Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
PKN Gemeente Hantum c.a.
KV DTL


Created with CoffeeCup HTML Editor

In moai projekt...

Sûnt twa jier regissearje ik in toanielploech. Altiten al ris dwaan wollen, mar op myn manier net oan tiid. Fia in goeie kunde kaam ik by de toanielploech yn Burdaard telâne.

It earste jier wie it in hiele grutte ploech. Sa'n 13 spilers. Wy ha in prachtich seizoen hân, mei in âlderwetsk kluchtich stik. De reaksjes wiene goed. Allinne it ein fan it stik rammele oan alle kanten. Dat moast dus oars…

Alle spilers wiene tige entûsjast! Sy woene takom jier wol wer!

Dat wy wer op syk nei in stik foar in grutte ploech, in stik mei 13 rollen. En dy binne der net sa'n protte. Wy ha ferskate stikken lêzen, mar hast gjin inkeld stik koe de lêskommisje bekoare.

Doe kamen wy út by Twa fan Jim Cartwright. In prachtich stik, mar it wie al rûnom spile yn ús provinsje. Boppedat hie Tryater der yn 1996 gruts sukses mei hân. En om dan sa'n stik ek te spyljen, dat freget wol wat fan de klup. Boppedat hie ik sels it stik fan Tryater 2 kear sjoen en dat wie in ûnferjitlike ûnderfining! Soks kinne jo dochs net neidwaan?! Boppedat moat it der ek net te folle op lykje. Dan sizze de taskôgers ek: jimme dogge gewoan Tryater nei…

Dat is wol in neidiel as regisseur, as jo dat stik al sjoen ha…

Dochs mar oan 'e slach. It wie yn it earstoan wol bot wenne. In stik dat hiel oars as oars is, gjin doarpstoaniel, gjin klucht, gjin blijspul. Boppedat wiene de spilers yn it hiele stik allinne as mei syn twaen op it toaniel. Fan dêr ek de namme twa…

Yn doarpskafee Twa is elk altiten mei syn twaen. Ek al binne jo allinne, dan noch hunkeret jo iensume hert nei nûmer twa…

Mar wat ha wy in prachtich toanielwykein hân yn Burdaard! De spilers ha it geweldich dien. Trije kear in folle seal en prachtige reaksjes! As wy earlik binne dan koe it net elk bekoare, want de taal yn it stik is hjir en dêr hurd en wreed, en nei jierren fan kluchten is dat foar guon yn it publyk in hiele omskeakeling. Mar as der dan ien opmerkt dat dit it moaiste stik yn jierren wie, dan ferjitte jo alle oare opmerkingen en kinne wy allinne mar konkludearje dat de ploech in top prestaasje levere hat!

En it ein fan it stik? Dat moast ommers better? Ek dat is slagge, want yn in reaksje stie it sa omskreaun: Een heel mooi stuk met een ontroerend eind…

Sjoch foar mear foto's de Facebook side fan Toanielploech Op, mar net út de hichte

Pleatst: 28-01-2016 / 14:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

Pake & Beppe...

Stel jo lytsbern fine de jassen fan pake en beppe, want dy hingje krekt even oer de stoel... En dan ek noch beppe har tas en pake syn pet. Dan is it dochs prachtich om dizze even oan te lûken?!

Oh ja, en foar de foto moatte jimme krekt sa sjen as pake en beppe ek altiten dogge...

Spreeekend... ;-)

Pleatst: 13-01-2016 / 14:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

10...(3)

It argyf fan de earste jiergong wurdt mei de dei kompleter. Oan't july 2006 is no werom fûn en is fia it argyf te lêzen... Moaie âlde ferhalen en foto's komme foarby...

Pleatst: 08-01-2016 / 12:32 oere - Reagearje? - Nei boppen

Eigenw-iis...(2)

Sa kin it fansels ek mei de izel. Ien fan ús lytsbern fljocht de helling ôf by it sportfjild!

Pleatst: 07-01-2016 / 00:01 oere - Reagearje? - Nei boppen

Izel...

De izel hat ús mar yn 'e greep. Us buert is sjippeglêd en allinne op redens kinne jo de grutte wrâld berikke. It skynt op de haadwegen better te wêzen, mar as jo de wenwiken yn wolle, dan is it ien grutte glibberige boel...

En buorman Kees* hat de heup ek al brutsen. Hy soe net nei bûten, mar hy woe de katten fan buorfrou dochs mar wat iten jaan, want buorfrou wy stykjen bleaun yn Grins. Bats, dêr lei hy langút op 'e stoepe. Guon buorlju, dy't fanwege de glêdens ek thúsbliuwe moasten, ha him op in tekken nei hûs ta sleept en dêr hat de ambulânse him weihelle...

