It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
Straat op de Plaat... Yn 'e Dokkumer krante stiet elke wike in rubryk Straat op de Plaat. Dizze rubryk wurd fersoarge troch de bekende fotograaf Alex Bouma. Under de foto yn 'e krante wurdt altyd set hokfoar strjitte as buert de oare kear oan bar is. Dit kear de Hearewei en de Terpen út Hantum. It is fansels altyd de fraach oft doarpsgenoaten dizze oprop lêze, mar dat sjogge wy dan wol by de fotoshoot. Wilma ornearre al dat ik der mei in briefke by lâns moast, mar dat gie my te fier. Wy moatte ús buertgenoaten no ek wer net bedjerre, elkenien kin sels lêze en guon ha ik dat sels ek noch leard. Us buorfrou hie fia Hyves noch wol in oprop dien. Dat fûn ik dan wol wer aardich, mar ik tink dat mar in hiel lyts persintaazje fan al ús buertgenoaten op Hyves sit. Ik bin teminsten noch net in profyl fan buorfrou Sijens mei 567 freonen tsjinkaam. Hawar, der stie dochs in aardich ploechje foar de kamera. Der kamen sels noch guon oanfleanen, ynklusyf de skriuwer fan dit blog, dy't der ek noch by op woenen. Alex wie samar klear. Hy hat sa'n twintich plaatsjes sketten en wylst wy werom nei hûs ta rûnen, hie Alex al ideeën om hjir in skets foar Klún & Knoffelhakke fan te meitsjen. Want, sa fertelde hy, hy makke moaie dingen mei. Hy hie wolris meimakke dat der net ien opdagen kaam en dat hy dan mar in lege strjitte op 'e foto sette. Hy seach de komyske skets al hielendal foar him. Wy sille der ris oer neitinke. Miskien kinne wy Alex wol meinimme nei elk optreden en in nije rubryk mei him begjinne: Mei Klún & Knoffelhakke moaie plaatsjes makke. Ik tink dat dit in grut sukses wurde kin...
Noardewyn... (slot) Dêr is hy dan. De live-klip fan ús optreden yn Noardewyn. De goeie harker fernimt al in lyts flaterke, mar wa't de goeie útfiering heare wol, dy kin fansels ús CD keapje. Tsien euro. Gjin jild... En mei dit filmke komt der in ein oan de berjochtjouwing oer ús aventoeren yn Noardewyn. In prachtige ûnderfining!
Noardewyn... (2) Dat wie wol jiel gesellich, freedtemiddei yn 'e studio by Noardewyn. Gasthear en presintator Wim Brons hjitte ús tige wolkom en liet ús yn 'e kunde komme mei de technikus. Syn namme bin ik al wer kwyt, mar hy wie ek poergeskikt! Nei't wy wat ynsongen hienen, mochten wy ite yn 'e moaie omropkantine. Wy stienen al mei de ponge klear om de twa beskieden broadsjes te beteljen, mar wy moasten chippe mei in spesjale omroppas. Dêr steane jo dan mei twa kroketten. Jo fleane mei optredens hiel Fryslân troch, mar jo beskikke net oer sa'n chippas... Lokkich brocht Wim rêding. Hy fleach nei de kassa en rôp: dit is foar Noardewyn hjer! Hienen wy dat witten, dan hienen wy mear op en panne lein... Wim kaam by ús oan tafel sitten en ûnder it haffeljen ha wy it der even oer hân. Wie wol smout praat en sa kamen wy ek wat yn 'e kunde mei-elkoar en yn 'e stimming. Om likernôch tsien minuten foar de útsjoering sieten wy yn 'e studio klear, mar al wa't dêr wienen, gjin technikus en gjin presintator. Minsken, jimme moatte sa los! Fryslân wachtet op jimme! Ien minuut foar de útstjoering stapten se relaxed binnen. Giet dat sa? Wim kundige him even oan dat hy yn 'e loft wie en sette fuort in plaatsje op. 'Wolkom by Noardewyn en jimme kinne no heare nei...' Tsjonge, neat gjin stress fanwege binnenstoarmjende bern... Dizze start fan it programma sette de toan fan de hiele útsjoering: gesellich, noflik en ûntspannen. Hoewol... hielendal ûnspannen wie it net, want hjir en dêr waard der in flaterke makke sawol troch de presintator as de artisten. Mar hawar, dat passet ek wol wat by ús. No is der ek in youtube-filmke fan ien fan ús ferskes makke. Dat wurdt meikoarten op 'e youtube-side fan Noardewyn setten. Jimme moatte dit kanaal mar wat yn 'e gaten hâlde, dan doch ik dat ek...
