Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

16.106...

Moandei ha wy de alvestêdetocht riden. De echte op redens! No ja echt... Net sa as bygelyks yn 1963, mar yn dyn beleving kaam it der wol hiel ticht by!

Om healwei achten gie it oan. Fiif oere derôf, want wy mochten net te let komme fansels. Krekt echt, mei sa'n fyftich tochtriders yn in koai fan bouhekken. Fak Q hienen wy en dy letter moasten wy goed ûnthâlde, want as wy nei in klúnplak fierder ride moasten, moasten wy wer ynstappe yn de bus mei dizze letter achter it rút. It waar spile syn rol prachtich mei, it wie moai sinneskyn winterwaar mei temperatueren rûn it friespunt.

Wy binne sa'n tolve oeren ûnderweis west. Salang docht in betûfte dielnimmer der yn it echt ek ûngefear oer. Yn it echt hie ik no noch net thús west, mar hawar ik bin dan ek net betûft...

Yn de tuskentiid, tusken de tafrielen op de ferskate lokaasjes, koenen wy yn 'e bus lústerje nei moaie harkspullen mei ferhalen út de heroyske histoarje fan de tocht der tochten. De ferhalen wienen makke op it ritme fan de redens, op it ritme fan dyn hert: links, rjochts, links, rjochts hiel Fryslân troch... Doe't wy al lang thús wienen, hearde ik dat ritme noch. De ferwaarmingsbuizen tikten, mar ik hearde fan links, rjochts, links, rjochts. Sa as froeger. As jo fan de redens ôf op 'e wâl stapten dan wie it krekt as rieden jo noch.

Ja lêzers, dizze man hat yn syn jeugd op redens stien, mar doe't ik it ienichste stikje rûte fan de alvestêdetocht riden hie, hinne en wer fan Balk net Sleat, wie 'k der al wis fan: dit nea wer! Allinne yn 'e bus as op 'e fyts...

Dokkum wie prachtich! In moaie ferbylding fan it skilderij 'Elfstedentocht' fan Ruurd Wiersma.
By Wynaam, yn 'e keale wide greide oan 'e kant fan de Seisbierrumerfeart klûmen wy mei mei de riders Henk en Evert. Nuvere tinzen kin in minske dan ha. Mar dat is ek wol te begripen as jo allinne en yn striid mei josels yn dy fûle eastewyn ûnderweis binne nei dat fiere Dokkum.
Harns wie eksperiminteel, en ik fûn it prachtich! Wat in aparte lûden, wat in symbolyk en dat wie dus dat ritme fan dizze dei!
Yn Snits kamen de fraudeurs oan it wurd. Ha se ûnderweis oplein? Hoe sterk wie 'it pakt fan Dokkum' en wêrom wie ien fan de Wynia's út Nederlân wei gien?
Sleat wie alhiel yn alvestêdesfearen. Mei snert en roggebrea mei spek en prachtige lietsjes út de fyftiger jierren.

Ien fan de hichtepunten wie wol it ferhaal fan Wiebe yn Hylpen. Steand yn it wetter omdat hy troch it iis sakke wie, wie hy yn petear mei himsels en syn ferstoarne âlden. Moast hy no wol as net trochride? Moast dizze echte Kingma no opjaan?!
Underweis nei de finish hearden wy nei in prachtich harkspul oer de barre tocht fan 1963. Yn Ljouwert kamen wy yn it tsjuster oan, krekt sa as wy begûn wienen. Der wie net in krúske foar ús, want dat hienen wy dy moarns by de Bonkefeart ûnder begelieding fan in dweilorkest opiten. It koekje yn 'e foarm fan in alvestêdekrúske foel der wol yn. Fansels net in echt krúske, want it is ek net in echte tocht. En opfrette dy boel, jimme binne der noch lang net!

