Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Dat makket Hans Oars...

Soms komme jo op de meast frjemde plakken. Sa belâne ik hjoed achter yn in kantoarke fan de winkel fan Hans Anders yn Dokkum. Dêr mocht ik graaie yn in doaze mei brûkte brillen. Sit hast altyd wol wat moais tusken foar in typke dat wy dan wer spylje moatte. By Hans Anders ha se bakken fol, ha klanten dan ynruile en dy brillen geane dan nei Roemenië as soksawat. Foar it filiaal oer de grins...

Mei in pûde fol bin ik nei hûs ta setten. Earst mar ris skjin meitsje en dan opdwaan fansels. Guon brillen kinne jo echt net trochinne sjen, sokke nuvere glêzen sitte dêr yn. Dêrom rint it fansels ek noch net echt lekker yn Roemenië, de minsken dêr slaan ferkeard ôf, lêze briefkes net goed en naaie mei de ferkearde froulju út. En Hans mar roppe: Alleen de prijs is anders!
Lusterje hjir nei: Gans Anders. Mei tank oan Doede Veeman


Pleatst: 27-01-2007 / 15:08 oere - Reagearje? - Nei boppen


Skrabje...

Jo wienen der hast oan wûn, de hege temperaturen yn jannewaris. Mar it pakt, sa as faak, dochs oars út. Snie en temperaturen ûnder nul! En dan libje wy ek hielendal mei yn 'e waan fan 'e dei, op knibbels yn it wite gêrs en foto's meitsje. Wilma sil wol tocht ha: dit is unyk! Mar dy lytse plantsjes hjitte dochs net foar neat snieklokjes?!

Yn elts gefal hie it om my net mear hoechd, no moat ik moarns iisskrabje en dat wie ik suver hast ferleard. En it is ek wat skande foar myn nije Thinsulate katsjes. Dy wienen by Karwei yn 'e oanbieding. En om 't ik hast altyd fan soksoarte fan mofkes oan ha, koe ik se net lizze litte. Nei twa dagen moast ik se al wer omruilje om 't de foering los liet. Lokkich dienen se by de klantebaly net dreech en koe ik sa in pear oaren pakke. Dat ik hoegde de ferfblikken net om te kearen...

Pleatst: 24-01-2007 / 18:04 oere - Reagearje? - Nei boppen


Primeur...


Mei tank oan Jan Beets.

Pleatst: 24-01-2007 / 06:43 oere - Reagearje? - Nei boppen


80 Jier!

Wy waarden it foarich jier 50, mar dat is noch neat fergelike mei mem! Sy waard foarige wike 80 jier. En dat moat fierd wurde fansels. Dat op nei Warkum en gesellich feestfiere mei de famylje. It wie in moaie middei mei in hapke en in drankje en in hearlik buffet...
Guon dy't oer de koade beskikke, kinne op de fotoside de foto's fan dizze middei besjen.

Pleatst: 22-01-2007 / 22:50 oere - Reagearje? - Nei boppen


Fanklup...

Dat wie juster wol even spannend! Us earste try-out fan It is de boer allikefolle. Wy wienen útnoege troch de iisbaanferiening fan Burum om harren feestjûne wat op te fleurjen.

Om't der de lêste jierren bûten gjin iis te finen is, organisearret de feriening hiel faak gesellige jûnen om harren leden dochs wat temjitte te kommen. Doe 't de iisbaan der 50 jier hinne lei, binne wy der ek west en no bestie de feriening 20 jier. En oer 5 jier ha se wer feest, want dan bestean se 25 jier. 'Mar der tuskenyn moatte wy ek noch wat fiere,' neffes harren sekretaris Willem Kloppenburg, 'Mar wy betinke wol wer wat...'

It wie in tige slagge try-out foar in folle seal en it programma waard tige goed ûntfongen en ek wy hienen in hiel goed gefoel. Fansels moat der noch wat skaafd wurde, mar it gehiel stiet goed en wy ha der alle fertrouwen yn.

