It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
Ferrassing! Dat is noch ris in aardige ferrassing. In hiele moaie foto by de mail. It is in kollaazje fan ús optreden by it houliksfeest fan Geurt en Petra. Dat wie in prachtige jûn en yn dizze kollaazje is treffend werjûn wat ús bydrage wie op dit feest. De foto's binne en de kollaazje is makke troch Proflash.
Skilderwurk... 'Dy beammen moatte der wei, oars kinne wy net skilderje,' sa seinen de Wits-mannen ôfrûne freed tsjin my. 'Gean jimme gong, jimme ha alle frijheid, alles mei der wol wei,' sa wie myn antwurd. 'Mar it is de bedoeling dat de bewenners dat sels dogge...' En dêr giet wer in frije sneon. Ek buorman moast oan 'e gong mei de seage. Lokkich kaam alles goed teplak en binne der gjin hokjes en stekjes sneuvele. Want set in bouboer en in skoalmaster oan it beamseagjen, dan komt it fansels hielendal goed! De skilders sille moarn wol opsjen! Alde beammen moatte net te swier snoeid wurde...
Miggen...
Dat hakte der fuort yn dizze wike... Wer oan it wurk en allegearre 'putsjes' (útsein it bywurkjen fan dizze side) dy't derby kamen. No wienen dat hielendal gjin ferfelende putsjes, dat moat sein wurde, mar ja, it freget wol wer tiid!
Sa is ús oppashûntsje in lust! Hy is nimmen ta lêst, jout him moai del en is sa tefreden as wat. Dat is wol humor, want as jo mei Bowey troch de buorren rinne, freget elk at wy in hûn ha. En dan komt it ferhaal. Dan moatte wy útlizze dat it in oppashûn is, fan de freondinne fan ien fan ús jongens en dat wy dit besjen moatte as in tarieding op datjinge wat ús te wachtsjen stiet. It begjint mei in hûntsje en oer in pear jier mei de pakesizzers troch de buorren... De minste putsjedei wie dochs wol de woansdeis. De wenningbouferiening ferfangt, neidat wy tastimming jûn hienen, al ús noch oanwêzich, inkeld glês. En lit it no ôfrûne woansdei de hytste dei fan it jier wêze. De topdei foar de miggen. En yn de hal en de keamer moasten nochal wat ruten ferfongen wurde. Gerard fan it ûnderhâldsbedriuw koenen wy fansels neat kwea ôf nimme, mar de miggen fûnen it geweldich! Massaal fleagen se ús hûs binnen. Dat doe't wy de jûnes thús kamen gûnzen de miggen ús optein temjitte! No wit ik wat se op Flylân ha, mei de foksen. Jûn oan jûn hoeden mei it jachtgewear yn 'e oanslach wachtsje op Rein. No skeaten wy fansels net mei in dûbelloops jachtgewear op 'e miggen, mar nei in oere fan flappen en elektrifisearjen (dochs handich sa'n knetterjende miggeflapper...) ha jo wol oanstriid en sjit de hiele boel plat. Mar ja, dan moat Gerard wer mei nije ruten komme. Hawar, oan it ein fan 'e jûn hienen wy it aardich mich- en rommelfrij dat de skilders kinne no mar komme. Want ek dat stiet ús noch te wachtsjen...
Mei oare wurden: fakânsje foarby...
In feest! Ofrûne wike wienen ús beide twalingneefkes jierdei. Om it ris wat oars te dwaan, hienen wy in bysûnder kado foar harren. Mei de âldste te fiskjen nei de Forelpoel yn Kollumersweach en mei de jongste (en dan praat ik oer sa'n leeftiidsferslkil fan in pear minuten...) dy't in grutte fan is, nei de bioskoopfilm fan Suske en Wiske. De beide bern ha harren o sa fermakke. En de kado-oanbieders ek... Njonken in pear grauwe fisken fongen wy ek in âlde skoech. En it wie ek noch in hiele toer om dy fan 'e heak ôf te krijen. Us famyljeleden kinne de foto's besjen mei de koade en de oare lêzers moatte it mar dwaan mei de scapinofangst hjirûnder...