Binne wy ússels, krekt as by in echte tocht, krekt as Henk en Evert by Wynaam, ek noch tsjinkaam? Hienen wy ek in dip? Echt wol. Bale fan reisgenoaten dy't troch it harkspul hinne kwêkje, my steure oan ús begeliedster (foto beneden) dy't seit: eins mei 'k it net fertelle, mar ik doch it dochs... It ferfelend fine as minsken dochs foto's meitsje op plakken dêr't it ferbean is. It nuver fine as liket it dat guon op skoallereiske binne en oars net dogge as frette en nei de pishokken fleane. Je fernuverje dat wy minsken alle kjeld bûtenslute wolle troch jo yn de waar-en-wynpakken fan Gaastra te hysjen. Tinke dat sokke tochten nea wer komme omdat de ierde waarmer wurdt en omdat hjoed de dei alle risiko's útsluten wurde en bygelyks de hiele rûte by tsjuster ferljochte wurdt. En jo skamje dat jo yn 'e buert fan Dokkum wenje dêr't fandalen de húskes yn it wetter smiten ha.

Mar ik hie de tocht foar gjin goud misse wollen. Wat in prestaasje! En dat yn it foarste plak fan Tryater.

En de titel? Neffens de stappenteller dy't ik om hie, wie dit it tal stappen dy't ik dizze dei makke ha. Ik seach der, fanwege myn blessuere tige tsjin op, mar it gie geweldich! Miskien hat sa'n tocht ek wol in terapeutyske, genêzjende wurking...

Pleatst: 31-12-2008 / 11:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Stjoer ris in kaartsje...

Topdrokte foar postrinders. Lokkich steane se laitsjend op de foto...

Pleatst: 24-12-2008 / 12:08 oere - Reagearje? - Nei boppen

Jeugd...

Us boargemaster giet der, neffes de krante, mar prat op dat hy ôfrûne wiken by de doarpen lâns west is om mei de jeugd te praten. Dit om mei de kommende jierwiksel ûngeregeldheden foar te kommen. In moai inisjatyf en it is ek in goeie saak om regelmjittich mei jongere doarpsgenoaten te praten, mar se dogge krekt as is dat in wûnder! Hjir yn Hantum dogge wy dat al jierren.

Boargemaster Cazemier, no in grut mediatycoon, is ek wol ris by ús west om mei te praten. Dat foldie tige goed, Hantum waard altyd as foarbyld steld...

Justerjûn sieten wy wer mei ús jonge doarpsgenoaten om tafel. Om te praten oer de jierwiksel en der binne goeie ôfspraken makke, elk koe him dêr yn fine. Wy hoopje dan ek op in hiele gesellige âldjiersdei! It wie suver in noflike jûn yn ús doarpshûs, ús doarpsgenoaten wienen tige belutsen.

Ek ús doarpsbelang docht der alles oan om mei ús jeugd guon saken foarelkoar te krijen. Sa as in ballefanger op it sportfjild bygelyks. Al yn juny binne der winsken by de gemeente dellein. Mar it keallet o sa swier. Spitich, want lis dit soarte fan prosessen mar ris oan jongeren út. Alderen ha der al muoite mei, lit stean jongeren. Mar ek dat is in taak fan dit healjierlikse oerlis: útlizze hoe't wurket yn ús mienskip. Lokkich wol elk der nei heare en kamen wy oan it ein fan dizze goeie jûn ta de konklúzje, dat wy net kleie meie yn ús doarpke...

No de fisksteiger noch...

Pleatst: 23-12-2008 / 17:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

Van de os en de...?

In protte tiid hie'k deryn stutsen. Yn de presentaasje dy't wy brûke soenen by de krystfiering fan ús skoalle. Koe ek wol, want om't ik noch net folslein oan it wurk bin, hie'k it wol oan tiid. Plaatsjes, teksten, muzyk, ja sels in filmke hie'k yn 'e Powerpoint presentaasje ferwurke. Sa'n 34 dia's op in USB-stokje, klear foar it Krystfeest fan justerjûn!

It gie geweldich! Ek de apparatuur die it perfekt. Koe ek hast net oars, want om likernôch healwei trijen hienen wy it spul al klear setten. Grutsk klikte ik mei de mûs omraak om de bern by harren bydragen mei de dia's de stypjen. De lûdsprekkers moast ik noch mei de hân suniger sette, want dat ha'k noch net útfûn. Hast alles kin fia de kompjûter, mar dit moast noch analooch. Hindere ek neat, ik siet der dochs, hie'k njonken it klikken mei de mûs ek wat te dwaan...

Wy moasten noch sa'n 10 dia's en doe skeakele de laptop yn 'e sliepstân. Kin gebeure, even wer oanskeakelje en it feest gie wer fierder. Mar de laptop bleau útgean en op it skerm stie mei driigjede letters 'battery low'... Dat koe dochs net? De adapter siet yn it stopkontakt en it lampke fan de adapter brânde. Siet hy der net goed yn?

