It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
Us jier yn fûgelflecht... Dat stie achter op ús krystkaart. Troch op de lytse foto's yn de krystbeam te klikken, krije jimme en fergrutting te sjen en in pear wurden útlis.
Teaterduokrystkaart... En dit is al sa leuk. Dizze e-card hat ús technyske man makke dy't altiten mei ús op 'n paad is mei Klún & Knoffelhakke.
Godspeed, fair winds and following seas...
Yn de krystnachttsjinst fan ús PKN gemeente koe ik ûnder it bidden in glimke net ûnderdrukke. En guon fan it koar dy't de eagen iepen hiene, koene sjen dat harren fotograaf hast lûdop lake...
Us pleatslike shantykoor Rûm Sop wie útnoege om oan de krystnachttsjinst mei te wurkjen, se hiene spesjaal foar dizze tsjinst in krystrepertoire ynoefene. En de foargonger helle yn syn gebed it koar oan, dat sy mei harren sang mar foar in protte ynspiraasje soargje mochten.
Ik wol it net mei de gek beslaan, mar eins kinst dy gjin gruttere tsjinstelling betinke. De rûge shantymannen dy't de measte wille ha by harren repetysjes en útfieringen en dy't bekend steane om harren wrâldske repertoire... Vogeltje wat zing je vroeg en Aan het strand stil en verlaten... En dan meiwurkje oan in krysttsjinst. Foaroan yn tsjerke mei de reade bloeskes oan. Sûnder petsje, dat dan wol wer...
En dan hellet de foargonger sa'n 'goddeleas' koar oan yn syn gebed. Dat is dochs prachtich! (Hoewol ik my betink dat it wurd goddeleas wol wat negatyf oerkomme kin...)
Mar yn it fiere ferline wie it eins ek normaal. Dat de pastoor it skip en harren bemanning in goeie feart ta segene, mei weiwetterkwast en al. Lêst dit ferhaal fan Sail 2015 mar ris. Dan is it ek net sa frjemd dat dy stoere seemannen ris wat werom dogge foar de pastor... Mar it bliuwt in frjemde gewaarwurding...
En it sjongen? Dat wie prachtich, echt Rûm Sop, mar dan mei krystferskes. Prachtich dien en wat is it koar feroare. Foaral wat de muzikale begelieding oanbelanget. Sa leare jo it koar ek ris fan in oare kant kennen. En mei de seine fan de pastor kin it no allinne noch mar better wurde...
Miskien kin de pastor no ek wol lid wurde... Kin hy moai by optredens de boel oanelkoar prate. En it heart ek noch net iens ûnaardich: SOS gospelkoar Rûm Sop...
Kleur yn dizze dagen... In krystkleed op 'e tafel in doaske stiften en jo jouwe sa meielkoar kleur oan de reinige, stoarmige en donkere dagen foar kryst...
Tjip... Salang as wy winkelje yn Dokkum, sa lang hat Tjip ek de slachtersôfdieling fan de supermerk yn syn behear. Mear as 30 jier dus.
In pear wiken lyn hie ik in petearke mei Pyt, fan de grienteôfdieling. Hast like lang yn funksje as Tjip. Se moasten Tjip no misse, sa sei Pyt, de fleisôfdieling waard oanpakt en allinne noch mar foarferpakt fleis yn de skappen.
En Tjip dan? Om bedrijfseconimische reden ûntslein??
Nee, want neffens Pyt hie Tjip no de baan fan syn leven, hy hie no wurk krige by in bekende slachter yn Ternaard. Hiel wat oars as de supermerke, hjir koe Tjip him hielendal útleve en wie it wer ris wat oars as deis woarsten yn't plestik ferpakke.
It moaie is, dat de slachter dêr't Tjip no wurket ek it fleis levert oan de supermerke. In win-win-situaasje sa at se dat sa moai sizze.
En dat litte se ek witte, sa die bliken út it opskrift fan it pûn gehakt... Krystpost...
Wy begripe der neat mear fan! Der komme wol sa'n trije ferskate postbesoargers oan 'e doar, op 'e gekste tiden en der binne ek dagen, sa as op moandei, wurdt der net besoarge.
En dat yn 'e drokke krysttiid… As kloppet dit net… Want fan 'e moarn kaam 'gewoan' de postbesoarger lâns. En ek noch aardich betiid…
Op moandei? Juster wiene ús krystkaarten klear. Dy moasten mar net yn 'e brievebus yn Hantum, want dy wurdt allinne lege as der besoarge wurdt. Net op moandei dus, want dan wurdt der net besoarge…
Dan mar nei Dokkum, dêr steane noch âlderwetske 'grutte' brievebussen en dy wurde fêst jûns om 19:00 oere noch lege.
Ek net dus. Earstfolgjende lichting op moandei 17:00 oere. Miskien in oare brievebus? As dizze om 17:00 oere lege wurdt, dan de folgjende fêst om 17:15. It kosten dochs tiid om fan de iene nei de oare bus te riden?! (Wisten wy ûndertusken alles fan…) Wy ha hast alle brievebussen yn Dokkum hân, mar allegearre wurde se op moandei 17:00 oere lege. Tsjong, ik miende dat der besunige wurde moast. Mar dan wol allegearre tagelyk om 17:00 oere? Jaja.
Hawar, fan ellinde ha wy se op 't lêst mar yn de earste de bêste bus klapt. Dan sa mar. Jûns yn Hantum seagen wy op de brievebus dat de earstfolgjende lichting op moandei wie.
En de postbesoarger kaam fan 'e moarn ier en betiid lâns.
Begripe jimme it noch? Mar as ik de publikaasjes leauwe mei, komt de kaart krekt op 'e tiid… Pfffhhh…
Mar ik hie it fansels earst ek even opsykje kinnen... Krystingel... En fansels is ús lytsbern in ingeltsje...
Klik hjir foar in fergruting. Krystkoar... Even makke foar Rûm Sop.
Klik hjir foar
in fergruting. Oer âlde doaze sprutsen... Desimber 1981. By ús yn 'e strjitte. Us kever stiet op itselde plak dêr't ús auto's no noch steane en de huzen tsjinoer ús binne yn oanbou.
It keverke, dat ús poerbêst foldien hie, ha wy foar 50 gûne ferkocht. (Even sjen oft it wol goud is...) No binne se folle en folle mear wurdich. As ik der noch oer neitink...
Giet dit oer kryst? No, net echt, mar it skeat my yn't sin. It is wol desimber...
Desimber... De hiele moanne stiet it blog yn it teken fan de Kryst...
Miskien wol om't de kapster my frege oft ik de krystbeam al opset hie. Nee dus, foar de 16e gjin krystspul yn 'e hûs. It is in prinsipekwestje... Dat lit ik dan mar in digitale krystbeam optuge. Ek wol ris aardich...
En om in bytsje yn de sfear te kommen, hjir in gouwe ouwe... Mar wol echt bard!
|