It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
Klear...! Sjoch foar it resultaat op: www.heathland.tv
Jirpels... As is it in ierdappel? Eapels seinen wy yn Gaasterlân. Us doarpsgenoaten hiene it sa drok mei it dollen, dat se de fotograaf net iens opmurken...
It stikje bou stie fol mei folle oranje en giele sekken. Te wachtsen op harren ôfnimmers.
En no mar hoopje dat ús doarpsgenoaten gjin ierappels mei it bleate gat ite. Want foar griente moatte jo by it Schuurtje wêze. Ek farsk fan it lân ôfsocht. Wy ha de supermerken net iens nedich by ús yn it doarp...
It fjild hat eagen... Dat sei buorman tsjin my doe't ik juster oan it hageknippen wie. Ik koe de útdrukking net, mar it betsjut soksawat as: as jo op it fjild oan 'e gong binne, dan is der altiten wol ien dy't it sjocht, it bliuwt gjin geheim...
Dat is krekt in útdruking dy't by ús streek past, oanienwei gersfjilden en akkerlân. Passet ek krekt by buorman, as rêstend bouboer.
Mei de knipte hage kriget ús fjild ek wer eagen, man wat in keale bedoening. Sels buorman fûn it wol wat te bot. Ik eins ek, wy fûnen it wol moai, wat grien achterhûs. It hie om my ek net hoecht, it stie wol moai, moai grien en moai smûk. No hat ús fjild ek wer eagen krigen...
Soe it oarsom ek sa wêze? Dat der in útdrukking is dy't oanjout dat it bosk geheimen hat? Dat der yn de bosken neat te sjen is?
Yn in propagandeboek fan de gemeentes, de VVV's en de provinsje Fryslân út 1940 stiet al wat omskreaun oer de tsjustere bosken fan Gaasterlân: Voor den gemiddelden Fries hebben de namen Gaasterland en Gaasterlanders wat bijzonders, wat geheimzinnigs, wat mystieks bijna. Gaasterland, dat is die wereld van donkere bossen, duistere laantjes, heuvels en kliffen, daar ver in den Zuidwesthoek - en de Gaasterlanders, nou ieder is het er wel over eens, dat dàt 'in apart slach folk' is, donker van uiterlijk, gehecht aan het oude, zeer godsdienstig, honkvast en bovendien een Friesch dialect sprekend, waarvan de welluidendheid niet ontkend kan worden, maar toch den Fries benoorden de u-û-isoglosse vreemd in ooren klinkt... Hawar, ús fjild hat wer eagen krigen en de buorlju sizze fêst: lokkich, dat bosk moast ek wer nedich meand wurde... Want ja, de minsken hjir op 'e klaai hâlde no ienris net fan beammen... Pleatst: 23-08-2015 / 12:16 oere - Reagearje? - Nei boppen Sail...(2) Moarns om healwei sanen wekker wurde yn Amsterdam. En dan is midden yn Amsterdam dit jo útsicht!
Sail...
Foto yn 'e krante sjoen? Dêr farden wy tusken, yn in lyts boatsje. Wy wiene ien fan de Armada...
It like de organisaasje fan ús jierlikse freonendei wolris aardich om de Sail-In fan Sail Amsterdam mei te meitsjen. Neidiel wie wol dat dit troch de wike wie en dat it dêrom in selekt groepke wie, mar de fleur wie der net minder om. Man, wat in ûnderfining en wat in boaten! Ien fan ús freonen wennet op in skip, midden yn Amsterdam en de jûns fan te foaren wiene wy dêr al oankaam. Want wy moasten de moarns ier en betiid op 'n paad, om de tall-ships te mjitte te farren. En nei't in pear freonen de moarns foar de ôfeart ek noch oankaam wiene, tuften wy mei in âld, mar rom boatsje oer it IJ en it Noardseekanaal.
Dat wy net de iennichsten wiene, die al gau bliken. It wie in hiele úttocht fan boatsjes, sloepen, rûnfeartboaten en oar farrend guod. Suver in wat unheimisch gesicht. Allegearre op 'e flecht foar in oankommende ûnheil...
Mar fan ûnheil wie gjin sprake. Doe't de grutte sylboaten, dy't fanwegen Sail Amsterdam oan dwaan soene, de slûzen by IJmuiden passearre wiene en it kanaal steatlik opfarden, kearde de hiele boel om, om al dy grutte en yndrukwekkende boaten nei Amsterdam te begelieden. In prachtich gesicht.
En nei't wy in skoft foar anker lein hiene en doe't it stadich wat rêstiger waard op it Noardseekanaal, doe binne wy ek mar wer rjochting Amsterdam fearn. Stadich, dat wol, want it wie in hiel lavearjen tusken al dy boatsjes yn.