De hiele tsjerke oerstjoer. Alles foel stil. De minsken koenen Stille Nacht net út 'e holle, de bern koenen net mear sjonge want de begelieding wie útfallen, wy wienen de tried hielendal kwyt! Lokkich wie ús direkteur sa tûk en set útein mei syn krystferhaal. Dat stie net op 'e beamer, dat soe hy út 'e holle dwaan. Wylst koe ik moai it euvel ferhelpe. Mar ik koe der mar net achterkomme wat der oan de hân wie. Alles kloppe. Alles wie goed oansluten, der siet sels in briefke op 'e adapter mei de tekst: Netadapter voor de laptop. It koe net oars as de kompjûter wie stikken gien. Hy krige de hiele jûn al gjin netstroom en no wie, nei al dat digitale, multimediale geweld, de akku leech.

Doe't ús direkteur my nei syn sfearfolle krystferhaal hoopfol oanseach, koe ik oars net as mei myn flakke hân subtyl lâns myn hals snije... Dêr sitte jo dan. Technyk falt wei en jo kinne neat mear. No neat... Lokkich koe in groep harren ferske wol út 'e holle, want juf koe de begelieding ek al net mear fine fia har digitale skoalleboerd, dat fan need hienen sy de hiele wike dan mar sûnder begelieding oefene. As fielden se dit oankommen. En lokkich wie der noch in learling út groep fjouwer dy't himsels oanbean hie om op syn keyboard 'Jingle Bells' te spyljen. Oan it begjin fan 'e wike hie hy tsjin juf sein: 'Heeft deze ster ook een rol in de kerstviering?'

Mar dizze stjer soarge wol foar in geweldige ôfsluting, hy krige in grut applaus, de oanwêzigen wienen de dia's al wer lang fergetten!

Wylst de minsken bûten oan de poeiermolke noch even oan it neipraten wienen hoe't dizze steuring no dochs barre koe, kamen wy achter it probleem. It is sa ûnnoazel dat wy it hast net del doarre te typen. Yn de laptoptas sieten twa adapters! Ien fan de âlde PC en ien fan 'e nije. Want neffes de direkteur hie de feriening (dêr't wy de laptop fan brûkten) in nije laptop oanskaft mar wienen se fergetten de âlde adapter fuort te smiten. Ik tocht al wat passet dy adapter min! Mar ja, it moast de goeie wêze, der siet dochs in briefke op?!

Pleatst: 18-12-2008 / 22:17 oere - Reagearje? - Nei boppen


Glûpende kâld...

Justermiddei mochten wy mei ús koar de krystmerke yn Nijtsjerk opfleurje. Der wie in aardich ploechje sjongers oanwêzich op 'e gesellige merke dêr't it publyk it wat ôfwitte liet. Boppedat wie it aardich kâld. No ja kâld, neffes de alvestêdenoarm wie it tropysk, mar as âlde húshinnen binne wy dizze kjeld net mear wend. Guon hienen my dikke truien oan en wer in oaren hie de piamabroek ûnder de spikerbroek. Jo kinne ek oerdriuwe...

Lokkich stie der achter ús 'poadium' in houtkacheltsje te brânen en dy hâlde ús wat waarm. De kachelspiip rikke as in kalkoven en ûnder it sjongen moasten guon ek nuver hoastje, mar ach publyk wie der amper en it past ek wol wat by it wêzen fan it koar. Wy soenen, hoe tapaslik, Met de vlam in de pijp sjonge, mar dat wie net in krystferske en boppedat koenen wy de tekst ek net sa gau fine.

Us nijsjager en fotofreon Jochem Wiersma wie ek oanwêzich en hat foar de regioside Wâldnet aardige plaatsjes sketten. As jimme op dizze link klikke, kinne jimme syn foto's besjen. Hiel fleurich skriuwt Jochem ûnder ien fan de foto's: 'Hendrik bleef ondanks het koude weer de toetsen zonder fouten beroeren'. Mar hy hie ris witte moatten! It wie sa kâld dat wy de lytse knopkes hast net fiele koenen. Der sitte ribbeltsjes en dobkes yn de knopkes, sadat joe fiele kinne wêr't jo binne, mar de kjeld liet de fingers mar wat gokke en somtiden hie'k hielendal gjin idee wêr't ik mei dwaande wie.* Dan is it rjochterear ek noch hast dôf, dat ik koe ek net op myn gehoar ôfgean.

