Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
PKN Gemeente Hantum c.a.
KV DTL


Created with CoffeeCup HTML Editor

Simson...

Yn juny 2016 krigen wy in brief. Fan in houtfabryk út Drachten. Wy soene yn it ramt fan it opknappen fan ús huzen nije doarren en ramen krije. Columbus ®-doarren en ramen. Fansels moast der ien lânskomme om de boel op te mjitten. (Dit gegeven moatte jimme even ûnthâlde…)

In pear jier ferlyn hiene wy krekt nije ramen en doarren krigen, dat wy fregen ús ôf wêrom dat no alwer moast, mar Columbus ® soe fêst hiel bysûnder wêze.

Mar doe't ik de opmjitman dêr nei frege, sei hy dat it eins neat bysûnders wie, se hjitten allinne mar sa. It wiene gewoane ramen en doarren mei dûbele ruten.

Yn novimber kamen se mei de boel. Twa man sterk. Ut de súdwesthoeke, wy hearden it fuort oan harren tongfal. In montearjen gie frij rap. Fansels wol wer in soad stof en seachsel, mar hawar. Wy bleaune oan it stofsûgjen mei al dy oanpassingen. Us hûs wie as lêste oan bar. Yn de oare twa huzen op ús buert sieten de ramen en doaren der al yn.

Mar oh heden, sa seine de mannen út it suden. De foardoar wie ferkeard! De skarnieren sieten oan de ferkearde kant…. Yn juny al opmjitten mei in protte papier en mjitlinten en dan no ta ûntdekking komme dat se in ferkearde Columbus ® by harren hiene…

It koe wol ris yn it nije jier wurde, sa seine de doarremannen. En yndie, hjoed is de nije doar kaam. As Simson dy't de doarren fan de poarte de bergen yn sjoude, sa kaam de súdwesthoekster mei de doar op 'e rêch ús paadsje opstappen.

Foardiel wie wol dat de doar yn de goeie kleur spuite wie. Dat hiene de skilders trochjûn: de doar moat grien wêze! Want de skilders moasten alle oare doarren oerskilderje. Dy wiene wyt.

Dochs handich dat se allegearre fier fan te foaren lânskomme om de boel op te nimmen. Dan binne se dat nei in heal jier allegearre al wer fergetten… Dat Columbus ® hat der 8 moanne oer dien om by dizze Yndianen te kommen.

Mar it siicht no net mear yn de gong en wy hoopje dat de brievebus ek net mear klapperet by stoarmich waar…

Pleatst: 31-01-2017 / 23:10 oere - Reagearje? - Nei boppen

Gehaktballen yn grientesaus...

☹⚡⚉♨☔☹!! Wat lykje dy pûdsjes op elkoar!

It tocht by mysels, wat is dat in nuvere saus. Wol wat ljocht foar yn de sju. Help, it wie de saus foar de blomkoal.

Omkoal...

Hurd mei in grutte leppel de saus derút leppelje, mar it aai wie al lein, der wie al in hiele protte oplost... Hawar, it komt dochs trochelkoar yn 'e mage (sei mem froeger altiten al...) De sju wie wat wytich en de blomkoalsaus wat brunich.

Nij resept? Ja, fynst it net lekker?

Ja hearlik, it smakket goed. Ach ja, bytiden moatte jo ris wat útprobearje. Ek al is it per ûngelok...

Skande smakket swiet, sei de faam, en se skrabbe de sûker fan 'e rys...

Pleatst: 25-01-2017 / 00:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

Waldorf en Statler...

Buorman wennet ek yn in hierwenning en ek hy moast him klearmeitsje foar de grutte renovaasje.

Wy ha noch nea safolle praatsjes oer de hage hân. Hast alle dagen hiene wy it der even oer en krekt sa as Waldorf en Statler hiene wy by alle wurksemheden wol wat op te merken...

It earste petear gie oer it boekje. Alle wenningen dy't foar renovaasje yn oanmerking kamen, hiene in boekje troch de bus krigen. Neffens buorman koene wy ús mar klear meitsje. Wêrom? Neffens it boekje binne de wurksemheden dochs hast allegearre oan 'e bûtenkant fan it hûs?

No, dat ha wy witten...

Oan 'e oare kant wol wer moai sa'n boekje. Jo witte krekt wat der barre moat. Mar oft al dy moaie wurden klopje? Dêr hiene Waldorf en Statler fansels ek wol in miening oer...

... Maar wij gaan er voor zorgen dat het resultaat na het uitgevoerde onderhoud de 'eventuele' veroorzaakte overlast ruimschoots goedmaakt!...

Pleatst: 22-01-2017 / 14:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

Piet Kit en de Innovationboys...

It begûn yn oktober 2015 mei in brief fan thúswonen. Ja dyselde fan de oneliners: Thús is: uren bellen met je vriendin… Us huzen soene yn 2016 opknapt wurde, mar earst moast de boel ynventarisearre wurde. Fansels, dat wie ek wol wat logysk, jo moatte al witte wat der oan de wenning barre moat, jo moatte materiaal bestelle, witte wat der ferfongen wurde moast ensf..

It wie de earste brief fan in hiele searje… Want alles moat op papier stean hjoed oan de dei. Der kamen noch folle mear papieren en noch folle mear minsken oan de doar. Allegearre ynspekteurs. Der wie sels ien dy prate Nederlânsk en hy woe nei binnen. Yn opdracht fan it boubedriuw. Mar hy neamde in boubedriuw dat hielendal net yn de brief stie. Ik fertroude it net en belle mei Thús wonen. Mar it kloppe wol. Mar wat moast hy binnen?

