Sân brieven…


Tsjin myn gewoante yn ditkear in Hôllansktalich ferhaal. Yn it Hollânsk omdat it meikoarten yn ús doarpsblêd publisearre wurdt en wy safolle mooglik lêzers berikke wolle. Mar op dizze webside de primeur! Want it is en bliuwt bysûnder… 


Zeven kaarten…


Zeven kaarten heb ik jou geschreven

Zeven kaarten uit dat verre land

Maar een antwoord heb ik nooit gekregen

Eenzaam sta ik hier nu in de krant…


Maar we zouden de kop van dit verhaal ook kunnen wijzigen in Opsporing verzocht.

We gaan dit uitleggen…


Sinds het bestaan van onze 4H dorpen website, wordt na het verschijnen van de papieren Hichtepunten een digitale versie op deze website geplaatst. Handig voor (ex) dorpsgenoten die buiten onze dorpengemeenschap wonen, immers zij ontvangen geen Hichtepunten in de brievenbus. Zij kunnen op deze manier ons onvolprezen dorpsblad op de verschillende schermen lezen, tot over de landsgrenzen!


Zodra de Hichtepunten gedrukt, geniet en rondgebracht is, plaatsen we deze online. Het is natuurlijk niet de bedoeling dat ons dorpsnieuws eerst in de Cloud te lezen is, de papieren versie krijgt voorrang!


Dat plaatsen laat soms even op zich wachten. De webmaster moet er even voor gaan zitten, de digitale versie moet binnen zijn bij de webmaster en je moet de plaatsing niet vergeten! 

Over het algemeen is dit geen probleem en binnen een niet al te lange tijd is ook het online exemplaar worldwide beschikbaar!


Toch zit er een trouwe lezer op het vinkentouw! Want op het moment dat het digitale dorpsblad niet binnen een week na het verschijnen van de papieren evenknie op de website staat, worden we hier aan herinnerd en ontvangt onze voorzitter een vriendelijk herinneringskaartje in de brievenbus. Waarom staat de Hichtepunten nog niet online?


Attent, nietwaar? Ook de commissieleden worden een dagje ouder en middels dit kleine gebaar wordt onze webmeester weer op scherp gezet.


Maar toch roept deze ogenschijnlijk onschuldige actie vraagtekens op. Want immer valt het kaartje zonder afzender in de brievenbus en bovendien ook nog ongefrankeerd. En nee, de aardige verzender brengt hem niet persoonlijk langs, want de week daarop ontvangen we op hetzelfde postadres een minder vriendelijk kaartje van postnl met het verzoek om de ongefrankeerde kaart alsnog te betalen.


Een incident?


Aanvankelijk dachten we dit en schoven we deze geste achteloos richting papierbak, immers ons beleid is dat we aan anonieme bijdragen en post geen aandacht besteden. Maar aangezien het nu al de derde keer is dat we een dergelijke ansichtkaart hebben ontvangen, is er geen sprake meer van een incident, maar van een gerichte actie! Inmiddels zijn we al een aardig bedrag verschuldigd aan de postbezorging, want zoals gezegd steeds weer zonder afzender en zonder postzegel!

Daarom doen we hierbij een oproep aan de anonieme zender om zich kenbaar te maken bij de commissie. Dan kunnen we eindelijk eens samen een kopje koffie drinken en even bijpraten, want de kaart is altijd dezelfde: een kopje koffie met de tekst Te lang heb ik niets van mij laten horen…


Bovendien kunnen we dan ook vragen naar zijn adresgegevens want dan kunnen we als dank voortaan de Hichtepunten via de post naar hem/haar opsturen, dan hoeft deze arme lezer niet meer elke keer zijn computer op te starten om te controleren of de commissie weer in gebreke is gebleven. Uiteraard versturen we de papieren Hichtepunten ongefrankeerd, we zijn niet helemaal van gisteren…


Bij dit stukje ziet u het betreffende poststuk afgedrukt. Herkent u zich hierin? Of herkent u wellicht het handschrift? Laat het aan de commissie weten. Dan kunnen we de aardige kaartstuurder op een passende manier een antwoord geven op zal zijn vragen. Koffie en cake zullen daarbij niet ontbreken…


Iedere keer denk ik weer

Ach, waarom doe je ons hart zo'n pijn

Omdat wij niet alert genoeg zijn?