Letter ha wy noch binnen songen. Mei in bekerke Glühwein as treast. Dat wie wol tûk fan de ferkeapers, in plestik bekerke, want op 'e foto's liket it krekt as binne wy oan de kofje. En mochten jimme nijsgjirrich wêze nei dizze foto's, dan kinne jimme se hjir besjen. Mei tank oan Anja!

*) Ja ja, ik wit wat jimme tinke...

Pleatst: 14-12-2008 / 14:58 oere - Reagearje? - Nei boppen

Snertaksje...

It like my wol aardich en meitsje ris in panne mei snert! Net út in pak as út in blik, mar gewoan fan farske yngrediënten. Hjir en dêr hie 'k al ris wat hifke hoe't moast. Fansels by myn eigen mem, dy't al hast 70 jier in snertresept yn 'e holle hat, by kunde en op it ynternet. Fantasy spilet by it ultime snertresept in grutte rol. Dat sei myn mem ek al: 'Ik doch mar wat en as it te tsjûk wurdt, doch ik der gewoan wat wetter by...'

Woansdei wie't safier. Om't ik deis wat mear tiid ha, koe ik de snertsiederij aardich wat oandacht jaan. It gefolch wie dat ik om likernôch seis oere mei sa'n twa liter snert klear siet. Mar al wa't kamen, gjin snertleafhawwers. De iene gie nei de freondinne, de oare koe dy jûnes net en de lêste hie in itentsje fan it wurk. Nei't ik sels twa pannen leechiten hie, hie'k eins ek wol genôch. Moarn mar fierder sjen.

Lokkich hie'k de folgjende dei mear sukses en ha wy in aardich gat yn 'e foarrie slein. Ek ha wy noch in bakje fol yn 'e kuolkast setten, foar de leafhawwer! (=Hint foar de lêzers út Ternaard...)

It snerteksperimint kin as tige slagge omskreaun wurde. Mar nei twa snertdagen bin ik der no earst wol wat op útiten. Takom jier mar fierder sjen. Dan hâlde wy wer in snertaksje, want ik ha no letterlik de smaak te pakken!

Ite dat is mar in oanwenst, sei de boer, mar doe wie er sêd...

Pleatst: 12-12-2008 / 18:22 - Reagearje? - Nei boppen

Treffend!

Tige ferheard naam ik it pakje yn ûntfangst. Neffes de bern hie Sinteklaas dit freed foar my achterlitten. De Sinteklaas dy't dizze aardige surprize makke hie, stie suver te springen fan ûngeduld: útpakke master! Ik moat sizze, it pakje wie treffend! Allinne de kleur hier wie yn de jierren wat feroare, mar fierders kloppe it gesicht presys!

Der siet in hiel lekker kadootsje yn. Net alhiel goed foar it gewicht, mar ek dêr hie de Sinteklaas yn syn gedicht in passende oplossing foar:

Straks als u weer terug bent
En weer door de klas rent
En op het schoolbord krijt
Bent u uw buikje zo weer kwijt...

Pleatst: 09-12-2008 / 17:28 oere - Reagearje? - Nei boppen

Feestdrokte...

Dan bart der hiel wat, sa rûn it feest fan Sinteklaas. It begûn al op tongersdei. Moarns op AT-basis (Arbeids Therapie) oan it wurk. Dan sa fan slach wêze troch al dit wurk dat jo middeis op 'e ferkearde tiid by de terapeut komme om te trainen. Mar dat kaam ek om't de brieven net troch de brievebus pasten, om't se dy lytser makke ha fanwege it te ferwachtsjen fjoerwurk. Dan moat de boel nei Dokkum brocht wurde en dat hie'k wol oan tiid, want ik hoechde pas om fjouwer oere by de terapeut te wêzen. Tocht ik.
En dêr kaam ik de jûns pas achter!