Dat ek Burum alle ferouwen yn ús hat, docht wol bliken út it feit dat sy op 10 febrewaris mei 28 man nei de permiêre komme!

Pleatst: 21-01-2007 / 11:52 oere - Reagearje? - Nei boppen

Even op 'e kalinder sette...

Hoe faak sizze wy dat net? Elkenien hat thús wol sa'n kalinder te hingjen. Mar it kin ek oars! Op in giel briefke skriuwe en dan earne opplakke. En dan fansels op it byldskerm, guon ha de hiele monitor folhingjen, foaral minsken dy 't hast alle dagen achter de kompjûter sitte (ik sis neat... )

No fûn ik in aardich programma dy 't dizze twa saken kombinearret! Hiel ienfâldich en maklik yn it gebrûk en boppedat ek noch yn it Nederlânsk. Dat wy sille yn 'e takomst faak skrikke as der samar ynienen in briefke oer it byldskerm spat, want ek dat kin ynsteld wurde...

Pleatst: 21-01-2007 / 11:00 oere - Reagearje? - Nei boppen


Der plat foar...

Jûn ha wy in 'try-out' fan ús nije programma yn Burum. Dat wurdt fêst gesellich (en spannend)! Mar wy ha altyd moaie jûnen yn Burum, dat it sil no ek wol wer slagje... Wy hâlde jimme op 'e hichte!
Mei tank oan The Cowardly Dog.

Pleatst: 20-01-2007 / 09:50 oere - Reagearje? - Nei boppen


Stoarm

No foel de stoarmskea by ús wol wat ta. Lokkich mar. Alinne in hiele protte tûkjes fan buormans beam leinen op ús paadsje, mar dat is neat fergelike mei de bosken by de Kuinre... En us wynwizer makke sûnt de stoarm in steurend piipjend lûd.

Troch al dy wyn wie Hidowijn, hy is neamd nei ien fan ús hynders, hielendal sljucht fan it draaien en as protest piipe hy no by elke wynpûster.

Dat ik fan 'e middei mei in blikje fet by de trep op om Hido te smarren. Dat slagge goed en mei tige smoarge hannen fan it fet earst mar de hannen skjin eart de trep wer yn 't hok setten wurde koe. Ynienen in hiele grutte klets! De wyn wie noch sa aktyf dat hy de trep ûndersteboppen waaide.

En doe 't ik de trep oerein sette, seach ik dat der in stikje fan ien fan de beskermkapkes ôfbrutsen wie. Dochs noch skea troch de wyn...

Pleatst: 19-01-2007 / 21:29 oere - Reagearje? - Nei boppen


Ha se ek in knyn?

Dy knyn fan ús is sa stadichoan in echte waakhûn. Hy passet op de pakjes dy 't ûnder syn hok lein wurde en hy let ek op frjemde lju dy't lâns komme foar ien as d'oar boadskip.

Ien fan de bestjoersleden fan de hynsteklup út Dokkum, moast wat nei ús thús bringe, mar hy wist net krekt wêr't wy wennen. Dat op 'e gok mar achterom. By it kninehok lâns. Kip (ja ús knyn hjit fan Kip!) sloech net oan en sprong ek net by de stekken op, mar hy spile by dizze bisite wol in wichtige rol. Want de man yn kwesty fertoude it net hielendal: bin ik wol by it goeie hûs?!

No wist hy dat Wilma op 'e fjouwerHoeke foar de klas stiet, dat de hynsteman op nei de Hantumerhoeke en de skoalle yn. Mar juf wie der net, want sy hat tiisdeis altyd frij. Doe baarnde hy nei de earste de bêste kollega en frege wêr't frou van der Heide wenne. De kollega wist it hûsnûmer ek net echt, mar de hynsteman sette troch, hoe woe witte oft hy wol by it goeie hûs west hie.

