Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Gjin krassen!

Moai dat jo sunich binne op de nije flier! Mar as der in protte minsken komme op 'e jierdei, dan moatte der stuollen by set wurde. Túnstuollen bringe dan útkomst. Mar dan wol mei beskerming, want der meie gjin krassen komme op it laminaat. Moai útfûn! En dan ek noch yn bypasjende kleur. Kin sa wol sitten bliuwe ...
Mear foto's fan it jierdeisfeest ûnder de koade.

Pleatst: 28-02-2007 / 18:46 oere - Reagearje? - Nei boppen


Muoike Bep...

Doe 't ik hjoed wat oan it himmeljen wie (Dêr ha jo moai tiid foar yn 'e fakânsje...) kaam ik dit boekje tsjin. Wilma hat it ea krigen fan in doarpsgenoat. Ik nim oan dat de toanielklup it doetiids ris spile hat. Nuver dat it wol yn it Hollânsk is. Mocht der froeger net Frysk praat wurde op it toaniel? It is in klucht yn 2 bedriuwen foar 7 dames. Ek doe hie de toanielklup al ferlet fan manlju... Soe miskien wol aardich wêze om dit stik wer ris te spyljen.

Koe trouwens nearne gewaar wurde oft dizze útjouwer noch bestiet. Google jout hielendal gjin resultaten as jo ien fan dizze trefwurden yntikke. Miskien is it wol in unyk boekje! Mar ris nei Tussen Kunst en Kitsch.

Pleatst: 27-02-2007 / 17:26 oere - Reagearje? - Nei boppen


Amer...

It is mar goed dat Geurt Pieter Maassen van den Brink hjoed belle, oars hienen wy de foto's fan him nea fûn. Minsken fine wat út as wy net thús binne... Sjoch meikoarten op dizze side foar inkelde fan dizze foto's. En eh... ús knyn sei wer neat fansels. Hie Geurt der ek noch oan tocht om de DVD net ûnder mar yn it kninehok te lizzen...

Pleatst: 26-02-2007 / 22:52 oere - Reagearje? - Nei boppen


De boer is troef...

As jo troch de wike op 'en paad gean mei it kabaret, dan is it wol noflik dat jo dan in wykein 'frij' binne. Mar dan wurde der wol alderhande oare aktiviteiten pland... Sa klaverjasse wy ien kear yn 'e safolle wiken mei myn skoansuster en har man. Mar dat kinne ek bêst moannen wêze, want wy ha der gjin fêst ritme yn. Wy sjogge der altyd wer nei út, want it binne hiele gesellige jûnen mei in soad wille. Boppedat binne wy dan krekt begjinners, want faaks ha wy ús kaarten iepen op 'e tafel lizzen, melde wy elkoars rûm en pakke wy wer de kaart fan tafel dy 't op oanrieden fan in mei- as tsjinspiler ferkeard opsmiten is.

Oan it ein fan 'e jûn wurde de punten opteld en komt dat op 'e skoarelist. Oan it ein fan it klaverjasseizoen traktearje wy elkoar dan op in útsje en moat de winner alle kosten betelje. Jimme begripe geselligens is it wichtigste en by tafal wurde dêr dan kaarten by brûkt...

Ofrûne sneontejûn stienen myn sweager en ik yn in útsichtleaze posysje, mar doet hy sei: 'En nu is het gebeurd met dat geluk van jullie', gie it ynienen in stik better mei ús en wûnen wy mei in tige lyts ferskil. Wy moasten beide wol op it útfanhuzersbêd sliepe, mar ach, sa faak binne wy ús froulju net de baas... ;-)

Pleatst: 26-02-2007 / 20:31 oere - Reagearje? - Nei boppen


RedBull-tsje...

Om't de RedBull op stâl stiet (pech, witte jimme noch wol?!) ha wy no in lyts koekblikje fan Bart te brûken. No dêr ha wy ek alwer fan alles mei belibbe! Hy wol foaral net starte. Mar hjoed wie hy foar it lêst en komt grutte broer wer werom.

Juster kaam der ek al in âld learling hiel ferheard by Wilma yn 'e klasse. 'Wat hat juf dêr foar snelheids meunster stean... Past juf dêr wol yn?' Mar wy wienen der moai mei rêden, starte as net starte, sa'n licht blikje slacht samar oan nei in pear meter triuwen...

Pleatst: 24-02-2007 / 17:24 oere - Reagearje? - Nei boppen


Hoera...