Wy binne op 't heden ek oan hûs bûn, want de skoalle is ticht. Us pakesizzer dy't foar ien dei by ús wêze soe, is fannacht bleaun, want hy koe net ophelle wurde. En ach, fergelike by de boeren dy't harren molke fuorjitte moatte, is sa'n útfanhuzersnacht fansels neat.

Om de auto iisfrij te krijen, binne wy wakker oan it skrabjen, mar dat jout neat. Wy soene in fleks brûke kinne, mar dan kinne wy net foar de gefolgen ynstean. Wy krigen de tip om de auto in skoftsje rinne te litten, mar wy kinne der net iens ynkomme! Yn de auto bedoel ik dan.

Oan 'e iene kant is it foar ús net sa slim, mar foar alle wurkjende doarpsgenoaten dy't moarns hast net it doarp útkome kinne is it allegearre folle slimmer, jo sille mei sok nuver waar mar op'e dyk sitte en earne yn in file stean.

Wy lêze de kranten (trije krigen wy hjoed yn ien kear yn 'e bus), sjogge nei Omrop Fryslân foar de lêste berjochten en fermeitsje ús fieders wol. Genôch te dwaan wêr't je de doar net foar úthoege...

Hoewol, ús foarrie begjint al wat yn te slinken. Wy ha noch wat blikken brune beane, dat ik tink dat wy it wykein krekt helje. Haha...

Ik bedoel AH AH...

*) Fanwege de privacy is it in betochte namme...

It is koel en brodzich, sei de man en hy rûn mei bleate fuotten op it iis...

Pleatst: 06-01-2016 / 15:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

En eigenw-iis...

Koade read hjir yn it noarden. Us strjitte is as in iisbaan! Elk is fan 'e moarn thúsbleaun en de skoalle is ticht. En as der dan ien (wêr kinne wy him fan? tip: hy wennet flakby en rydt yn in BMW...) heakjen bleaun is, dan binne de sterke jonge mannen sa fia de buert-app byelkoar trommele om te helpen...

Pleatst: 05-01-2016 / 12:32 oere - Reagearje? - Nei boppen

Lytse wite...

Wy begjinne lyts...

Pleatst: 04-01-2016 / 14:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

10...(2)

Dat foel ek noch net ta, de earste jiergong fan it weblog werom helje. Mar achterôf wie it dochs wat ienfâldiger dan ik tocht...

Jannewaris 2006 koe ik nearne fine! Alles ôfsocht! Alde backup CD's ôfstofje, alle bestannen trochblêderje, mar nergens jannewaris fan 2006 te bespeuren. De earste maand yn it argyf wie maart 2006. Wêr't de earste twa moannen no bleaun wiene? Joast mei it witte. No dan mar beginne by maart...

Mar doe't ik maart noch even hielendal neilies en de plaatsjes wer kreas te plak hie, kaam ik ta ûntdekking, dat maart begûn yn febrewaris. Op de 24-ste. En op dy dei wie it ek de earste útjefte fan de 'nije' webside! Mei oare wurden, jannewaris en febrewaris wiene der hielendal net! Tsja, dan kinne jo wol sykjen bliuwe... En nei tsien jier binne jo soks fergetten...

Hawar, de earste edysje is ûnder it digitale stof weikaam en hjir kinne jimme de earste moanne lêze. Aardich, mei in moaie âlderwetske balke derboppe... De rest fan it oanfangsjier folget.

Pleatst: 03-01-2016 / 12:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

10...!

Fansels alle lêzers earst in noflik nijjier tawinske. Folle lok en seine, sizze wy dan sa moai yn it Frysk.

It is foar dit weblog yn bysûnder jier, want it bestiet dit jier 10 jier! Yn it argyf kinne jimme alle foargeande jiergongen werom fine. Mar spitigernôch mist it oanfangsjier. Yn in oprûmerige bui ha'k dat earste jier ferwidere, boppedat hie ik yn it earstoan net safolle skiifrûmte beskikber.

Ik sil de kommede dagen sjen oft ik noch wat fan dat earste ier wat boppe wetter helje kin, want dan is it argyf hielendal kompleet! Hâld it mar wat yn 'e gaten...

En witte jimme dat dizze link ek wurket? www.vanderheide.frl Miskien in moaie oanlieding foar in komplete make-over. Mar ris sjen... ik sis neat ta...

It is wat in oubollich plaatsje, mar dat komt ek út in argyf. Mar dan fan www.inoudeansichten.nl

Dat ha wy wer belibbe, sei Feike en hy kaam yn juny te nijjier ôfwinnen...

Pleatst: 02-01-2016 / 15:48 oere - Reagearje? - Nei boppen