Als ik kon dan vloog ik met gemak

Naar jou met koffie en gebak!


Zeven kaarten heb ik jou geschreven…
Enz. 









Pleatst: 21-02-2022 - 13:49 oere - Reagearje? - Nei boppen

Doarpsfeest…


Ik lies yn de hûs-oan-hûskrante dat ús feestkommisje de fergunning foar it twa jierlikse doarpsfeest oanfrege hat. Eins hie dat feest plak fine moatten yn 2021, mar it is wol dúdlik wêrom dit de foarige kear net trochgien is. Moai dat de kommisje fan plan is om it dit jier wol te organisearjen, wy binne der wol wer ris oan ta…


Mar as der dan noch hieltyd maatregels jilde? Moatte wy it feest dan wer skrasse? It is net te hoopjen. Dêrom doch ik hjir it tal foarstellen wêrmei it feest ûnder alle omstannichheden trochgean kin. Want feest sille wy fan’t jier fiere!


Wy begjinne mei de sinteraasje. Foarôfgeand oan it feest komt de kommisje der by lâns mei de donaasjelist. Der by lâns kin noch hieltyd, mar der wurdt net oanbelle. De kommisjeleden triuwe in stinsel troch de bus mei dêrop in QR-koade.  (Wol dúdlik derby skriuwe dat it in QR-koade foar in bydrage foar it doarpsfeest oanbelanget, want QR-koades lizze gefoelich hjoed oan de dei…) Dizze koade ferwiist nei de bank en de doarpsgenoaten kinne sa, alhiel op ôfstân it jild oermeitsje. Fansels kin de koade sa oanpast wurde dat der altiten €150,- oermakke wurdt, mar dat is net oan te rieden. Dan helje wy it feest net iens…


Feesttinte in slachje grutter. Mei sa’n moai sportfjild ha wy genôch rûmte, dat dan kin der by in besite oan de tinte genôch ôfstân hâlden wurde. Fia de app kinne der drankjes besteld wurde en dy steane dan oan’e ein fan de bar klear om ôfhelle te wurden. Fia dyselde app wurde der fan te foaren finkjes besteld en betelle en by elk drankje wurde der finkjes fuorthelle. Dit konsept is noch net alhiel wetterticht, mar wy hawwe noch wol even tiid om it te perfeksjonearen. 

Ek kinne de lju fan de betsjinning der foar kieze om de feestfierders Tikkies te stjoeren. Yn de kantine op it sportfjild wurdt in Tikkiesintrum ynrjochte en elke kear as der in bestelling ôflevere is, giet der in gjalp rjochting dit Tikkiesintrum: Tikkie foar Kees, 17 euro…! Foar notoare ynnimmers stiet der standert in Tikkie klear dy’t mei ien klik op it skerm de feesttinte ynjage wurdt. Foar dy pear doarpsgenoaten dy’t net in tûke telefoan ha, is der yn dat selde Tikkiesintrum in kassa oanwêzich.


Muzykgroepen dat kin fansels ‘gewoan’ trochgean, dy sitte faaks yn harren eigen muzykbubbel. Mar net elkenien is tagelyk wolkom, wy ferdiele de jûn yn trije ferskate bubbels. Earst de bern oan’t 21:00 oere en fan njoggen oere ôf de pakes en beppes. Dy kinne harren dan even útlibje oan’t 23:00 oere. Dêrnei it âlde spul nei hûs om rûmte te meitsjen foar it jongfolk dy’t de jûn folmakket en ôfslút. Foardiel: pakes en beppe kinne moai oppasse! Fansels alles op oardel meter. Eventueel kinne wy foar polonêze-achtige aktiviteiten fan dy swimslangen klear lizze, sadat wy dochs rigen meitsje kinne. Wy kieze foar swimslangen om’t dy licht, sacht en sa’n oardel meter binne. Mocht it dan út ‘e hân rinne, dan falle der net al te folle ferwûne doarpsgenoaten.