Likernôch seis oere sieten wy wer op it wenskip fan ús freon. Oan de rikke fisk. Want dat heart derby: oerdei nei Sail en by thúskomst Reade Poan rykje yn in tonne dy't in oare freon út Balk wei meitôge hie. In passend slot oan in yndrukwekkende dei.
Wy mei ús Admiraliteitsdagen...
Kamera net mei fansels, dan mar telefoanfoto's...
Hoe âld...?
Utfanhuzer... Stel jo ha twa âlde houten pallets. Plat op'e grûn yn it gers is it in prachtige pirateboat. Mar fansels kinne jo der ek allerhande oare dingen fan meitsje...
Alles begjint mei in plan...
Dan de útfiering. Falt ek noch net ta, want in pallet slope is dreech wurk... Lokkich ha wy pake achter de hân... Tidens de bou wurdt it plan regelmjittich oanpast. Sa as in hek, dat stie net op de tekening, mar moai is it wol. En om't echte ferve pake wat de bot gie, ha se it hûs, ynspirearre troch de oerbuorlju, mei stoepkryt in moai kleurke jûn...
Mar der sneuvelt ek wolris wat. Lokkich is it mar materiaal en die pake it sels...
Sei ik dochs?! It slopen fan in palet, mei spikers fan likernôch 10 sentimeter, falt net ta... No sjen oft de bungalow koade geel oerllibbet fannacht. Ik tink dat it op 'e nij yn 'e ferve moat... Connecting the dots... As jûns de ljochten út binne yn 'e keamer, bliuwt der dochs fan alles brânen... Elektroanika sille wy mar sizze.
Wat soe der dan barre as wy al dy ljochtstipkes meielkoar ferbine?
Tsja, wat moatte wy no fan dizze line-grafykmeitsje? No ja, betink sels mar wat... En foar guon dy't it ek aardich wurk fine: Connecting the Dots. Skynt trouwens ek in moaie útspraak fan Steve Jobs oer te wêzen... Plopsaland... Ofrûne moandei binne wy mei ús âldste pake- en beppesizzers nei Plopsaland west. In prachtige dei! It wie smoarhyt, mar dat hindere ús net. Want it is in yndoarpark en mei sok waar is it hearlik koel. Boppedat, it measte pretparkfolk siet oan it strân, dat it wie hearlik rêstich en de bern koene oeral yn sûnder te wachtsjen. En de de begelieders fan Plopsa fûnen it net slim dat se sitten bleaune foar in twadde, tredde ja sels fjirde kear. Der stie dochs net ien yn de rige...
De foto's binne noch net online, want wy meitsje der wat spesjaals fan! Even geduld dus...
De loft yn...(2)
Ek fanút de ballon binne foto's makke. Ek de fotograaf stiet derop, en dêrmei doel ik op de fotograaf fan de foto's fan it foarige blog. En wat leit Hantum dochs moai op de klaai yn noardeast Fryslân...
De loft yn... Justerjûn stige der in ballon op fanôf it sportfjild hjir yn Hantum. In moai gesicht. In wolbekende Hantumer famylje hie in ballonfeart kado krigen en fûn it aardich om dat fanút harren eigen doarp te dwaan. En nei't it tich kear útsteld wie (de wyn moat goed wêze en net te hurd, oars waaie se nei de Waadsee) wie it justerjûn safier...
Fan 'e moarn seach ik ta it rút út in krús yn 'e loft. Mmm, dy kant wie de ballon justerjûn ek út flein. Hiene de ballonfearders in krús yn 'e loft setten: oan't hjir en net fierder? Wiene se dêr telâne kaam? Aanst mar ris sjen, miskien leit der ûnder it krús wol in pot mei goud...
Twa stjerren…
Soe it no de fiifde kear wêze as wiene wy noch mar by fjouwer? Ik soe it neigean kinne mar eins soe ik ek net witte hoe. Ja, it hiele weblog trochlêze, mar tsien jier is in hiel set, dan bin ik noch wol even oan it lêzen... Boppedat wa seit dat wy fan alle keare ferslach dien ha, hjir op de side...