Dat hy hie de folgjende fraach al klear: 'Witte jo ek oft se in knyn ha?' Mar ek dat antwurd moast de kollega skuldich bliuwe. Dat hear Hynsteman ried yn twifel nei Dokkum werom. Soene de wichtige pepieren wol yn it goeie hok dellein wêze? Mocht der no fan 't simmer in lânbouwer wêze dy't op syn lân in hynstekonkoers organisearret, dan wie it dochs it ferkearde hok. Koe dy lytse knyn no mar prate...

Pleatst: 18-01-2007 / 21:46 oere - Reagearje? - Nei boppen


Alderwetsk!

Doe 't ik op it ynternet socht om in ôfbylding fan in telraam, kaam ik dit plaatsje tsjin. Dat wienen nochris tiden! Telraam op 'e tafel en telle mar, oan 't jimme der by delfalle. En elkenien slagge mei lof foar de rekentoets fan de PABO. Ik bedoel kweekskoalle...

Pleatst: 15-01-2007 / 22:02 oere - Reagearje? - Nei boppen


Hoe faak? (2)

Sjoch, dêr hie'k al op gokt. Der sil fêst ien wêze dy it even útrekkent. Tige tank Marjan!


Pleatst: 15-01-2007 / 22:01 oere - Reagearje? - Nei boppen


Hoe faak?

22 Jier, yn elk jier 40 wiken nei skoalle, elke wike hat 5 dagen en dan twa kear op in dei hinne en twa kear op in dei werom. Dan kinne jimme sels útrekkenje hoefaak ik dit paadsje rûn as fytst ha om op it wurk te kommen. Hjoed even âlderwetsk, want ik moast wat nei de Hantumerhoeke bringe. Boppedat wie it moai sinneskyn waar en wat beweging docht in minske goed...

Pleatst: 14-01-2007 / 17:32 oere - Reagearje? - Nei boppen


Klantekaart...

Hjoed bin ik wakker oan it klussen west. Wy binne drok dwaande mei ús nije programma en dêr moat fan alles foar makke wurde. Dat de karre komt wol wer fol! Moai wurk, wer ris wat oars as boerdkrytsjes. (Hoewol... sjoch dizze link: digitaal schoolbord) Ha fan 'e weromstuit ek al in klantekaart naam by Karwei.

Kaam Herman Douwe ek noch tsjin by Karwei. Hy sil wol yn in frjemde auto wêze, want se moasten justerjûn sleept wurde. Harren auto wie net mear foarút te baarnen! Wy ha de auto mar yn Dokkum stean litten, want der moast in sleepeach yndraaid wurde, mar dat each wie nearne te finen. De folgjende dei die bliken dat it mar in lyts mankementsje wie. Dat se sille no fêst al wer yn de 'Black Bever' rûn fleane...

Soe ik altyd al ris op de webside sette. De link nei 'alles op een rij' is tige nijsgjirrich. Allegearre rychjes fan de gekste saken. Sa as ûndersteande list fan koartsliepers. Yn dizze list stean ik op nûmer 1.345.567.456...

Pleatst: 13-01-2007 / 23:45 oere - Reagearje? - Nei boppen


'Let's Hyve... '(slot)

En no hâlde wy der oer op. Dit plaatsje seit genôch. Mei tank oan Rhonda...


www.eugeneweb.nl

Pleatst: 12-01-2007 / 18:55 oere - Reagearje? - Nei boppen


'Let's Hyve...'(2)

No, dat berjocht fan juster lokke hiel wat reaksjes út... Ha al even stikem sjoen op www.hyves.nl...

He Hendrik,
Do list dy samar net omprate troch pear kollega's dochs???
:-S :-))

Ik zeg maar zo, van jonge, nieuwe collega 's kun je nog heel wat opsteken hoor! En wat betreft de foto's... viel mee he? ;-)

Pleatst: 10-01-2007 / 23:16 oere - Reagearje? - Nei boppen


'Let's Hyve...'

