It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
Fraach... De doarbel gie. Stiet der in kreas, ûnbekend mantsje foar de doar. Gjin jas oan, hoewol it noch gjin simmer is, en kreas yn 'e klean. Hy like wol wat op myn oerbuorman, ek altyd yn fan dy 'Van der Gang-klean'. De goeie man sjocht my bliid oan en seit: 'Mag ik u een vraag stellen?' My earste gedachte wie: hy moat nei it húske, hy hat autopech as hy wol de wei witte net de Stoepa. Ek die hy my tinken oan de tillfoanmaffia, want dy begjinne ek altyd mei sa'n fraach. Dochs nijsgjirrich sei ik; 'Natuurlijk mag dat...' 'Als u naar de toekomst kijkt, bent u dan optimistisch?' No, dat hakte deryn! Alles wat ik ferwachte hie, dat net! Ik koe der neat oan dwaan, mar ik wie slop fan laitsjen. Wa stelt no sa'n fraach oan'e doar. Ik sei tsjin him: 'Nou dat is een leuke binnenkomer...' It die bliken dat it in Jehovah-getuige wie. Mar om't hy sûnder jas wie, wie ik wat ferbjustere en ek syn taske hie hy stikem achter syn rêch ferstoppe. Ik ha der mar mei ôfweefd en fleurich stapte de man nei buorfrou ta om te freegjen oft sy ek optimistysk wie. Letter hearde ik dat dizze man by ús yn it doarp wennet. Noch net sa lang. Hy sil deis wol oan syn kwotum takomme moatte en hy hat fêst tocht: noch even sûnder jas der by lâns, dat kin ik noch krekt in pessimistyske master skore... Nachtlêze... Foar de nachtlêzers ûnder ús. Jimme sille it even sûnder dwaan moatte, want myn ynternetprovider hat mei in fallissemint te krijen. Alteast fan harren 'breedbandleverancier'. Docht my tinken oan it reklamefilmke fan de 'Kamer van Koophandel' weryn de jachtbouwer mei in grut en nij jacht fol mei alderhande gouden opsmuk nei de klant ta giet om it jacht ôf te leverjen. En wat is der mei de klant bart? Sels mar ris sjen hie'k tocht... En nuver, mar dat ûnderste stikje fan de foto 'Redbus Naar Telecity' docht my wer tinken oan in nûmer fan Ike & Tina Turner...
Seefûgels... Dat is dochs noflik, in pear dagen fakânsje. Einliks ris in webside ôfmeitsje, steapels post yn it argyf stopje (as yn it âld pepier) wiidwreidich de krante lêze en lekker ûnderútsakke op 'e bank moaie films sjen op Film 1. Justernacht seach ik wol in hiele aparte film: Hard Candy. Lêst de beskriuwingen mar, want ik kin dat sa net yn twa rigels útlizze, sa 'n frjemde film wie dit. Wol moast ik mear as twa rigels skriuwe foar ús doarpsblêd, want dat komt meikoarten út mei it earste nûmer fan de 31 jiergong! Wa wit komt meikoarten dit ferhaal fan Piebe Priegel op dizze side. Earst mar yn it doarpsblêd, want it hat gjin pas as it ferhaal 'Senseo Sensatie' no al op dizze side te lêzen wêze soe... Hjoed wol te trainen west. Elke wike fêste prik yn terapy- en trainingssintrum de Vesteynde. Op 'e weromreis de auto even tanke yn Broeksterwâld en in flak by Hantum in aardich plaatsje meitsje fan in greide fol mei seefûgels. Is dêr net in siswize fan? Mokken op it grien it waar gemien? (Ja, wy neame yn Gaasterlân seefûgels altyd mokken...) Mar ris opsykje yn it wurdboek, dan binne wy wis. As it mar net útkomt, want dan ferreine de lêste dagen fan dizze o rêstige fakânsje... Seefûgels op it grien, it waar wurdt gemien, seefûgels op 'e bou, it waar bliuwt trou, seefûgels op it wetter, it waar wurdt better.
