It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
In dyk fan in reklame... Yn Dokkum ha se doarpsfeest. Ek de buerten dogge harren bêst om de sfear der wat yn te krijen mei buertfersieringen. De buert dêr't myn skoansuster wennet ha keazen foar it tema: De middenstanners troch de jierren hinne. Oeral yn 'e buert hingje spandoeken mei foto's fan doetiids. Winkels, strjitten en advertinsjes. Ek hinget der in spandoek mei VW-reklame. Fan Auto Dijk fansels. In bekende Dokkumer autohandel. Mar doe't ik it spandoek wat better beseach, seach ik dat Van der Heide der wol op stie, mar dat fan auto Dijk neat te bekennen wie... Ha de spandoeklju fan de buert dat sels wol sjoen?
Taheakke... Om't dizze webmaster dizze twa 'doarpssiden' ek yn it behear hat, ha ik se mar even tahekke oan it rygje Hantum-sides... (Sjoch ûnderoan yn de linker kolom...) Pleatst: 23-08-2016 / 08:37 oere - Reagearje? - Nei boppenIn moanne yn plaatsjes...
Pleatst: 22-08-2016 / 22:03 oere - Reagearje? - Nei boppen |