It wie in kommen en gean fan mappe-mannen. En mar ynspektearje en mar foto's meitsje. Oer privacy sprutsen; wat dogge sy mei dy foto's? Wy ha nea in ferklearring sjoen dat de foto's mei alle respekt behannele wurde soenen. Nuver dat dit samar mei en kin… Oan 'e oare kant; alles stie no moai op papier en de renovaasje soe sa moai neffens in strakke planning útfierd wurde…

Hawar, net allinne de stapel brieven groeide, mar ek it idee om fan al dizze ûnderhâldsaventoeren in ferhaal te meitsjen.

Mar ien ferhaal is te koart! Dan is it gjin ferhaal mear. Dêrom doch ik it mar in dielen. En hoelang it duorje sil? Miskien wol like lang as de ûnderhâldswurksemheden. En dan ha jimme noch wat tegoede. Want nettsjinsteande dat it wurk ferliene jier begjin desimber oplevere wurde soe, is it noch net klear.

En miskien belje de lêzers aanst wol, Hendrik, wannear komt no it folgjende diel? Krekt sa as mei de glêsstander. Dy hat hast twa moanne op it parkearplak stien, sûnder dat hy ophelle waard. De ruten sieten der al lang yn. Ik ha op't lêst mar belle, want hy naam wol in hiel parkearplak yn beslach…

En wêrom no Piet Kit? No, yn in grutte leger fan skilders, timmerlju, goatehimmelders, asbestsaneerders, glêssetter, gevelwaskers, foegers, flierisolators en kezinesirurgen hie dizze Pyt wol de orizjineeltsje namme…

Goedemorgen Meneer Van der Heide,
Vriendelijk bedankt voor uw melding, ik heb de bok leeg gemeld bij mijn collega die ervoor zal zorgen dat deze zo spoedig mogelijk wordt opgehaald!
Ik wens u een voorspoedig 2017
Met vriendelijke groet, kind regards

Pleatst: 21-01-2017 / 16:31 oere - Reagearje? - Nei boppen

Winter...


Klik hjir foar in fergrutting.

Pleatst: 20-01-2017 / 12:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Boekjes...

Nuver, mar faaks moat ik by deistige saken tinke oan boekjes dy't ik ea ris (foar)lêzen ha. En dat binne der hiel wat. As jo foar de klasse stien ha, dan binne boeken wichtich en wurdt der in protte gebrûk fan makke.

Sa moat ik by huodsjes altiten tinke oan Hoedjesdag mei Dirkjan Diederik de Derde. As oan Van den Bozen Koster fan W.G. van de Hulst, as de koster de ringlieding wer ris fergetten hat oan te setten. Ach sa is der altiten wol in link...

Ea ha ik ris in ferhaaltsje skreaun oer 4 doarpsgenoaten dy't ris yn in kâlde nacht Hantum op stelten set ha. Dat ferhaal libbet noch hieltyd, want op de gesellige buertjûn kaam dit wer op it aljemint. Hee Hendrik, hast dat ferhaal ek noch, oer dat karbid-sjitten? Ek by dat ferhaal moast ik tinke oan boekjes fan W.G. van de Hulst.

Mar hoe hjitte dat boekje ek alwer oer in famke dat sa goed rêchswimme koe...?

Want dat kaam nei boppen doe't ik dat moaie filmke seach fan ús pake- en beppesizzer. Noch mar 5 jier en dan al swimme as in grutten. Ik wist noch wol dat ik dat boek ris yn de klasse foarlêzen hie. Neffens my hjitte dat famke fan Mientje...

Googelje fansels. En ja hjer, dêr wie it boek al. De Appelmoesstraat is Anders fan Joke van Leeuwen. Sa'n 20 jier lyn stie dat boek sintraal yn ien fan de Boekenbuis lessen...

Mar noch sit dat boek earne yn 'e holle. En it past ek sa moai by ús rêchswimmende pake- en beppesizzer...

Pleatst: 12-01-2017 / 23:22 oere - Reagearje? - Nei boppen


Pake syn oanslaggen...

Pake mocht net mear meidwaan. Want pake hie de glêzen itensiederssânrinner (moai wurd!) dwerstroch sketten, pake mocht filmje..

As jo it kompjûterspultsje Angry Birds sa moai fine, dan is it fansels prachtich om it live nei te spyljen... Dat pake hie betocht om in echte katapult te meitsjen. Mei as gefolch in stikkene sânrinner op it oanrjocht.

Ja hy docht it noch wol, want hy hinget fan plakbân oanelkoar, mar ynstee fan 15 minuten is hy no sa'n oere ûnderweis. En dan binne de jierappels fansels allang ferbrând...

Sels beppe krige de smaak te pakken. Mar pake hat it spultsje dochs mar oprêden. Allinne ûnder begelieding mei de Angry Birds troch de keuken fleane. Want wy ha krekt nije ruten. HR++

Pleatst: 05-01-2017 / 00:58 oere - Reagearje? - Nei boppen

Lokkich Nijjier...

De fleuskes wol ta jern to spinne,
Det wier ek 'n wirk fen forhinne.
Nou wirdt der net mear oan tocht,
Mar wirde siden sokjes der for brocht.
Nou is 't meast al kâld, 'n pine yn 't liif
Rimmetyk, de ljea jamk stiif;
Det jimm' hjir dit jier gjin lêst fen ha,
Winske ik/wij jimm' fen herte ta...

Fûn op: www.inoudeansichten.nl

En oars is dit in goed adres... Fysiotherapie de Trije doarpen.

Pleatst: 01-01-2017 / 19:30 oere - Reagearje? - Nei boppen