Pleatst: 24-02-2007 / 14:40 oere - Reagearje? - Nei boppen


Merelhof

Der binne lêzers, dy 't op dizze side neilêze wolle, wêr't wy mei Klún & Knoffelhhakke west binne te optreden. Ach, elk hat sa syn eigenaardichheden... De iene sparret aaidopkes en in oar wol witte wêr't de mannen no wer west binne. Wy wienen tongersdeitejûn yn Drachten. Yn de Merelhof om krekt te wêzen. In wengroep foar jeugd fanôf 50 jier... In hiel gesellich plak, mei noflike minsken en hearlike 'beppesop' mei broadsjes en in glês sûpe...

Pleatst: 23-02-2007 / 20:56 oere - Reagearje? - Nei boppen


Knoffelich boerd...

Mochten jimme de premiêre mist ha, dan 30 maart allegearre nei de Broek! Tink wol om de tiid werop de kaarten kocht wurde kinne... :-)

Pleatst: 23-02-2007 / 20:49 oere - Reagearje? - Nei boppen


Doarpsbelang

Ofrûne moandeitejûn hiene wy doarpsbelangfergadering. Eins moatte jo gearkomst sizze, mar dat seit net ien by ús yn Hantum, want as jo sa begjinne te praten, steane jo sa foar de FNP op 'e ferkiezingslist foar de provinsjale steaten...

It binne altyd moaie jûnen, mei in protte doarpsnijs en doarpsûntjouwingen. It bestjoer fan it doarpsbelang gie hielendal mei yn 'e tiid en presentearre de jûn fia in beamer op in grut skerm. De bewegende bylden ûntbrieken der noch oan, mar dat sil fêst net lang mear duorje.

In moai ûnderdiel fan sa'n jûn is altyd wer 'roept u maar'. Sa stiet dat fansels net op de aginda, mar sa giet it alle jierren wol! Op 'e aginda stiet dan soksawat as: 'Prioriteiten voor het komende jaar' en dan witte de oanwêzigen dizze prioriteitenlist altyd wer oan te foljen mei saken dy 't harren, faaks yn eigen buert as strjitte, dwaande hâldt.

Sa kaam ek de wjerynrjochting fan ús haadstrjitte oan 'e oarder. Neffes de oanwêzigen wie de oanleine ferkearsremjende bult op it krúspunt midden yn it doarp in ôfgriis foar de âlvestêdefytsers. Der soenen fêst ûngemakken barre. In oar ropt der dan oerhinne dat dat fêst wol wat tafalt, want it koar Rûm Sop stiet ek op dy hoeke en dat skrikt sa bot ôf, dat de fytsers rûm de bocht nimme en sa de bult kreas ûntwike. Wer in oar rôp, dat der ek al fytsers binne dy 't fanwege it koar oer Ternaard ride, sadat se de bult (en it koar...) nea foarby komme. Jimme sjogge it, it doarp stiet hielendal achter dit jierlikse muzikale inisjatyf...

En dan fansels de ôffierputsjes dy 't sa heech lizze, dat it wetter der net ynstreamt. As de kaaien fan de sâltbak dy 't weirekke binne en dat der dêrom hoopt wurdt op foaral gjin glêdens...

No ja, doarpsbelang koe yn elts gefal melde dat wy wer in wykplysje ha. De gemeente hie dat al hast in jier lyn bekend makke, mar oan 't no ta wit net ien wa 't dat is en wa 't hja oansprekke moatte by kalamiteiten. It sil wol in geheim-agint wêze, dy 't sûnder dat wy it witte elke dei troch it doarp kuiert op syk nei kaaien en te heech lizzende wetterputsjes.

Ik wit it al wa 't is! Hy wennet by ús op 'e buert en makket elke moarn betiid syn rûnte. Op 'e fyts, sadat hy ek fuortendaliks de ferkearsremjende bulten en drompels útprobearje kin. Wy hoopje allegearre dat hy ris ûnderútglidet om't der net struid is... En dan sjonge wy him mei it koar ta: 'Een agent kwam voorbij en weetje, weetje, weetje wat-ie zei... Nou...?'

En witte jim hoe 't ferske fierder giet? Dan meie jim reagerje. De kreatyfste oplossingen wurde pleats op dizze side. Der is gjin priis oan ferbûn...

Pleatst: 21-02-2007 / 22:31 oere - Reagearje? - Nei boppen


'Oldtimer...' (2)

Fan 'e jûn moasten wy mei Rûm Sop yn Ljouwert sjonge. Ik tocht handich te wêzen en gean rjochtstreeks út myn wurk nei Ljouwert. Is mar in hoannestap, is't net sa? Ik wie wer yn de RedBull en dy die wat dreech...! Skeakeljen gie wat stroef, it kreake nochal wat en ik begûn my soargen te meitsjen. En júst op dat momint traape ik yn ien kear it koppelingspedaal yn. Der wie wat mis en de auto woe net mear yn 'e fersnelling! Dêr stie ik, midden op 'e rotonde yn Ljouwert. Allegearre auto's dy 't toeterje mar helpe, ho mar!