Ferbean Geweldich, wat ha wy in prachtige jûn hân sneontejûn. Yn ús doarpshûs fierden wy de jierlikse frijwilligersjûn. Hast alle jierren is der in artyst dy't ús op dizze jûn fermakket. Sa'n fiif jier ferlyn hie it duo Ferbean ek al ris op in frijwilligersjûn spile, mar wy wienen bliid dat se ek dit jier wer foar ús optrede woenen. Bertus Klazinga en Anko Bouma kinne mei harren healwize ferskes de sfear der hiel goed ynbringe en wy ha o sa lake. Net allinne de ferskes binne prachtich ek harren praatsjes tusken de ferskes yn binne geweldich! No ha wy thús harren beide CD's, mar de ferskes faker heare is wat my oanbelanget gjin probleem, it bliuwe juwieltsjes yn ús o sa moaie Fryske taal! Bygeand filmke is makke by Omrop Fryslân en ek dit nûmer ha se ôfrûne sneon spile. It mei dúdlik wêze dat ik dit it skitterend nûmer fyn. Sjoch foar mear ferskes op www.youtube.com en dan even sykje mei: ferbean...
Jan Kapper No hie ik de ôfrûne nacht wol in hiele aparte dream. Ik dreamde dat ik by Jan Kapper yn 'e stoel siet om myn hier knippe te litten. Jan wy by ús yn Balk de doarpskapper en elkenien dy't grifformeard wie, liet syn hier by Jan knippe. Ik sjoch noch it kapperssaakje foar my. Fansels kamen der allinne manlju. Jan hie twa stuollen, in bernestoel en in manske kapperstafel. Dy tafel stie en lei fol mei alderhande fleskes, potsjes, meskes, skjirren, boarstels en doaskes. Under it knippen by Jan foel myn each altyd wer op de flesse 'Berken Haarwater'. Giel fan kleur en in bjirketûke op it etiket. Jan hat my der nea mei behandele, miskien siet der ek wol wat oars yn... Mei dit ferhaal kaam ik fan 'e moarn by myn kapster. Soe it dêrfan komme? Dy dream? Om't ik fan'e moarn nei de kapper ta moast? Myn kapster sei al: 'Fannacht ha ik om in oere as trije wekker west, miskien siet ik wol op dy te wachtsjen, mar do siest by Jan...' En sa hienen wy in hiel petear oer kappers en de feroaringen yn it kappersfak. Mar it skynt dat Berken Haarwater noch altyd te krijen is, allinne yn Ternaard hienen se it net. No hoecht dat om my ek net, mar it is dochs wol aardich om te witten. 'Mar ik ha wol wat oars,' sei de kapster en foardat ik it yn 'e gaten hie, kaam se mei in grutte flesse oansetten. Flesse oer de kop, spul yn 'e hannen en de âld holle der mei massearje. Der siet in protte alkohol yn, neffes de kapster, wol sa'n 90 persint! Soe it dan dochs sa wêze dat Jan der wat sitroenjenever ynstoppe hie? Kin ik my net foarstelle, want Jan wie in evenredich man. Mar it spul rûkte lekker en de hiele holle begûn derfan te tinteljen. Doe't ik klear wie en it knusse kapperssaakje út stapte, rôp de kapster my noch achternei: 'No, mar net wer dreame, wa wit wat dêr allegearre fan komt...' Omdat de kapsters hiel aardich en attint binne, soe ik hast sizze: No, in dream mei jimme yn 'e haadrol soe ik net sa gek fine...' Mar ik koe my ynhâlde. Want as jo keale plasse behannele wurdt mei 'âldmanneguod' dan past sa'n opmerking net en sizze jo allinne mar: 'Oant sjen! Want de folgjende kear wolle jo al wer in kopke kofje en in smout praatsje...
