Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
PKN Gemeente Hantum c.a.
KV DTL


Created with CoffeeCup HTML Editor

In sinnige kryst...

Guon dy tochten dat it in gedicht wie...

Op syk nei in moaie foto foar ús krystkaart, kamen wy dizze tsjin. Moarnsier op de Terpen, ús eigen strjitte, de sinne kaam prachtich op. Mei rjocht it lemieren fan de dei...

En dan allegearre moaie sinnige spreuken deromhinne en de krystkaart wie samar klear.


Klik hjir foar in fergrutting.

Pleatst: 24-12-2016 / 22:00 oere - Reagearje? - Nei boppen

En ien pake...

Leuk op it pjutteboartersplak fan 2 pakesizzers... In krystwurkje meitsje. En ek noch goed slagge!

Pleatst: 22-12-2016 / 17:59 oere - Reagearje? - Nei boppen

De kikkert op de (gouden) bal...

It soe krekt soksawat wêze as dat je tsjin de pleatslike kuorbalferiening sizze: jimme moatte tenei yn Ternaard kuorkebalje...

Hantum, alteast in diel fan Hantum, soe te lyts wêze!

Mar de gemeente tink dêr hiel maklik oer. Is dat in probleem? Dat de sportferiening ferhuzje moat om't de grûn wekker tute wurde moat?

Fansels is dat in probleem, ek yn Dokkum binne ferieningen hechte oan it plak dêr't se spylje en traine. Oer de grêft... En hoe dan? De Schreiersbrêge is ek al ferbean foar fytsers en kuierders. Hoe moatte de sporters dan op it nije plak komme??

En fansels is der wer in pôle jild kostjend ûndersyk oan foarôf gien. Mei allegearre wer iepen doarren. De minsken fiele harren dêr 's nachts net feilich. Traine dy fuotballers dêr 's nachts? En: wat ha jo dêr nachts te sykjen? Ik tink dat in protte Hantumers dat ek sizze: ik fiel my 's nachts net felich op it sportfjild. (Logysk mei dy feestfierende jeux-de-boulers...) Gean dan ek op bêd...

Hoewol... Dizze moaie folsin hie ik net betinke kinnen: Er zijn in het park cultuurhistorische elementen en structuren verborgen welke opnieuw betekenis kunnen krijgen cq. wakker gekust kunnen worden... In gewoan Frysk: Wy moatte de boel wat opknappe...

Dus sa dogge jo dat. Healwize sinnen betinke. Fandêr dat wy hjir hast neat foarelkoar krije. Nim no bygelyks dat bosk(je) achter ús strjitte. Wy wolle dat graach opknappe, mar soks moat by de helsdoarren weikomme. De gemeente seit dat it fan Staatsbosbeheer is en Staatsbosbeheer seit dat de gemeente mar mei jild oer de brêge komme moat... En de bewenners sizze: fuort dy troep, wy kinne Dokkum net lizzen sjen...

Wy moatte dat oars bringe...
Niemand van de Hantumers voelt zich daar 's nachts veilig. Het is een verloederd en verouderd bosperceel met een open structuur en ongelijke verdeling van de flora. Toch weten de bewoners dat er in het perceeltje cultuurhistorische elementen en structuren verborgen zijn, die opnieuw betekenis kunnen krijgen en wakker gekust kunnen worden...

De subsydzjes streame binnen... En wy hoege ek noch net iens te ferhuzjen. Mar wa sil de earste tút jaan?

Blèèhh... mei al dy hûnestront yn it gêrs.

Pleatst: 18-12-2016 / 15:36 oere - Reagearje? - Nei boppen

Talint...

Foar ien dy't noch mar seis jier is...

Pleatst: 11-12-2016 / 14:49 oere - Reagearje? - Nei boppen