Dat ik de auto op 'e stoepe skowe en belje. Lokkich wie Bart genegen en helje de auto mei de karre op. Mar de auto stie noch midden op it paad. Fierderop by de Mediamarkt wie parkearplak genôch dat dêr de auto mar hinne skowe. Elkenien rydt om jo hinne en nimmen dy 't tinkt: ach dy earme man soe it wolris swier ha kinne... Afijn, de auto stie te plak, stie nimmen yn 't paad en koe sa moai ophelle wurde. Doe moast ik noch nei it plak fan optreden. Akkordeon op 'e rêch, twa swiere tassen en 'hup met de beentjes...' Jo ha yn tsjinst sitten en jo ha trening hân yn it rinnen mei folle bepakking...

Ik wie noch moai op 'e tiid en it waard in moai optreden. De auto soe mei rêden wurde en mei in aardige doarpsgenoat koe ik yn 'e Mercedes werom ride. Leve de mobile tillefoan en foaral ek: Leve Bart!

Pleatst: 20-02-2007 / 23:02 oere - Reagearje? - Nei boppen


Besnijing...

No moat it ek mar ris út wêze... Dat geëamel oer ús foarstelling, oars gjin praat de ôfrûne wiken oer 'It is de boer allikefolle...' It hat jo, en dat mei dúdlik wêze, tige yn 'e besnijing.

Mar de kommende wiken moatte wy it mar wer ris oer oare saken ha. Sa kaam ik by tafal op de ynternetside fan Duo Von Däniken. Ynternetkabaret neame se harrensels. Op dizze side frjemde lietsjes, nuvere ferhaaltsjes oer buorfrou & buorfrou en oare bûtengewoane saken. As jimme op ûndersteande link klikke, heare jimme in ferhaaltsje oer Binne. It is wat datearre, mar it bliuwt leuk! Binne op 'e kofje by buorfrou & buorfrou

It moaie fan dizze side is dat it yn it Frysk is en dat moatte wy krekt ha, is 't net sa?

Pleatst: 18-02-2007 / 13:55 oere - Reagearje? - Nei boppen


Sensuer...

Nei ús optreden fan ferline wike ha 'k in lyts stikje foar de krante skreaun. Wie ik earst net fan doel, mar om't Alex der ek wie, dochs mar wat tekst by de foto... Op fersyk fan de eigners fan de bowling, moast ik oer teaterseal prate. Doe 't se dat seinen, kaam der in lyts glimke om harren mûle. 'Makket dat wat út?' frege ik harren. 'Guon dy 't lêze snappe it wol,' wie harren reaksje. Mar as de ferslagjes sa njonken elkoar lis, dan binne der dus mear dy 't snappe! Wat soe hjir no wer achter stekke?

Pleatst: 18-02-2007 / 12:12 oere - Reagearje? - Nei boppen


Henk...

Op dizze side moaie foto's fan ús premiêre. Alex Bouma hat de foto's makke en stjoerde my de foto's spontaan ta. Alex belle my ek noch even om te sizzen dat hy de foto's nei my ta stjoere soe en dat hy de foarstelling sa moai fûn. 'No Henk, dan kinst se moai op de websaaaide sette...' En wêrom hy my no Henk neamd? Ik soe it net witte, mar dat doch Alex al jierren...

Pleatst: 17-02-2007 / 14:40 oere - Reagearje? - Nei boppen


'Oldtimer...'

Hjoed hienen wy fan skoalle foar it lêst skoallereedriden yn de iishal yn Ljouwert. Ik moast ek ride en ik hie hjoed 'the Red Bull' mei. Dat is de bynamme fan ús reade Golfke fan sa'n 17 jier âld. De bern dy 't ik yn de auto hie, fûnen it in hiele belibbenis! Guon hienen noch nea yn sa'n 'âlde' auto sitten. Fan in âlder hearde ik, dat harren bern tige optein thúskaam wie: 'We hebben in een hele oude auto gezeten!' Underweis koe ik dat ek al wat merke. Want doe't ik de bocht om gie en de rjochtingoanwizer út die, sei ien fan de bern: 'Meester! Er knippert wat!!' En dêrmei bedoelde hy it griene ljochtsje dat oanjout dat it knipperljocht wurket. Tsja, neat went fansels, want yn de grutte slide fan pa knippert in grutte griene pylk as âlet de TomTom:'Na 200 meter rechts af...'

Pleatst: 13-02-2007 / 22:49 oere - Reagearje? - Nei boppen


'The day after...'