No hienen myn kollega's it hjoed oer Hyves.nl. Dit skynt nochal populêr te wêzen. Ik hie der al ris wat fan heard, mar meastal doch ik net oan soksoarte fan saken mei. Mar myn kollega's binne allegearre wat jonger, no ja jonger..., en miskien hat it dêr ek wol mei te krijen. Mar yn elts gefal waard ik wol wat nijsgjirrich doe't ien fan myn kollega's har 'profyl' sjen liet. Dêr soene ek moaie foto's op te sjen wêze. Dat de bril mar op en der plat foar.

Mar it ynternet gie wat traach, dat de foto's bleaunen út. No waarden de oare kollega's wakker optein en se rôpen mar wakker dat wy allegearre mei dwaan moasten, dan koenen wy moai in groep meitsje, wat dat ek mar wêze mei. 'Ik ha al in site,' sei ik sa tusken noas en lippen. Blykt dat der lokkich ek kollega's binne dy't de side lêze. Dat Hyves ha ik net noadich, dochs?

Hie 'k it der ek noch even mei Wilma oer. Har reaksje: 'Net foar opjaan! Aanst ha wy allegearre wer fan dy spamrotsoai!' Dúdlik. Dat Hyves is net mear oan de oarder.

Kaam der jûn in mailtsje binnen fan de 'profylkollega': 'P.s Ik heb ook al ff een site aangemaakt op de hyves van het Lemieren. Kijk maar es of je er wat wijs uit kan worden :-)'
Oh heden, ik wit net, moat der dochs oan leauwe tink?

Pleatst: 09-01-2007 / 23:10 oere - Reagearje? - Nei boppen


Foar de kofje net e-mailje (2)

NB. Nog de beste wensen voor jou en Wilma. Het kan volgens mij nog net. Leuk dat stukje over het versieren van de kerstboom wat laatst op je webside stond! Dat je van zoiets zo'n verhaal kan maken ;-)

Dizze reaksje kaam fan it bestjoerslid dêr 't ik de krystbeam mei opsette soe. De krystbeam yn ús doarpshûs leit no al wer ûnder it poadium. Klear foar takom jier...

Pleatst: 07-01-2007 / 23:47 oere - Reagearje? - Nei boppen


Tafal?

Doe't ik juster in lekkerbekje helle by Sipke, wie buorman krekt foar my. Hy hie ek in lyts fleske meinaam. In flekse út 'e apoteek oan it opskrift te sjen. 'Kinsto dat ek iepen krije?' sei hy tsjin my. 'Ik tocht de fiskboer docht dat wol even foar my, mar do kinst it miskien ek wol dwaan. Ik bin de hiele dei al oan 'e gong west mei dat rotdopke!' It is yndie lestich om sokke dopkes los te krijen, want jo moatte tagelyk drukke en draaie.

It tafal woe, dat dy jûns it TV programma Kassa! ek gie oer ferpakkingen dy't lestich wienen om iepen te meitsjen. En dit dopke kaam ek yn de útsjoering foar. Dat wie wol in bysûnder tafal!
Sei de jongste ek noch as reaksje op myn dopkeferhaal: 'Buorman stie no by de sûne apoteek...!'

Pleatst: 07-01-2007 / 13:38 oere - Reagearje? - Nei boppen


'De Groene Oase'

Justerjûn hienen wy ús lêste foarstelling fan 'In Moai Stikje'. Wy ha it sa'n 110 kear spile en dat mei unyk neamd wurde. Net earder binne wy salang mei in programma op 'en paad west.

Wy moasten spylje yn Marrum, yn de boppeseal fan kafee 'de Groene Oase'. En dat is in hiel bysûnder plak mei in hiele gastfrije eigner. Wy komme dêr wol ris faker, want as wy dy kant út spylje moatte, geane wy faaks even by Bowe en Truus oan, sadwaande kinne wy elkoar goed.

Bowe is in bysûnder man, hy hat altyd it bêste mei ús foar en neat giet him te mâl. Bowe is ek net in man fan moderne dingen, alles yn it kafee is autentyk en spesjaal. In grutte plasma televyzje stiet boppe op in sliepkeamer en komt allinne nei ûnderen as it Nederlânsk âlvetal spylje moat. Bowe hat ek it hiele jier de krystbeam foar de doar stean. Kin sa mar wêze datsto yn juny noch de krystbeam foar 'de Groene Oase' stean sjochst, it kin Bowe neat skele.

