ha by Wâldnet! Sa makke ús fotofreon Geurt Pieter Maassen van den Brink ús side de ôfrûne wike 'de site van de week'. De statistieken fleagen omheech. Oars ha wy in lyts hûndert besikers yn in wike. No tsjien kear safolle...

Pleatst: 24-08-2008 / 19:57 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bist net wiis... (2)

Pleatst: 21-08-2008 / 22:04 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bist net wiis...

De trouwe lêzers sille fêst witte, dat wy ús stritfersiering fia Marktplaats ferkocht ha. Immen út Kollumersweach hat it kocht. No tocht ik dat de fersiering foar de hiele strjitte bedoeld wie. Ik wie dan ik tige ferheard dat de keaper it allegearre by him sels yn 'e tún setten hie.

De buorlju sille wol sein ha: 'Bist net wiis! Dy rommel wolle wy net yn 'e tún ha...' Earlik sein hienen de lju de tún wol kreas ynrjochte!

Pleatst: 20-08-2008 / 20:22 oere - Reagearje? - Nei boppen

Talint!

Wat is der moaier om yn jo eigen wenplak tusken hûnderten minsken rinkje te stekken yn de Wethâlder Beertastrjitte. Dat moat altyd oangean!

Mieneke wennet yn Kollumersweach en dêr wie fan 'e jûn dit hynstebarren. Boppedat wenje de hynders ek yn Kollumersweach, dat de transfêr foar de nije stekster wie al gau beklonken. Wilma dit kear achterop...
Sy ha in protte punten helle, hast mear as mei de rinkjestekkerijen yn it ferline, dat dizze nije stekster kin wol ris in bliuwerke wêze...

Yn Kollumersweach wie ek ús strjitfersiering te bewûnderjen. Dy ha wy fia Marktplaats foar in pear sinten oan harren ferkocht! Mar dêroer moarn mear.
Klik op de folgjende link foar in pear gruttere foto's fan it ringstekken yn Kollumersweach .

19-08-2008 / 22:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Noch even geduld...

Pleatst: 18-08-2008 / 22:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sa'n earste wike...

Dat fyn ik no prachtich, al dy Olympyske Spelen op 'e televyzje. Hast elke jûn der plat foar en dan om healwei âlven noch even Mart Smeets te eameljen en dan ha wy de dei wer hân. Sels de kompjûter bliuwt ûnoanrekke. As it moat de moaie OS-side fan de NOS wêze. Mei bylden en al. Jo hoege hjoed oan de dei neat mear te missen...

Wy sitte alwer hielendal yn it ritme, sa'n earste wike. Oerdei wer nei skoalle en jûns de oare frijetiidsbestegingen, alhoewol dat noch net hielendal op gong kaam is. Net slim mei safolle moaie televyzje.

Freed moasten wy mei Klún & Knoffelhakke optrede yn Wytgaard. In moai optreden yn in goed besette feesttinte. Spitich dat dy âld sweef iderkear belje moast, want dat hie dúdlik ynfloed op 'e sfear by bynammen de ferskes. Jo soenen hast sizze dat de sweefman it mei sin die, want ûnder it lêste ferske hâlde hy net op fan beljen. 'Ja ja man, wy binne hast klear...!'

Sneontejûn moasten wy mei Rûm Sop it feest fan Anita Drent opfleurje. Sy waard fyftich en dan is it moai as der allegearre kreaze mannen lâns komme om foar jo te sjongen... Op de foto set ien fan de freondinnen fan de jierdeifierende it tillefoannûmer fan Owe yn har mobyl, want as wy opkomme moatte bellet se even nei Owe en dan kinne wy mar los!

Wa wit bellet sy Owe takom wike nochris mei de boadskip: 'Kom mar Owe...'

Pleatst: 17-08-2008 / 16:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

De plicht ropt...

Tradisjoneel slute wy mei syn allen ús fakânsje ôf mei in itentsje. Sa sieten wy om likernôch fiif oere hinne op it boppedek fan it Ljouwerter Pannekoekskip. Man, wat in kar, wat in pankoeken op 'e list! Mar wy ha it oprêden, allegearre in hearlike pannekoek mei fan alles derop en deroan. Faaks tinke jo, ach iens sa'n pankoekje, dat fult ek net echt... Dus wol! It skip helde hielendal nei ien kant fan al ús grauwe liven...