Noardewyn... Hjoed begûn in kollega oer dit berjocht. Ik wist fan neat. Fansels wol dat wy útnoege binne, mar net dat it yn de Weekkrant Fryslân stean soe. Thúskaam soe ik it gau opsykje, mar Wilma hie it al dúdlik foar my op 'e tafel dellein! Dochs wol aardich... No oansteande freed allegearre mar harkje tocht ik sa...
Kalimero...
Glydskjend kamen wy justerjûn thús. Wy hienen nei de gearkomste fan ús doarpsbelang west. Boeiend! Nei't de gebrûklike punten oan 'e oarder west wienen, kaam ús foarsitter op 'e tekst oer syn striid tsjin de gemeente. It ferhaal fan de earme Don Quichot...
Jimme moatte witte dat wy in hiele fanatike en gedreven foarsitter ha. Boppedat sit de foarsitter ek yn de HCMCH. In moaie ôfkoarting foar de kommisje dy't de mooglikheden fan in nij multyfunksjoneel sintrum ûndersiket. Mei de klam op mooglikheid. Der is noch neat wis, en de gemeente hoecht allinne mar te sizzen oft it mei en oft it passet yn it bestimmingsplan. Mear net! Pas nei in jawurd fan 'e gemeente wurdt sjoen oft der sinten foar binne en oft der mei help fan ferskate fûnsen wat moais del te setten is.
Hearken, wat komt der dan wat los! Ús foarsitter hat wol in heal oere oan it wurd west. Wat in tsjinwurking, wat in sleau draaiende molens. (Dêr wie Don Quichot ek wer...) It is hast net te leauwen. Bart soks yn jo gemeente? En dan ek dat mjitten mei twa maten. Yn it iene doarp wol en it oare net. Der moat in bestimmingsplan foar de doarpen komme eart der sjoen wurde kin as de plannen der yn passe. Mar wêr is dat plan? Der is al twa jier oer praat wurden. En wêrom hoecht yn it buordoarp net op dat plan wachte te wurden en is der samar wat mooglik? Troch it fanatike relaas fan ús foarsitter like it wol as sieten wy yn in ôflevering fan De Rijdende Rechter as yn in útstjoering fan it doetiids ferneamde Ook dat nog...
Ús foarsitter wie op 't lêst sa teloarsteld yn 'e gemeente dat hy sels nammen neamde. (En om ús foarsitter te stypjen doch ik it ek mar...) De hear Pasveer krige it leksum. Dizze amtner sei fan alles ta, mar liet nea wat fan him heare. En soks kin gewoan trochwurkje en makket flater op flater. As wy soks dienen sieten wy al lang thús...
Ach, en dan binne der fansels ek de gebrûklike doarpssaken. De prullebakken, it hurde riden en it sâltekoart. En ek soks giet net samar mear by ús gemeente. Prullebakken by de picknickbankjes moatte troch it doarp sels lege wurde en fiskstegers wurde ferkeard oanlein en as hy der wer weihelle is, wit net ien mear fan in steger... En dan is der altyd wol wer ien dy't opmerkt: Dogge se dat yn Dokkum ek? Want wês earlik, it is altyd de striid fan de lytse Kalimero tsjin de oare sterkere en grutere piken , it gefjocht fan Asteriks en Obeliks tsjin de Romeinen.
Der wienen ek noch snelheidsmjittingen dien yn ús haadstrjitte. Der wie sels ien dy't hûndert jage hie. Wy hoegden der net lang oer nei te tinken wa't dat no wie. Wie was dat ook weer? Uiteraard onze 'snelle' vriend Pasveer... Bang dat hy oanhâlden waard en dat hy prullebakken leegje moast. En foaral ek bang dat hy alle folle prullebakken oer him hinne krige... Hantum lit fan him heare en ús doarpsbelang giet de striid oan. Hulde! Wat my oanbelanget neame se skielk in nije multyfunksjoneel sintrum it WTC. Dat hat ús foarsitter dan ek wol fertsjinne...