In folle seal yn de bowling, entûsjaste minsken en in protte kompliminten. De searje optredens fan 'It is de boer allikefolle...' sette goed yn. Mar as wy no hiel earlik binne, kin it hjir en dêr noch wol wat better. Lokkich merke de taskôgers dêr neat fan. Wy noegje elkenien út om ek de derniêre (en dat kin noch wol even duorje...) te sjen en dan nei de 7 ferskillen te sykje. En dy san wurder der tink ik wol mear...

Sjoch op Wâldnet foar in moai ferslach. Mei tank oan Jochem en Geurt! Ek op de side fan Radio NO- Friesland plaatsjes fan de premiêre.

Pleatst: 11-02-2007 / 13:52 oere - Reagearje? - Nei boppen


Spannend...

Mear as 350 minsken sitte jûn yn 'e bowling om ús premiêre mei te meitsjen. In hiele bats... Dat as ik myn hân rjocht foar my útstek, dan trilje de âld fingers al wat...

Moai dat in hiele protte minsken jo sukses tawinskje. Fia e-mail, even persoanlike as samar op strjitte. Dan docht bliken dat je bekender binne as wy sels tinke. No ja, wy sille goed ús bêst dwaan en wy hoopje der in âlderwetsk noflike jûn fan te meitsjen. Oan de tariedingen sil it yn elts gefal net lizze, want as ik dy oeren allegearre optelle soe... Moai, sa'n hobby!

Pleatst: 10-02-2007 / 11:55 oere - Reagearje? - Nei boppen

Grutsk...


Mei tank oan: Bowling- en sealesintrum Dokkum.

Pleatst: 08-02-2007 / 21:48 oere - Reagearje? - Nei boppen


Waaralarm...

No dat wie wat! Waaralarm! Tusken de middei topoerlis. Wat moatte wy dwaan? Der soene bulten snie komme en mei de 10-minutepetearen yn it foarútsjoch soene wy dy jûns ynsneid reitsje. Dat de boel mar ôfblaze en de bern in briefke mei nei hûs. Achterôf foel it hiel bot ta en hienen wy bêst petearen ha kind. No moatte wy ús wer
op 'e nij oplade foar al dy 'drege petearen'... :-)

Foardiel wie wol dat ik ris in kear betiid thús wie. En dan sizze se allegearre: 'Wat dochsto hjir sa betiid...'

Pleatst: 08-02-2007 / 21:31 oere - Reagearje? - Nei boppen


Even rjochtsette...

En dan wurdt de foto bedoeld fan de 'sopitende Hendrik'. Jo moatte ek alles ferantwurdzje hjoed oan de dei... Moai dat de side sa goed lêzen wurdt, want ik krige ek al in reaksje, fia e-mail, fan in âld kollega en in tillefoanyske reaksje fan Herman Douwe. 'Hoe hasto Koop moete?' Tsja, konneksjes hè?! Nee hjer, gewoan yn 'e Refter yn Dokkum. Wy wiene beide oan it bekommen. Wy fan ús optreden en Koop fan syn ôfskiedsfeest...

Pleatst: 04-02-2007 / 23:08 oere - Reagearje? - Nei boppen


Pet...

Dat is foar it earst fan 'e wike dat ik it gêrs by ús achter hûs by ljochtskyndei sjoch...

No, yn fûgelflecht en stekwurden dan mar, want dat ha jimme noch tegoede:
Moandei: oefenje mei K&K
Tiisdei: noflik jûntsje follybal
Woansdei: Rûm Sop, mei moai nije ferskes...
Tongersdei: Oefenje mei K&K
Freed: In lyts putsje mei K&K yn Olterterp. Foar de Cumela. Aardich dat wy Marten, Klaske en Allard noch troffen.
En fansels tuskentroch ek noch oan it wurk...

It moaiste fan dizze wike: in lyts petear mei Koop. Hy naam ôfskie fan Eneco as fan Kabel Noord, want hy begûn foar himsels. Ha jo wol lef op je 52-ste. Mar yn elts gefal frege ik him oft hy Herman Douwe wol koe. Fansels wol, sei hy. En doe wie hy nochal loofjend. En dat is moai om te hearen as âlder. En it aardige is, dat Koop dat net fan my wist... Der wienen trouwens ek allegearre Eneco-bobo's út Rotterdam by syn ôfskie oanwêzich. Ha ' noch even mei ien fan dy lju praat. Mar dyselde wie net mear te folgjen. Hy sloech my mar wakker op it skouder om en rôp: 'Begrijp je wat ik bedoel?' No nee, net echt dus... Ik ha him mar in Klún en Knoffelhakke-pet jûn. Dy moast hy fan my de hiele dei ophâlde. Hy sil hjoed wol tinke: Hoe kom ik daar nou aan? En dan op syn Rotterdamsk...

Pleatst: 03-02-2007 / 10:09 oere - Reagearje? - Nei boppen