Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Krookjefakânsje...

Pleatst: 23-02-2015 / 18:14 oere - Reagearje? - Nei boppen

Rynk...(2)

Wauw, wat in grut stik fan Rynk yn it Nijsblêd fan Noardeast Fryslân. Moaie reklame. Mar spitigernôch kloppe in (hiel) lyts stikje net. En foar ús as noardfriezen is dat net sa slim, mar it stik soe ek yn de Balkster krante opnaam wurde, dêr soe dit fêst opfalle!

Hurd nei Rynk maile. Noch moai op 'e tiid, want Rynk betanke tige foar de korreksje en soe it oanpasse sadat it foar dit wykein op in júste wize werjûn wurde soe. En sneon moatte wy yn Molkwar optrede, ek dy kant út en wa wit smyt dat wat ekstra taskôgers op. Hoewol, de doarpskeamer fan Molkwar is net sa grut...

Dach Hendrik, tank foar de kompliminten, en ek foaral tank foar de korreksje, kin it foar Balk moai oanpasse want it moat der fansels al goed yn, dus dubel tank, ek foar it petear, groetnis Rynk.

Pleatst: 19-02-2015 / 14:22 oere - Reagearje? - Nei boppen

Al hoe jong...

Us âldste pake- en beppesizzer hie in spultsje krigen. In spultsje fan syn grutte idoal: Piet Piraat. En doe't pake justerjûn oppasse mocht, moast dat spultsje spile wurde. Koe noch even moai foardat hy op bêd moast.

Mar ja, 4 jier en dan ha jo mar ien doel: winne! Hoe dan ek...

En dan docht bliken hoe tûk se op sa'n jonge leeftiid al binne. Ien tefolle telle by it meitsjen fan de stapkes op it spylboerd, krekt salang goaie oan't je in heech sifer ha op de dobbelstien en deagemoedereard sizze dat pake al west is, wylst pake dochs echt oan'e beurt is.

Mar de moaiste útspraak wie wol, doe't pake sei: Hoefolle hast goait, kloppet dat wol? Dat hy doe mei in stielen gesicht sei: Sjoch, pake hat in gehoarapparaat en ik tink dat pake it net goed heard hat...

Want hy goaide seis en dat wiene presys de stappen dy't hy sette moast om it spultsje te winnen...

Pleatst: 17-02-2015 / 21:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Rynk...

Rynk stapte ferheard ús smûke rychjeswenning binnen. Kinne wy ek even oan in hege tafel sitte? sa wie nei it fûstkjen syn iepeningssin, dan skriuwt it wat better sjoch?! Rynk seach wakker om him hinne en ferfolge: Ik hie it my hjir hiel oars foarsteld...

Fansels, ús ynrjochting foldocht net oan it Woonbylage-ideaal fan Rynk syn krante. Want Rynk is ferslachjouwer fan de NDC mediagroep. Hy kaam foar in fraachpetear hielendal nei Hantum en tocht fansels dat dizze grutte artyst yn in lúkse wenbuorkerij wenne mei skilderijen fan Jopie Húsman oan 'e muorre en stegerhouten banken en tafels mei grize kessens en oare moderne kleuren. Dit wie in tafel mei twa ferskate soarten stuollen derby en it krystkleed der noch op...

By ús optreden yn Ryptsjerk (sjoch in blog fan 8 febrewaris) siet Rynk yn 'e seal en de iepeningswurden fan de foarsitter setten him oan it tinken: hjir sit in aardich ferhaal yn. En nei't wy nei de foarstelling mei-inoar yn 'e kunde kaam wiene, stelde hy foar om in fraachpetear mei ús te hâlden. De ôfspraak waard fuort yn 'e aginda set en dêr kaam Rynk ôfrûne tongersdei al oan yn syn grutte swarte Volvo...

It waard in noflik petear, mei moaie ynfalshoeken. Wer ris wat oars, want meastentiids moatte wy útlizze hoe't wy no begûn binne. Mar Rynk hie it oer de boadskip dy't wy yn ús foarstellingen stopje. Dy fûn hy wol moai, echt fan dizze tiid, sa sei hy. No dogge wy soks net bewust, mar wy fine it prachtich dat taskôgers soks derút helje. De djippere lagen yn ús sjo...

En no mar ôfwachtsje wat Rynk der fan makke hat. It soe yn els gefal yn de Balkster Krante opnaam wurde, want dat bliuwt fansels in ferhaal apart: ien út it boskrike Gaasterlân dy't him te wenjen set yn it uterste noarden op de swiere Fryske seeklaai...

Dêr kin ik sa stadichoan wol in boek oer skriuwe...

Pleatst: 15-02-2015 / 14:48 oere - Reagearje? - Nei boppen

Krookjes...

Foardat se allegearre wer ferwaaid binne...

Pleatst: 14-02-2015 / 19:46 oere - Reagearje? - Nei boppen

Otters...

It is hast gebrûklik dat wy by in optreden yn de Trynwâlden in âlde bekende tsjinkomme. Sa as ek freedtejûn by ús optreden yn Ryptsjerk. Hy wie as foarsitter fan de CAC ús gasthear. En as âld Balkster komme der dan altiten wer ferhalen fan froeger op it aljemint.

De foarsitter iepene de jûn mei in hiel âld-Balkster-ferhaal. Dat hy froeger foar syn heit wurke hie en dat hy krekt as him út it moaie Balk kaam. Wy stienen wakker te skodholjen achter de skermen. Man, wat docht dat der ta?!

It waard in prachtige foarstelling mei wer in prote moaie reaksjes nei ôfrin. Ek kaam der in sjoernalist op ús ôf dy't in ferhaal foar de Balkster krante skriuwe woe. Hy fûn dat sa moai dat ien út Gaasterlân boppe yn Fryslân telâne kaam wie en no regelmjittich op 'e planken stie mei in prachtige foarstelling. No ja, dan wie it ynliedende wurdsje fan de foarsitter dochs earne goed foar.

En hoe't dy CAC-foarsitter hjit? Litte wy it sa sizze, hy fûn de nije ferkearsboerden boerden yn it Grutte Wielengebiet prachtich...

Pleatst: 08-02-2015 / 20:16 oere - Reagearje? - Nei boppen

Snie...

Hiel Nederlân stie justerjûn fêst, oeral snie en sjippeglêd. Lokkich hoegden wy der net op út en koenen wy dit ûngemak moai fia de media ta ús nimme.

Fan 'e moarn moasten wy der wol oan leauwe, mar it snijde lokkich net mear. It wie in moai gesicht, de koplampen oan fan in auto dy't hielendal ûndersnijd wie. Mar ja, troch de ruten in foto meitsje wol net sa hiele goed. Mar it giet om it idee sille wy mar sizze...

Pleatst: 05-02-2015 / 12:16 oere - Reagearje? - Nei boppen