Foardiel is ek dat de muzyk de te spyljen nûmers kreas yn sjenres yndiele kin. Earst de berneferskes mei Dikkertje Dap, Kabouter Plop en de Zevensprong, dan de gouwe ouwe mei de Selvira’s, Corrie en de Rekels, Willy Alberti en de Wiko’s en de lêste oerkes de healwize muzyk fan dat moderne rap-spul…


Ek ha ik noch wol wat oare moaie aktiviteiten dy’t oerdei hâlden wurde kinne. In fytstocht is fansels altiten goed. Meielkoar kofjedrinke en pankoek ite kin moai bûten en mooglik kin elke famylje harren eigen pankoeken bakke en sels in termosflesse mei kofje meinimme. Stroopflessen en poeiersûker kin de kommisje der wol mei karkes by lâns bringe…


Dan noch wol in aardige aktiviteit foar in bûnte jûn: doarpsgenoaten riede. Fanwegen de mûlkapkes rinne doarpsgenoaten elkoar straal foarby wylst wy wûn binne om elkoar te groetsjen. Mar ja, wy werkenne elkoar net mei dat spul foar de mûle. Sa sei in bekende doarpsgenoat tsjin my, doe’t wy tegearre foar de baly by de húsdokter stiene en ik har groete: Ik sjoch it even net… Mar doe’t ik it mûlkapke nei beneden die, pûkere se wakker om’t sy dat net mei de earste kear sjoen hie. 

Fan sokke misferstannen kinne wy op it feest moai gebrûk meitsje. De strjitten sitte byelkoar oan in tafeltsje, nei’t se nei in selstest tagong krigen ha ta dit spektakel. Papier yn ‘e oanslach en om bar ferskine der doarpsgenoaten mei mûlkapkes foar op it poadium. En om’t it feest is, meie se harren ek healwiis ferklaaie. Dat makket it allinne mar hilarysker. De spilers fan de strjitte mei de measte punten ûntfange in spesjaal makke mûlkapke fan kreaze en djoere stof, mei it opskrift: Op dit feest hiene wy de grutste mûle!


Fansels wurdt it feest ôfsluten mei in tsjerketsjinst op de snein. Dizze kear dogge wy dizze tsjinst alhiel online. De tsjerke hat moai ark om soks mooglik te meitsjen boppedat kinne sy der mei omgean, dat sa’n online tsjinst wurdt foar elkenien in makkie. Foar de sfear hâlde wy it wol yn de feesttinte, mar mei safolle technyske minsken yn it doarp moat it oanlizzen fan de technyk en de útstjoering in peace of cake wêze.


Wy meitsje de tsjinst ynteraktyf troch gebrûk te meitsjen fan in spesjale app-groep. Under de tsjinst kinne de sjoggers dan moai reagearje op fan alles en noch wat. Reagearje op de preek, op de muzyk, de ferskes, op it byld it lûd en gean sa mar troch. De tsjerkeminsken binne wol wat wend, want yn de lockdowns wiene sokke ynteraktive tsjinsten hiel gebrûklik. 

Om de doarpsgenoaten op skerp te setten, sette wy by de earste wurden fan de foargonger it lûd út, sadat de tinttsjinstgongers fuortendaliks reagearje kinne mei sokssawat as: ik hear neat, it lûd stiet wol tige sacht as it byld dat stiet stil… Om alhiel yn de feeststimming te bliuwen krije de earste reagearders konsjumpsjefinkjes tastjoerd. (Dy’t se dan wer foar de kollekte brûke kinne…) Ek kin der foar keazen wurde om de orizjineelste reaksje te beleanjen mei in publykspriis.