Underweis... It docht bliken dat dizze side troch hiel wat kollega's lêzen wurdt. Dan hear ik ynienen saken wêrfan ik tink: hoe witte se dat? En dan bin ik al wer lang fergetten dat ik dat ea skreaun ha yn dit weblog. As is it skriuwe op dit weblog...? De ferlieding is grut om alderhande saken dy't wy op skoalle beprate oan te heljen yn myn ferhalen. Want faaks ha wy aardige petearkes mei moaie útspraken en dat soe dan net misstean op dizze side... Mar it liket my better om dat 'wurkpraat' mar wat foar my te hâlden. Want wês earlik, wat kin it in oar skele dat jo mei knipperjende ljochtsjes en piipjende lûden midden op 'e sneldyk yn panyk reitsje en op dat stuit it leafste jo Citroën ynruilje foar in deeglike Folkswein. Om mar te swijen oft Hearrenfean no wol as net berikber is mei de trein fanút Feanwâlden. Nee, oan soksoarte fan ynformaasje hat de lêzer neat. Dy hat leaver in moaie foto as soksawat. No sil ik mar gjin foto's meitsje fan wetterige-sop-itende kollega's, want dat liket ek op fleanen, mar in moaie foto fan dy nuvere, driigjende loft fan ôfrûne moandeitejûn sil fêst yndruk meitsje. Dat de auto oan de kant, rút iepen en foto's meitsje mei de mobile tillefoan. Net de bêste kwaliteit, mar de foto jout in aardige yndruk fan de sfear. In VW oan 'e kant? Ja, dat kin. Op in parkearplak, lâns de dyk fan Dokkum nei Ljouwert. En myn ljochtsjes brânden net iens. As it moat it piiplûd wêze fan de kamera. Mar om dêr no de ANWB foar te beljen...
De spylman... De hiele famylje libbet mei, de buorlju fine it prachtich en de oanfragen foar it jaan fan konserten streame binnen. Mar at se dan sa'n strip fine, wurdt dy fuort útknipt en op in moai en goed sichtber plakje delhongen. As jimme de strip yn syn gehiel besjen wolle, dan moatte jimme op it stripplaatsje hjirnjonken klikke...
Wintersport... Prachtich (kâld) winterwaar. Elkenien is ûnderweis. It is mar drok by ús yn 'e strjitte. Allegearre luchthappe en DBO-tsjes meitsje. Ik koe der net oan ûntkomme. Sportklean oan, mûts op en moffen oan en op 'e sportfyts 'de paden op de lanen uit!' Foel ek noch ôf, it wie kâlder dan ik tocht. Flink oanfytse, dan fiele jo de kjeld net. Mei in oerke wie 'k wer thús. Even lekker oan it sporten west. Kin ik ek meiprate op it wurk, want as dit gjin wintersport is, dan wit ik it ek net mear! En foar de nijsgjirrigen: wêr binne dizze foto's makke??