Tongersdeitejûn yn 'e gedichten. 'Sinterklaas is ook weer in het land... en heeft ook wat voor jou meegenomen...' Skrasse, oar wurd sykje, wer de hiele jûn achter de PC. De freeds kaam Sinteklaas op 'e fjouwerHoeke. En fansels ek op alle oare skoallen yn Nederlân. Sinteklaas waard opsmynkt yn it boppelokaal, mar doe't de bern op it klimrek klommen, rôpen se allegearre dat Sinteklaas der al wie.. Sint wie wat hastich tink, want al ridlik gau sakke de snor nei in 'bedenkelijk niveau'. Mar it wie in moaie dei op de Hantumerhoeke. Juf Wilma hat in protte foto's makke. Under it motto knip mar raak. De helte ferdwûn dan ek yn de digitale prullebak. Hjir kinne jimme dizze foto's besjen: Sinteklaas op 'e fjouwerHoeke.

Op myn skoalle hie myn kollega ek in hiele protte foto's makke. Mar der sieten trije filmkes tusken! (Kin, mei in fototastel koarte filmkes meitsje...) Mar myn kollega hie net yn 'e gaten dat se filmkes makke, want oan it kommentaar by de bylden te hearen tocht se dat hy it net die. Op de side fan ús skoalle kinne nijsgjirrige lêzers dit filmke besjen.

De jûns in hiel gesellich Sinteklazefeest mei hearlik iten. Enchiladas. Wol ris fan heard? It smakke hearlik! Nei it iten gesellich wat pakjes en gedichten. En as ôfsluter de oangripende DVD 'Waar is het paard van Sinterklaas?' Jimme begripe it, wy ha it feest fan de âld man goed meimakke.

Fan 'e moarn moasten wy de krystbeam optuge yn ús doarpshûs. Lokkich wie der in bestjoerslid dy't holp, want allinne is noch wat te 'swier' want ik wie der ek al hinne rûn. Lokkich kin ik dat no sa stadichoan helje en hoech ik net mear op 'e fyts. Foar de statistisy: it is 1246 stappen... Wy ha it kalm oan dien mei de krystbeam, wy hienen it wol oan tiid en de kofje smakke ek bêst.

Thúskaam wie der alwer kofje en noch wat lekkers fan Sinteklaas, dat ek dit is wer in drege dei... Boppedat falt it net ta om in hûntsje mei in krystfersiering op 'e holle op 'e foto te setten. Want dat like Marten Remko en Mieneke wol aardich om dêr dan in krystkaart fan te meitsjen. Nei't it hûnstje hast in heale droege woarst opiten hie, wy ha alle wapens yn 'e striid goait om him mar kreas sitte te litten, sieten wy op't lêst mei 26 mislearre foto's en in mislike hûn. Wy moatte ta de konkluzje dat in krystmûtse net geskikt is foar sa'n bist...

En no moat ik noch in tal gedichten meitsje, want moarn komt Sinteklaas yn Warkum. Ik wie earst fan doel, om't ik no dochs yn 'e 'flow' sit, om dit ferhaal ek op rym te setten. Mar ik koe myn ynhâlde. Earst mar in bakje kofje. Is der noch in stikje banketletter??

Pleatst: 06-12-2008 / 16:39 oere - Reagearje? - Nei boppen

Feestmoanne... (2)

Pleatst: 03-12-2008 / 18:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Feestmoanne...

Dat wurdt wer in drokke moanne. Sinteklaas, Wilma har jierdei, de krystdagen en fansels de jierwiksel. Soe samar sa wêze kinne, dat de side yn dizze moanne wat 'tinner' wurdt...

No hear ik jimme tinken: net oan't wurk en dan smoardrok?! Sit wat yn, hoewol ik alwer foar trije heale dagen oan it wurk bin. Ik moat sizze dat it knap giet, der sit dúdlik foarútgong yn, mar wy moatte de holle derby hâlde, want it is noch net oer!

Mar om't ik net folslein oan 'e slach bin, wit elk my te finen. Kinst dit as dat ek even dwaan? En dan foaral kompjûterkluskes. Folderke meitsje, webside oanpasse, krystkaarten, gedichten en gean sa mar troch. Fyn ik moai en ik doch it graach...

Mar afijn, desimber is tradisjoniel in feestmoanne mei in hiele protte gesellige dagen. Wy ha der sin oan, lit it feest mar begjinne...

Pleatst: 02-12-2008 / 17:16 oere - Reagearje? - Nei boppen