Dan as lêste noch even in tip foar de bekende bruorren dy’t harren altiten sa moai útlibje yn de optocht en elk feest wer prachtich foar it ljocht komme mei in orizjinele kreaasje. Dit kear kinne jimme moai in mobile priklokaasje meitsje. As sa as jimme wolle: in prikbus. Foar dy prikken kinne jimme fan alles brûke. Priklimonade, satéprikkers, rommelprikkers as punêzes. Sa kinne jimme op ludike wize doarpsgenoaten dy’t noch net faksinearre as boostere binne dochs moai ynintsje. Sels kinne jimme jim hielendal ferstopje yn sterile skelken, plestik kappen en rubberen moffen. Foardiel is ek dat jimme net werkend wurde en jimme de jûns by it spultsje doarpsgenoaten riede, moai de haadakt foarmje kinne.


Hawar, der is fansels noch folle mear te betinken, sa ha wy it noch net iens oer fierdere ynfolling fan de fersierde weinen hân, mar ik wol fansels ek net it gers foar de fuotten fan ús kommisje weimeane. Ik tink dat se sels wol sa kreatyf binne om in koronaproof feest op poaten te setten. Lit dit stikje mar in earste oanset wêze, want sa as ik al earder sei: wy bin wol wer ta oan in feestje!




Pleatst: 07-02-2022 - 12:43 oere - Reagearje? - Nei boppen

Even by de foto’s…


Besjogge jimme de foto’s yn de header wolris? Meastentiids binne dat foto’s dy’t de ôfrûne moanne makke binne. Foar ien kear doch ik even in útlis by de kar fan de foto’s…


1. Hoe riker hoe briker…

Yn 1984 spilen wy mei it Hantumer Ploechje it toanielstik: Hoe riker hoe briker. In prachtich stik dêr’t wy in protte mei op stap west binne. Ik leau dat wy it rûnom sa’n 7 kear spile ha en dat wie foar ús begryp in protte. Dat stik hat wol yndruk makke, want bytiden wurdt it noch hieltyd by ús yn’t sin brocht. Ik spile doe Joast, de butler mei syn karakteristike útspraak: Hat mynhear noch oare winsken…? Ek kaam dizze foto de lêste wiken in pear kear foarby op de Facebookside Door de lens fan Alex Bouma, de bekende fotograaf. Dizze foto is dan ek fan syn hân. Fan Alex moasten wy altiten in hâlding út it toanielstik oannimme.

By in fotosessy fan in oar toanielstik sakke Alex ris troch in salontafeltsje by it meitsjen fan de foto, want ek hy socht faaks by it fotografearjen in oare ynfalshoeke. De frou hat wol in wike lake…


2. Twa dielen…

By myn kuierkes meitsje ik wol gauris wat foto’s. De beam ferdielt it lânskip moai yn twa kleuren…


3. Omjouwing…

Us lânskip yn dizze tiid ta de teannen út. Keal griis en grau…


4. Winter 2022

(Lês ek 3) Ik ha der ris oer skreaun:


Tsjustere dagen foar kryst

Asto troch de greiden rinst

Liket alles grau en tryst


Sompet de wiete klaai dy ta

Datst dy hast net foarstelle kinst

Dat de beammen ea wer blêden ha…


En dat kloppet noch hieltyd…


5. Seage en hakke sil der wurde…

Yn dizze tiid is ús gemeente drok oan it snoeien. Bytiden komt dat wolris wat oerdreaun oer…


6. Pake Prûm..

No dit slacht wol alles. Dizze kaam ik tsjin doe’t ik mei ien fan de pakesizzers fanwegen karantêneperikelen dwaande wie mei it skoalwurk. Binne dit de pake’s fan tsjintwurdich? Ik sil gau om in stôk út. Hoewol… ik mei wol graach in kuierke meitsje mei myn bosk-stôk


7. Mexikaans…

Us âldste pakesizzer woe graach itensiede. Mexikaans, se ornearre hy. Dat pake om de yngrediïnten út en de pakesizzer oan it sieden. It smakke bêst! Dat dit kin wol wer ris…









Pleatst: 01-02-2022 - 13:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2022