Noord Sleen Dêr stie justermiddei om kertier oer fjouweren de grutte BMW foar de doar. Omdat Broer syn eigen auto net mei koe, mocht hy de BMW, út 'e 5 sery, fan mem even liene. It sette fuort goed yn, want de stekker fan 'e karre passe net! Op 'e BMW siet in stekker mei mear poalen en dêr passe dy fan sân (as soksawat...) net yn. It wie ús te fier om it der mar op te weagjen. Sa bedarren wy earst by ASD-Automaterialen om te sjen oft se ek in oplossing hienen. Lokkich wie der in ferloopstekker te keap en mei dat lytse wûnder tusken de karre en de BMW brânden de ljochten o sa moai. Mei in kertier fertraging op nei Drinte. No rydt dy dyk nei Emmen net sa moai, want it is mar twabaans en oeral hast tachtich. Dan ha jo net safolle oan in BMW seissilinder... En dat is ek mar goed, want wy wienen al benaud dat it in, wat saldo oanbelanget, negatyf optreden wurde soe troch allegearre snelheidsboetes. Moai op 'e tiid ried de BMW om fiif minuten foar seizen it parkearplak op fan seal Wielens yn Noord Sleen. As echte artysten stapten wy út 'e grutte slide en fûstken mei ien fan it kritebestjoer. Hy stie ús, mei kaartsje op it boarst, al op te wachtsjen. Mei wat oanpassingen ha wy it toaniel opboud, want wy woenen ús stik wat beheine om net al te let klear te wêzen. Sa koenen wy de toanielljochten brûke en hoegden wy ús eigen net op te bouwen. Ek bleaunen der wat dekorstikken yn de karre achter. Wy hienen mei ússels ôfpraat dat wy goed spylje soenen en dat wy ús kritefrustraasjes (en dat is in ferhaal apart) net blike litte soenen. Jo moatte al professioneel bliuwe is't net sa?! It slagge tige goed en boppe ferwachting rûn de foarstelling as in trein. It wie allegearre lof en nei de tiid sei ien fan de Friezen om utens, dat se yn jierren net sa lake hie. No kinne wy ús dêr wat by foarstelle by de krites, mar it is altyd in moai komplimint. Boppedat is dat ek ús doel: de minsken in noflike jûn besoargje. It wie wol spitich foar de kriteleden út Seist, want dy sieten yn 'e seal om ús te besjen. Us optreden yn Noord Sleen wie de lêste dy't wy foar in Krite oer de grins dogge, en dat ha wy ek kreas útlein oan de ponghâlder fan de Krite Súdeast Drinte. Om kertier oer âlven sieten wy wer yn de BMW en omdat it no rêstich wie op 'e dyk, rieden wy om kertier oer tôlven Dokkum al yn. Doe de BMW noch even kreas en pal foar de Refter parkeare en ûnder it mom fan: dy mannen gean der ek mar op foarút, ha wy noch even noflik neisitten en kinne wy weromsjen op in, hoe is't mooglik, tige slagge kriteaventoer!
'Schoolopziener...' Juster lies ik yn de Ljouwerter krante in aardich stikje oer de 'Agent van Nationale Opvoeding'. En dat dizze (wy prate oer de njoggentjende ieuw...) 'schoolopzieners' oanstelde. En sa kaam dizze 'opziener' ek yn Tytsjerk telâne... Grappich om te lêzen dat de earme master net in skoalleboerd hie. Moatte jo no ris komme! In ynteraktyf ActivBoard dêr't alle kaarten fan 'e wrâld op toand wurde kinne!
Geintsje... No wit ik net oft jimme tiisdeitejûn ek nei BNN sjoen ha, mar ús gemeente kaam yn it programma 'Nu we er toch zijn', moai yn de pikture. Spitich dat we gjin goud krigen ha. Mar dat kaam troch Roel. Hy woe net dat de presintator en de filmploech by him sliepten. Nuver, want Roel is altyd wol yn foar in geintsje. Sjoch mar nei bygeande foto. En dan te betinken dat ús boargemaster ek noch de grutte gongmakker wie by it meitsjen fan dizze foto. It wie syn idee om de toga oan te dwaan en op it bordes stean te gean. Dizze foto ha wy net faak publisearre, want dan soenen wy de ferrassing fan ús fjirde programma In Moai Stikje bekend meitsje. Sa sjogge jimme ek fan ús nije programma nea foto's op dizze as oare websides fan...??
I-T... In Google-sessy levert soms nijsgjirrige saken op! Sa fûn ik bygeand berjoch yn de ynternetkrante fan Emmen. It aardige is dat jo it berjocht ek foarlêze litte kinne. Dan krije jo soks: 'lees dit artikel voor...'
GPMVDB... Geurt hat hjoed de foto's fan freedtejûn even lânsbrocht. Wer in hiele protte! Sjoch foar in sleksje op dizze side...