Utdroege... Doe't ik fan 'e wike yn myn lokaal kaam, like de finsterbank wol in woestyn. Hiele moaie útdroege en giele planten... Hindert neat, want sa bliuwe de sterksten oer en de fikus dy't foar de fakânsje syn blêden massaal falle liet, stie der no wer hiel kreas foar. De simmerfakânsje hat him goed dien en hy wie even in pear wiken ferlost fan entûsjaste bern dy't de pot oan de helte ta fol jitte mei koel leidingwetter... Grutte fraach is fansels: en hoe stiet master derfoar? Utdroege en ree foar de kladdekoer as wer farsk en grien...? Ik wie ôfrûne moandei al op skoalle, dat it niget nei farsk en grien. No mar ôfwachtsje hoe't de nije klasse op master passe sil...
Sjarapoverkant... Yn myn foarige log skreau ik al dat ik net de ienichste wie. Mar dat 'lotgenoaten' sa tichteby wennen (eins wist ik dat ek wol...) wie dochs wol hiel ferrassend. Foaral ek om't se itselde spul spylje. Harren suggestje dat wy in buertkompetysje opsette kinne, is noch net iens sa gek. Want jo kinne it ek online spylje. Myn earste wedstriid tsjin in Japanner ha'k al ferlern... Dochs is it 'boartsjen' mei de Wii net alhiel sûnder gefaar. Sjoch mar ris nei ûndersteand filmke en sjoch ek mar ris op dizze side: Wii have a problem Mar lokkich ha wy dizze link by ús favoriten! Pleatst: 08-08-2009 / 13:23 oere - Reagearje? - Nei boppen Stjêr... As guon oer ús strjitte rinne en stikem by ús nei binnen sjogge, dan sille se wol tinke: wat dy master de lêste dagen skeelt?! Swaaiend en draaiend stean ik yn 'e keamer. De eagen fûl en hiel bot nei ûnderen rjochte. Amper tiid om de hân op te stekken en faaks net iens yn 'e gaten hawwend dat der in doarpsgenoat lânsrint. Om't de kosten fan ús fakânsje yn Wechum hiel bot tafoelen, ha'k mysels mar traktrearre op in nij spultsje foar de Wii spulkompjûter. Grand Slam Tennis. Yn 'e Ljouwerter fan in pear wiken lyn lies ik dat dizze game de realiteit hiel bot benadere. Foar safier healwizjend yn in húskeamer mei bot slingerjende lampen, om't jo dêr wer tsjinoan knald binne, tennisrealiteit neamd wurde kin... Nei't ik mysels as Grand Slam tennisser neimakke hie, ynklusyf de moaie Lacoste-polo út Grikelân, koe de striid mar in oanfang nimme. Mar oh heden, it like nearne nei. Alles waard mist en net in bal kaam oan de oare kant fan it net. Ik wie noch te bot yn 'e war mei dat oare Wii-tennisspultjse. Yn dy ranglist wie 'k al professional. Mar dy feardigens koe 'k fansels net meinimme nei dizze game, boppedat moat ik in Grand Slam inkeldspullen spylje. Mar sa stadichoan begjint it te wennen en ha'k de Australian Open al wûn en ha'k mannen as Federer en Nadal fier achter my litten. (Hy stiet noch wol yn de 'begjinnersmode', mar ach dat wit ik allinne mar...) Hoe mear partijen jo winnend ôfslute, hoe mear 'skills' as jo fertsjinje. Ik ha no al in backhand as Maria Sjarapova, in service as Serena Williams en al ien stjêr (fan de fiif...)! Dat om nûmer ien te wurden, en dan ek noch yn de dreechste stân, dan sil dizze stjêr noch wol even trochswaaie moatte. En dan bedoel ik net it swaaien nei de lânskommende doarpsgenoaten... Lokkich bin ik net de ienichste. Sjoch mar ris by dizze links: Sûkerij Sa'n 100 jier lyn wie it gebrûk fan cichorei hiel gewoan en wienen der in protte lânslju yn 't wurk mei dizze hannel. Yn Damwâld is in iepenloftmuseum dêr't jo yn 'e kunde komme kinne mei it libben rûn de cichoreiteelt en de ferwurking en ferkeap fan dizze 'surogaatkofje'. Wilma en Mieneke binne justermiddei op ekskursje west nei dizze Sûkerij. It fernuvere harren dat der noch sa'n protte besikers wienen. Want soe de loop der al wat yn wêze yn dit frij nije museum? It wie tige nijsgjirrich en se binne dan ek hiel wat wizer wurden. Yn dy tiid hienen de wâldsjers it dreech. Hurd en lang wurkje yn earmoedige omstannichheden. Jo kinne je it hast net foarstelle, dat minsken sa libje moasten. Yn sokke lytse húskes wêryn 't je bukke moatte om deryn te kommen en amper rjochtop yn stean kinne. Hiel oars as no. Hjoed de dei ha wy Senseo's en Nespressomasines mei coffeepads en capppuccino. Kinne rjochtop stean yn al ús keamers en goaie wy de wask yn 'e droeger. Soenen se dêr oer, litte wy sizze, 150 jier ek in museum oer ynrjochtsje?