Horst... Ha se dy dêr net hâlden? Dat is fansels de reaksje op jo ferhaal fan de besite oan de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Freedtejûn binne wy mei alle geledingen fan ús skoalle op wurkbesite west nei dit moaie karakteristike kompleks yn ús haadstêd. Ach, fansels gjin wurkbesite, mar ekskurzje... Nee, se ha my dêr net hâlden, want dit kompleks is al twa jier net mear yn gebrûk. Ôfkard fanwege de brânfeiligens. Foar safier sok deeglik metalen en betonnen guod brâne wol... Horst, in finzenisbewarder, ik meitsje der mar in moai Frysk wurd fan want wat Horst no yn it echt wie, bin ik alwer fergetten, in PIW-er as sokssawat, die de rûnlieding. Horst wie al mei pensjoen en om noch wat ôf te kikken die hy soksoarte fan putsjes op syn doetiidske wurkflier. Horst wie yn unifoarm, mei in grut bosk kaaien oan syn rym. In bewarder pur sang. Hy wie der dan ek grutsk op. Horst wie in man fol ferhalen en aardige anekdoates. Syn wurden sette hy krêft by mei alderhande 'foefkes'. De doar op in spesjale wize iependwaan, de besikers foar him hâlde en foaral ek twingend en tige korrekt syn hannelingen útfiere, as soe der elk momint in finzene ûntsnappe kinne. Syn eagen gienen oeral en om 'e haverklap rammele hy wer mei syn kaaien om ien as d'oare doar iepen te meitsjen. De ekskurzje makke yndruk!. In aparte wrâld, it finzeniswêzen, in aparte manljuskultuer mei syn eigen wetten. Mar Horst wie der grutsk op dat hy diel útmakke hie fan dy wrâld, as in sichtber neitinken liet hy ús de groede ûnder syn kin sjen. Dêr hie hy in mes tsjinoan hân. Lokkich wie it goed ôfrûn. It simmerferbliuw is my it measte bybleaun. As finzenen net om lyk woenen, moasten se nei dit ferbliuw. In aparte sel yn in úthoeke fan dit monumintale gebou. Yn 'e sel hienen de finzenen neat. In matras op in kâlde flier en in betonnen húske yn 'e hoeke. Mei allinne in oranje oerstrûper oan, moasten se dêr harren ekstra straf útsitte. Horst fûn it prachtich. Mar neffens him wie it noch wol humaan want de iene sel yn it simmerferbliuw hjitte Turkije en de oare Marokko. Krekt as wienen se even op fakânsje. Mei in gesellich hapke en in koel drankje ha wy noch even neipraat oer dizze rûnlieding. En kinne wy dêr ek wat fan leare as ûnderwiisminsken? Ik tink it wol... Wy moatte de bern hoedzje en sa opfiede dat se nea yn harren libben yn sa'n gebou telâne komme... Hoewol... as Horst troch de gongen fan de skoalle banjerje liket my wol wat. Net om lyk wolle? Op nei it Amelân. En dan meie de lêzers ynfolje wêr dat wêze sil yn ús smûke skoaltsje... De sniehynders... Foar de leafhawwers (en famylje) ûnder de koade in aardich filmke fan de sniehynders Hidowijn en Menta. De oplettende lêzer hat fansels al opmurken dat de foto hjirûnder net alhiel kloppet, mar dizze foto is in oantal jierren lyn naam. It filmke is aktueel! Fan boppe nei ûnderen... Fan 'e wike moete ik yn Stenden University in kollega út Aldemardum. Liket wakker gewichtich, Stenden University, mar it is gewoan de PA yn Ljouwert. Ek dizze oplieding is opfleure mei in poehaderige namme. As de studinten no ek better waarden, dan wie sa'n namme noch legitym, mar... Hawar, in kollega út Aldemardum dus. Aldemardum leit yn it moaiste gedielte fan Fryslân! En omdat myn roots dêr ek lizze ha jo fuort praat. It die bliken dat Johan út Nes kaam. Hjir út Dongeradiel. Dat wie grappich! Ien mei de roots yn Gaasterlân, dy't ferhuze is nei de klaai, praat mei ien mei roots yn 'e klaai dy't ferhuze is nei Gaasterlân. Fuort skeat my troch it sin oft dizze lânferhuzer no ek langstme hie nei de klaai. Ommers de skriuwer fan dit log stekt nea ûnder stuollen as banken dat hy dochs wol ris de moaie beammewrâld fan Gaasterlân mist. Doe't ik him dizze fraach foarlei sei hy: 'Bist mâl! Ik wol nea werom. Ik wenje dêr sa moai... Man, op 'e klaai wennen wy sawat tsjin de seedyk oan. Altyd dy wyn en altyd dat klapperjen fan 'e dakpannen by stoarmich waar. Ik moat der net oan tinke...' Sjogge jimme no wol?! Ik ha it altyd al sein, it is dêr prachtich! Ien fan 'e klaai dy't nea werom wol nei dy kliemske grûn en no ferknotte is oan it lânskip fan súdwest Fryslân. Jo moatte dochs wol hiel bysûnder wêze as jo hjir by ús yn Dongeradiel wenje wolle... Is dat no in kompliment? |