Papier... Justerjûn binne wy nei de foarstelling 'Ruïnes' fan Hans Dorrestijn west. Nei 35 jier wie dit syn lêste sjo. Moai om mei te meitsjen, want it bliuwt in aparte Hans. Alles fan it papier ôflêze en in bytsje stuntelich oerkomme. Mar de teksten binne prachtich! It is hjoed de dei moade om gjin skoft te hâlden. Ik tink dat se dat dogge om't se bang binne dat it publyk yn it skoft fuort giet, want ek dat skynt moade te wêzen. No ja, dan nei ôfrin noch mar in lyts drankje... 'Het duo stuntelt aandoenlijk en leest de soms voorspelbare teksten steevast van
papier. Toch is het weer een feest om Dorrestijns vrolijke azijnzeikerij aan te horen. Wanneer je
naar het theater gaat met de verwachting dat het wel niks zal zijn, dan treedt automatisch
Dorrestijns lijfspreuk in werking: Het leven van een pessimist bestaat uit louter meevallers.'
Hout en Bouw... Justerjûn moasten wy optrede yn de Harkema. De seal wie foller dan ea en de foarsitter moast him al raar fersinne as dat net oan ús te tankjen wie. Wy moasten spylje yn 'het Lichtbaken', in tsjerklik gebou. It fernuvere ús dat wy yn de seal allegearre skoallespul stean seagen. It die bliken dat de pleatslike basisskoalle ferboud waard en ien klas hie tydlik ûnderdak fûn yn dit gebou. Se hienen hope dat de skoalle der al út wie, mar de ferbouwing soe in wike langer duorje. Se hienen de hiele middei wurk hân om de seal leech te heljen. Neidiel wie wol dat ik no by it útfieren fan myn hobby mei myn wurk konfrontearre waard, want yn ús klaaikeamer stiene alle skoalbankjes, boeken en oar guod út 'e klasse opsteapele. Ek in mansk skoalleboerd stie yn ús klaairûmte. Lokkich koe ik der ôfbliuwe en liet ik tsjinoer de organisaasje neat blike oer myn deistich wurk. En dan is it wol aardich om te hearen hoe't de gewoane man hjoed de dei oer it ûnderwiis tinkt. Sa spuide men raar guod oer de kleurde kubussen dy't ek yn de skoalle fan de Harkema deis brûkt waarden. Ien fan de manlju wist wat de kleuren betsjutten en wie mar wakker oan it draaien mei in kleurde kubus dy't de master fan de Harkema op syn boerd stean hie.'Froeger hienen wy soks net, wy moasten gewoan stil wêze en oan it wurk...' Om ús optreden oan te kundigjen, hienen se in prachtige poster makke. Fansels kriget dizze poster in moai plakje yn ús samling. Ek op Wâldnet wurdt der oandacht besteege oan dizze jûn. En ús fotofreon Geurt Pieter wie de hiele jûn oanwêzich om foto's fan ús optreden te meitsjen. Dat docht hy al jierren en de measte foto's op de webside fan Klún & Knoffelhakke binne fan syn hân. 'Je bent Top BOB!' (2) Sjoch foar mear foto's op:
impressie 2008
'Je bent Top BOB!' It is wol goed en gean der ris op út. Nije dingen opdwaan, nije dingen heare. Sa kaam ik yn Grins telâne, op de Innovatiedag 2008 oer ICT yn it basisûnderwiis. Op in prachtige lokaasje! En op sokke dagen komme jo derachter dat ús noch hiel wat te wachtsjen stiet yn it ûnderwiis. Moai is it ek om op sokke dagen minsken te besjen. Wat is der dan in ferskaat! Sa kaam Bob njonken my sitten (ik wit net oft hy echt ek Bob hjit, mar hy siet oan de ferkearde kant fan my, dus in protte gokken...) Mei in protte omhaal