Sa hat Bowe sels in trep ynelkoar laske fan brûkte molkeliedings. Dat moast ek wol, want oars mocht der fanwege de feilichheidseasken neat mear boppe hâlden wurde. Dat njonken it kafee stiet bûten in mânske trep dy 't fia it dak útkomt yn 'e boppeseal. Gjin gesicht, mar dat makket Bowe neat út, hy kin teminsten boppe wat hâlde!

It is krekt as libbet Bowe noch wat yn in oare tiid, want doe't juster de stoppen derút fleagen (krekt wer wat...), belle Bowe (neffes him) de PEB. En doe't de monteur it wer foarelkoar makke hie, krige hy fan Bowe in grutte flesse drank mei nei hûs.

Bowe hat ús juster tige by tige holpen! De karre leechsjouwe, by de grutte trep op, iten foar ús klear meitsje, neat wie him te mâl. En de hiele jûn hie hy in pet fan ús op. Geweldich!

No ha Bowe en Truus it kafee te keap en dat is tige spitich, want sokke gastfrije echtpearen binne hast net mear te finen. Mar neffes Bowe'Ha se de lech der wat út en de bloeddruk fan Truus is ek wat te heech...' En dat is dan ek wol te begripen. Mar foar ús sil it in gemis wurde. Nea mear by Bowe oan, nea mear ûntplofte kroketten om 't hie se fergetten hie en nea mear 'In bakje', sa as Bowe in glêske bier neamt. Mei rjocht 'in Oase' yn dizze tiid fan human resource management en fieldmanagers. Ik socht op ynternet wat plaatsjes fan 'de Groene Oase' mar nearne te finen. En dat kin ek hast net oars, want de PEB levert fansels gjin ynternettsjinsten...

Pleatst: 06-01-2007 / 20:04 oere - Reagearje? - Nei boppen


Winkelje...

Foar ús nije kabaretprogramma moasten wy wat ynkeapen dwaan. Us fêste adreske is de Lichtpuntloads yn Kollumersweach. Dy is mar twa kear yn 'e wike iepen, dat sadwaande kinne wy dêr allinne op tiisdei en op sneon te plak. Dat wy der justermiddei hinne. En drok dat it dêr wie! In keapjûn foar Sinterklaas yn Dokkum is der neat by.

De ôfdieling dêr 't wy it earste hinne stowe, is boppe by de klean. De froulju dy 't dêr achter de toanbank steane kinne ús goed, en se ferliene dan ek alle meiwurking. Se tôgje mei jurkjes, huodsjes, jaskes, se litte ús sjaaltsjes sjen en regelmjittich roppe se fanachter in rek wei: 'Dit is krekt wat foar jimme!' De oare klanten ha der ek wakker niget oan, want wy sjogge der soms net ús as wy wer ien as d'oar frjemd jurkje as soksawat oan ha. It is hast in foarstelling op himsels dêr boppe by de klean...

Mei in sek fol guod (foar in pear sinten) sette wy wer ôf en ha wy wer in moaie middei hân. Op in oefenjûne lizze wy dan alles op in rige en sjogge wy wat it bêst by it sketske passet en foaral ek wat maklik is om oan en út te dwaan. Faaks bliuwe der dan in protte klean oer dy't wy dochs mar net brûke, mar om dy no wer werom te bringen, giet ús wat te fier. Miskien dat wy aanst sels oer in pear jier útferkeap hâlde en oars soene wy se ek noch ferhiere kinne... Broer is fansels net foar neat mei in ferhierbedriuw foar klean begûn...

Pleatst: 03-01-2007 / 13:48 oere - Reagearje? - Nei boppen


In nije start...

Pleatst: 01-01-2007 / 22:42 oere - Reagearje? - Nei boppen