Nei dit hearlike miel binne wy ek noch nei de bioskoop ta west. De skitterende film Wall-E. Hiel knap makke en tige humoristysk. Om't it sa drok wie, moasten wy wol ik kertier wachtsje eart wy deryn koenen. Hienen wy dat fan te foaren witten, dan hienen wy ek noch wol in ijsje ha kinnen. Doe soenen wy op 'e weromreis noch mar in ijsje helje, mar it die bliken dat dat noch wol in aardich eintsje toffeljen wie.

En omdat wy ek net rjocht útfine koenen hoe heech de Achmeatoer wie, binne wy mar op hûs oanset. In hiele gesellige ôfsluting fan in hearlike, tige noflike fakânsje!

Pleatst: 10-08-2008 / 22:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

'Rampen komen over u...' (2)

It doarpshûs stie fol reek en jo seagen gjin hân foar de eagen. Oan de brânwacht de taak om de seis slachtoffers út it doarpshûs te heljen. Dat slagge goed en fan 'e weromstuit ha wy noch in rûntsje dien, koenen de oare mannen ek even oefenje.

De foto fan earjuster wie bewurke, mar dizze foto is echt'! Moai om soks ris mei te meitsjen. No mar hoopje dat it nea wurklikheid wurdt...

Pleatst: 07-08-2008 / 22:45 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bûten it doarp...

It like sa mâl, it woe amper opkomme. Mar no stiet it mais wer wit hoe heech. De droegte sil fêst fan ynfloed wêze op de opbringst, mar foar in leek is dat sa oan'e bûtenkant net te sjen.

No mar hoopje dat der gjin doalhôf, kraaien as hennepplanten yn ferstoppe sitte. As in ferdwaalde Rûm Sopper... Want by de opname fan ús fideoklip ha wy in pear jier ferlyn ek by dizze maislannen stien.

Pleatst: 06-08-2008 / 23:08 oere - Reagearje? - Nei boppen

'Rampen komen over u...'

Hoe faak ik dit wol net hear: 'No, de knyntsjedagen binne ek hast foarby...!' Is hielendal wier en ik fyn it hielendal net slim. Ik bin sels al wer oan it wurk! Alhiel modern, ik wurkje thús. Sa ha ik de skoallegids klear makke en ek de webside fan ús skoalle is bywurke. Wer hielendal klear foar it nije skoallejier. De kommende dagen bin ik te finen yn Tytsjerk, dan kin ik fêst wenne oan it deistige ritme...

Yn it filmke fan in pear dagen lyn hearden jimme de brânwacht oankommen! No wie dat wol wat oerdreaun fansels, mar dy brânwacht wurdt wol werklikheid! Kommende tongersdeitejûn oefent de brânwacht fan Ternaard by ús yn Hantum. Yn en om de Ald Skoalle om krekt te wêzen. Fan 'e moarn ha wy in lyts draaiboekje makke yn gearwurking mei de brânwacht. Dus doarpsgenoaten, net skrikke kommende tongersdei!

It is de bedoeling dat der ek in pear doarpsgenoaten figureare as slachtoffer. Dan moatte wy earne yn it doarpshûs lizzen gean en dan moatte de brânwachters ús opsykje en út it doarpshûs helje.

It sil wol wer spannend wurde de kommende dagen!

Pleatst: 05-08-2008 23:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Haute Cuisine...

It swit stie ús gasten op 'e holle. Wat ha wy no besteld? Moatte wy it hjir, as sûne iters, mei dwaan? Ha ik dêrfoar in pear nije skuon kocht?!

Ien kear yn it jier geane wy te iten mei Pyt en Rhonda. Earne yn in gesellich restaurant dêr't wy noch nea earder west binne. Nei in lange waarme simmerdei ha jo jûns wol sin oan wat, dat wy moatte it Gesmoorde Kalf mar ha. Nei in hearlik foargerjocht kaam ús gasthear mei de pannen oansetten. 'Wie had het gesmoorde kalf?' En dêr waarden de beide pannen foar Pyt en Rhonda delset...

It earste wat ik tocht: dat is wol in lyts protsje foar sa'n grauwe priis...(oan it ein fan 'e jûn betelje wy altyd de rekken) Wy sieten elkoar mar wat mei kealleeagen oan te sjen en it ienigste wat ik sizze koe: 'No dat keal ha se yndie goed smoard...'

Lokkich kaam de gasthear letter mei twa lekkere stoofpantsjes oansetten en leitsjend sei hy: 'Daar had u het even benauwd hè?!'

Pleatst: 02-08-2008 / 12:47 oere - Reagearje? - Nei boppen

Fakânsjestress?

Pleatst: 01-08-2008 / 16:34 oere - Reagearje? - Nei boppen