joech Bob my in hân en stelde him foar. Hy kaam út Twente. Kreas yn in kolbêrt, bril oan in koarde en in koltrui oan. Bob wie boppeskoalsk ICT-er, fûn de oare sessy neat oan, want de skoallen fan harren feriening hongen al fol mei digiboerden en dêr hoegden jo him neat mear oer te fertellen. De toan wie set... Bob ûntpopte him as in echte man fan dizze tiid. Hy wie mei my yn petear, sil wol tocht ha dy man reagearret ek wat frjemd iderkear en kearde him hurd om doe't oan de oare kant ek twa masters kamen te sitte. Wer in grutte teatrale hân en fuort wer hiele petearen oer fan alles en noch wat. Yn elts gefal net oer it waar... De presentaasje gie wat stuntelich. It waard dien troch in echte nerd en dy kinne alles op kompjûtermêd, mar presentearje ho mar! Alles gie mis, neat slagge, flatermeldingen op it skerm en hiele lange stiltes. Doe kaam Bob yn aksje. Fansels duorre it him allegearre fiersten te lang. Hy kloppe mar mei syn fingers op 'e stoel en die oars neat as hinne er wer skowe en skodzje. Fansels hie hy by alle flatermeldings wat oan te merken en smiet mar mei drege kompjûtertermen. It skeelde net folle as Bob soe de presentaasje oernimme, mar krekt op 'e tiid sei Martijn, midden yn 't spul 'Ik geloof dat we klaar zijn...' De ferrassing wie grut doe't ik in (tocht ik) krantepapierke achter de rutewisser weihelle. Grins docht oan hergebrûk, sa wie myn earste gedachte. Mar dochs wie dat bedrukte krantepapier hiel wat wurdich! Allinne net foar my, mar foar de stêd Grins. Ik sil it bedrach mar net neame. Se moatte dat dochs better oanjaan, mar afijn, it sil Bob wol net oerkaam wêze, dy stie fêst mei syn leaseauto op in reservearre parkearplak... Ik tink mar sa: 'Daar kun je mee thuiskomen...'
Grau liif... In pear kear yn 't jier ha wy tsienminutepetearen op skoalle. Hjoed wie it ek wer sa fier. Om it geflean tsjin te gean, bliuw ik altyd op in fêst adreske iten yn Tytsjerk. It wie wer geweldich fan 'e jûn. Wat in hearlike panne iten. Twa kear opskeppe fansels. Mar dan komt de man mei de hammer... Mei sa'n grau liif fol hearlikheden komt de dip. En dan moatte jo noch in hiele jûn. Lokkich hie ús direkteur in folle pot kofje setten, dat wy kamen de jûn goed troch. Goeie petearen yn in noflike sfear. En as je jûns dan let thúskomme, dan binne je suver wer wat ropperich...
In the middle of nowhere...
Pleatst: 03-02-2008 / 20:21 oere - Reagearje? - Nei boppen
Sfear... Dit filmke hie ik al in skoft 'klear' stean, allinne noch nea pleatst. In prachtich reklamefilmke mei in hiele moaie sfear, foaral de muzyk sprekt hiel bot oan. Dûnsje... Dat wie hiel aardich! Justerjûn sieten der in pear trouwe fans út Drachten by ús yn 'e seal. Yn 'e Colle yn Kollum ha wy prachtich spile op in moai rûm poadium foar in hiele noflike seal. Yn dy seal dus dy twa fans. Yn it ferline hienen wy al ris foar harren dûnsskoalle in optreden fersoarge. Dat wie al hiel lang lyn en sy binne ek noch by de premiêre fan ús foarige stik west, mar eins wie it kontakt wat ferwettere. Se wienen sa entûsjast, dat wy meikoarten wer yn harren dûnsskoalle optrede sille. Moai soks, dat nei jierren de bân dochs noch bestean bliuwt.
|