En yn it weblogleaze tiidrek wiene wy ek al in kear oan it huze-oppassen west yn Westergeast. Wy kinne ús de tiid noch heuge dat dit plakje noch net sa moai ferboud wie as no. No ja, litte wy it dan mar op fiif hâlde. It is om samar te sizzen ús fêste fakânsje-adres. Moai tichteby, mar dochs in prachtich fakânsjegefoel en fan hjirút dochs net te fier fuort om jûns thús de kninen iten te jaan as om de kontainer by de dyk te setten. Wy passe op de kninen fan ús kollega mar ek op de kninen fan ússels. En ús tún hoecht gjin wetter, dêr rêdt de natuer him sels mei... Sukses mei de bernebuorkerij, sa stie der op it briefke dat ús kollega klearskreaun hie. Want net allinne kninen hearden ta it beslach, ek twa katten, in tsiental hinnen (dy't fan 'e lêch binne, dat moarns gjin aai by it moarnsmiel...) in hamster, twa ponnys en in hûn. De hamster hie mar trije poaten, want de kat hie him te pakken hân, dat de doar moast goed ticht. In moaie opdracht foar minsken dy't gjin bisten wûn binne, mar wy hâlde ús der o sa oan, want wy woene perfoarst net dat de hamster aanst as in kangeroe op twa poaten troch it hok hippe moast. De hinnen rêden harren sels, moarns it hok iepen en dan skarrelen se sels harren miel byinoar. Mar ek dat moasten wy wol wat yn 'e gaten hâlde, want de foarige kear dat wy oppast ha, wie der in hin fersûpt en koene wy har briedende kollega ek net fine, mei as gefolch dat harren neiteam fan 'e kjeld omkaam wie. Lokkich is ús kollega frij nochteren en is se krekt as de hinnen net in wike fan 'e lêch as de feestapel wat ynkoarte is. Mar it mocht dúdlik wêze dat dat net ús doel wie! Wy mochten hjir fakânsje hâlde mar as tsjinprestaasje moasten wie goed op de have passe! Mar it siet ús net mei… Ja, it hûs en de omjouwing wiene prachtich, mar wat in waar! Wy seinen sa tsjininoar dat wy alle kearen min waar hiene as wy yn Westergeast op fakânsje wiene. Net slim, mar wol tafallich. Lokkich sit der in kachel yn it hûs. Us kollega har man hie koart útlein hoe't dat wurke. En oars dogge jimme de houtkachel mar oan, sa ornearre hy. Mar al wat omheech gie, doe't wy oan de termostaat draaiden, de kachel net. It wie ek sa'n yngewikkelde termostaat. In elektroanyske, mei allegearre knoppen en Ingelske ôfkoartingen. Wy ha oeral op drukt, mar allinne de stress waard heger, de temperatuer net. De kachel is no hielendal yn 'e war, want hy slacht no nachts oan en dan wurdt it gleonhjit. Nettsjinsteande dat wy de hantlieding fan de termostaat op ynternet opsocht ha, bleau de kachel syn eigen gong gean. Wy ha de houtkachel net oan dien, want sjoen ús handichheid mei kachels like ús dit net in goeie opsje, hy wie ek al yn in hiel skoft net brûkt en it soe ek wat sneu wêze at de eigeners weromkamen en de boel wie hielendal opbrând, dan leaver in hamster mei twa poaten. Mar de doar hâlden wy goed ticht… Mar dat wie noch net alles! Twa grutte frachtweinen, as miskien ek wol trije, fan donghanneler Wassenaar rieden dy wyks de reed op nei buorman. En dêrnei is in trekker dagenlang foar ús ruten oan it dongjen west. Dat jûns mei de tekken oer op 'e bank en de donglucht yn'e noas. Gesellich mei in waksineljochtsje foar wat waarmte.
De oare moarns koene wy hast net fan it hiem komme, want de reed wie sa smoarch as in baarch. Allegearre dong en modder en in biezem koene wy ek al net fine. Mar dat wie ek hast net te dwaan, sa smoarch, dat it himelwetter wie dizze kear mear as wolkom en op ús lêste dei wie de reed wer skjin… De ôfstânsbetsjinningen wiene ek in heikarwei, want it wie in all-in-one, alles koe der mei betsjinne wurde. (Behalve de kachel en jo moatte wol witte hoe…) Dat doe't wy de DVD oan ha woene, gie de TV oan en doe't wy de TV út ha woene, gie it lûd út. Wy ha alle fariaasje hân. Wy ha de TV sels in nacht oan hân om't wy him net út krije koene. Mar miskien gie dêrom de kachel nachts ek wol oan… En de jam wie ek noch op…
Yn it húske hong in blikken boerd mei magnetyske wurden derop. Koene wy ús moai op útlibje, jo moasten dochs wat… It mei dúdlik wêze dat it wol in bysûndere wike wie. Mar wol moai en rêstich. Wat in prachtich plakje en wat kinne jo dêr moai kuierje. (As it droech wie…) Nettsjinsteande alle ûngemakken, ha wy prachtige dagen hân en alle bisten ha it oerlibbe.
Stel dat wy dizze fakânsje beoardiele moasten op ien as d'oare fakânsjewebside, dan soenen wy sân stjerren jaan. Fiif foar it plak en de akkommodaasje en twa foar ússels. Twa stjerren op dongfakânsje yn it moaie, mar wiete Westergeast… |