Fia dizze
link
in ympresje fan dizze nijsgjirrige museumbesite.
Googelje... Dizze man/vrouw fleach hjoed oer ús moaie doarpke. Fêst om it moaie hûs fan Herman Douwe en Elbrich te besjen. Omdat wy noch fakânsje ha, kinne wy moai helpe om dat hûs ynoarder te meitsjen. It sjit moai op! Sokke loftakrobaten sjitte trouwens net echt op, want hy 'dreau' in hiel skoft boppe ús doarp. Genôch gelegenheid om syn registraasjenûmer te lêzen. En op te sykjen... It wie noch raak ek. Better der troch te fleanen as te krûpen...
In bealchfol wurk... Juster binne wy de hiele dei yn Alkmaar west. Likernôch tweintich foar tsienen wienen wy op it plak fan bestemming en om healwei njoggenen de jûnes gienen wy wer op hûs oan. De hiele dei binne wy dwaande west, mei hjir en dêr wat kofjemominten... Wy moasten ús melde by EDS music. Wy hienen mei Remko, de eigner fan EDS, ôfpraat dat wy op de lêste dei fan july CD-opnamen meitsje soenen. EDS music fersoarget sûnt 2003 de orkestbannen foar ús kabaretprogramma's. En dat is altyd tige nei't sin. Dêrom hienen wy foar it meitsjen fan in CD keazen foar syn studio. Dat wie in boppeslach! Remko fielde de sfear goed oan en hy naam alle tiid. Om de beurt moasten wy ús stim ynsjonge. Dat binne wy oars net went, want wy sjonge altyd tegearre, mar neffes Remko koe hy dan achterôf noch maklik saken feroarje en de stimmen noch better mikse. It foel ek noch net ta, want sa as sein naam Remko alle tiid en wy moasten dan ek om 'e haverklap op 'e nij sjonge en it ferske oerdwaan. En Remko mar klikke mei de kompjûter. Want hy wie ek mei de PC tige handich en wilens wy oan it sjongen wienen, wie hy al wer dwaande mei lytse feroaringen en oanpassingen... De hiele dei binne wy oan 'e gong west mei tolve nûmers. En dan sil der fêst ek noch wol in opname tusken sitte dy't noch better kin. Mar Remko sil no mei it rûge materiaal oan 'e slach. Harkje, feroarje, stikje derby, stikje derôf, iene stim wat sachter, úthaal wat koarter en gean sa mar troch. Neffes him hat hy noch wol in pear dagen wurk... Wy ha oan it ein fan dizze dei in 'test CD' fan Remko meikrigen. Kinne wy ek mar harkje en oardielje. Wy ha ôfpraat dat wy oan't de CD útkomt, neat publisearje. Dus jimme lêzers krije noch neat te hearen. Wy wachtsje rêstich ôf oan't Remko klear is. It sil ús nijdwaan, wy binne net ûntefreden mei de earste test... |